Sa de kamperfoolje klieuwt,
Om de âlde iekestamme,
Dy syn hert oan harres trieuwt:
Ja, sa innich leaf myn Fryslân,
Ha ’k dy Lân fen greate namme!
Ind hja makket jong ind moai,
Him de sterke, sy de swakke,
Him mei grien ind blommetooi;
Him dy troch him moaijer, sterker,
Har de teare ind lytse makke.
Ja, myn Fryslân, koe ’k eak sa,
Mocht myn swakke poginch tsjinje,
Mocht ’k iens de foldoeninch ha
Dat myn sei dat ik dy leaf hie,
Sa as ’k yn myn hert dy minje.