De joun dy fâlt en oer ’e âlde linebeammen by de skoalle rûzet it. Der
giet in flústring fen it forline oerhinne, fen geslachten dy ’t ek jong
wêst ha ûnder dizze beammen en boarten en great waerden, krekt salang,
dat einliks foar ’t lêst it skaed fen dizze beammen op hjar bier foel,
as hja tohôf brocht waerden.
En dan tûmelen der alwer oare blonde en brúne kopkes om en harken nei
it lieden fen ’e klok en stompten inoar oan. Twa kammeraetskes folgen
ommers dy beppe nei mei it redenkleed om en de holle nei de groun. Der
binne al in bulte ûnder dy linebeammen troch gien nei it hôf ta, dat
lytse eilân fen deastiltme mids ’e woelige libbenssé.
Master sit op in stoel by de doar en heart dat rûzjen oer ’e krúnen dêr
boppe him en lit syn eagen noch ris gean oer it skoallepleintsje. It is
der nou stil.... mar yn ’e moudige groun stiene noch wol tûzen
foetprintsjes, lytsen en greaten, sims sjocht min der in foetleast mank
nei de natuer, sa ’s de greatste byldhouwer it net better neimakket.
Dat binne de bleate foetsjes fen ’e sânwei. Der hearre bilape buiskes
by en brúne kopkes en skrandere eagen. Hja sjogge wol ’t aldermeast nei
’t feest út, it ienichste ljochtpuntsje yn hjar sober bistean.
’t Is krekt, ef fielt Ate Jans dat, tinkt master, hy jowt se altyd hwat
mear as d’ oaren, hy jowt se altyd dûbeld. Scoe hy dan om Ruth tinke?
dat hy dat bern ek sa kend hat?
Master suchtet.
Ate Jans útert it net, hwat hy tinkt. Dat rekket gjinien. Hy hat
himsels like goed yn ’e macht as it wyldste hynsder, dat hy mak kriget
en master wit it ek wol, it is de greatste kinst, om yensels to kennen.
Joun yn ’t blomtún, hwat hat hy do graech de tinktmen ris lêze wold fen
dy greate stoefe man, hwaens brede, hege foarholle hast skûl giet ûnder
it kastanjebrúne hier.
Mar master freget net.... hy wachtet as in âlde wachter, hwat de dei
fen moarn bringe scil.
De dei fen moarn!
Hofolle berntsjes kinne der allinne tonacht net iens om sliepe! Hja
wrotte as jonge hountsjes ûnder ’e tekkens om en mem mient al hast, dat
hja de koarts ha, sa gril stiene dy eachjes en sa gloeije dy wangkjes.
„Rin hinne!” laket heit, „fen forwille, neat oars!” En dan wirde hja
einliks stil en forsliepe de ûren, dy ’t hjar al neijer by it dreame
lok bringe.
De linebeammen rûzje.... de moarn is kaem. To-nacht hat it hwat
reind.... nou is de wyn útsketten en hellet oan út it Súd-easten, de
lauwaerme moarnswyn fen midsimmer.
De sinnestrielen fâlle skean troch de swiere beamkrúnen hinne, op al de
ljochte jurkjes, de ljeaflike jonkheit fen ’t gea, dy ’t nou op it
skoallepleintsje gearhokket en hjoed, yn ’e freugd fen it feest, it
hiele libben as ien feestdei sjocht.
Master en Ate Jans en dy, leden fen ’e skoallekommisje en oaren, dy ’t
tige teikene ha, sitte yn ’e skoalle efter in tafel mei presintsjes.
Hja binne allegear yn ’t swart en inkelen ha ’t wyt foar, hwer se oars
net oan dogge as op heechtiden. Dat is ’t hjoed ek—hjar bern ha wille
en dan ha hja dy as âlder mei.... en as der dan in lytse Jan ef Sijke
mei yn ’e rige stiet en heit en mem tanikt, dan wriûwe hja hjar sims
wol ris effen yn ’e eagen. It sân stouwt ek sa, nou?
Ruth is der ek en Sets!—Sets mei in nij pakje oan en in breed-sulveren
earizer op, nou net Sets, dy ’t op lân stiet to binen en hast net wit,
ho ’t hja iten útsúnigje scil for moarn, mar Sets, de mem fen Ruth, de
ûnderwizeres! En Ruth hélpt mem!
Sets is boerinne waen! Hja hat in bist op ’e stâl, wol in trije-oer,
mar oars in boppest bêsten en twa skiep en hja tsjernet hjar eigen
bûter. It âlde wyfke had ynienen noch wol moed krige, om tweintich jier
to libjen. Sims lit hja de bûthúsdoar wol ris iepenstean, allinne om de
mûskop mar to hearren.... oars kin hja hjar lok hast noch net leauwe.
Dan rûkt hja ek it bêste hea yn ’t skûrke, dat lêsten de reden delkaem,
„de boer hie der gjin plak for, as Sets it ek brûke koe”, sei de
greatfeint fen Ate Jans. Dat wie in hael! Sets makke mar gau hwat kofje
for de feint ré en brocht it do mei him to plak yn ’t lytse skûrke,
hwer it húslook op ’e naed stie to bloeijen en oars allinne de
sweltsjes wennen.
