Friesen!
Ljeafde for ús tael, fielinge for de poësije rounom ús, hat de skriûwer
drjeun ta it opstellen fen de rimen en sangkjes, jimme hjirmei oanbean.
Nim se oan as in útering fen libben en sier yn ús âlde sprake, lyk as
dat blomke, ho lyts ek, kleur en fleur jowt oan it fruchtbere grien fen
Fryslâns tierige greiden.
Fortraepje se net, al bin it mar finneblomkes.