Dr. Eeltsje hie de lêste deis fen 1822 by Mr. Johannes Haitsma,
boargemaster fen Bolswert, to gast west. By boargemaster en syn wiif
Mefrou Lisk Tichler, dy ’er de fynste wynkelder fen Fryslân op
neihâldden, wier alles nei âld Fryske wize fen it bêste yn ’e romte, en
de minsken wierne sa foldedich, sa opromd en frjeonlik, det men der
altiten mei in fol liif en in bliid sin fen dinne kaem. De Frânske
lekkerbekken hawwe in wetboek, dêr dit artikel, nommer ien yn is: _De
tankberheit for in gastmiel hoeft net langer to dûrjen as de tiid, dy
de gerjuchten fen it miel nedich hawwe om to fortarren_; mar Dr.
Eeltsje wier _nin Frânskman_; sa’n mieltiid wirke by him nei, en de
nijjiersbrief, dy hjir efter folget, de earste en lêste, dy er sa
skreaun hat, wier der ’t gefolch fen.—To Bolswert wenne do ek in âlde
fjûrfretter, mei namme Portegies, in echte krychsman, dy it sei sa as
de wrâld woechsen wier. Hy wier in bernsbern fen de skriuwmaster fen
prins Willem de fiifde, en as prinseman yn ’e widze lein, woe er de
_Bataafsche_ ef sa as hy it neamde, de _Baviaansche republiek_ net
tsjinje; hwent de Bavianen hienen de prins weijage. Hy naem tsjinst
ûnder it legertsje fen de Prins op it Ingelske eilân Wight, en dêr naem
er letter tsjinst yn it Hanoverske regiment dragonders, dat ûnder
Wellington yn Spanjen en yn de fjildslach by Waterloo braef fochten
hat. Hy hie it brocht oan de rang ta fen majoar en it Ingelsk pensioen
fen dy rang foriet er to Bolsert mei syn biheind, mar kreas lyts wyfke,
dat him as in moedige Friezinne yn alle noedlike kampanjes troch
Spanjen folge wier. Lyk as it mei âlde krigers giet, dy ta rêst komme
en goed foer krije, waerd hy to Bolswert wakkere grou en boarstte út de
naden fen al syn foarige klean.
Nei de bataille fen Waterloo moast hy mei al de officieren fen syn
regiment foar de kening fen Ingelân forskine, om út de keninglike mûle
de taens for hjar dapperheit en bifochtene fictoarjes to hearren. It
wier do in wet oan it Ingelske hof, det nin krychsman yn syn montearing
ef mei skerp dêr forskine mochte; de boargers stienen dêr heger as
soldaten en offisieren, dy allinne as feinten en tsjinners bitelle
waerden om de boargers as it need wier, to biskermjen, en dêrom mocht
nin krychsman oars as yn boargerkledaesje foar ’e kening fen it lân
forskine. Sa hie den ek ús Portegies for de audientie in fyn swart
lekkensk pak meitsje litten by de skroar fen it Ingelske hof, dy by
guineas rekkene, lyk as ús skroarren by gounen. Nou, mei dy moaije
djûre rôk kaem Portegies altiten oan ’e mieltiid by boargemaster
Haitsma, mar omdet hy de rôk op nin hânbrie nei fen foaren ticht
knoopje koe, sa grou wier er wirden, sei boargemaster op in kear, det
wy beide by him to iten wierne: “Lûk jimme baitsjes ’ris út, feinten;
it is my nou ’ris to dwaen om grou en smel beide to geriven.” Wy loeken
de rokken út en ik paste Portegies sines oan, dy my siet, krekt eft er
my om it liif getten wier. “Dy rôk is for dy makke sei boargemaster my,
dou jowste fjirtsjin goune en de rôk is dines. Hwent mei sa’n pyst fen
in ding, dat op nin heal foet nei ticht kin, wol ik de dragonder dochs
net wer oan tafel ha.” Sa sein, sa dien. Nin ien fen ús beiden, dy
tsjin dat útstel kikke doarst. Ik krige de rôk, dêr ik wol twa jier mei
pronke ha, ta greate biwondering fen de kenners, dy my de namme fen de
skroar fregen, dy sa’n tsjep stik knippe koe. Boargemaster sels eigene
him as makelaer de eare fen dizze gelokkige keap ta, dêr keaper en
forkeaper beide mei tsjinne wierne. As er my mei dy rôk oan seach,
glimke er altiten, en ienders die hy ’er dit steile wird by: “Nou
witste ek hwet it Fryske sizzen bitsjut: Heal divel, heal minske; hwent
it kleed makket de man, en mei dy rôk oan biste heal ierde-, heal
himeldragonder.”
