Titelprint Rôlje, rôlje, wetterweagen!
Portret fen Dr. Joast H. Halbertsma
Dokterom
Tsjalling H. Halbertsma
Beppe sneupt yn ’e Lapekoer fen Gabe
De pleats fen Pibe en Saske
Bolswerter merke
Widzesang
Jonker Piet en Sibbel yn ’e Slot-leane
Deagraver. Súd-yngong fen it tsjerkje to Weidum
It libbensein
“Wotte sa wotte”
De tsjernmounle
By Toon-wever
Pleisterje by in wâld-herberchje
Omkearde widzesang
Nije widzesang
Geale Sljipke
De âlde Skeper en de Grytman
Sneintojoun
Gabe op ’e Nutslêzing to Bolswert
Domenij oan ’t aeisieden
De bisite by Pibe en Saske om ’e hird
It blomke “tink oan my”
Reidmoskje, mei op ’e eftergroun in ieltichtset
Geboarteleppel
Sibbel fen de Ryp
Master Ale Byvoet
It Maerteblomke
Yn ’e Pikmar by Grou
De Fryske hirdsiler
Troch it rinket
Jongfolk to slydjeijen
Ealsom en Botsjemoi op wei nei Drachtster merke
Folperda as âld boer
De Kompenijster wirdt omseame
Kwaksalver foar de hopsek to Ljouwert
Pastoor biskrobbet boer Michel.—Stiennen klokkestoel
Domenij en syn riedjowers nei de operatie fen ’e smid
Skippers-sankje.—Sé-skip
Liaukama-state alear to Seisbierum
De Noarger rún op ’e hynste-merke to Birgum
De Noarger rún foar ’e tsjiiswein
De Treemter yn it St. Anthony-gasthûs to Ljouwert
Prins Willem de IV op ’e Froskepôle
Grouster-merke
Yn ’e trek-skûte
Twigen út in âlde stamme
Reedslypjen
Marijke wirdt to hôf brocht op ’t Goingarypster tsjerkhôf
Murk fen Ipekolsgea
Gabe op ’e Noarger rún foar “De houten romer”
Gabe yn ’e wente fen Ynte
Gabe foar de sjoelbak
Tsjerk Hiddes
By skipper Hylke
Ik seach syn ljeafste boartersgûd
Twa berntsjes yn ’t wâld
De lytse toarnbeisiker
It doarpke Abbegea
As de famkes toutsje-dounsen
By Tryn-moi
It hynzer fen dokter op it hiem fen ’e slotpleats to Waexens
In doarpsherberchje by winter
Mei priksliden op ’t iis by Molkwar
Yn ’e poelen en petten fen Earnewald
Bysitter truzelt yn ’e molkenkelder
Japikom yn ’t hekje
Yn ’e smidte
Frou Pontjer út to riden
Yn ’e stoepe fen Joute-baes
As Domenij yn gedachten rint
It lûd út ’e molkenkeamer
By it hiem fen sathe Westerein, pleats by Woarkum
By Ageboer
De skearwinkel fen Joute baes
Yn ’t wad twisken Holwerd en Amelân
De Apotheek fen Master Camstra
Kreambisite
Ljouwerter trekskip to Spyktille
Gosse syn compagnon to Aldegea
Memmelok en Memmesoarch
Gosse oan ’e skandpeal to Ljouwert
Baes Minne by domenij
“It droege gat” yn ’e Snitser mar
In jierstoune by Krysttiid op ’e Wieren by Piter-om
Douwe ûnder ’e koer weisongen
De kouwekeaper by Obbe en Tryn
Loailekkerlân yn ’e “Brette Poask”
De Kollumersweachsters yn ’e tsjerke to Kollum opsletten
De Easterpoarte to Snits
Foeke Sjoerds
Ybel en Jelke. Iiswille
Fammewille
De Grouster rottelwacht
De Brune en de Bles op trije romers
Foeke Skutter en Hospes-Tryn
Fuotnoaten:
[1] Douanes ûnder Napoleon I.
[2] Sa stiet der; mar it moat _tinker_ wêze, leau ik.
[3] _Douwe Halbetsz_ fen Dockum komt foar ûnder de helpers
fen de prins fen Oranje, dy by Alva’s sentinsjes fen 18 en 20
Maeije 1568 ta de galge forwezen binne. Dêryn wirdt hjar allegearre
oantige »d’avoir assisté, servy, favorisé et suivy le party et
rebellion du Prince d’Orange, chief des Rebelles contre sa Majesté,
soubs la conduite du Conte Loys de Nassau, son Frere, ayant envahy
hostillement l’esté dernier le pais de Groeningen et aultres de sa
dite Majesté, comme Lieutenant du dit Prince d’Orange.« Dizze
sentinsje fen de tweintichste Maeije waerd de 23 Maeije, en dos mar
trije dagen letter, folge fen de fjildslach by ’t kleaster
Heyligerlee yn Grinslân, dêr Graef Lodewyk de Spanjerts toliter
to-sloech.—De gelearden moasten foarhinne ek gelearde, dat is
Grykske of Latynske nammen habbe. Sa foroaren se den _Homme_ yn
_Homerus_, _Easge_ yn _Egesippus_, _Fenne_ yn _Triphenna_ en de
dokter dy nei _Douwe Halbetsz_ hjitte, waerd _Theodorus
Halbetsma_.
