Yn in stikje lân foar it hûs fen Klaes en Marijke stienen in hieleboel
blommen. It wier Maitiid en den bloeije de measte.
Winters wier it dêrre egael griisgrien. Mar nou ’t de sinne hwet fûlder
bigoun to skinen, wieren der hwet kouweblomkes foar it ljocht komd mei
hiel koarte stâltsjes deun tsjin ’e groun oan, as wieren se bang fen ’e
kjeld.
Do’t it waer al sêfter en sêfter waerd, kamen se by hûnderten út ’e
groun; kroantsjes fen fine wite blêdtsjes mei in giel hertsje yn it
midden. Se stieken de kopkes al heger en heger. It like wol in
stjerreloft op ’e groun; sa blonken dy blomkes yn ’e sinne, en safolle
wieren der.
It dûrre lykwols net lang, ef der kamen oare blommen ek, en ek it gêrs
waerd mei de dei langer. It wier in kriich, hwa ’t der boppe útstykje
scoe, it gêrs ef de blommekroantsjes. De bûterblommen wounen it fier;
dy stienen wol de helt boppe de oaren. Se stjûrden dêr boppe hjar
stâllen mei knoppen nei alle kanten. Dy brieken mei gauwens, en de
helder giele blêdtsjes tearden hjar iepen om it sinneljocht op to
heinen.
Hwet neijer oan ’e groun stienen pinksterblommen yn hjar ljochtpearse
en wite pronk.
Den noch hynsterblommen, dy’t sokke moaije lampkes wirde, as se
útbloeid binne.
Ek sûrstâllen, dy’t sims noch heger gyngen as de bûterblommen; steil yn
’e hichte mei ien rjuchte stâlle. Dy wirdt nei boppen al reader en
reader en draecht lytse reade blomkes, net greater as kraeltsjes.
Gêrsplûmen fen alderhande soarte koenen sa heech net komme en ek de
breakes net.
Hwet hienen dy blommen it dêr nei ’t sin op dat kampke lân. Deis
stieken se allegearre de tsjelkjes oerein en seagen de sinne lyk oan.
Se wisten wol, dat se dêrfen groeije moasten en moaije kleuren krije.
Jouns, as de sinne ûndergyng yn it West, seagen noch alle blomkes hjar
nei, en tearden den de bledtsjes sêftkes byinoar om to sliepen en to
rêsten oan ’t de oare deis.
Den waerd it tsjuster en stil. Klaes en Marijke seagen den foar ’t se
op bêd gyngen noch wol ris troch it finster en seinen: „Sjuch, dêr komt
in tsjokke wite tekken oer it lân.” Mar mem sei: „Dat is de dauwe; dat
binne hiel fine dripkes wetter, sa fyn as wazem út ’e tute fen in
tsjettel, mar net waerm fensels. Dy dripkes sige allegearre op ’e
blomkes del.”
„Och hea,” sei Klaes, „den wirde se noch trochwiet.”
„Ja,” sei mem, „mar dat docht hjarren gjin skea jonge, se binne der
bliid om det se hwet drinken krije.”
„Ho drinke de blomkes den mem?” frege Marijke.
„Dat wetter,” andere mem, „rint lâns de gêrskes en stâltsjes nei
ûnderen en komt den op ’e modder tolânne, sadat dy hiel’dal fochtich
wirdt. De mûltsjes dêr ’t de blomkes mei drinke, binne de woarteltsjes,
dy’t yn ’e groun sitte. Dêrmei nimme se it wetter op. Dat giet troch de
stâllen omheech en sa troch de hiele plant.”
„Hea mem, krekt oarsom as by ús,” sei Marijke, „by ús giet it nei
ûnderen en by de blommen nei boppen.”
„Just, mar nou op bêd en moarn ris sjen ho ’t de blomkes opfrist binne
fen de dauwe.
De oare moarns hiel bitiid, do’t de bern noch op bêd leinen, waerd it
yn ’t East hiel’dal ljocht oan ’e loft. It like wol, eft der brân wier.
De blomkes gyngen iepen en bûgden hjar tsjelkjes allegearre nei dy
kant.
Dêr kaem stadich de sinne oan. It like wol, eft er út ’e groun kaem ...
hiel yn ’e fierte....
Unmerkber kleau er heger en heger, en stjûrde waerme en ljochte
strielen nei de blommen, dy’t him lyk oanseagen.
Dêr kamen Klaes en Marijke oan. Se woenen ris sjen, eft de dauwe der
noch wier, mar dy wier al lang fordwoun.
Do ’t se by de blomkes kamen, sei Klaes: „Se binne al iepen, se hawwe
de sliep earder út as wy.”
„Ja,” sei Marijke, „master seit dat de sinne se wekket, en dy is der ek
al. Mar sjuchst wol Klaes, hokker wiete klompen wy krije, dat komt fen
’e dauwe”.
