For ANT.
Hja wie as in keninginne út âlde tiiden. Op hjar holle hearde in kroan,
om hjar hals hearde it goud en hwat scoe hast goedernôch wêze, om troch
dat hearlike omskot droegen to wirden?
En nou ’k dizze wirden delskriûw, dizze swakke wirden fen in swak
minske, dy ’t de skiente festhâlde wol, nou riist se wer for myn each
op, sa great.... sa heech.... sa hearlik....
Ik groet dy, siel fen in bern yn in omskot fen ’e goaden! Hwerom
draechst dat mei op in ierde, hwer fornietiging dy wachtet en âlderdom
en syktme? O, de blommen fen ús ierde bloeije sa koart en it stof leit
al ré by de teare staltsjes en dat komt al heger en heger.... Der
twirret de wyn oer it kroantsje.... de blom hat it libben, it ljocht en
de dea kend.
Mar nou sjoch ’k dy noch ris wer yn al dyn hearlikheit!
De godlike sinneglâns lei yn dyn each en dyn reade lippen sprieken in
treftich wird, dochter fen myn Fryslân. As de skimerjoun oer de fjilden
slûpt en ’e poarte fen it Forline my noadet ta ynkommen, dan libbest
yet for myn each, dat him net sêd sjen kin oan dyn skiente! Dan hear ik
wer dat innige yn dyn lûd, dat myn herte yn ûnbidimbere langstme nei
boppen tilde, nei in lân fen ’e ivige simmer en ’e ivige skiente! O
hiestû mar in blom west—ik hie dy drage wold mei al myn langstme nei dy
oarde.... O hiestû mar in fûgel west, ik scoe dyn gouden wjukken aeije
en dy fleane litte nei it blau, dat gjin wolkens ken en hwer nin
floiter wachtet en syn tûke netten spant! O hiestû mar in millodij west
en myn earen hiene dy forstien! Dan scoestû for my west ha as de skat
fen ’e keningin fen Scheba, dy ’t gjin eagen telle koene en ljeafliker
for myn hert as in jonge breid en for myn geest as in welle, dy ’t nea
droechte ken.
Mar dû wieste in minske en dû hiest it libben ljeaf, hwent it wie noch
de opgeande dei by dy. Dyn each, dat skittere, dyn mûle dy frege en dyn
herte dat winske, folle-en-net-genôch.
Ik ha dy ljeaf hawn, Ant en derom hâldt myn geest dyn byld fêst en ik
jow mei in skerpe etsnuddel de omtrekken fen dat byld oan oaren. Dan
scill’ hja dy ek ljeaf ha, omt dû ien fen hjarren wiest. Dû wieste
ommers ek ien út it rjuchte laech, frysk fen âlder ta âlder en dû haste
lyts west op in hoarnleger, sa’s nea bernefoetsjes in twadden ien fine.
Der groeide en bloeide it in hiele simmer troch; der koe min gjin
snoeimessen en hageskjirren. Der skûle it bjinhout yn in mantel fen
flearebeammen en by de brede greft stoaren in hiele rige fen
wylgenmoezen fen âlderdom. De houtdou koerde der ta de joun út yn ’e
bloeijende linebeam en de hearlike roazen geuren yn ’e keamers op.
Sa wie dyn jonkheit en dû wieste de jongste fen ’e keppel. Dyn heit hie
dy ljeaf sa ’s syn âldste soan en yn dyn memme herte wie allinne plak
for dy. Hjar mûle wie net stil fen dyn lof en hjar herte trille fen
tankberens. O dat fredige hiem yn dat âlde bosk, hwat habbe lange,
lange jierren dy letter skaet fen dy bernefoetsjes en dat bernelok! Dat
hiem is der yette, mar syn âlde beammen binne oan ’t omfallen ta, it is
sa stil as in forlitten hûs en de houtdou koert der noch wol, mar as in
fûgel by in forbâlle nêst. It ljocht, it libben hat de wyk spile nei in
oare contrein. Dyn âlderlik hûs is forlitten, forfallen, forgetten.