[4] _Biskite_ is by de Hollânners in onfoech wird, mar net
by de Lân-Friezen, dy fen dong libje moasten. Hja brûkten it as
oare wirden yn de eigenlike sin, en ek yn de oneigenlike fen
_bidriigje_. _Biskiter_ for Holl. _bedrieger_, sizze sels eptige
minsken noch. By ús stamneaten, de Ingelsken, hat dy selde oergong
fen biteikenis pleats, howol hja it, út onkunde fen de grounen fen
hjar eigen tael, net witte. It Fryske _keate_, _kiete_, _kjitte_
(drek) is it Angelsaxiske _ceatta_, it Ingelske _cheat_, bedrog;
_to cheat_ it Fryske _skite_, _biskite_, N.l. _bedriegen_.
[5] De magistratum probatione apud Athenienses.
[6] Ek op dizze leppel stiet myn fan mei in R:
_Halbertsma_.
[7] _Galanthus Nivalis, Linnæi._ Holl: Sneeuwklokje.
[8] _Nymphaea alba, Linnæi._ Plompen, Holl., Pompebledden
en Swanneblommen, Friesch.
[9] De âlde Ljouwters hjitten de lommert sa, omdet it jild
op ’e pânnen de ljue yn in izeren leppel ta stitsen waerd.
[10] Ik haw noch ris by domenij út fen hûs west. Hy hie in
heel sealfol boeken erfd fen syn omke, dy prefester to Grins west
hie. Hy joech my de kaei ’ris om dat spiltsje to bisjen; mar dy
wier danich forruske, en de kaei fen de wynkelder wier sa glêd as
in spegel.
[11] Meermalen werd mij de vraag gedaan, wie van de
Halbertsma’s eigenlijk de schrijver was van _de Skearwinkel fen
Joute-baes_. Ik wist het niet. Ik meende het stuk voor het werk van
Joost te moeten houden, maar een ander beweerde, dat niet Joost,
maar Eeltje ’t moet geschreven hebben, terwijl weer een derde ’t
aan Tjalling en wijlen Eekhoff ’t aan dezen voor een goed deel
toeschreef. Ik heb het aan den heer Dr. T. J. Halbertsma,
Hoogleeraar te Groningen, zoon van Dr. J. H. Halbertsma, te danken
dat ik thans de vraag kan beantwoorden. Toen ik namelijk eenige
maanden geleden van dezen over zekere zaak een schrijven ontving,
deelde hij mij tevens mede, dat hij onlangs een exemplaar van de
_Lapekoer_ had gevonden, waarin zijn vader had aangeteekend, wie
van de drie broeders de verschillende stukken, waaruit dit werkje
bestaat, gemaakt hadden, en uit die aanteekening bleek het
volgende:
Van het begin tot aan: »Wopke, De divel Joute!« is van Eeltje.
Van daar tot aan: »Boerkerij en keapmanskip« is van Joost.
Van daar tot aan: »De opsichter Hoarnstra stjit de doar op en
seit« is van Tjalling.
Van daar tot aan: »Boer, Mar hwat scoeste tsjin de ljue prate«
is van Joost.
Van daar tot aan: »Hoarnstra, Mar nou moat ik dy noch hwat
freegje« is van Tjalling.
Van daar tot aan ’t slot is van Joost.
De _Skearwinkel fen Joute-baes_ is dus wel het merkwaardigste
staaltje van de eenrachtige samenwerking der drie broeders.
G. C.
[12] _Speculatie_, banket waarmede men speculeert op een
meisje.
[13] Fol út: _manminske_, lyk as _frommiske_ for
_frouminske_.
[14] De koken.
[15] De Ingelsken witte wol det se de iene dei ef d’oare
fen Noardamerika forgriemd wirde, en om ’t it den dochs mei hjar
nei de moanne giet, meitsje se mar yn tiids det se dêr kinde
hawwe.
[16] Dat bigrypt de Noarcher rún net; hy sprekt hjir mar as
in stom bist. As de studint der net _yn_ sit, den moat hy der _om_
sitte; hy moat dochs earne sitte.
[17] Dat wierne ûngelokkige slaggen. Dy hat de Noarger rún
de ljue yn ’e moanne wer dûbeld bitelle set. Wy scille neijerhân
sjen, ho ’t er de goede boargers dêr knypt hat. De triennen rounen
hjar oer de wangen! Hwa wit eft er hjar ûnderwiles net himelheech
priisge hat: O, ho, poalle! hou, popke!
