TSJERK HIDDES.

[Yllustraasje: “KIERKIDES” 6 AUGS. 1622.—TSJERK HIDDES.—15 JULI 1666.]

It is noch al nuver, det fen alle kopstikken fen biromde ljue, dy

Lavater yn syn great wirk oer de kinde fen de wezenstrekken oernomd

hat, hast net ien is, dêr er sa folle greats en goeds yn sjocht as yn

dat fen Tsjerk Hiddes.

De Friezen hiene eren nin fannen, en ús Tsjerk ek net. Do er in bineamd

séheld waerd, neamden de Hollanders him _de Vries_, omdet se _Tsjerk_

net úterje koene, en dy fan hat er do oannomd; hwent it hert siet him

heech, det er in Fries wier. Hy hâldde syn moersteale ta it lêste ta

oan. Do se him de vice-admiraels-rôk for it allerearst oanteinen, sei

er as in goed Sexbierumer: “Hwet scil ús Tryn nou sizze?” Dêr miende er

syn wiif ef syn sister mei. Dit is my sein fen in âld Secretaris fen

Bolswert, dy it út de hân hie fen in Harnzer, dy ’er by stie, do de

admirael him klaeide.

De Fransken seinen net fen _de Vries_, mar op hjar wize _Tjerk Hiddes_.

Yn de rapporten fen de Franske Admirael oan de kening hjit er altyd

_Kierkides_. Wy brûke de _tsj_ foar de _k_, sa as yn _tsjerke_,

_tsjerne_, for _kerk_, _kern_ (karn), en de Fransken, dy _tsj_ hearden,

mar net úterje koene, brochten dy _tsj_ ta de _k_ tobek, ta in biwiis,

ho ticht dizze twa bûrljue yn ús ear en mûle by eltsoar wenje. De

Angelsaxen, folle broerren fen ús foarâlders, seinen den ek fen

_Cerdik_, de namme fen ien fen hjar keningen, en de Yslânners _Kiarkr_,

der wy _Tsjerdic_, _Tsjerk_, en _Tsiark_ foar sizze. _Cerdic_, en

_kiarkr_ biteikent immen, dy syn man stean doar, en dat doarst Tsjerk

Hiddes.

Admirael Tsjerk koe it Hollansk opperbêst, mar it wier him sa hiem net

as syn moers-tale. Dêrom spriek er ljeafst Frysk. Men scoe sizze, hwet

koene ús foarâlders opjeije mei sa’n pringel, dy plomp boersk praette!

Hy koe nin _versen_ opsnije oer _Neêrlands vlag;_ nin lange oanspraken

útbromme; nin _volkslied_ mei de matroazen sjonge; admirael Tsjerk koe

fjochte. Sjoch dêr alles! Fjochte, det ’er de spoennen neifleagen! Mar

it like wol eft dy boeren der better regaet ûnder hâlde koenen as ús

ljue. Hwent as de Ingelsken do net in fyftich oarlochskippen by eltsoar

hienen, doarsten se net op sé komme, sa bang wierne se for dy ljue, dy

boersk praettene; nou stjûre se mar in pear fregatten om foar ús havens

to krusen, en de âlde lieu laeit er net stil efter syn izeren traeljes

to gromjen?

Jimme sjenne, lânsljue, det wy gelyk hawwe, det wy folle wizer en

gelearder, folle polyster en machtiger binne as ús foarâlders. Wy

moatte it sels wol sizze, oars scoene de oare naesjes miene, det it net

wier is.

Der hat altiten in teltsje ûnder de âlde Seisbierumers gien, det er sa

hwette, as yn it rymke sein wirdt, mei in liereman oan it hûs fen

Tsjerke heit bard is. Wylst wy sa goed as nin byt fen sa’n held witte,

woene wy dit teltsje net forgean litte, en oan ús neisiet teane, det

wy, howol sels neat, lykwol de biwondering for de trou en de dapperheit

fen ús foarâlders net forlern habbe.

Rimen en Teltsjes · 第 150 / 279 题