HO’T DE FÛGELS IN KENING KRIGEN

FRIJ BIWIRKE NEI DE âLDE FABEL FEN L. LEOPOLD.

Der wier altyd in bulte deilisskip ûnder it fûgelte: De mosken tsierden

as hingers om de breakoarsten. De einen pikten mear nei mekoar as nei

de krommels, dy’t de bern for hjarren yn it wetter smieten. De hinnen

fochten om in wjirm, dy’t se tagelyk seagen....

Der wieren ek ûnfordraechsumen, dy’t, as se jongen hienen, elk dy’t

hjar to nei kaem, to liif gyngen. En bretalen sa as de koekút, dy ’t

hjar aei yn in oarmans nêst lei.

Forskate fûgels hienen der al ris oer prakkesearre, ho’t se in ein

meitsje koenen oan al dy ûngerjuchtichheit. Se tochten, der moast in

kening komme, dy’t sokke fjuchterijen strafte, en dy’t by skeel

rieplachte wirde koe. Se seinen dat tsjin forskate oare fûgels, dy’t it

ek tige mei hjarren iens wieren.

Sadwaende bisleaten se om in fûgelgearkomste to hâlden, en den meiinoar

in kening út to siikjen.

Dit plan wier gau oeral bikend, en op de ôfspritsen dei reizge alles

hwet fearren hie nei in great stik bûtlân. Dêr wier it in geflodder en

in getsjotter en in gekreau, dat hearren en sjen yen forgyng. Protters,

mosken, rûken, syskes, swealtsjes, hinnen, einen, goezzen, eiberts,

katûlen, hearringslynders, fiskefangers, reiddompers, ljippen,

skriezen, ja, sels earnen wieren fen de partij, en bikwêkken en

bitsierden, ho’t min to wirk gean moast om in kening to bineamen.

[Illustration: . . . reisge alles hwet fearren hie, nei in great stik

bûtlân.]

De einen woenen om it hirdste swimme. Dy’t it woun, mocht for ien

winter kening wêze. Mar dêr wieren de oaren it lang net mei iens.

De hinnen seinen: „Binne jimme mâl, it greatste part fen ús kin net

swimme, den scoenen jimme it maklik winne. Litte we den ljeaver dwaen,

hwa’t de djipste kûle yn ’e groun grave kin!”

Mar dêr woenen de oaren ek neat fen hearre. Se seinen: „Grave kinne de

measte fûgels like min as swimme.”

Einlings waerden se it deroer iens, dat se om it heechst fleane

scoenen.

In lyts fûgeltsje, noch lytser as in mosk, woe ek graech kening wirde,

mar hy tocht: „Sa heech as de oaren kin ik noait fleane, ik moat der

hwet op útfine.” Hy hie al in kear ef hwet nei de earn sjoen; hy tocht,

dy greate sterke scoe wol it heechst komme. Wacht, dêr skeat him hwet

troch de holle.... As hy him ris yn de holte twisken dy greate wjukken

forskûle; dêr fornaem dy greate fûgel neat fen, en den kaem er maklik

boppe. Hy die daelks hwet er tocht en siet yn in eachwink, sûnder dat

immen it fornaem, yn syn tsjuster herntsje.

Dêr fleach in ljurk de loft yn. Trije kear floite hy. Alle fûgels

sloegen tagelyk de wjukken út, en de ûnôfsjenbere kloft kleau de loft

yn. Se fleagen al heger en heger, mei sa’n foarsje, dat de measten al

gau út sicht wieren. De earn koe men noch sjen. Dat wier ek sa’n

oeribel great bist.

Nei in skoftke sakken der al mear en mear fûgels ôf. Se koenen net

mear, en kamen dea-ôf wer op ’e groun tolânne. De earn bleau noch mei

in mannich fen de bêste fleanders oer. Hy sloech noch krêftich mei de

wjukken oan ’t al syn selskip ien for ien, bek-ôf, it opjoegen en

hjarren delsaeije lieten. Hy hie oars ek al skjin syn nocht en gappe

nei de siken, mar do’t er seach, dat er allinne wier, die er noch in

pear slaggen en rôp do alhiel efter ’e pûst: „Ik ... bin ... kening!”

Mar hwet waerd hy kjel, do’t er ynienen boppe syn holle in fyn stimke

hearde: „_Ik bin kening!_” It wier it lûdtsje fen ús lytse frjeon, dy’t

út syn noflik skûlplak weikrûpt wier.

[Illustration]

„Wol deales!” tocht de earn, „dêr wjukkelt noch sa’n lyts ding.” Hy

waerd sa grimmitich, dat er noch ris al syn krêften ynspande. Mar hy

koe syn loch lichem net opwirkje ta de hichte fen it lytse fûgeltsje,

dat noch neat fen syn krêft forspile hie, en siigde mei foarsje nei

ûnderen.

En heech yn ’e loft jubele it lytse ding mar: „Ik bin kening, ik bin de

kening fen de fûgels!”

Hymjend en forbouwerearre sieten de fûgels op it lân it oan to hearren.

Einlings seagen se him delkommen. Se wieren pûr, dat sa’n ûnnoazel

bistke kening wêze scoe oer de fûgels. Se farden tsjin him út, dat it

der binaud fen waerd.