[18] Dat is in nuver tooneeltsje! De Noarger rún sei
neijerhân, det dizze ierde in tarieding is sa wol for de hynzers as
for de minsken, en sa wier dit efterút fen mynhear Flessinga in
goede skoalle for in oansteande ontfanger-generael yn de moanne, dy
bankerot tinkt to spyljen. Ungelokkich scil it folk yn ’e moanne
den for de bletterjende bok spylje. De Noarger rún flokt sa op dat
ligen en swarren mar ik leau det er it hjir leard hat, do er de
ljue yn ’e moanne neijerhân by God en alle ingels swarde, det it
wol gean scoe, det de kas fen it lân goed stie, wylst iggen en
einen to koart kamen. Hwent hy seit ommers, det hy it to koart mei
holle wirden oanfolde.
[19] Dy lêste reis mei de Kollumersweachters docht de doar
ta. Dat wier it útset op ierde, en mei de eximpels dy er do seach
foar eagen kaem er yn ’e moanne. Do sa ’n bist ontfanger-generael
waerd gong it fen sels op syn Kollumersweachters. Twa dingen sizze
se, binne ûnder dat foltsen onbikend, it houwelik en de
godstsjinst, en wy sjêne ek net út de rún syn brief, det hy fen it
iene ef oare kikt. Howol er syn runenatúr tsjin dy fen in flink
keardel forroale hat, is er yn ’e moanne net troud. Mûlk bihelpt er
him wol mei oare ljues bern, dy ’t er gean litte kin as er wol. Det
er noait net fen God ef godstsjinst rept, dat is dom; dat heart ’er
by. As it jild hwet fêst sit, en der komt in from wirdtsje fen
bibel en »voorzienigheid« yn den bigjinne se de bân fen de pong al
los to meitsjen; to minste as de ljue yn de moanne sa ienfâldich
binne, as de Noarger rún seit.
[20] _Efter yn in postscriptum hie de Noarger rún op it
wird_ BONKEN _noch dizze rigels skreaun:_
P. S. Op de slachtfjilden fen Leipzig en Waterlo wirde nou de
bonken fen de helden opdold om for twa cinten it poun nei Ingelân
stjûrd en dêr formeald to wirden. Yn ’e moanne binne okkerdeis in
partij sneuvele officieren oankomd, dy hjar bjuster oanstelden; hja
flokten hjar de mûle hast oan flarden. »Litte wy ús, seinen se, for
it lân en de kening dea bruije, det se ús oerskot as de bonken fen
in ezel forkeapje scille? _Is dit de tol der dankbaarheid aan de
assche der helden?_ rôpen se. It hie in bulte spil om dy ljue to
bitsjutten, det eltse soldaet winskje moast, det syn dea sa nuttich
oan it lân waerd as hjarres. In soldaet, dy sneuvelt, is ienders
nuttich, en wol yn syn dea; mar hwaens bonken forkoft wirde, ek nei
syn dea, en dos twaris. Earst hat de earme man, dy se opdolt ’er in
deihier fen; den de opkeaper; forfolgens de skipper, dy se
oerfiert; de opkeaper yn Ingelân; de mounler fen de steammounle dy
se fyn mealt, en einlings de boer; dy er syn boulân mei donget. Ik
hâld fol, det de dea fen de measte krychsljue sa nuttich net for it
minskdom is, as hjar bonken nei hjar dea, en it is in treast for dy
jinge, dy tonei for in rottige saek falle, det hjar deade bonken to
minste noch hwet libben yn handel en skipfeart bringe scille. My
alteas is it in swiet neitinzen, Gabe, det myn bonken nei Ingelân
komd binne. Farre wol!«
[21] Dat wier al wer in tarieding, dy deade rôt! Hwent in
ontfanger dy syn rekkening net yn oarder hat, moat al fen nuvere
dingen hearre. Dat binne brokken om troch de kiel to krijen, dat
sizz’ ik jimme. En mei dat al, moat er dwaen eft er it net fielt.
[22] Dat wol yn de mûle fen de Noarger rún sizze, wizer en
forljochter om de ljue yn de moanne to biskiten. Nou, dêr tsjinnet
de wittenskip de measte ljue ta. Mar hwa wit hwer dat bist nou al
is? Mûlk op de stirt fen de Halleische komeet, en op dat reiske fen
75 jier kin er him noch heel wol betterje.
[23] Dat is nuver! Hja lykje dy man yn ’e moanne better to
kennen as op ’e ierde. Sa giet it! In profeet is yn syn eigen lân
net achtenearre. As de man út de moanne wier, scoen’ se op ierde
sizze, _dy greate onforjitlike_ Bilderdyk. Mar ik hâld fol, it is
en bliuwt nuver det in âld hynzer yn ’e moanne better smaek hat as
folle minsken op ’e ierde.
