I.

It moarmer wachtet! Hwat ha slomjende bidutsen,

De roazige ieren troch de wite groun?

De master ’t sjocht!—In dream! dy-t paeijend him omwjukke,

Dy hat hy longrjend hearlik wêzen jown.

Der stiet hja nou, de paeijster fen syn jonkheitsjierren!

De flechtigste fen ’t flechtige bistean!

Ja moaijer yet, as do ’t syn geest hjar skôge—

Syn romme kliûwt mei ’n wjukslach as in earn.

De foet op ’t gled roundel en d’eagen yn ’e fjirte,

Is s’as in séfier’s simmerflecht, sa licht, sa blij....,

Jamk flústert mennichien—sjocht nei ’t fortrape blomte:

„Ik ken dy ek, o Lok”, en sucht en giet foarby.

De gloarje omwâlle him as ’t jounljocht sulverhierren,

Syn beitel rêste lang en d’earm forlear de macht;

De riding yn ’e hân fordôve do syn romme,

Hy waerde stil forgetten troch in nij geslacht.

Ruth(#73898) · 第 25 / 53 题