BATTHYANY’S DEAD.

(UT DE OARLOCH FEN EASTENRYK JIN HONGARIJE.)

1849.

Hongarijes eedle lieder,

Batthyany is nou wei;

Krûd en lead fen kroande boalen

Naem him fen dizze ierde wei.

Roaf kaem by de moarderije,

En men stiel syn skatten ek;

’t Earst geslacht fen Hongarije,

Moast yet oan de biddelsek.

Magyaerske dapp’re helden

Fochten Hongarije frij;

Eastenryk syn roafkroäten

Sloegen en forjagen sy.

Nou kaem Ruslân mei syn benden

Ut it rûge noarden op,

Om it folkenrjucht to skenden

Mei de koegel, mei de strop.

Hwet net fluchte koe moast stjerre,

Hwent genade wier der net;

Mar de sultan fen Turkije

Teande yet in minsklik hert.

Kristenboalen moatte leare

Deugd en edelmoedichheit

Fen in Turk, in man mei eare:

Skande for de kristenheit!

Batthyany is formoarde

For de frijheit fen syn ryk;

Hongarije is forplettre,

Frijheitsstander laeit yn ’t slyk.

Heal Europa is fol woede

Om it yslik grouwelstik;

Mar de wraek komt mei syn roede:

Trilje den, tyrannen, skrik!

Ienris scil dy dei oanbrekke,

As in swarte tongerwolk;

Den scil hiel Europa opkomme

vFor it eedle Ongersfolk.

Ja, Wandaelske tyrannije!

Tink net det de wraek forjit;

De eedle deaden, ja dy swije,

Mar hjar geast dy libbet yet.

Libbet! edele Hongaren!

Spried him hiel it ierdryk oer,

Fier oer de Atlantis hinne

As in helder, heilich fjûr.

Hoopje, o Ongersman en Polen!

Yette is it tsjustre nacht:

Laeit de frijheit nou forholen,

Ienris komt se onforwacht’!

_Grou_, 2 Nov. 1849.

E. H.

Rimen en Teltsjes · 第 236 / 279 题