Wy winskje jimme gelok mei ús nije Goeverneur. Jimme kenne Sytsma as in
Fries yn mirch en bien, dy it lân, dat er regearje scil, ken en ’t der
bêst mei mient. En nou sizze wy: Wolkom yn de merke, folkje! de iene sa
wol as de oare. Mei rokken en stokken, mei prûken en broeken, mei
jakken en pakken, mei linten en flinten, garren en harren, allegearre
wolkom!—Wy binne der wer mei de weagerij. Us úthingboerd is net great
en wy mjitte it nut en de lof fen ús wirk net by Nederlânske jellens
út, lyk as gelearde en ongelearde swetshanzen. Wy mochten oars ris
minder dwaen as sizze, en as stadige lju den seine: “It feilt wol ’ris”
..... dat scoe ús searder dwaen as det in lûdropper ús for biskiters
útrachte. Mar wy wolle graech det de ljue ús flitiger bisiikje, om ús
en hjar eigen bêst. Wy habbe folle bêste mingers, dy ’t ús jier op jier
de rompslomp op ’e skealjen bringe; mar der binne ek folle, dy der
noait om tinke, eft se mei hjar breasek foar- ef efterút gean: It
griist ús!
Groustermerk sjen wy se ús foarby kuijerjen, dy de hele dei oars neat
dien habbe as hjar ierdske tabernakel goed to dwaen, mei kofje en
klontsjes as bargehokken, mei smoken en snuven, mei bittere, kleare en
swiete sûpkes, ef mei al hwet de tapkast for nektar to pronk set mei
forgulden letters,—mei gebradens, det it fet ta de hoeken fen ’e mûle
út rint,—mei appelsmots en bofferts, det de knopen fen ’e klean
boarste, en den soms yet de hoekjes en herntsjes mei rinnend gûd fol
jiette, sûnder det se witte eft se der hwet mei bidijd ha. Hja kinne
sadwaende út de liken groeije, ef, as ’t forkeard gong, scoene se ’t
hele grim kwyt wêze ear ’t se ’t tochten. En ho den to rie?
It is nuver! tinke wy wol ris. Ho faek sitte de ljue to rekkenjen mei
de pong, en as der in knoarke jild oerfortsjinne is, o! ho nochlik
wirdt den de kast op dien. En dat hearlike liif, dêr ’t safolle _yn_ en
_om_ dien wirdt, dêr ’t nachts en deis op arbeide wirdt om it goed to
dwaen: dat net to weagen om to sjen eft it helpt ef net; it is skande!
Sadwaende rinne de knapskrinkels gefaer om libbens-liif in stokfisk to
wirden, en de wyndrinkers, det de learen sek út it fetsoen tynt en hja
gjin minsken lyk binne. Dat kin sa net langer.
Wy scille de nije kening (hwent de âlde hear hat de effearen oerjown;
och! koene wy it ek sa fier bringe mei de weagerij!) forsiikje om in
wet, det eltse jongkearel, dy ’t in wiif ha wol, op eltse foet hichte
26 âlde pounen swier wêze moat, en dêrfen in sertefikaet nimme fen de
weachmasters. O hwet scoene se faek op ’e skealjen komme, as se hwet
lichtliddich wieren, en hwet scoene de breiden hjar faek hifkje, eft se
’t wicht hast hiene. En wy, wy hiene kâns op in stikelpingje as wy in
trije for in fjouwer oanseagen. En it scoe spanne ef wy biswieken lyk
as folle, dy ’t offysjes habbe. As der gjin twang komt, sjen wy net út,
det it yn ’e heak to krijen is. Sa liket it wol, det de minsken twongen
wirde moatte, lyk as de baerch fen ’t âld wiif.
Hwet in gegnoar tsjin alles hwet om bêst dien wirdt. Hwet in gegei oer
de djûrte fen ’t skoallegean! Mar hja bigripe net, det it saunris sa
goed is as dat âlde ge-_ab eb ib ob ub_, en den wer _ba be bi bo bu_.
Hwet hiene de lju dy dat opsizze moasten, in wirk om troch ’e wrâld to
kommen, hwent hja wieren en bleauwen kouwedom. Hja tochten oer ’t
forstân fen ’e bern lyk as oer hjar greiden,—det ús ljeaven Hear beide
grienje liet as ’t tiid wier, om ’t dy iere gêrskes dôch net strieken.
En sa tochten se noait om _ontwikkeling_! Ho dom, net? Hwet is der do
al in forstân forroaste en forwirden, omdet men net wiste fen
_ontwikkelen_! Nou leare se ommers fen alles yn in amerij. Ja, al wolle
jimme de bern ta kinsteners for Franconi opliede, in leksum mannich yn
’e gymnastyk, en klear is ’t as in klontsje! O, as jimme dy sprongen
seagen!
