FOEKE SJOERDS.

My is eris forhelle, ik wit net eft it wier is, det ús stoarjeskriuwer

Foeke Sjoerds eren in lyts skoenmakkerke to Nijtsjerke wier. Dêr

moasten hja in nij skoalmaster hawwe, tsjin sauntich goune yn ’t jier;

hwent sa great wier dêr it traktemint. Do ’t ’er nimmen op útkaem en de

Nijtsjerker bern lang for wyld roun hiene, seinen se, det baes Foeke de

bern wol a-bie leare koe, en sa is Foeke Sjoerds, by brek fen better,

skoalmaster to Nijtsjerke wirden. Hy bleau ’er skoenmakker by; ûnder in

steand seil is ’t ommers maklik kloetsjen.

[Yllustraasje: 1713 FOEKE SJOERDS 1770]

Neijerhân hat er in bulte yn de âlde pompieren en stoarjes fen Fryslân

om snúfd, en it sa fier brocht, det er mannich goed boek, sa wol oer de

nije as âlde skiednissen fen ús lân, oan ’t ljocht brocht hat. Mar hy

is net sûnder help west.

Nei ’t my fen âlde ljue altiten sein is, moat er in bulte to tankjen

hawn habbe oan Epo Sjuk fen Burmania, dy ’t do boargemaster fen Dokkum

wier.

Nou moat ik jimme noch in staeltsje sizze, dêr ’t jimme de man sa

hwette út priuwe kinne. Jimme moatte den witte, det Foek-omme wier net

allinne skoalmaster, mar lyk as folle tiden, koster ’er by, en as

koster moast er ommers witte eft ’er preke wirde scoe ef net. Ienris,

do ’t de domenij út fen hûs wier, frege in húsman him, eft ’er snein

oer dei ek leard wirde scoe. “Dat wit ik net,” sei master. “As jy it

net witte,” andere de boer noartich, “hwa moat it den witte?” “Der

wirdt al preke, sei Foek-omme do, mar eft ’er leard wirde scil, dêr

doar ik net for ynstean.”

Hjir út sjenne jimme det master in finen sliper wier; hy wier oars

wakkere stil en ynbânnich, en nei ’t my sein is, koe er net bêst út de

wirden komme.

Rimen en Teltsjes · 第 232 / 279 题