[24] De goede âld kening moast de Noarger rún mar anstons
foar de kop sketten hawwe. Sokke snaken rinne earst de minister om,
oer it lyk fen de minister fleane se op ’e kening ta, en oer de
kening op de natie, dy it yn it ein allegearre ontjilde moat. Bûten
dat, it wier in ynkomling: wier it net moaijer nôch, det se him
fretten joegen? Moast er de hân ek noch twiske bast en beam
stekke?
[25] Men kin wol hearre det it in rún is, dy ’t hjir praet.
As er in springhynst wier as Pegasus scoe er wol hwet earbiediger
fen syn frjeonen sprekke. Men moat altyt hearre hwa ’t seit. De
Noarger rún hat foar ’e tsjiiswein lykwol to folle honger lit om
nin meilijen mei in earme dichter to hawwen, dy de boekforkeapers
troch it rib foerje, wylst se sels de folle houwe ha. Mar myn
ljeave rún! ho scoene de dichters sjen, det de moanne yn biweging
is? Dimmene ljue, dy noait rjimd hawwe, fiele net iens det de
ierde, dêr se op steane, mei mear as koegelsfeart yn it roun
giselt. In man dy ’t ûnder de lynje wennet, fljocht yn ien menút
saun-en-tweintich-tûzen-saunhûndert-acht-en-sauntich Neêrlanske
jelnen foart, en wy mar in bytsje langsommer.
[26] Hjir út sjucht men det it altyt sa ûngelokkich net is
as men fen immen seit, _hij is naar de maan_.
[27] It liket hast wol det de ontfangers hjir altyt in
foarfielen hawn habbe, det se yn ’e moanne goarje moatte;
ûngelokkich kinne se it jild, det se hjir by eltsoar toaije, net
meinimme yn de moanne.
[28] Ik leau, det de Noarger rún dêrmei mient de
bûterkeapers, dy troch it fjirder flein binne. Dy kinne op it kozyn
fen hjar foardoar nou al sette: _Juris Utriusque Doctor yn de
moanne._
[29] Okkerdeis kaem foar it tribunal it moaiste proces, dêr
oait fen heard is. In boargerman hie tsjin in skoalmaster
_schoolmeester_ sein, en dêr hat de skoalmaster _actie fen injurie_
oer makke. Dat joech do in bulte spil. De man sei, det de master sa
mansk net wier as in âld skoalmaster, hwent syn bern koene de
letter fen de bibel net ienders. En de master sei, det de skoallen
alear mar stâllen for bokken wierne, dêr de ezels for master
spilen.
[30] _Treemter_ wordt gezegd voor _treventer_ gelijk
_Deemter_ voor _Deventer_. _Treve_ beteekent stilstand van wapenen,
en _trewes_ bij de Vriezen ontspanning, vreugdebedrijf, hetwelk
berekend is voor hem, die het geniet. Als het kind bij voorbeeld
tot zijne moeder zegt: »Mijn oom wil mij in het paardenspel
brengen, dan antwoordt de moeder: _Kom, dat is trewes for dy._
[31] _Bargemargen_ worden thans alleen nog te Leeuwarden
gemaakt, alwaar zij door de diëet van het Sint-Anthoni-gasthuis in
stand gehouden, en daardoor ook buiten het gasthuis in zwang
gebleven zijn. Zij bestaan uit varkensreuzel, rozijnen, stroop,
roggebrood en diergelijke bestanddeelen. Het woord _marge_
beteekent bij de Vriezen _gort met rozijnen_ en diergelijke spijze.
Het _margemiel_ is de avondmaaltijd die door de boeren bij
geëindigden hooioogst aan de hooiers gegeven wordt, en bestaat uit
pannekoeken, gort met rozijnen, en kost van dat stevig allooi. Te
Hindeloopen is _marge_ rijst, die tot een lijvigen brij gekookt is.
Een _barge-marge_ is dus een _varkens marge_, of varkensbeulink,
die met een soort van genoemde bestanddeelen aangemengd is. Kiliaan
heeft _marghe_ als een Vriesch woord; en wel in den zin van worst.
_Marg_ is het zelfde woord als _merg_, waarvoor de Denen zeggen
_marv_ en de Duitschers _mark_.
[32] _Mijn keuninkje_ is eene uitdrukking van genegenheid,
die in den mond van ouden jegens jongen, van meerderen jegens
minderen te Leeuwarden veel gehoord wordt. Ik durve verzekeren, dat
zij echt Vriesch is en niet minder dan veertien-honderd jaren oud,
omdat zij nog dagelijks in Engeland in zwang is. Voor twee jaar
herinnerde ik mij dit keuninkje nog by de liefkozingen eener
Engelsche juffer, die mijn’ jongsten zoon, toen één jaar oud,
gedurig aansprak met den titel, _My emperour! My little king!_ (myn
lytse kening) mijn keizer! mijn koninkje!