Nei Portegies eigen sizzen, wier it in heal mirakel, det er as bern net
forhouneloarte wier. To witten, syn heit wier ek in krychsman; dy
troude de dochter fen de ontfanger to Wirdum, dêr er dizze soan by
krige. Hja wennen to Ljouwert; it wier in moaije winterdei en dêr laei
frij hwette biriden snie; it bern wier noch yn ’e ruften, mar de jonge
ljue tochten, hja moasten mar ’is mei de lytse erfgenam mei
hynst-en-slide nei pake-en-hjarre ta. Dat gong oan, en do se ’n ûre twa
to Wirdum pizele hiene waerd de lytse feint fen beppe yn in wollen
tekken bitrollemolle en mem op ’e waerme skirte lein. Do mynhear op ’e
slide-stirt, greatmachtig de klappende swipe der oerlein, en sa fleach
de tuitige slide rinkelbeljende foart, det de snie der neistau. Hja
kamen mei in blits to Ljouwert. Memke die it tek op, dêr de jonge ûnder
laei; mar ho kel waerd it earm minske, do se nin jonge seach. “_Heres
myn tiid, Portegies_, rôp se, _It kiin is er niet!” “Wat duwel nou, sei
de man, It kiin er niet? He’ jou dan niet foeld dat de jonge fan ’e
sleed rold is? So donders bryk kan ik ’t niet an._” Mar hy mei
kûgelsfeart deselde weis mei hynst-en-slide werom, en ja wol, in
bôlrinster hie it bern yn ’e snie op ’e Goutumer dyk foun, en yn ien
fen hjar bôlkoerren by de frou fen it skjippehúske op ’e hoek fen de
Goutumer opreed brocht. Dêr foun de kaptein syn forloren soan wer,
sliepende as in roas op ’e waerme skirte fen in meilijend jong wiif.
Dêr is nou _de grouwe poep_ útgroeid, dêr Dr. Eeltsje op Nijjier mei to
gast wier by boargemaster Haitsma. Hja bitellen de gasthear en de
gastfrou nei de mieltiid meastal mei Dútske sangen, dy de dokter leard
hie by de studinten fen Heidelberg en de majoar fen syn regiment
Hanoveranen.
Dêr is nou it letterke fen Dr. Eeltsje oan boargemaster, datearre, lyk
as jimme sjenne, Grou, de twade Jannewaris fen 1823, de forneamde
winter, dy noch hirder oankaem as yn 1740 ef 1809.
_Wirdige frjeon
Boargemaster!_
Ik bin jister fen ’e pôle[47] ôfflein, det my de brokken iis tweintich
foet boppe de kop fleagen. Man! Hwet fleach it foar ’e wyn ôf, det de
stront fen ’e diken stau. Ik hâld oars net bjuster fen kaertsjes ef
briefkes, en dêrom scoe ik jister ek wol ’ris by jo komd ha, mar ik
moast op ’e kreammisitie mei in hele team âlde frouljue en oare stadige
minsken: en dêr út to rinnen, dat mocht ik net om myn overste[48] net
to forlitten. Oars hie ik al sa ljeaf ’ris in healmingelen fen dat
skoane bierke by jo dronken; en den hiene dy grouwe poep en ik ek yet
’ris sjonge kind. Wit’ je net? Dy âlde fjochtersbaes, dy oars net praet
as fen meiden en moardzjen. Voilà mon excuse!