Alle goeds komt fen ’e sjidzjende Bouwer, tinkt hja.... alles, alles
wol? twivelt hja as hja it bleke kopke fen Ruth sjocht, noch bleker yn
’e wite jurk mei lytse giele streekjes. O dy man mei syn hert fen goud
en syn koel forstân, ho komt Ruth derby? Der binne wol ris wûndere
dreamen dreamd yn ’e wrâld, mar Sets is der to âld for....: Hy hat
alles oan Ruth dien yn ’e goedheit fen syn hert, mar hjar ljeaf ha....
né, derfor is Ate Jans in geseten man en great boer op ’e sjidzjende
Bouwer.
„Ruth”, flústert Sets, „dû moast de holle opstekke, bern. Ho komst by
sokke ûnmogelike dingen”, en hja strykt mei o sa’n sêfte, ljeave
memmehân oer it fine holtsje. Hja ha dit petear yn in herntsje yn ’t
skaed fen ’e spjirregrienslingers, hwer de skoalle mei opsierd is en
nimmen sjocht hjar.
Allinne Ate Jans syn eagen wike net fen dat plak. Hwat skilt dat bern?
Hy kin, hy kin it net sjên, dat hja lit! As der ien lije moat, lit it
him dan wêze: hy is der sterkernôch for, hy scil der wol wer oerhinne
komme, mar lit hja sparre wirde!
De taspraken binn’ hâlden, de presintsjes útdield, it fanfarecorps
bigjint to spyljen op ’t skoallepleintsje. De lytsen ha de wille hawn,
hja ha earst de bûrren troch wêst yn ien lange rige en binne do yn Ate
Jans syn hôf traktearre op sûkelarje en úlefeltsjes en oare
snobberijen. Do ha se for him song mei hege heldere bernestimkes en
neitiid mei fetsjekroadzjen, hirdrinnen, aeidragen, ens., hjar bêst
dien, om ien fen ’e moaije prizen to krijen en de lêste útsetter hat
nou yn ’e skoalle wêst, mei koeke en oranjeaêpels. Nou bigjinne hja de
warrigens to fielen; in pear lytsen sitte al yn ’e bank to sliepen en
d’iene nei d’ oare wirdt stil wei en siket de fredige paedtsjes op nei
hûs ta, hwer de lette neimiddeissinne troch de bjirken twiljochtet.
De loft dy trillet noch fen ’e waermte tomiddei; de bisten efter de
skoalle stiene fier yn ’e dobbe út ûnder de elzen. De lêste bern giene
sjongende wei foart nei hûs ta en Ate Jans sjocht noch krekt, ho’t sa
’n lyts beukerke ynienen de guit nimt en op in frouminsk tafljucht, dat
him optilt as in fearke en dy lytse eachjes en dy kroltsjes tútet, eft
se him yn gjin jierren sjoen hat. Dan wiist in lyts fingerke nei in
moai printeboekje en in doaze mei griffen en in fyn bernelûdtsje
bigjint ynienen to kraeijen: „Heite, heit!” en stekt de mûtele earmkes
út.
Ate Jans ken him wol: it is Klaze Trine Japik. Syn eagen skitterje—mei
in pear greate stappen is hy by syn wiif en bern en dan draegt hy syn
jongkje op ’t skouder foart as in keninkje.
It hûs is lyts en mei hwat reid ditsen, mar it is in paleis by de
sjidzjende Bouwer.
Ate Jans hat nei hûs ta wêst to iten en do is hy in setsje yn ’e greate
stoel yn ’e foarkeamer sitten gien to bikommen. It wie dêr neare stil;
selst gjin inkele mich weage hjar yn ’e tsjustere rûmte.
De greatfaem hie it sydfinster opskoud en ’e swiete geur fen ’e wite
roazebeam en in pear ôffâllene bledtsjes brochten selst yn dy âlde
keamer in biwyske fen ’e hearlike simmer, dy ’t derbûten bloeide.
Dy kaem noch faek werom mei syn blommen, syn ljocht en syn kleuren—mar
syn simmer—wie dy net hast foarby? Hwat scoe hy dan fierder fen in
ienlike winter hoopje kinne?
Hy seach himsels der al sitten yn in hoeke fen ’e keamer op syn âlde
dei, bitsjinne troch frjemden en dan de famylje, dy’t him drok
forsochte, as hy troch den dei hwat gammel waerde en him mei meilijiche
wirden biklage, mar efter syn rêch scoene hja gnize as pinksterfoksen.
By syn libben taksearen hja de lânnen al en tsjierden oer it dielen en
’e sjidzjende Bouwer scoe mar krekt salang mear yn syn hear en fear
bliûwe, as syn eagen noch wekken.
It griisde him oan—sa’n âlderdom en dochs—it kaem sa, sa wis as it
needlot sels.
