Ik wit fen in hichte to sjongen,
Forlitten oan ’t frjemdlânske strân,
Yn hege cypressen forskûle,
Grien-skadich op ’t wyt-stouwend sân.
De sé sjongt fen kommen en stjerren,
Fen wêzen en stadich forgean;
It herte bisnaret de wémoed,
Wif, wif is it minslik bistean!
De lêste granaetblom forwilet....
De bledtsjes forstouwe as it tsjêf....
Sêft-amme fen ’t ynmoaije Suden,
S’ yn rêst draegt op ’t ienlike grêf!
De sé hie syn wille en syn wente
Syn ljeafde yn it libben stees wêst—
Nou sjongt as in berntsje for jimmer,
Hy ’t longerjend hert yn ’e rêst.
O ienlike fjilden fol moaijens,
Syn hope, syn heitelâns-groun!
Net ûnder jimm’ rûzjend griis beamte,
By d’âlden hat rêste hy foun!
Hy slommet yn frjemdlânske ierde,
En nimmen, dy draegt oer him rou;
Gjin sémanskrús plante op it tsjerkhôf,
Seit; d’oantins bliûwt yette dy trou!
In libben as skomjende weagen,
Forflein wol yn ûnrêst en wea,
En einliks—bihirde yn gefaren,
Op hûs ta—in sémanne dea.
Forgetten! Sa sjonge de weagen,
Forgetten, ear ’t jier noch wer stjert!
Hwat dwelmst’ op ’e twirre fen d’ûnrêst,
Nei ’n lok, datst nea founste, o hert?
Dat hûs yn gledstammige bjirken,
Smûk twisken de sândiken yn,
Dêr wenne dyn lok en dyn frede,
Blier jonkheit, sa lang al forlyn!
Net twinge om frjemdlânske skatten,
Hja binne sa wif as hjar pracht,
Nei ’n dei, dy-t se gloeijend ûntfâlde,
Forwilet s’yn ’t slomjen de nacht.
Net twinge om ’t frjemde, ûnrikbre,
Tofreden—dat ’s seine en skat!
Wif herte yn tûzenen soargen,
Bist stil waen yn ’t sémanne lot.
Hwerom dos om útens to swalkjen,
’t Oermjitten in einleaze baen?
It lok, hwer wol elkmis nei longert,
Moat ’t herte him selme dochs jaen.
1899.