Nou oan it winskjen. Dêr den in lyts flardtsje!
Libje lang, mar libje soun;
Yt je lang yet tsjok en roun!
Nim foar ’t iten in lyts wipke,
Nei it iten in lyts sljipke,
En fortret jo dat to fel,
Liz den stil de leppel del.
Mear, tinkt my, ha jy net nedich. Jy ha neat nedich as in libben, dat
sûnder _tablet drop, gezondheidzolen, oder lebens essenzen_ to ’n ein
brocht wirde kin. Iten en drinken is ’er by jo net brek, tsjinners ha
jy ek nôch. De oaljekoeken[49] rinne allegearre mei it hoedtsje yn ’e
hân, as se de boargemaster sjenne. Mient jou wiif, det it hwette plomp
fen my sein is, Mefrou moat tinke det ’er dat ûnderskie is twiske myn
nijjiers- en oare lju’s praet, det ik it better mien as ik it sizze
kin, en ik leau, det it oars wol ’ris omkeard is.
Adieu! Gott befohlen, Herr Staddirector!
Eeltsje,
bûklaper en brabier
by de grouster skiere iel.
1823 2 Jannewaris.
De oare deis kaem boargemaster mei dit letterke by my en skonk it my.
“Dêr, sei er, dat is in masterstik. Der libbet nin twade Fries, dy sa’n
briefke fleande skriuwe kin. Biwarje dou it, en jaen it út nei myn
dead: hwent by my komt it licht ûnder de pompieren fen de
ontfanger-generael.” Sokke letterkes floeiden myn broer sa mar út ’e
pinne mei it selde gemak as in recept for seare hakken. Foaral is ’t
merkwirdich troch in eigenskip yn de tael en it karakter fen de
Friezen. Sa dageliks wei sjonge se yn hjar útdrukkingen, as dimmene
ljue, meastal ûnder de noat, mar yn it spotten en gekjeijen sjonge se
boppe de noat, en dat driuwe se sa fier, det it iggen noch kanten
roait. Yn dy groteske oerdriuwing leit krekt de biisaftige
bispottelikheit. De gelearden neame dat de _hyperbole_. As Dr. Eeltsje
yn syn feart de iisskotsen neifleane, folget hy gekskearende syn Fryske
aert op. De tael is ’er fol fen, omdet it yn it nationale karakter sit.
Sa heart men by foarbyld: _Dar hoor ik jou! sei doave Japik, en ’er
roan in lûs oer ’e souder.—Nou komt ’er romte om ’e hird, sei de jonge,
nou ús heit en mem beide dea binne_, en sokke sprekwizen by de rûs
mear.—_As in soan syn âlde heit slacht, scoe yen it grim út ’e bealch
spatte fen lilkens._
Yn it briefke haw ik neat foroare as de spelling. Sommige ljue prate
wol ’ris oer ’e _ienfâldige spelling fen Dr. Eeltsje_. Myn broer hie
nin spelling yn it geheel; dêr liet er my for kedize. Hy hie Gryksk en
Latyn leard, spriek en lies flot wei Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Hy wier
fjirsto goed taelkenner om dat gewicht yn de spelling to sjen dat ús
lânsljue der oan hingje. It wier him to dwaen om it echte skilderaftige
wird, en as er dat foun hie, koe him de rôk, dy se it yn ’t skrift
oanteinen, net folle skele. Onno Zwier van Haren hat syn _Geuzen_
aldermislikst spjelde, en dochs scil syn heldentrompet de rom fen ús
foarâlders noch ieuwen nei ús útsketterje, as de keurich bislikke en
spjelde rimen fen syn tiid mei de rimers selme al lang forgetten binne,
eft hja noait bistien hiene.