Ho fljocht de tiid dochs foart!
Sa blaest de stoarm de weagen
Yn skom en bûrlen wei.—
In skynsel foar ús eagen!
Der ’s wer in jier ten ein;
Ho fol fen soarch en lêsten!
En mennich goede frjeon
Kaem yn it grêf to rêsten.
Wy libje yet, Godtank!
Kin men ’t wol libjen neame?
Hwent mennich fljocht ’er troch
As ’t foaltsje sûnder teame.
En mennich droamt ek mar;
Hy wit net det er libbet.
In oar is ’t libben sêd,
Dy klaget ef dy kibbet.
Is dat de tankberheit
For ’t goede dat wy krije?
“For ’t kwea”, ropt mennich licht:
O, lit ús dêr fen swije!
Hwet de iene ôfnimd wirdt,
Hat de oare wer oerfloedich:
De rykdom bringt syn soarch;
Dy soarch hat wirdt swiermoedich.
En de earme hat mar soarch
For klean en for hwet iten,
Dat faek fen rike ljue
Oerdedich wirdt forsmiten.
Syn greatste fyand is
De bittre kjeld en honger,
In hûsfol earme bern,
En ’t jamm’re brea-gelonger.
Sa hat elts hûs syn krús,
Syn swierrichheit en lêsten.
Is ’t op in sekfol goud
Wol altyd swiet to rêsten?
De nijjiersdei is dêr!
In dei fen lanterluijen.
De winsken heart m’ oeral
Sekfollen for ús struijen.
De ljuwe fen de stôk
En fen de âlde rottel,
Dy komme ’er ek wer oan
Mei hjar nijjiersgekwattel.
Elts rymt sa goed er kin;
Wy rime neat as winsken
For boer en edelman,
For goede en kweade minsken.
Us jonge Grytman earst
Wirdt winske heil en segen,
Gesontheit en gelok,
En elts him tagenegen.
De ljuwe fen ’t Bistjûr,
De Tsjinners fen de leare,
De keapman en de boer
En dy de bern meneare;
Mar de earme minsken ek,
Dy sa nei wirk forlange,
Bifelle wy elts oan,
As kjeld en earmoed strange.
Dy winskj’ we in tankber hert
For alle goede dingen,
Dy ús de Himel jowt
Yn túzen segeningen.
Us Grouster fankes ljeaf,
Dy sa nei frijers wachtsje!
De hoop dy libbet yet:
Wol dêr foaral op achtsje.
Nou binne ús winsken út,
Wêz’ nou den ek tofreden.
Wêz’ bliid op dizze dei,
Mar mei forstân en reden.