[33] _Mantses_ voor _mankes_, mannetjes. De oude
Leeuwarders wierden altoos bespot, omdat zij den verkleiningsvorm,
die anders _tje_ luidde, of ten minste geschreven wierd, op _tse_
uitbrachten; dus _verhaaltse_, voor _verhaaltje_; _kooltse_ voor
_kooltje_; _boltse_ voor _boltje_; _pottse_ voor _potje_; _pantse_
voor _pantje_; _bittse_ voor _bitje_. Ondertusschen is dit de ware
Vriesche uitgang, en niet de _tje_. Want de Vries moet de _k_, of
houden, of veranderen in _ts_ en _tsj_. Dus _tsjerke_, kerk;
_tsjerne_, kern, karn-ton; _sjiis_, kees, kaas, en analogisch voor
_kool-ke_, _kool-tse_; voor _bol-ke_, _bolt-se_; voor pot-ke,
pot-tse. De Leeuwarders veranderen de ke evenwel niet in tse achter
alle sluitconsonanten, gelijk men hoort in _lipke_, _lapke_,
_tobke_, _kamke_, _lamke_ en anderen, voor welke zij nooit zeiden
_lip-tse, lap-tse, tob-tse, kam-tse, lam-tse_. Hieruit ziet de
opmerker ook te gelijk, dat het alleen is om een ingekankerde
gewoonte toe te geven dat wij schrijven _bytje_, be-tje; _poàtje_,
potje; _tontje_, tonnetje; _kerltje_, (_kel-tje_) korreltje[34],
daar wij behoorden te schrijven byt-tsje, poàt-tsje, ton-tsje,
kerl-tsje. En dit is niet alleen om dat tsje analogisch voor ke
moet staan, maar ook omdat het werkelijk aldus uitgesproken wordt.
Er is niets dat de Amsterdammers, die _beet-je_ schrijven en
spreken tevens zoo aardig en origineel vinden als de wijze waarop
eene juffer uit de Vriesche steden, die zich den tongval der
vaderen niet schaamt, het woord _bitje_ b.v. uitspreekt. Dit doen
zij honderd malen na zonder het liefelijke in de sissing van
_bit-tsje_ te kunnen brengen. Zoo heeft elke tongval zijne
eigendommelijkheid en schoonheden, ook het echte Hollandsch, en het
is om die schoonheden in het Hollandsch uit te roeijen, en eene
ongehoorde uitspraak volgens de doode letter in de plaats te
stellen, dat de wetgevers der taal thans alle schoolmeesters in het
vaderland ten duurste verbonden hebben.
[34] De lezer houde in ’t oog, dat dit gezegd werd van de
spelling in den eersten druk. Bij deze uitgaaf is in zulke woorden
de _tj_ in _tsj_ veranderd.
[35] _Eabarre_, ooijevaar.
[36] Er is geen vogel, dien het bijgeloof zoo veel eer
bewezen heeft als den ooijevaar. Van de liefde diens vogels tot
zijne jongen, van de zorg met welke hij de vermoeide ouden de lange
reis helpt volbrengen, verhaalt en gelooft men wonderen. Zijne
dankbaarheid is insgelijks in ieders mond. Als hij op een schuur
nestelt, zegt men dat hij bij den boer een jong of een ei tot
huurpenningen voor zijn daklogies naar beneden werpt. Zijn
klepperen meenden wij als kinderen dat bidden was. Dit zijn echter
slechts flauwe overblijfselen van een meer geregeld bijgeloof, dat
een deel uitmaakte van de Godsdienstleer onzer Heidensche
voorvaderen. Ook de Romeinen noemden hem daarom de _pia avis_ (de
jegens ouderen, kinderen en weldoeners liefderijke vogel) even als
onze Vriesche voorvaderen _eade-bar_ of geluks-vogel. Het moet ons
daarom niet verwonderen, dat bij de vroegere leer der
Metempsychosis of zielsverhuizing een vogel met zulk een recht
menschelijk karakter geloofd wierd in een mensch over te gaan, of
omgekeerd de mensch in een ooijevaar. Indien men thans ongaarne, en
voor honderd jaar om geen werelds goed een ooijevaar, hoe lastig en
vuil die gast anders ook ware, van zijn dak zou gejaagd hebben, is
het niet onwaarschijnlijk, dat men in de vroegste eeuwen gevreesd
heeft in dezen vogel mogelijk één zijner voorvaderen of
afgestorvene naastbestaanden te verdrijven.
[37] Twee boere-gehuchten, ten Zuid-Oosten van de Stad
Bolsward, die digt bij elkander gelegen als één plaats ook steeds
bij elkander genoemd worden.
[38] Dit is de eenige verstandige staatkunde, welke een
vorst in Oost of West volgen kan. Al de monarchen uit die oorden,
die Europeanen in hun staten toelieten, zijn door die gasten of
verdelgd, of in staat van afhankelijkheid gebracht, die te
tergender is, omdat men hun al die teekenen der oppermacht gelaten
heeft. Er zijn Sultans in den Oost, die een paleis en hofstoet
hebben, maar die den sleutel van hunne slaapkamer elken avond in
handen van een Europeaansch resident laten stellen. De Keizer van
Japan alleen zit ongekrenkt en ongemoeid op den troon zijner
uitgebreide staten, omdat hij alleen de wijsheid gehad heeft van
geen vreemdeling aan den vasten wal van Japan te dulden.
