In skipper op ’e Ljemmer, dy bûten foer nei de Middellânske sé, boude
syn sinlik wyfke in fleurige keamer tichte by de haven om yn to wenjen.
Hylke foer goed en it mocht him skoan barre. As de man nou op sé wier,
pronke se hjar wenje op; hja wreau, hja strike en fage de ganske dei,
en njunkenlytsen kaem de keamer sa fol as in aei. Skipper Hylke wier
pas thús, ef hja frege om in twade keamer om yn to sliepen. Dy kaem der
ek en dêr slepte hja net allinne, mar wenne der ek om de foarkeamer
moai to hâlden. De sliepkeamer waerd ek njunkenlytsen foller en moaier;
sa moai, sa kreaksinlik, det hja faek it bêd moarns net opmakke om ’t
stouwen to biletten. It bigreatte hjar, det ’er immen oars yn kaem as
hja selme, en dat noch wol op hoasfoetlingen, sa, det as hja yn “’t
Heilige der Heiligen” gean scoe, teach hja de toffels op ’e matte foar
de doar earst út. “My tochte, sei se tsjin Hylke, do er fen Cadix thús
kaem, wy moasten der noch in keammerke by ha, hwent dat sliepen,
koaitsen en brieden makket de boel sa gruzich as in bargehok.” Ek oer
de kosten fen dat tredde fortrek stapte Hylke hinne. Baes Schaafma
waerd roppen, en in tredde keamer kaem ’er by. Hylke gong yn Maert op
reis. Yn ’e simmer tocht hja: dat stoken en sieden yn ús koken kin ’k
mije, en hja boude in stookhok op ’e feartswâl efter ’t hûs, dêr hja
iet en dronk, sea en brette, waste en plaste, en it húsrie fen trije
moaije pronkkeamers trijeris deis omgong en mei in fyn Eastynjeske doek
ôffage.
Hylke kaem thús; hy moast nou yn ’t stookhok syn heil siikje. Hy sei
neat; mar de earste snein to joun de bêste, sei er tsjin seis nuvere
feinten, skippers en kameraten fen him, dy yn de Ljemmer laeinen, eft
se de oare moarns to 10 ûre in gleske pons by him drinke woene. Ja wol.
It wiif gong, de bibel mei silveren heakken by hjar, yn peaskepronk nei
tsjerke en om 10 ûre kaem it folk opdaegjen. Dat gong dêr op in sûpen
fen sterke gleone pons eft it pompwetter wier. De geasten waerden
wekker, njunkenlytsen roerich en op it lêst wyld, woast en oproerich.
As der in glês ef romer briek, rôp Hylke: “Dat ’s bêst, to mar, sa moat
it gean! de fabryk moat ek libje.” It eintsjebislút wier, det der ien
oer de tonge bigoun to kakken, en de moaije spegel bispei; in oare
skoerde de kleden en gerdinen ôf om de boel hwette op to himmeljen.
Skipper Laes, dy troch it hier groeid wier, sette de prûk op in lege
flesse, sa hjit waerd hy om de kop.
Sytse fen Twellingea hie sa folle fen dat swiete gûd ynkrige, det er
mei de rûge mûtse, fetlearzen en in skansloper oan, op it pronkbêd
stapte en yn in amerij bigoun to snoarkjen as in baerch. Mei ien kaem
it wiif út de leare en sloech rare eagen op do hja nin gerdinen foar ’e
finsters foun. Hja gong yn, mar do waerd hja sa wyt as snie en waerd
stom fen woede. Mar do se dêr dy dronken út-fen-hûzer mei de rûge mûtse
op en de learzen oan op hjar pronkbêd seach, do wier it eft se troch ’e
groun sonk, en wylst dy keardels it heechste liet songen: _Ach,
kapteintje, slaat mij niet_, foel it earme minske yn flaute op ’e
groun. Hylke hâldde hjar in doek mei jittik ûnder ’e noas, en do hja
wer bykomd wier en de boel troch in âlde húshimmelster hwet opreddere
wier, sei Hylke tsjin syn wiif: “Nou, Jeltsje, sa kin it net, en dochs
moat it sa, as ik yn in stookhok libje scil; hwent dat fordom ik sa wyt
as sûpe. Dêrom wol ik it mei dy op in akkoart jaen. Wy scille yn ’e
earste keamer wenje, yn ’e twade sliepe, en yn ’e tredde siede en
briede, waskje en spiele. Dat gong oan en Jeltsje toarnde der noait wer
oan om yn ’t stookhok to krûpen.
Sa giet it nou de dames, dy fen in lytse wenje de twa bêste keamers oan
eltsoar lûke en ta en rigele meitsje, om mei hjar bern yn lytse hokjes
fen keamers to wenjen.