Hy fleach oerein en roan mei greate stappen de keamer op en del. Dy
greate keamer waerde him to lyts en to near.... Hwerom hiene syn
foarâlden der ek sokke lege balken yn meitsje litten? Mar dy balken
diene it him net—it wie it tsjustere byld fen in tsjustere takomst, dat
yn alle hoeken en hernen omspûke.
De jounklok bigoan to lieden.... acht swiere slaggen. Ate Jans seach
syn bûrman foarbygean nei de harbarge ta en hy loek de jas oan en gyng
him efternei, nou wer deabideard sa’s altyd.
Nimmen scoe sei ha, dat hy in bislút makke hie, hwat in libben útwize
scoe, eft it goed ef tsjoed wie.
De hiele smite fen ’e middeis is nou wer op ’e boppeseal presint mei de
frouljue, mar de heldere eagen, dy for Ate Jans de siel fen it feest
binne, mist hy.
„Sets”, seit hy moi lûd tsjin it wyfke, dat yn in hoeke mei in oaren
ien stiet to praten, „hwer is Ruth bleauwn?”
„Efkes nei hûs tagien to forklaeijen, boer,” andert hja skrúten. Hja
seit der net by, dat se Ruth mar in amerijke nei hûs tastjûrd hat—it
bern wie sa út ’e liken, omt Ate Jans hjar de hiele dei links lizze
liet. Hy hie noch gjin wird tsjin hjar sei en nou hearden de skeane
mûrkes fen it húske oan ’e sânwei de klachte fen dat forbûke hert.
Oerweldich mocht it yn syn ljeafde wêze, nou wie it oerdrôvich yn syn
smert.
En wylt it lêste ljocht oan ’e Westerkym forfloeide fen it gloeijendste
poarper yn it sêftste giel en oer dat âlde hûske de kleuren fen in
dreamlân lei, wylt dêrbinnen in hertke syn ienichste dream werom joech
oan it neat.... kaem der in man de bûrren út wei.
It paedtsje is smel, dat út ’e bûrren wei op ’e húskes fen ’e sânwei
oankrinkelt en hege diken rinne der by lâns. Wylde bramboazen stiene
der yn ’e wâllen en ierdbeijen, hwer de lêste fruchtsjes oan poarperje,
krûpe tsjin ’e diken op. Ate Jans sjocht, ho-’t de ikkers rinne en dy
lytse foarikker en hy sjocht tige skerp ta, ho de hjouwer stiet.
It is krekt, tinkt hy by himsels, eft hy dat paedtsje noait wer lâns
komme scil; sa ’s hy dat nou giet.
En sa rint hy fierder—it goudene jounljocht tomiette.
Dêr sjocht hy hjar ynienen.... Hja sit op in greate bâlstien oan ’e
kant fen ’e reed, dy’t se opgroeven ha út ’e sângatten, lang lyn.
It lytse kopke hinget mismoedich foaroer en fen snokken skokt it hiele
teare lichemke.
„Ruth!” seit Ate Jans, dat hja gjin skrik krije scil.
Hja fljocht oerein en ear’t hy der op fordacht is, draeit hja hjar om
en sûnder dat hja ien wird seit, giet hja op hûs ta.
Ate Jans bliûwt stean, foar’t earst yn syn libben forslein.
„Ruth!” seit hy nochris en der is in nije klank yn syn lûd. Hja heart
it—né hjar herte fielt it—en dat herte hat it forstien.
Wer draeit hja hjar om en mei in kleurke fen biskamsumens op ’e brune
wangkjes, komt hja him oerstadich yn ’e miette.
De minsk, dy’t it paed giet nei ’t lok....
En dy greate man mei syn stoefe eagen en syn steatlike gong wachtte op
hjar en do naem hy hjar as in bern yn syn earmen en joech hjar de
innige ljeafde fen syn hert ta in bisit for jimmer.
Der wierne gjin oare tsjûgen as de jounwyn, dy’t troch de tokjes fen ’e
bjirken flústere en ’e lêste strielen fen ’e skiedende sinne; de
ûnthjitting fen in man as Ate Jans hie ek gjin oare tsjûgen fennoaden.
Do hat Ruth for ’t earst de moaijens fen dat paed bisjoen, hwent de
joun dy foel en hja gyng mei de man, dy hja ljeaf hie.
Ate Jans rekkene ôf mei de famylje en hjar winsk en wille—hjar kamen de
earste tweintich jier fen syn libben ta en de lêste tweintich hat hy
oan him sels hâlden.
Hja hawwe it lok brocht en in stamhâlder, in lytse Jan Ates. Dy boartet
nou om it hûs, dy hat de jonkheit brocht yn ’e keamer, hwaens
skiednisse oer ieuwen rint en dy scil ienkear sitte, hwer heit siet en
troch in lytse genaemd mei brune wangkjes en in mûltsje, rea as in kêrs
yn ’e moarnssinne, de namme fen syn mem yn eare hâlde.
De simmer is kaem en foarbygien, mar Ate Jans scil noait de ienlikheit
fen in winter kenne.
1903.