IN WIRDKE FOAROF.

_Friezen!_

_Nommele lânsljue!_

_Dêr is nou it lêste gerjucht, frjeonen! Der mei noch in lyts priuwke

neikomme; mar dêr moatte jimme net op rekkenje. Hwent it is_

burgerklokke _mei ús, lyk as de Grinzers sizze. Wy wolle hoopje, det it

jimme goed smeitsje en ek goed bikomme scil, howol ik eang bin, det dit

iten in bulte to dreech ef to skerp wêze scil; binammen dy in swakke

mage ef in rudige consjinsje habbe._

_Myn broer Eeltsje onthellet jimme hjir op syn_ Leed en Wille. _In

bulte fen dy stikjes binne noch al wakkere faei west; mar sa folle as

ik koe hab ik se trou by eltsoar swile, en nou is ’t bihâlden smoar,

dêr jimme bernsbern my noch for tankje scille. Hja seagen ’er ek al

nuver út, en der is net ien ûnder, dat ik net ontciferje, wirdke for

wirdke boekstaverje, bipuntsje en bistreepje, en oerskriuwe moast. It

lêste foel my swier, noch swierder as it hoffenjen en himmeljen sels;

hwent ik bin to loai om myn eine tinzen op to skriuwen, ik lit stean dy

fen in oar, en wier it net west for Fryslân en myn broer, den hie ’k se

driuwe litten._

_Dy forfrysket ef yn ’t Frysk neifolget moat sizze, hwer hy to gast

west is; hwent oars miene se jamk, det me mei oarremans fearren

pronket: en dat scoe hwette smoarch stean. Nou scoe ik jimme ek alle

nammen wol opneame, dy Eeltsje by fierren ef op ’e hakken folge hat;

mar hy sels hat it yn der tiid forsloffe, en de measte stikjes binne al

sa folle jierren lyn makke, det ik it net neifiskje kin; binammen ek,

omdet ik hielkomselden Dútsk lêz. Ik wit, det it Ingelske_ A Tear _him

ta_ In Trien, _en_ Two Children in a Wood _him ta de_ Twa Bernkes yn ’t

Wâld _brocht hat. Hy hat my ek sein, det it_ Pelsrjucht _bisibbe is mei

in âld telke fen Pater Abram, en det Grubel neifolge is mei_ Twa Boeren

en de Skrie. _Ik mien, det_ de Wylde Rúter fen Dockum.... _mar lit ik

ljeaver sizze, det ik it net goed wit. Ien ding wit ik, det it klaed,

dat hy alles oantein hat, suver Frysk is, en dat moat jimme genôch

wêze. Dy ’er mear fen habbe wol, moat se mar rigel foar rigel

neisneupe; mar ik leau net, det hy folle mear fine scil._

_Hwet my oangiet, de holle stiet my fiersto wyld om oan ’e ljidbân fen

in oar to rinnen. Ik haw myn bêst dien, om Fryske aert en tinzen,

Fryske bigripen en tsjoen-telkes, mei Fryske wirden to uterjen, en dat

hab ik dien, frij, sûnder immen ef eat to ontsjen; yn de miening, det

ik skriuw for wize ljue, dy op myn rekkeninge net stelle scille, hwet

ik in oar, om nei syn aert to praten, yn ’e mûle liz. Ik siz dit

allinne, omdet yn lytse riken as uzes de ljue al gau miene, det men dy

ef dy persoan op it each hawn hat. Wy binne net folle; mar om ús op to

hâlden mei de ljue, dy nou libje, en dy ûnderdúms stekken to jaen,

sjoch, dêr binne wy dochs noch to heech ta. As dat sa wier, scoene wy

allinne for de tiid, dêr wy yn libje skreaun habbe, en dat liket er net

nei._

_Yn_ de Hoanne fen Westerein _sprekke de Friezen ûnder de republyk, do

se de frijheit mei de ynfierenste genegenheit for de prinsen fen

Nassauwe yn hjar binnenste forsmolten hienen. Yn_ de Ljue fen de Pomp

_hab ik de tsjinnichheit fen de âlde Friezen op lotsjen, sûpen en de

ierdappels yn ’t eachmerk hawn. Immen kin twifelje, eft it wier is,

hwet der oer de reden en de dûr fen de sjeachtme yn ’e ierdappels sein

wirdt; hy mei mûlk sizze: “Minsken en planten kinne sjeak wirde, en ek

wer betterje; krinten en druven hawwe ek de sjeachtme al, mar dêrom

scille de minsken net ophâlde dy frucht to forbouwen;” oare meije

sizze, det it sûpen net komt fen slop iten en earmoede; wer oaren meije

sizze, det de brakken by de dei yn ús lân betterje. Dat alles giet my

net oan; fen my kin neat oars easke wirde as det eltse fûgel, dy ik

sjonge lit, sjongt nei det hy bekt is; mei oare wirden, det hy sa’n

miening oer in ding utert, as men in syn jeld en skaei, fen syn kinde

en steat, fen syn lân en syn tiid, wachtsje mei. Dit is foaral wier fen

it_ Heksershol. _Dêr komme telkes yn foar, dy de ljue nou amper leauwe

kinne, det ea leaud binne: lykwol hienen dy sa’n byfal, det sokke

treftige ljue as siktaris Elgersma fen Bolswert, nou fyftich jier lyn,

it net ûnder hjar rekkenen om de allerslimste, dy hjir teld wirde, mei

eigen hân oan to teikenjen. Dêr heart, by foarbyld, ûnder_ it

Nachtgesicht to Pjittersbierum, de Bigangel op Skiligen _en_ de

Bitsjoeningen en Onttsjoeningen to Warns en to Aldegea. _Yn de Súdhoek

wirdt soks noch faek forteld; ja, hûnderten leauwe der noch mûrrefêst

oan. En is ’t net nuver? Nearne is mear fen de âlde Fryske tael en de

eale Fryske aert; mei ien wird, nearne is mear fen de Fryske

nationaliteit oerbleaun, as dêr ek it measte fen de âlde nationale

bygelovichheden hingjen bleaun binne! It selde sjucht men yn Ingelân.