[39] In een ander afschrift valt hier de vader van het
gasthuis weder in, en zegt: »_Myn lieve Wyberen, nou beklaag ik
jou, man. Dat is een bezoeking, die mage. Ik hew ’t ook iendes had;
doe hew ik in gien feif jaar en bargemarge aanroe’d. Maar wie het
jou daar oâfholpen, heite?_” »In profester yn it poepelân, sei
Wybren, dy wenne to Gilhausen. Do ik by him kaem wier er dwaende om
in earm poep syn noas, dy er forkoft hie, fen de kop to snijen, en
in Amsterdammer, dy syn noas by nacht forlern hie, wer oan to
setten. Hy seach myn tonge en sei tsjin my, det er wol twa dagen
mei hinne gean scoene, foar det er myn mage goed útroeid hie, sa
akelige smoarch wie er, sei er. Ik sei: Nou, yn de Godsnamme,
bigjin den mar. Do joech er my in kopke-fol sljipgoed, en sa gau as
ik dêr goed fen yn de sliep wier, iepene er my it liif, en snei er
de mage út. Do kaem ’er in poepinne, dy de mage mei dúnsân, en
wetter, krekt as in flesse mei hagel, omskolfere, en do er goed
suver wier lei de dokter him yn in kûpke mei eek, en de jouns waerd
er ophinge op de souder om to druijen. Underwiles slepte ik fen dat
poarsje sljippersgoed de hele nacht troch; mar do de profester de
oare moarns myn mage út de hoánnebalken helje scoe, hie de kat ’er
de helte wol fen opfretten. Hjir wier goede rie djûr; hwent waerd
ik wekker, en de mage wier net op syn pleats, den wier ik in lyk.
Mar de prefester slachtte flink in âld baerch, en om ’t de bargen
fen binnen krekt as minsken binne, naeide er my de mage fen dy âld
sûch yn it lichem. Ik waerd wekker, en bleau noch in wike op de
stienklippen fen Gilhausen. De profester frege my ho it mei de
appetyt wier? Wel, man, sei ik, ik yt net, mar ik fret. Ik scoe wol
stiennen fen de Gilhauser klippen fortarre kinne. Mar dat nuver is,
as ik, myn biderf ha fen it hearlikste iten, den scoe ik noch wol
graech hwet út de jarregoate ta in neidesert meije. Das giebt dir
der liebe Herr Gott ein, sei de profester, denn du hast einen
Schweinenmage im balgen, en do forhelle er my de hele kuer.” “_Nou,
loof ik wel_, sei fader, _dat jou so feul bargemargen op kenne as
wij met ons drieën. Hewwe jou in bargemage? Daar ken wat in,
keuninkje._”
[40] Deze leugen is niet uit de lucht gegrepen, maar steunt
op het geloof onzer Heidensche voorvaderen aan een Waterduivel, die
de vege ongelukkigen met geweld onder water scheurde, gelijk de
meerminnen door verleiding. Deze waterduivel draagt bij de meeste
andere Germaansche volkeren den naem van _nikker_, maar bij Vriezen
heet hij _boeze-happert_, die nog door de ouderen gebruikt wordt om
de kinderen van den wal van gevaarlijke diepten af te houden; want
die waterduivel wordt voorgesteld als loerende op den bodem om
kindren die in het water spelen, bij de klederen daar onderen te
scheuren.
[41] 23 Febr. 1837.
[42] Lapekoer, bl. 111. (Yn dizze útjefte side 54 _b_.)
[43] Willem I.
[44] _Wy as berntsjes boarten bûte_, dat is, in het
_bûthús_ of den veestal. _Bûte_ wordt hier gezegd ten opzichte van
het _binne-hús_, waar de boer woont. Men hoort ook wel, _de bern
boartsje op de bûte-flier_, buiten-vloer, vloer van het _bût-hús_
of den veestal.
[45] De kastelein praet as protestant, dêr de preek alles,
en gebet en gesang tajefte by is. Mar de preek is nin godstsjinst:
dat is in formoanninge. Gebet en gesang binne de godstsjinst, en
dêr binne se by alle naesjes fen de wrâld for hâlden.
J. H. H.
[46] Dit rymke en hwet ’er folget binne fen ’e âlde
Latynske skoalle to Ljouwert. As jonges hiene wy mear fen sokke
sprookjes. Yn ’t Gryksk bitsjut _liepai_, oan de fette, en yn it
Frysk, it aei fen in leep. _Schriers-ai tjirk-ai grieneskyl_ is nin
Gryksk. De fûgel _tjirk_ klinkt oars as de mans-namme _Tsjirk_; de
mans-namme _Tjitte_ oars as _tsjitte_, kibje lyk de mosken.