En it wie doch sa ’n moai hûs. Der wennen soune, frije minsken—der
skripten se for it brea—der fregen se de wille to gast—der joegen se
elkmis sines—der droegen se nimmen in kwea hert ta. Alle goede geesten
ha der efter dy lytse rútsjes tahâlden, dy ’t nou forkomme yn ’e
spinrêgen: de gastfrijheit lake yen by de doar al ta, de wierheit hie
hjar fêst plak by de hird en it glimke fen ’e frjeonlikens is der nea
op ’e mûle bistoarn. De treflikens siet hjar yn ’t bloed en in fêst
geloof droegen se in libben lang yn it hert, ont se it by de dead
ynruilen tsjin skatten, hwer de mot net oan komt en dy ’t fen gjin
forrostjen witte.
En der bistû by great waen, o sa stadichoan, dat heit en mem it hast
net mirken, ho ’t dat blomknopke al greater en greater waerde, om
strakjes ynienen yn folle bloei to stean.
En heit en mem winsken nou beide, dat de Tiid mar net sa hird mear
fleach! Ho moasten hja it úthâlde sûnder dy foetsjes oer ’e flier en dy
glimkes en dy aeikes?
Mar de Tiid, al wie hy ek noch sa âld en warrich, woe net wachtsje en
ynkomme. Hwerom dat ek? Op syn wei mette hy sa ’n hopen, dy rôpen al
fen fierrens: foart! foart! Dat wierne de bidrukten en de earmen en ’e
wanhopigen! Hja droegen swiere lêsten en de measten hiene in greate
woune yn it herte, hwer de âlde wize Tiid alline mar de balsem for fine
koe. Hja jagen him aloan mei de swipe fen ’e hoop op bettere tiiden,
mar och! syn âlde foetten roanen der net hirder mear om.
Sims op ’e joun yn ’t moaije waer woe hy wol ris efkes stil stean en
omsjen nei in pear jongeljue, dy ’t inoar ljeaf hiene en net om
strúnders tochten. Mar as hy hjar dan tomûk efkes op ’t skouder tikke
en groete mei de klokslach fen in fier toerke, dan seagen hja elkoarren
oan en winsken, dat hy noch mar de helte hirder fleach, dat hy mar
wjukken liene mochte, om de fiere takomst, dy ’t hjar talake as de
gouden dage fen in nije dei, to bringen o sa ring, sa ring....
En de Tiid wie ’t jeijen al sa wend, hy wachte net, do ’t heit en mem
der him om fregen.—
De blossomkes yn it hôf seagen it ljocht en de goudene flinters de
sinne. Dat bloeide en geure, dat floddere en skittere yn eineleaze
wille, dei út, dei yn, en der kamen tûzenen blommen út, d’iene al
moaijer as d’ oare.
En der op it stille hoarnleger kaem ek in blom út. Dy wie noch
ljeafliker as de appelblossoms en noch dertener as de flinters: dy hie
fen de sinne hjar ljocht liend.
Bloeide dy blom fier om fjirrens yn oare lânnen, grif hiene se hjar yn
sangen prize en miskien wol droegen nei moarmeren troanen. Nou bloeide
dy blom op in ienlik hoarnleger en de measten wisten it net iens, dat
der efter dy beammen en greften hwatte bistie, fen hwaens hearlikheit
hjar each net sêd wirde en hjar herte net swije kinne scoe.
Ja, dû wieste in keningin yn dy dagen. Ik haet it lot, dat dy net
sparre hat.
En dû wieste as in blom, de poarperen dage seach dyn moai en de
sinkende sinne naem dyn oantins mei yn it Westen. En der kamen in
hopen, dy woene dy meinimme. Hja kamen fen Easten en Westen, fen Súden
en Noarden en hja gyngen wer, mar hjar herte bleau by dy. Dû wiest in
treftige dochter fen Fryslân—dû hast mei nimmen spile, mar hwa koe dy
forjitte?
