IV.

As ’t Grouster merk is, den tinke jimme oan ús, mar oars yn ’t hiele

jier net, ef jimme moatte in lek tsjettel, in smoarch klok ef in

stikken broek ha. Fen jier ta jier stean’ wy hjir to weagen, en for in

cint twa trije jaen wy jimme op de heap noch in goe’ rie mei; mar jimme

tinke: it is koartswyl, oars neat as koartswyl. Wier en net wier:

koartswyl en âld earnst troch eltsoar mjokse, en, om ’er rjocht foar út

to kommen, sit de koartswyl om de âld earnst hinne, lyk as it silver om

de stjonkene pillen, dy de dokters fen allerlei kjitte by eltsoar

klieme. Dat sanikjen en eameljen fen dy Grouster weagers, sizze jimme,

wirdt ientoanich. Ja, it is sa, frjeonen, mar lang sa ientoanich net as

de tsjusternis yn Lâns- en Gritenij-kassen. Wy scille it lykwol oars

probearje, en kinne it allike goed weagje en noch better as baes Oene.

Baes Oene mei syn fet swolm oan ’t wang kaem by in snijersbaes yn ’e

stêd om rie en help. Dokter naem it him ôf en Oene waerd genêzen. “Man,

sei de master, dat was een waagstuk: van de 100 geen 10 dat lukt.” Nei

nijjier kaem de rekkening fen Ljouwert, mar Oenebaes sei: “lyk om lyk:

hy hat ’er my oan weage, nou weagje ik ’er him oan”, en bitelle net. Wy

weagje it om jimme in stealtsje fen ús filosofy to jaen. Bitelje ef

net, dat litte wy oan jimme sels oer. Hark:

Hwerom giet in apel, dy fen de beam falt, net krekt sa goed nei boppen

ta, ef hwerom bliuwt er net sweven twiske himel en ierde, lyk as de

Sint Jans triedden? hwent der is neat dat him foartstjit ef driuwt.

Hwerom fljucht in koegel, dy út in roer sketten wirdt, net altyd foart

as de foarsje fen it boskrûd him net mear driuwt? Hy is dêr boppe

ommers frij; dêr is ommers neat as de loft, dat him keart?

Ja, jimme scille sizze, omdet er swier is; mar hwerom is er swier? Wy

scille it jimme sizze: it is omdet alle lichamen hjir op ’e wrâld troch

it middelpunt fen de ierde oanlitsen wirde. Dat is de natûrkindige

oantrekkingskracht, heel ûnderskieden fen de natûrlike

oantrekkingskracht twiske feint en faem. Ho greater, mar boppe al ho

tichter in ding yn eltsoar sit, ho greater dy oantrekkingskracht nei it

middelpunt fen de ierde is, dat is, des to swierder is it. En dochs

giet dit yn alles net troch: hwent izer is hirder en tichter as lead,

en it is dochs lichter, en dat neame se specifyk gewicht. Dat dwane de

gelearden altyd, as se in ding net goed forklearje kinne; den bigjinne

se latyn to sprekken, om in boargerman yn de mist to fieren. Sa is goud

specifyk swierder as silver, wetter is specifyk swierder as oalje,

ensf.

Sa hawwe de minsken ek in ûnderskieden gewicht, en yn dat opsicht is er

ek al in stien ef in blok gelyk: ho greater en tichter de minske is, ho

swierder. En yn de rigel binne de minsken ek al de bargen gelyk: ho

better foer, ho loaijer libben, ho mear pounen; mar dêr is ek al nin

sizzen fen: hwent ús Dokterom, dat nin oerdedich iter is, is meast de

swierste klant, dy wy op ’e skealjen krije, en dy man bokselt yet al

frij hwet yn ’t fjild om, dy is folle op ’e soalen. Mar ús nachtwekker,

dy de minsken moarns út it bêd bûket, en dy in goed bout skiepflêsk mei

in kynsen ierdappels mei glâns yn trije miel opfret, dy sjocht ’er út

as in forlijd hjerstkeal: der sit nin groede yn.

It komt der ek net folle op oan ho swier in minske lichem weagt, as er

mar net to folle smoar hat, nei det er in beest is. Men sjocht minsken

mei in slach yn de rêch, mei lekkenske rokken en gledde learzens, dy

hawwe mear smoar as hjar takomt, en dat hearde eigenlik yn de

ierdappels, dy se ite. Al to swier is ek mar ongemaklik, mar al to

licht makket de minsken al to fluch, binamen de frouljue, dy wirde den

koart fen hakken. Swier en swier is twa; in swiere pampus sit net altyd

oan in gewichtich persoan: hwent in gewichtich persoan moat eigenlik in

man wêze, dy in great forstân hat en dy it goed brûkt.

As der twa ljue om in ding forsiikje, in lichten en in swier man, en as

se beide op ’e skealjen komme, en de lichte man hat hûndert goudstikken

yn de bûsen, den wint er it; dat is: omdet it goud swierder is as

minskeflêsk en minske forstân.

Oerwicht is ek net goed by de minske; mennich minske wirdt oerwichtich

as er by in folle flesse sit ef in moai jongfaem, en den forliest er it

wiere gewicht. Oerwicht fen flêsk makket loai, mar oerwicht fen forstân

makket gek; oerwicht fen wille makket droefheit; oerwicht fen

fortrouwen makket skelmen; oerwicht fen jild makket gjirrich ef

geweldich. Koartom, de middelwei is hjir ek al wer it bêste, en wy

weage jimme flêsk en bloed mar; ho swier jimme oars weage, dat moatte

jimme sels witte. Wy sizze it jimme: skat jimme net al to swier boppe

in oar; it komt ornaris oars út. Warachtich, de ûnderfining leart it:

as immen al to folle sin oan him sels kriget, den hat gjin minske op it

lêst sin mear oan him: en dy in oar op ’e kop sitte wol, dy rekket sels

ûnder de foetten, lyk as...... mar wy scille mar swije.

Tawicht hoeve wy net to jaen; dêrom, as lytse baes op ’e skealjen komt,

den scil er de bom ôfsette; hy hoeft him syn lichtens net to skamjen;

hy is krûdigernôch for syn gewicht.

Nou yet in wirdtsje oan de merkegasten. Troude manljue! bliuw mar net

by de rollebol stean to spyljen; dat kinne jimme frouljue wol ôf, nei

’t der forhelle wirdt: dy sette jimme jild al yn ’t aventûr: fen de

lotterijbriefkes wol to forstean, as jimme net thús binne, en sa kinne

jimme, sliepende wei, bûten jimme witten om, ryk wirde ef dea-earm, sa

it mar útkomt.

Dêrom, merkje ljeaver in bytsje mei fatsoen; den kinne jimme ’ris

laeitsje for jimme jild yn pleats fen skrieme.

Gean de jouns mei in dikkop Hubert en Wopke ûnder tekken, den sliepe

jimme as roazen, en nim de moarns twa romerfollen Berenborch om ’t

forstân op to skerpjen; mar pas op, det it stiel der net ôfgiet: jimme

smid kin ’t der net wer op lizze, lyk as op de tjoksels.

_H. Epema_, _Weachmaster_,

_S. de Vries_, _Scriba_.

Grouster Merk, 1842.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 259 / 279 题