I.

_In wird fen de Weachmasters oan de Merkegasten yn Groustermerke._

Forline jier tochten wy: nou is ’t for ’t lêst det wy jimme hifkje,

frjeonen! Under de greate heap, dy ús de flesksek joegen to weagen,

wieren rju dy ’t ús skeetsk oanseagen, krekt eft se sizze woene: “Jimme

ha de skelm spile, feinten!”—Det dêr neat fen oan wier scille wy net

sizze; mar, minsken! it koe net oars om it stik brea. Der binne folle,

dy gean mei in moed fen hûndert poun op ’e skealjen, en as wy hjarren

den mei ús wichten bitsjutte, det se to licht binne, den smite se ús

noartich it skrokke weachlean nei de kop en woene der ús wol in mep by

jaen. Der binne oare, dy ’t jier op jier tsjin wille en tank in poun

mannich oplizze. Dy tinke: nou bin ’k lykwol net groeid. En as de punt

fen de evener den yet altyd op hjar tawiist, den is ’t: “Hawar, ik wol

net wer.” En as wy dat hearre, den giet ús de moed yn ’e hakken sitten.

Noch hiene wy ljue, dy ’t keken op ’e wichten wieren, en wy brûkten

gûds dy ’t yn saun jier net by de itigmaster wêst hiene,—net omdet wy

dy man net bitrouden, mar omdet it sa’n ougrysliken jild kostte. Wy

bigripe net hwêrom se de eveners ek net itigje,—hwent dat is in goudmyn

for de biskiters. Mar ho stilder ho better.

Al dy minsken ha wy om ús eigen bilang hwet bigûchele en sa ha wy de

iene hwet jown en de oare hwet ontnomd, sûnder det wy it mês der by

hoefden.

Om nou dy noartige ljue ta klanten to hâlden, wolle wy hjarren

bitsjutte, det it gjin skande is al dript hjarren it fet ta de boksen

út, ef det men se mei in kearse fen efteren trochljochtsje kin. Dêrom

ha wy in list fen de Weachmasters út Ingelân en Frankryk komme litten,

dêr ’t wy jimme de útrinders fen opjaen scille.

George de Twade foun op in reiske yn ’t greefskip Lincoln ûnder syn

ûnderhearrigen ien, dy woech 583 poun. Hy wier om ’e mil 10 foet en 4

tomme tsjok, hy wier 6 foet en 4 tomme heech. Dy man syn iten waerd net

folle, mar hy pluze deis 18 poun flesk op, bûten ’t byspil. Hy stoar yn

syn tritichste jier. Ien fen syn saun berntsjes, in jonge fen fiif

jier, krige in pakje klean út ien fen de mouwen fen heite jas.

Eduard Brimet, in Ingelsk keapman, stoar op dyselde âlderdom to Mader

yn Essex, dy woech 609 poun. Saun ordintlike mânljue koene tagelyk yn

syn jas biknoopt wirde. In forwoechsen skroar, dy ’t graech in slok

mochte, naem oan om for in skelling troch ien fen de mouwen fen Brimet

syn ûnderbaitsje to wramen. It keareltsje kaem der troch, mar mei folle

skreppen.

Michel Sponer, yn de prowinsje Warwich, wier de baes fen alle

bealchseinen. Hy woech fjouwer wike foar syn dead 649 poun. Hy wier 57

jier en koe net gean, mar ried alle dei yn in wein dêr ’t er krekt yn

koe en dêr ’t er út en yn takele wirde moast. Nei syn dead wier er fen

’t iene skouder oan ’t oare 4 foet en 3 tomme. Op ’e jiermerke to

Atherston krige er rûzje mei in smous, dy him mei in pinmes yn de

termen rippe woe. Mar Abram koe mei it lytse mês net troch ’t fet

rikke; oars hie Michelom do in lyk wirden.

De Fransken dije sa goed net. De heechste dy dêr bikend is woech 385

poun.

Nou hwet fen de lichte ein.

In sweedsk skoenmaker woech op syn tritichste jier, mei ’t skoatsfel

foar, 43 poun en wier dôch 5 foet en 4 tomme heech. Hy is mei in

simmertwirre to Stokholm fen ’e strjitte ôf op ’e tsjerkegoate set.

In dounsmaster to Rouaen woech mei fyoele en strykstok 33 poun en in

lead mannich. Hy wier 5 foet en 2 tomme heech. Hy naem ienkear oan om

in deuntsje to dounsjen op tûzen skriesaeijen. Hy die dat al, mar twa

aeijen, dy ’t net goed op ’t ein stiene, rekken stikken. Sa forlear de

man de weddenskip en do skeat er him sels foar de kop.

In skroar út Hamboarch, fen amper 5 foet heech, woech nei iten 32 poun.

Hy iet folle fisk. By hirde wyn droech er lead yn ’e skoen om fêst to

stean.

Dit binne mar inkelde út de greate heap. Nou kinne wy jimme fortelle

fen ljue, dy ’t op in biezemstôk troch de loft fleane ef op aeisdoppen

nei Eastynjen reisgje. Mar dat binne tsjoensters, sokke telle wy net.

Bikreun der jimme mar net mear oer, det de iene in hûndert poun mear

hat as de oare. Wy woene ’t wol hwet liker ha yn de wrâld. Mar wy wolle

der ek net mear oer falle, al krije wy se as salmen sa fet ef sa toar

as stokfisken. Om’t it ús om jildfortsjinjen to dwaen is, hâlde wy ús

fen alle rie ôf. It giet en bliuwt dôch lyk as in glûpert fen in jonge

tsjin syn mem sei:

De iene pronket sûpt en set,

De oare neat to bikken het.

De iene giet yn sydne klean,

De oare nei de lappen flean.

De iene laeit yn fear en plom,

De oare hat noch yn noch om.

De iene hat linnen yn ’e kast,

De oare hat neat oan ’e bast.

De iene yt dat hy graech mei,

De oare beane alle dei.

De iene yt tsjokke rizenbrij,

De oare keallesûpen lij.

De iene dy drinkt bier en wyn,

De oare slacht ’er wetter yn,

De iene kin fen fet net rinne,

De oare springt der ribskien hinne.

De iene hat neat yn ’e bûs,

De oare gounen by de rûs.

De iene nimt in wiif yn ’t bêd,

De oare is froulju wêrs en sêd.

Us heit dy skrept en docht syn bêst,

Us mem dy sûpt en fret fen ’t bêst.

“Kinste oars net, loebis?” sei syn mem. En hy striek út.

Nou farwol yn ’e merke! Wachtsje jimme for brân en snijen, en foaral

for de smouzen.

_Grou_, 24 Oktober 1839.

H. Epema, _Weachmaster_.

S. de Vries, _Scriba_.

Rimen en Teltsjes · 第 253 / 279 题