Hja binne foartgien; hjar hânnen wierne to wreed en hjar tunen to kâld
for de ynmoaije seldsume blom en heit en mem geiden it út: noch mochten
hja hjar blom, de freugd fen hjar âlderdom bihâlde.
Mar do kaem der wer ien—ik sjoch him noch—it wie in man, in greate
túnter en de moaijste blom wie him krekt goedernôch for syn hôf. Dy
learde dy, hwat ljeafde is en dû lietste dy oerplantsje út ’e stille
tún fen dyn âlders erf wei nei in frjemde lâns-douwe en it die heit en
mem sear op hjar âlde dei.
Dat wie de lânsdouwe en ’e tún, hwerstû hearste. Der wenne altyd de
simmer en hy hie dy ljeaf, sa ’s de parelfisker syn skat ljeaf hat, dy
’t hy op it herte draecht en de mem hjar earste soan.... ja noch
ljeaver as de minsk it lok hie hy dy....
Sa hast dû it heechste smakke, hwat for de minske weilei is. De goaden
hiene dy ek ljeaf,.... hja ha dy alles jown, hwat hja sels bisieten,
mar och, de onstjerlikheit koene hja dy net jaen. Do ha se dy for de
soargen fen ’e âlde dei biwarre.
In wjirmke, dat gjin thús mear hie, socht syn oanhâld by dy. It wie der
sa moai to wêzen, alles sa jong en sa soun. En it wjirmke bouwde in hûs
mei hoalen en gongen en foun yn dyn omskot in thús for altyd. Hy hat dy
nea wer forlitten, mar oaren roppen, kammeraten, dy ’t pine en lijen
brochten en syktme en dea.
En myn hert is yn opstân rekke yn ’t foarútsjen op sa’n ein en in hopen
mei my. Alle wysheit út ’e wrâld is gearhokke om dyn legerke en tûzenen
herten ha der noch hope op betterskip.
O blossomke fen it hôf, o sierseltsje út ’e tún, hwat wie dyn bloeitiid
koart!
It stjerren fen in blêd is neat en fen safolle dingen net, mar it ivige
swijen, dat oer in herte komme moat as it yette it blide libben
tomjitte tikket mei al syn langstme en ljeafde, syn wille en winsken,
dat is de wreedste wierheit fen it libben.
Noch stie it blomke oerein, noch jage yn dat hearlike omskot it jonge
bloed, skitteren dy eagen mei de glâns, dy ’t hja fen de sinne liend
hiene.
Mar op in waerme joun, do wie de blom forbloeid. Hja draeide hjar kopke
om en seach for ’t lêst de sinkende sinne en ’e ierde, dy ’t hja sa
ljeaf hawn hie. Do joegen hjar brekkende eagen de sinne hjar glâns
werom en hjar hearlik omskot forfoel oan ’e hân, hwer it ut foartkaem
wie. O dy hearlike eagen, dy ’t nin nije dei wer sjen scoene!....
Mar dû hast it libben kend en it greatste lok, dat for ús minskebern
weilei is. Der binne sa’n hopen, dy ’t de poarten fen dat bigearde hûs
net iens sjogge, lit stean der ynkomme, mar dû hast der yn west en op
’t eareplak sitten.
Dû bist biwarre for it lot fen ’e weagen, dy ’t nea de sé fine, fen ’e
lampe, dy ’t nea de gloed fen it ljocht fielt, fen it boek, dat weilein
is, sûnder lêzen to wirden. Dû wiste, hwat ljeafde is, it libben hat
neat fen syn hearlikens bynefter hâlden.
Slomje dan ûnder dyn terpke op it hege hôf. Wiest net in pilgrim,
útrist as in kening, dy ’t by de ein fen syn ierdske reis oanlânne is?
in skipke, dat syn lêste haven foun hat?
’t Kin wêze, dat der oaren komme, dy ’t wer wêze scille as keninginnen
yn âlde tiiden en dy ’t my de pinne ridelje litte yn ’e hânnen, mar yn
myn herte hast dû dyn plak allinne, sa’s de sinne oan ’e loft en ’e
ljeafde yn it libben.
1902.