SOUN FORSTâN.
Ien fen de soannen fen in Fryske sé-kaptein, dy hwette lamliddich fen
skik en klirk by in abbekaet wier, takele him alle dagen as in jonker
op. Sa stoe er fen top ta teil yn peaske-pronk ienris foar ’e spegel en
sei yn him selme: “Ik bin flink fen liif en lea; de klean sitte my eft
se der my om getten binne; fammen hawwe sin oan my, en ik hab jild by
de rûs; hwet scoe in man as ik noch brek hawwe?” “Soun forstân, gekke
loebes!” sei syn heit, dy ’t yn ’e keamer stau, en him in earbân joech,
det er truzele.