In earme heechlânner út Skotlân, dy net bêst Ingelsk koe, kaem yn
Londen en krige honger. Hy sei oan immen dy ’er noch al frjeonlik
útseach en him op strjitte mette, hwet er brek hie; mar dizze, sûnder
him nei in bakker to bringen, sei him koart wei, hwerom er net nei in
_pennycook_ gong. _Pennycook_ is yn Londen in man, dy de earme minsken
for in bytsje jild in middeimiel klear makket; in omstik brea, in byt
flêsk, in gleske bier, en dêr mei op en hinne. De heechlânner, dy
_pennycook_ net goe’ forstien hie, frege de earste de bêste, eft er him
nin _pennycut_ wize koe. Omdet _to cut_ yn it Ingelsk knippen en snijen
bitsjut, miende de man det de Skot frege nei in man dy skearde ef it
hier knipte, en wiisde him nei in brabier ta. De heechlânner tikke oan
’e doar; de brabier docht op, set him del op in skearstoel, jit de
bekken fol hjit wetter, makket skom mei in roune bâl fen sjippe, set de
bekken foar him op it tafeltsje del, en giet do de treppen op om it
skearmes to heljen. De heechlânner sette aenstons de bekken oan ’e mûle
en slobbere it sjipsop yn trije swolgen op, do bigoun er op it stik
sjippe om to kôgjen, dat er ek, omdet it sa glêd wier, mei in rep
orbere hie. De brabier, werom kommende, seach eft er foar de kop slein
wier, mar de Skot krige yn syn ienfâldichheit in dûbelstûr út ’e búse,
dy er de brabier yn ’e hân treau mei dizze wirden: “Dêr is ’t jild,
heite; it sop wier goed; mar dyn ierdappels binne danige kliemsk.”