„Sjuch,” sei in wize hin, „hienen jimme nou ús sin mar dien, den hie

der gjin gefaer west, dat sa’n lytse flarde kening wirde koe. We

moasten it noch ris oer dwaen, en den om it djipste grave!” En wylst er

it sei, seach er bliid nei syn grouwe neilen.

„Ja,” rôpen alle fûgels, „litte we dat dwaen!” Se woenen noch wol in

kans hawwe om to winnen.

It lytse fûgeltsje tocht lykwols, dat it nou for him forbruid wier. Mei

syn teare poatsjes, net tsjûkker as stopnidlen, koe der net in kûle yn

’e groun krije. Hy tippele mistreastich hinne en wer. Mar hwet seach er

dêr ûnder in toar blêd? In mûzegat wier it. „Ha”, dêr gyng er op

sitten, den seach nimmen it.

Dêr fleach wer de ljurk omheech. Hy rôp wer trije kear. En do gyng it

op in skrabjen en klauwen, dat de modder en it gêrs wit-hwersanne

fleagen!

[Illustration: En do gyng it op in skrabjen en klauwen.]

Us lyts snoad diveltsje die ek krekt, ef’t er skrabbe, en kroep al

djipper en djipper yn it mûzegat.

De measte oare fûgels gyng it graven min ôf. De poaten dienen hjarren

sa sear, dat se it al gau opjaen moasten. De hin hie in aerdige kûle

makke. Hy seach greatsk it fjild oer en woe krekt syn keningskip

útkeakelje, do ’t der djip út ’e groun in gejubel klonk: „Ik bin kening

fen de fûgels!”

Alle fûgels kamen der omhinne en hearden it. Se seagen ek it djippe gat

en seinen: „Dat kin dy lytse mich noait sels makke ha!” Se wieren

kûgels en bisleaten, det dat fâlske flarde der ta syn straf net wer út

scoe.

Der scoe in ûle for it gat weitsje om to soargjen, dat er net útpike.

En do’t it sa njunkenlytsen skimerich waerd en de fûgels ôfreizgen,

wier it mei it keningskip noch like fier as do’t men kaem. Mar dêr

prakkesearde nimmen oer. Elk siet der fiersto fol fen, det dy lytse

ûndogenske poarre nou mar ris fiks straft wirde moast. Hy moast de

hongerdead mar stjêrre for syn skelmerijen en waenwizens.

De ûle hie in pear eagen as tafelboerdtsjes; dêr scoe hy wol net oan

ûntkomme, tochten se.

Nou, de ûle die den ek syn bêst. Hy stoarre sa fûleindich nei it gat,

det er der skilich fen seach. „It moast it ris weagje om derút to

kommen!”

It bistke weage it den ek net, hwent as it omheech seach yn dy

fûleindige eagen, kearde it hert him om yn it liif. Dat dûrre sa de

hiele nacht. Och, och, hwet dûrret den in nacht lang, as men sa op yens

tellen passe moat.

De oare deis wier der ûnder de fûgels in bulte praet, dat de ûle sa

goed oppast hie. Se founen, dat er noch wol ris in nacht weitsje koe

ear ’t der in oar yn syn plak steld waerd.

De ûle wier to greatsk om to sizzen, dat him dat manskernôch wier. Hy

woe net heal wêze, dat er slûch waerd. De oare jouns siet er den ek

noch krekt allyk foar it gat. Hy wier mar bjuster mei him sels ynnomd,

hwent hy hie der hwet op útfoun om net yn ’e sliep to fallen. Hy

sliepte, moatt’ jim witte, om bar mei ien each, en seach mei it oare

nei it gat. Den gyng it loftereach ticht en den it rjuchter.

Mar do’t dat sa in skoftke dûrre hie, waerd de ûle sa min, dat er op in

kear, do ’t er it loftereach sleat, forgeat it rjuchter to iepenjen.

Dêr hie it lyts fûgeltsje allang op longere. It makke, dat er foart

kaem.

De ûle sliepte oan ’t de oare moarns ta. Do waerd er kjel wekker, hwent

in pear fûgels pikten him omreitsen yn ’e hûd. Ynienen skeat it troch

him hinne, hwet der bard wêze moast. Hwet makke er, dat er foart kaem,

hwent de deale, as de oare fûgels dat hearden!

Nou, dat dûrre fensels net mâlle lang, en se wieren sa pûr, dat se mei

man en macht kamen om de ûle for syn domme sleauwens to straffen.

Mar dy hie lokkich krekt in skûlplak yn de toersgatten foun. Dêr sit er

noch oan ’t hjoed de dei en doar net oars foar ’t ljocht komme as

nachts, as alle fûgels sliepe.

It lytse fûgeltsje, dat de lilkens fen de oaren ek eange, hat fen dy

tiid ôf altyd twisken tichte hagen libbe, om ’t nimmen him dêrre binei

komme kin.

De namme „winterkeninkje” hat er lykwols krige. Miskien hawwe jimme wol

ris sa’n lyts brún fûgeltsje yn de hage omspringen sjoen, den hat ’m

dat grif west.

De ûle is letter altyd neamd as it toanbyld fen dommens. Men seit

ommers altyd: sa dom as in ûle. Nou, dy namme moat er to tankjen hawwe

oan syn útfining om mei ien each iepen to weitsjen.

[Illustration]

Frysk mearkesboek · 第 14 / 14 题