As it gelok mei tûzen blommen
Us om de krûze lokken waeit,
En ’t wyld gemoed, forwend fen ’t krommen,
It swerk net sjucht dat oer him swaeit;
Den komt it leed mei tûzen pleagen
En bûket ús forbolgen hert;
Driuwt skerpe triennen ús út de eagen;
Wy wirde wiis, mar faek to let.
Dêr stean wy den... ho lyts! forlegen!
As frjemde yn in woastenij.
Nou komt in ingel út den hegen,
En stiet it earme skepsel by.
Dêr seit hja yn hjar himelteale:
“Drink, minsk’, dit mingsel ta dyn dead!
En rikt ús frjeonlik ta in skeale
Mei blomt bikrânze, wyt en read.
“Dyn libbens-biker is fol wille,
“Mar ’t swartste leed laeit ek der yn;
“Lit dochs forstân dyn lusten stille!
“Oars drinkst’ dy dead oan hjar fenyn.”
Dy skeale moat elts minske drinke:
Dat is de wrâld; dat is dyn lot.
En eft wy fleurje, stige, sinke,
Wy binne yn de macht fen God.
Sa binn’ de blêdden dy hjir lizze,
Bisonge’ yn nocht, biskriemd yn need;
De sinnefleagen, dy hjir sizze:
“Nou hien’ se wille, nou wer leed.”
Nim, roune, nom’le Fryske ljuwe,
It Fryske, dat ús hert hjir biedt,
En eft wy rize, sinke, driuwe,
Ljeaf bliuw’ ús Fryske tael en liet!