Jimme binne oars ek dwersdriuwerich. Jouns wolle jimme net út de
herbergen ef jimm’ moatte der troch de frouljue ef brijleppel wei tokke
wirde. En den doare jimm’ ek yet sizze, det de foetten sear dwaen, om
’t wiif hwet wys to meitsjen. Jimme wolle de wichten net itigje litte
al is ’t noch sa. Sokke stjonkerts wieren der op ’e 1e Oktober yet 19
en dêr yet in dûbeldjerre ûnder. Jimme ..... mar hou! wy binne weagers
en wolle net _yn_ de sek kypje. Mar men docht wol rimpen in taest as
men immen oansprekt.
Forline jier joegen wy in register fen swiere en lichte ljue, nou
scille wy it jaen fen greate en lytse. Dat is wol bûten ús fak, mar wy
dwane ’t om ’t bêst,—om sokke, dy ’t as in Itaeljaenske popelier yn ’e
hichte sketten binne, en sokke dy ’t men proppen ef kannestoppen neamt,
to bitsjutten, det se de greatste en de lytste net binne en hjar dêrom
net skamje moatte om by ús op to stappen.
Yn ’t jier 1735 wier yn Parys ien to bisjen út Finlân, fen 6 foet en 8
tomme. Thoresbey yn Ingelân wier 7 foet en 5 tomme Ing. In tsjinner by
de hartoch fen Wurtemberg 7-1/2 foet Rynl. Ien yn Ingelân 7 f. 6 t. Yet
ien 7 f. 7 t. Id. 7 f. 8 t. Ing. Cajanus yn Finlân 7 f. 8 t. Rynl. ef 8
f. Sweedsk. In boer yn Sweden allike heech. In soldaet fen de garde fen
de hartoch fen Bronswyk-Hanover 8 f. 6 t. Amsterdamsk. De reus Gilli
fen Trente, yn Tyrol, 8 f. 2 t. Sweedsk. In Sweed ûnder de garde fen de
kening fen Prussen 8 f. 6 t. Sw. Goliath fen Geth 9 f. 4 t. To Rouaen
is in reus to sjen wêst fen 8 foet en in mannich tomme. In Fries,
Britsanus Joulsma, fen Britsum, dy yn ’t jier tûzen libbe, wier
tsjiendeheal foet lang, do men syn geramte foun. Garapius seit, dat hy
in reusinne sjoen hat fen 10 foet.
Plynjus forhellet, det Orestis 10-1/2 foet wier, Funnam de Skotsman 11
f. 6 t. Ingelsk.
Dat binne bazen, net? As sokken in sigaer yn ’e mûle hiene, den koe men
sizze: dêr is in man mei in sigaerke. Mar nou sjucht men jonkjes mei in
_ontwikkeld_ forstân, sigaren smoken; dêr kin men fen sizze: sjen! dêr
giet in segaer mei in mantsje hinne. De geramten fen Secondella en
Pusio, biwarre yn de tunen fen Sallustus, wieren langer as 10 foet.
Nou is ’t oan ’t gnob ta.
Bibé, by de kening fen Polen, Stanislaus, 33 tomme Franske mjitte, is
23 jier âld wirden. In lyts forstân as de man. In Poalsk edelman, dy
men to Parys sjoen hat op syn 22ste jier, wier 28 tomme. In moai
mantsje dy forskate talen spriek. Syn âldste broer wier 34 tomme. Ien
to Bristol wier op syn 15de jier 31 Ing. tomme. Dy wier mar 13 poun
swier en p.... dôch sa heech as de Gr.... brânspuit. In Fries, dy him
yn Amsterdam bisjen liet (lytse Wybren) wier op syn 26ste jier 29 tomme
Amst. In kibich rimpen mantsje. In dwerch fen Norfolk liet him it selde
jier to Londen bisjen. Hy wier op syn 22ste jier 38 tomme en woech
27-1/2 poun Ing. Der is ûnder it kroas ien wêst, dy wier op 37 jier 16
tomme. Sa’n frijer wier net ongeryflik, fammen! Dy koene jimme by jimm’
yn in doaske ef koerke stekke.
Dy ’t ús nou net leauwe wol en tinkt, det wy jimme hwet op ’e mouwe
spjeldzje, dy kin ús neisjen hy: Schreber, _Histoire des quadrupèdes_,
en yn _l’Histoire naturelle de l’homme & de la femme, d’après_ Buffon,
Cuvier, Lacépéde, Viret etc.
Nou yet in lytse, mar âlde rie. Snij net en lit jimme net snije, fen
bisneine noch onbisneine. It jouwe smetlappen yn ’e bûse, en dy
onthâldt men langst. Nim tsjin de kâlde loften hwet út ’e flesse, mar
safolle net, det jimm’ âlje lyk as de âld boer. Nim gjin oandiel yn ’e
lotterij by Abram, Izak en Jakob. Dat is ’t paed nei de rúchskerne.
Groustermerk 1840.
H. Epema, _Weachmaster_.
S. de Vries, _Scriba_.