J. H. H.
[47] _Pôlle_ is in stikje groun oan ef yn it wetter, en sa
neamt hy it bûtenpleatske fen de boargemasters, omdet it efkes
bûten de stêd oan ’e Bolswerter feart laei.
[48] Syn wiif.
[49] De ljue fen Bolswert.
[50] _Hantsjeriis_ Lapathum acutum. Nl. _patich_.
[51] Achte en eare.
[52] Dat haste mis, Gabe; Koudum is nin Gaesterlân. G. C.
[53] Dat sankje dêr is de piip mei oanstitsen.
[54] Der hat hjir in fine poep west, dy alle preekstoellen
ôfswalke, en de orthodoxe Hollânners útpoelle om de Chinezen to
bikearen. It like ek, nei syn praetkes to hearren, eft der al rju
gemeinten sticht wiernen. De minsken fen ús lân binne noch al
hwette onnoazel en goederjowsk, binammen as in frjemde poespas hjar
hwette wysmeitsje wol, en hja rounen sa mei dy healbekkige poep
wei, binammen de dames dy de limoer hienen, det se immen, dy oan
him twîvele, wol stiennigje scoene. Om nou ’ris to witten, ho de
foarke yn ’e stalle stike, praeide in stalke fen my syn frjeon yn
Parys; hwent dy koe it witte, omdet er de earste Chineeske
taelkenner fen Europa is, en bûten dat in bulte kinde yn China hat.
Dêrop kaem in brief mei dit biskie werom, dy er sleat mei de
wirden: _Voilà la fin du Christianisme en Chine!_
[55] Rizenbrij mei bûter der yn, en sûker en pypkaniel der
oer, wier alear rikeljues iten. Yn it lêst fen sauntjin hûndert
brûkten de boeren yn ’t lichlân noch nin kofje, thé ef sterke
drank..... Yn hûs hiene hja yn de winter de hiele dei de sûpkanne
by de hird stean, om it lij to hâlden, en dêr dronk elts út, as er
toarst hie. Beane út it wetter wier it iten fen de djipste
earmoede; nou slikje folle der de finger wol ’ris nei, as de
ierdappels mistribele binne. De earmste ljue hienen alear fet ef
riezel by hjar brea en iten. As de rjuchters immen kastijden
onthâldden se him it fet. _Brea en wetter_ wier dêrom de straffe
fen ondogenske stranken, dy yn ’t hounegat (_maison de correction_)
sieten. _De oare nei de lappen flean’_ wirdt sein for: _De oare
flean’ de lappen nei._
[56] Hjir fen de âlde Ingelske namme fen _lord Redcliff_.
’t Reade klif wier mei de hiele Fryske kust foar in pear hûndert
jier dêr folle fierder yn sé op, en howol _fen fiere weagen_ koene
men fen ’t klif ôf dochs in oarlochskip út Inkhuzen gean sjen.
Tjeskmoije woe Wif dêr hâlde _by de skjipkes op ’e heide_ yn
Gaesterlân. Yn West-dongeradeel by de Holwerter terp, dêr Ten
Broeke Hoekstra Tjeskmoije op set, dêr wier nin heide.
[57] Dit sit yn ’t Fryske laech om eltsoar to narjen mei
bynammen, doarp tsjin doarp, en stêd tsjin stêd. De Anglen en
Angelsaxen hienen dat ek hiem, en de skrandre Kemble hat yn Sept
1845 in geleard stik foarlêzen yn it _Archaeological Institute of
Great-Britain_ to Londen, oer de by- en skeldnammen, dy de
Angelsaxen eltsoar joegen. Dizze Fryske bynammen binne nationael en
karakteristyk. Hja doele meast op earme sloven, dy hjar sels net
goed rêdde kinne en dêrom de dweilen fen rike ljue binne, dy hjar
ûnderhâlde moatte. Dy ôfhankelike stumpers moatte hounen, katten,
skierroeken, beanehúlen ef otters ite, dy in healjier efter de
rûchskerne omtoarke habbe, om it libben to hâlden. Skieppeloarten
moatte hja deis trijeris opfantelje, ef by de brêge fen skippers en
reizigers in mannich duiten brêgejild biddelje, om net fen honger
to stjerren, yn pleats fen mei hannel, boerkerij ef ambacht de kost
to winnen. Oare binne sa Job-earm, det se as de Wirdumers, fen hjar
twa tsjerketoerren ien mei ham en gram opfretten habbe. Oare mei
nin pear nije hoazzen barre en rinne ivich mei oanbreide hoazzen.
Oare woene to merke foar de fyoele, mar hienen nin reade duit om de
spylman to biteljen, en fordounsen mei eltsoar in pakhûstsjiis. En
de haedstêd Ljouwert mocht nin nije galge bare: hja lapen de galge,
dy bûten de stêd wier, omdet er briek en de tsjeaven der ôffoelen.
