FOARWIRD

It is wol tafallich dat de mannich Fryske mearkes, dy ’t ûnderteikene

hjirby it Jonge Fryslân oanbiedt, op dizze wize it ljocht sjugge.

De greate heksetoer om as ûnderwizeres mei de besteande tradysjonele

stoffe fen it fortel-healûrke to meitsjen, hwet men der yn yens meast

idealistyske jierren fen dreamt, die hjar gau ris in taflecht siikjen

yn eigen fantasije. De bêsten fen dizze optinksels waerden op pompier

brocht. En do’t „It Heitelân” yette orgaen fen ’e Jongfryske Mienskip

wier, bisleat skriuwster to bisiikjen se dêryn printe to krijen for de

bern.

Lykwols, in frjeon skilder-teikener hearde se op ’e iene ef oare wize

en rekke der tige for yn fjûr om der mei syn meiwirking in boekje fen

gear to stallen. Syn opfetting fen útbyldzjen wirke sa ynspirearjend,

dat it in omwirking en útwreiding fen ’e measte teltsjes ta gefolch

hie.

De âlders en ûnderwizers, dy’t it weardich achtsje de oan hjar kar

tabitroude bern mei dit wirkje yn kontakt to bringen, kinne sels

bioardielje yn hofier ûnderteikene slagge is, hjar opfettings fen

paedagogyske wearden to kombinearjen mei for bern oantrekkelike bylden.

En teffens de teltsjes sa yn to klaeijen, dat de lytse lêzers ef

harkers fen de fierst mûlk útienrinnende âldens der niget oan ha.

Jerne scil hja op- en oanmerkings ûntfange, dy’t in twadde printinge

faeks forbetterje koenen.

Frysk mearkesboek · 第 5 / 14 题