Nin lân, dêr sa folle nationaliteit en ek sa folle nationael bygelove

noch is. De_ bigangel _is, by foarbyld, yn Skotlân ûnder de namme fen_

second sight _noch yn folle swang. De Ingelske frouljue yn de

provinsjes forbarne de_ placenta _lyk as de Friezinnen yn ’e

hirddobbe._

_Ho sit dat nou? Kin bygelove den ea it fondamint wêze fen de deugden

fen in natie? It liket ’er net nei, Friezen; mar it bygelove sit

ongelokkich troch de wirtels fen de âldste deugden fen in folk

hinnefrissele, en as men dat onkrûd útskoert lûkt men de echte plant

faek mei út. It nationale bygelove is egentlik in oerbliuwsel fen dy

âlde godenlear, dy by ús âffaers foar de ynfieringe fen it Christendom

yn swang wier en dy dos mei de heldensin, mei de âlde trou en de

ljeafde for de lânsljue, yn ús stam foar ieuwen en ieuwen forgroeid

siet. Dy nou oan dy nationale bygelovichheden toarnt, dy toarnt ek oan

dy nationale deugden; dy it iene los makket, makket ek it oare los, dêr

it yn fêst sit, en dy it rimpen en gysten docht, dy giet it as immen,

dy âlderwetske hoeken en plakken út in griis kastiel wei bikket, en

sokke greate gatten makket, det hy it hiele gebou op ’e holle kriget.

It_ schoolwezen _yn Nederlân hat ’er it bygeloof mei kracht en macht

úthammere, en men meije wol freegje, eft it dat sa bihindich dien hat,

det de deugden, dy ’er yn it nationael karakter mei forgroeid sieten,

stean bleaun binne, ef det se dêrfor in algemien wetter-en-mâlken

wrâldboargerskip en in_ gemüthlich _poependom yn ’e pleats loatst

habbe? Dat hie net bard, as se de wirtels fen it onkrûd twiske de

wirtels fen de goede planten swietwei oan ’t rotsjen brocht en sa ta

lêste útroeid hiene; den hienen de goede planten geef bleaun. Hienen se

it bygelove stilkes bitsjen litten, en mar al kindichheden op

kindichheden yn alle hoeken en hernen spraet, den hie it bygelove op it

lêste foar it ljocht fen de witenskip forblike en úttjirme, wylst eltse

nationale deugd fen it âlde folk oan syn pleats bleau. De spoarwein is

allinne wol yn steat om oeral, dêr er troch fljucht, alle spoken en

skynsels ûnder syn wjillen to forpletterjen. Hja, dy de skiednis fen de

folken lêzen habbe, bigripe my; hja witte, det de nationale deugden,

dêr de helden sa folle wonderen for hjar lân mei útfierd habbe, mei de

haet, mei it foaroardiel ef it bygelove jamk yn eltsoar fortiisd

sieten._

_It giet yn myn eagen mei myn gemalk as mei de bargen; dat binne as

biggen alderljeafste dingen, dy men wol op ’e skirte lizze scoene; mar

hja groeije lilts op, en ho âlder ho smoarger en onhurer. As myn

stikken gloednij binne, den hab ik ’er noch al sin oan, mar as se hwet

lein habbe, den sjen ik ’er alderlei lek en brek yn, en dat boazet oan

hwet se âlder wirde, sa det ’er op it lêst nin goed hier mear oan

bliuwt. Dizze stikjes hab ik earst it_ Nijgêrs _neamd; dat is yn alles

wol sa pittich net as it maigêrs, mar it is dochs goed foer en in

forfrissinge for it fé. Dy namme wier den op it ein nei myn sin ek to

goed for dit wirk, do it hwette bilegere wier, en dêrom hab ik ’t mar

de_ flotgêrzen _neamd. Dêr haffelje de kij ommers noch wol ’ris yn om,

as se út de sleat drinke, en de bealch al fol fen it goede gêrs habbe._

_De_ Flotgêrzen _peare oan_ Leed en Wille? _Dat is in frjemd houwelik.

Ja; dy twa dingen lykje krekt sa folle eltsoar as de trant fen my en

myn broer; dat wol sizze, neat. Mar just dêrom jow ik se hjir tagelyk

út. De iene hat sin oan de moer en de oare oan de dochter, en wy habbe

nou twa kânzen yn pleats fen ien, det eltse lêzer hjir hwet fen syn

gadinge yn fine scil._

_Ik hab okkerdeis oan Eeltsje sein: “De rjimstikken fen dyn_ Leed en

Wille _binne al forskate jierren âld. De ljue witte wol hwastou as

rjimmer wierste, mar net hwastou nou biste. Dou moaste my in

splinternij rjimke meitsje. Den wit de hiele wrâld, ho fier astou hinne

biste.” De oare moarne brocht er my de_ Blide Bernkes.

_Farrewol, nommele lânsljue, en forjit ús net._

Rimen en Teltsjes · 第 158 / 279 题