Sommige, lyk as to Luzegea, binne sa yn de wanhab fen ûngedierte,
det hja sels net allinne stiiffol sitte, mar det de pejoatkes by de
toer oprinne en der mei heidebjizzems ôffage wirde. Men hat dy
minsken dêrom mar in bjizzem sjen to litten, en hja wirde
breinroer. Rju wirde ek útmakke for gloade, onnoazele stakkers: to
Ternaerd woenen se spekswaerd brûke as jilshûden, ef as kouwehûden
for skoen, en dêrom strûpten se de bargen. It gerjucht fen Koudom
siet yn it warhûs by in gleon fjûr, dêr hja de skinen by barnden:
de siktaris, rôp _koude_ turven der _om_, mar do dy trochkamen,
moast de hiele rie de keamer romme. Fen dêr de namme _koud-om_, dat
de bizen ek boekstaverje _kou-dom_. Sommige skeldnammen doele op it
wapen fen de stêd, sa as de _klok_ yn ’t wapen fen Frentsjer. Sa ek
de _trije balken_ yn ’t wapen fen Amelân. As se ballêst sjitte, den
sjonge se noch it ballêstlietke: _De Amelander skalken, Die stolen
drie balken._ Hwet de Texelske kraeijen bitsjutte is my tsjuster;
ik wit allinne, det se op it Nijejip (Nieuwediep) de loatsen, dy de
skippen binnen bringe, _kraeijen_ neame.
[58] Ordonnantie van Amelandt. Frans Hardomans 1658. Tit.
van Procedeeren. Art. 44, bl. 31.
[59] By dit wird fen Jouke komt my yn ’t sin, hwet in
skroar ’ris oan ien fen myn âffaers sein hat. De jinnichste soan
fen Scipio Halbertsma, domenij to Holwêrt, wier nou sa hwette
hûndert jier lyn medicine doctor to Dockum, dêr wy eigenlik fen
dinne binne. It wier do en folle letter noch wisansje, det de
doctor en de domenij fen in deade efter syn lyk oangongen, om him
de lêste eare to biwiisgjen. Sa hie den doctor Halbertsma ek wer in
patient forlern, en geande mei de roumantel oer de earm nei de
begraffenis, mette him syn skroar mei in nije rôk oer de earm, dy
er oan ien fen syn klanten bringe scoe. »_Dag baes!_” sei doctor,
dêr de skroar op anderde: »_Dag, Docter! Selle jou jou werk ook
thuus bringe?_”
[60] Winaldum.
[61] Midlum.
[62] Hofssententie, 3 February 1677.
[63] Cf. Hofssententien, 20 September 1702.—Oanteikeningen
mei de hân fen siktaris Elgersma fen Bolswert.
[64] De Friezen kuijeren oars net mei it wiif as sneins; yn
’e wike wier dat nin wizansje. Hja rounen ek net earm oan earm dat
in Franske mode is, mar los, it wiif oan de lofter kant. Mar foar
det se troud wierne rounen se op merken en brilloften hân oan hân,
de faem oan de rjuchter kant. As se nei tsjerke gongen om to
trouwen roun de breid oan de rjuchter side fen de brêgeman; as se
troud wierne en werom kamen, roun it wiif oan de lofter side fen de
man, omdet se hjar ûnder de macht fen de man jown hie en ticht oan
syn hert krûpe moast.
[65] De ljeafde fen de âlde Friezen for frijheit sjucht men
net allinne yn hjar republikeinske regearringen, mar ek yn hjar
húslike brûkmen. Hja woenen nin jier oan in faem boun sitte, mar
alle wiken los wêze, en dêrom hierden se de fammen by de wike. Ek
lieten se de fammen nachts wer nei hús gean, om de potkikers sa
koart mûlk oer de flier to habben. De fammen, dy by ús hjar âlders
sa gau forjitte, bleauwen dêr bern fen ’t húsgesin ta se in man
krigen, en wierne hjar mem en heit hou en trou. Ik hab dat as jonge
noch sa kend to Hynlippen, en ik hab ek wol faek by in rike omke en
moeike mei fjouwer doaiters út-fen-hûze, dêr rju arbeidsters deis
oer ’e flier wierne, mar nin fêste faem ef ien dy nachts bleau. Mar
do stieken de niften sels noch in hân út, en folle seinen: »Men
wirde net better bitsjinne as fen yen selme.”
[66] Do Keuning Willem II en de Keuninginne mei in soan en
in dochter, 20 July 1841, mei folle staetsje to Ljouwert ynhelle
waerden, en alleman syn bêst die om hjarren dit bisiik oangenaem to
meitsjen.
[67] Sa tocht ek Jonker Oene Zwier van Haren, do er yn ’e
»Geuzen” song:
Wien ’t eerst de glans der deugd bekoorde
En de eer tot ware grootheid spoorde,
Ziedaar den eersten Edelman.
[68] Koal is de kastleinsnamme yn ’e Keizerskroon.