Doarpke, yn blauwe weagen,
Fen it djippe Wiid,
Sjoch, do lûkste ús eagen,
Fier al yn ’t forskied!
Moai lyts Earnewâlde,
Lân en wetter hâlde
Dy, as wol hja partsje,
Ef jamk om dy boartsje,
Hwaens in hoartsje ek biste,
Moaije wetterblom!
Sims moat d’ ien dy miste,
Ruilje strak werom.
Wiide wetters boartsje,
Altyd om dyn lea,
Mar ek wol in hoartsje,
Dogge hja dy wea.
As Súd-Westerfleagen
Dei oan dei de weagen
Jeije op dy ta,
Den is ’t sa ef sa,
Ef do giest dêr under,
Wis dochs under ’t skûm,
Mar it is bisunder,
’t Hindert noait in krûm.
’t Bliûwt lykwols by ’t âlde,
’t Lân is dan mei-ien,
Rounom Earnewâlde,
Rimpen tîge grien.
Dan sa’n aerdich hoartsje,
Koen’ de fiskjes boartsje,
Bûten ’t Wiid syn rân,
Op ’t fordronken lân,
Komm’ er dikke snoeken,
Ek al pouns-skiere iel,
Yn d’ útsette fûken,
Foar in hearemiel.
Elk kin sile en roeije,
Hjir yn Earnewâld,
Yn de skipkes soeije,
’t Wetter is hjar wrâld.
Mei ’t op ’t Wiid hwet spûkje,
Net gau giet in hoekje,
Fen it seil den del,
Waeijen is gjin tel!
Fiskje en fûkebreidsje,
Dêr giet it dêrom,
Mar fen ploeije en eidsje,
Wit men der gjin krom!
Oer it wetter fleane,
By hirdsylderij,
Krimp dan jaen? né, nearne!
Dat heart dêr net by!
By sterk iis hirdride,
Om it winnen stride!
Prizen helje, man,
Dêr wit men hjir fen.
En de mînsken binne,
Hjir sa bêst en gol;
Giet men hjir ’ris hinne,
Dat bikomt yen wol.