Klaes fielde mei de hân twisken it hege gêrs en helle dy der trochwiet
wer út.
Mem rôp: „brea-ite”, se gyngen yn ’e hûs en stapten efkes letter nei
skoalle. Se rounen op it dykje lâns, hwent dêr stienen gjin blommen, en
se founen it skande der op to traepjen.
[Illustration: Se roanen op it dykje lâns.]
De blomkes draeiden hjar kopkes noch stees nei de sinne, dy’t nou al
aerdich heech oan ’e loft stie. Mei in greate bôge gyng se sa deis
krekt nei de oare kant as dêr ’t se opkomd wier. Earst stadichoan
omheech, nei toalven gyng it nei de bidelte, mar sa súntsjes, dat men
der neat fen sjen koe. En de jouns seagen de blomkes krekt de oare kant
út as de moarns. Ho ’t dat sa kaem?
Dat wisten Klaes en Marijke wol. Dat gyng sa alle dagen allyk. Sims
reinde it in lyts boike; den hienen de planten ynienen hiel hwet to
drinken.
Mar do ’t it simmer waerd, barde der ris hiel hwet drôfs.
It wier alle dagen moai waer; de sinne skynde fûlder as ea tofoaren; de
blomkes wieren great en heech en moai. Mar de jouns wier de wite tekken
mar tin ... en sadwaende krigen se to min wetter. De oare deis brette
den de sinne wer fûl. It focht droege al út ’e groun ear ’t de
woarteltsjes it noch opnomd hienen.
Och, hwet hienen se in toarst sims! Se tochten: „Kaem der mar ris in
reintsje”. Mar it like neat nei reinen; de loft bleau klear blau.
Dat gyng sa dagen efterien. De toarst waerd slimmer en slimmer. Se
koenen de hjitte sinnestrielen hast net mear forneare en fielden hjar
slop en siik. Se koenen de kopkes net mear omheech hâlde en lieten se
nei de groun hingje.
„Och, hea”, klage in bûterblom, „as dit sa noch langer dûrje moat, gean
ik dea. Ik forgean fen toarst”.
De oare blomkes gyng it krekt sa. Se koenen fan akelichheid al neat
mear sizze.
In sûrstalle, dy’t hiel heech oer alle oaren hinne seach, krige yn ’e
fierte in sleat yn ’t each en sei: „Stienen wy mar oan ’e kant fen dy
sleat, dêr is de groun altyd fochtich. Dêr steane de blommen allinne
noch fleurich. Mar wy sitte nou ienris yn ’e groun fêst en kinne net
foart....” Allegearre suchten se djip, en tochten dat se wol net lang
mear libje scoenen.
Dêr kamen Klaes en Marijke út skoalle. Se hienen kleuren as fjûr fen ’e
waermte en seinen hast neat. Mar do ’t se de blommen foarby kamen, sei
Marijke: „Och, hea, sjuch dy ris hingjen; sa’n toarst ha se grif, sjuch
mar, de groun is hird en droech.
„Ik wit hwet!” rôp Klaes ynienen. „Giest aenst mei Mary? Yn ’e skûrre
steane in pear gieters, den scille wy se drinken jaen”.
„Ja,” sei Marijke. „Dat hast moai bitocht, Klaes!”
Mem foun it ek bêst. Se moasten mar stadichoan mei dy waermte en f’ral
forsichtich by de sleat.
Nou, dat scoe barre, en mei gauwens wieren se elk mei in gieter it lân
út. Klaes skepte wetter út ’e sleat en Marijke hâldde him beet.
Do ’t beide gieters fol wieren namen se him op, hâldden him hwet skean
en ... dêr sproeide in rein fen dripkes út ’e gatsjes fen ’e tute oer
de sike blomkes. Dy wisten net, hwet hjarren ynienen oerkaem. It wetter
roun op ’e droege modder en kaem by de woarteltsjes, dy ’t it gulzich
opdronken.
Sa gyngen se it hiele kampke lân roun. Se switten der fen. Mar do ’t se
mei in skoft op it plak kamen, dêr ’t se bigoun wieren, stienen dêr
alle blomkes al wer oerein.
Einlings wier it kerwei dien en deawirch gyngen se efkes op ’e dyk
sitten, de gieter nêst hjarren.
Alle blomkes wieren nou better en krekt sa fleurich as hie it reind. It
like wol, eft se de bern oanlaken út tankbrens for it wetter.
Dat wier ek sa, hwent do ’t der in lyts sigentsje kaem, bûgden se
hjarren allegearre, plûmen, sûrstâllen en blommen, nei de kant, dêr ’t
de twa bern sieten.
Hwet founen Klaes en Marijke dat ljeaf fen de blomkes. Se gyngen nei
hûs en fortelden it mem. Krekt wieren se thús, ef it bigoun to reinen.
„Sjesa”, sei mem, „nou krije de blomkes yn oare lânnen ek hwet”.
[Illustration]
[Illustration]