III.

Ik tochte to nacht: dou komst’ noait wer yn Groustermerke. Ik droomde,

det ik mei in boat yn ’e Pikmar laei to angeljen, en sa kaem der in âld

earn oan, dy ’t my by de krage pakte, en dat wier hâld. Do mei my en de

angelstôk, dêr’t in pouns bears oan sparle, yn de hichte. Ik fleach as

in sweal by de wolken lâns, wol helte hirder as de kening troch Akkrum

flein is. En do ’k in stik nei Ingelân ta wier, kaem der yet in earn

oan, dy ’t in weachmaster fen domenijs yn ’e flecht pakt hie. “Hwêr

scille wy it soadtsje biplúzje, makker?” frege dizze. “My tinkt”, sei

myn sipier, “wy fleane mar efkes nei Amerika, op ien fen de

Cordilleras. Ik hâld fen ’e hichte. Den kin de tsjiissloft der hwet

ôfwaeije, en dines rûkt ek al nuver.” Yn ienen heakke myn snoer oan de

Sint-Paulustsjerke to Londen fêst. Ik mei in hoart los en bigoun sa

oeribel to gûlen fen “hein my, minsken, hein my!” det myn wiif kjel to

wekker waerd en sei: “Sit dy de weagerij wer yn ’e holle? Jimme wirde

yet stapelgek mei jimme mirakels.” Ik sei: “Wyfke, as ik 1400 goune

krige, sa lang as wy gjin grytman habbe, den woe ’k net weage en den

joech ik elts lid fen ’t bistjûr frij klontsje-iten op ’e heap ta. Mar

nou praktisearje ’k nachts en deis om frede mei myn mage to hâlden.

Nacht Jikke!”

Wy winskje jimme in plezierige merk ta, frjeonen! Himmen en hjarren, sa

’t se ride en farre.

Oan de hirdsilers—in feger fen in koelte, det se de hânnen allegearre

fol habbe. Op it ein hwet tsiere en flokke oer lavearjen, fen de wyn,

silen, loeven, ôfhâlden, gybjen, knipgongen dwaen en elkoar op ’e

seilen farre,—det de romers op ’e tafel dounsje yn de wolken fen

tabaksreek. Mar de rûzje net langer as ien joun, en de oare deis

forgetten.

“Ljeafhabbers fen de pluzerij—smaeklik iten! Wêz’ net to haestich en to

roppich. Flij it goed, lyk as de hantsjemieren, hwent it merkjen en ’t

meanen komt op ’e hûd oan.

Ljue dy ’t it grim fen de tapkast ljeaver ha as hjar eigen, as hjar

bûse en forstân,—winskje wy safolle swiete swolgen, det se de Boarnster

toer for in útpluzer oansjen. Op in ljedder nei hûs, in trochrookt

noas, mei snijwirk en forguld, en den goenacht! yn ’e hirddobbe, mei in

wiet dweil om ’e hals.

De fjuchtersbazen—in dûbeld purgaesje om hwet oanslach to habben, en

oars neat as lij wetter to drinken. Helpt dat net, den nei master

Kloppenboarch om trochgeande fûstsâlve, en in moanne nei Ljouwert

útfenhûs.

De feinten en fammen winskje wy nochlike, ynnochlike, trochnochlike,

troch-enwertrochnochlike tútsjes, triuwkes, grypkes en knypkes.

De âlde feinten—in dikkop brandewyn mei sûker en in tige griene rite,

det it hjarren yn ’t liif omkrâllet as in libben iel. Dêrmei yn ’e

Govert en op ’t lêst in âld slydtsje op ’e skette en mei Douwe Japiks

yn kennis.

Oan alle fammen, jonge sawol as útwiksele, hipskroarren en

tipskroarren, lapskroarren en knipskroarren, winskje wy in frijer, en

is er hwet licht ef in knoffeler,—den twa. Mochten der gûds foarby

reitsje,—dy keapje for in botsen taeimantsjes en geane dêr mei to bêd.

Pake en beppe—moai skimerjen mei in romerfol brandewyn mei sûker. Net

folle kleije en kibje. Jimme habbe ek merke. Nacht pake! nacht beppe!

Goed bistopje!

Jonges en famkes winskje wy yntiids mei in liif fol poatstrou ef brij

op bêd. Den flokke se skraech safolle as fen tabak en jenever en den

heart men gjin wirden fen de _ontwikkelde en gevormde jeugd_, det yen

de grize oer de grouwe rint,—en hoeft men net eang to wêzen for in

geslacht, dat troch de âlden forlitten liket en oan de divel oerjown

is.

De kastleinen winskje wy folle pongen, mar gjin jild dêr ’t de mage

neijerhân wrake oer ropt. In sekfol pipermintsjes en in fetfol kâld

wetter by de doar, for de berntsjes, dy ’t miene det se jenever- ef

brandewyntoarst habbe.

Oan ljeafhabbers fen dounsjen—alderfreeslikste hege sprongen, op de

wize fen: “Ik scil dy wol krije, krije krije!”—Ef:

Rommert laeit by Tryn yn ’t hea

En Doekele is biskonken,

Harke laeit yn ’t baergehok,

De hele boel is dronken.

De baergen rinne yn it nôt.

Hwet is ’t in rare wrâld!

Hea! sjen ús jonggûd springen;

De keallen dounsje om ’e toer.

Hwet sjucht men nuvre dingen!

De wrâld is sûnder stjûr.

Oan ljue, dy to heech by hjar sels opsjugge, riede wy de stoarje fen

David Ipes to lêzen. En dy to rom mei hjar spil omslingerje, forwize wy

nei Japik fen ’e Geast. Neijer ynljochting by ús oan hûs, for fiif

stûren de man.

Nou moatte wy jimme yette in âld wierheit fornije, lyk as Ulespegel oan

alle skroarren fen Prússen dien hat.

Pas op it âlde folkje, net om de ljue, mar om hjar streken. As jimme

praten hearre fen lotterij, nim den de pong en set der in knoop op, net

in knoffel- ef âldwiveknoop, mar ien dy’t fêst sit.

Wy scille jimme takomme jier in priuwke jaen, ho ’t ús bûrlju de

Fransken oer dat spil tinke. Troch dat hele greate ryk habbe se de

ienfâldige ljue de lantearne opstitsen yn in boekje: _La Loterie

dévoilée_. Mar ien bitingst: jimme earst net earm lotsje.

Nei de merk binne wy to sprekken by Hindrik Bearenboarch. Wy jaen rie

for alle lek en brek, mar net for in útlibbe merkepong. Us eigen wier

yn ’e tarring; dy ha wy, op rie fen goede frjeonen, nei ús

Hindrikje-moai to Berlyn stjûrd. Mar wy ha oars neat as in doaskefol

linten werom krige, mei in knipbriefke, det de ljue yn Nederlân dêr

bjuster mei tsjinne wieren. As hjar dat oan ’e rôk spjelde waerd, den

stiene se krekt eft se molken waerden ef det men hjarren lij wetter ta

de klompen yn geat. En den gûlden se “Hoera!” det se altyd heas

bleauwen.

_Grou_, 21 Oktober 1841.

H. Epema, _Weachmaster_.

S. de Vries, _Scriba_.

Rimen en Teltsjes · 第 257 / 279 题