dêr Piter Okse yn stykjen bleau.
“Frjeonen! Dêr stiet Piter foar jimme sa lang as er woechsen is. Dat
sjenne jimme, mar hwet hy jimme fortelle scil witte jimme net, hwent it
is him sels tûker-nôch to witten.” Dat sjucht der gnap út, tinke jimme,
en ’t is dochs sa. Jisterjoun sei ik tsjin in goe’ frjeon: ik wit net
ho ’t komt, mar om foar twahûndert minsken to praten, dy yen allegearre
oansjen, eft se yen opite wolle, hawar! it liket my min ta. “Ei, ju!
sei er, biste gek? Dou moaste beare, det ’er in rêst koalstrûken foar
dy op in ikker steane, en praet mar wei, en sjen se flak yn de toet. Sa
lang astou oan it wird biste, hâlde se hjar to minsten stil, al biste
den ek sa fier mis as Achlum fen Noarwein leit.” Dat joech in ribbe yn
it liif. De jonge nei master om in bôge pompier en in skerp pin, en for
in cint inket. En sa skreau ik, hwet ik foar in wike mannich yn ’t
Frentsjerter skip heard hab, sa goed as ik it onthâlde koe. Fen
Ljouwert wiksele it selskip sa nou en den; fen de Ryp sieten wy mei ús
trijen, ik, in domenij en in boer.
_Domenij_. _Het regent geducht van daag; zoo zal het water hoog worden,
vrinden._
_Boer._ O, dêr helpt ús ljeavenhear ús ek wer ôf, as wy de hânnen
útstekke wolle; mar de minsken jaen der ús mear wirk mei.
_Domenij._ _Daar bekommer ik mij niet om, nu onze waterstaat zoo wel in
order is._
_Boer._ Moai praet, domenij. Jy steane heech en droech sneins, en mei
tweintich trêd binne jy fen de stoel ôf yn hûs; mar as je in wike by ús
út-fen-hûs wierne, scoene je oars prate.
_Domenij._ _Dat is onmogelijk vriend! Maar de waterstaat is daarop zoo
bedacht en werkzaam._
_Boer._ Ja, for eltse drip wetter habbe se in cifer-letter; mar as wy
nachts en deis net meale en net dykje, den geane wy goenacht.
_Domenij._ _Waar woon je, vriend?_
_Boer._ Djip yn ’t wetterlân, domenij.
_Domenij._ _En waar zal de reis heen?_
_Boer._ Nei Frentsjer, domenij; mar as ’t my dêr net better ôfgiet as
to Ljouwert, den toevje ik der nin 24 ûren.
_Domenij._ _Hoe zoo?_
_Boer._ Wel, ik hie to Ljouwert twa boadskippen; by de iene scoe ik
jild for in heal baerch helje, dy ik by ’t hjerst slachte ha, mar it
koe him net wachtsje; hwent hy siet to skriuwen, det er switte, om in
_redevoering_ to dwaen ta nut fen ’t algemien.
_Domenij._ _Ja, vriend, het één moet voor het ander wijken._
_Boer._ Earst de baerch bitelje en den oan _’t Nut_.
_Domenij._ _En jou ander boodschap, als ik het vragen mag?_
_Boer._ Lânhearre hwet hier bringe; en dy hat my reisgje litten mei it
boadskip, det er by de nije ynhiering hûndert daelders mear habbe moat.
_Domenij._ _Nu, als ’t dan nog goedkoop genoeg is, waarom dan niet?_
_Boer._ Hwet jy krije, wit ik net; mar as se ús domenij fen de 1400
goune op toalf brochten, den scoe de tsjerke boarste; mar sy tinke oer
de boeren lyk as skiep; dy bisten binne dochs gallich.”
[Yllustraasje: YN ’E TREK-SKUTE.]
Hjir wier Piter Okse oan ta komd do de president opstie en him mei
dizze wirden yn de reden foel: “_Volgens Artikel 2 van de wetten der
maatschappij tot nut van ’t Algemeen, is ’t elken redenaar verboden
zich te mengen in godsdienstige of burgerlijke geschillen, en dewijl
Piter Okse hier een twist te borde brengt over een collegie van staat
en tegen eenen bedienaar van de Godsdienst, zoo stel ik de leden voor
om hem het woord te ontnemen en tevens te veroordeelen in eene boete
van 25 Gulden, die bij de bijzondere wetten van ons departement tegen
dit vergrijp gesteld zijn._”
_Piter Okse._ Mynhear de president! Yn Artikel 1 fen de wetten stiet:
_Het doel van de maatschappij is om nuttige kundigheden voornamelijk
onder mingeoefenden voort te planten, en zoo veel mogelijk algemeen
volksgeluk te verspreiden._ En dat scil ik beide dwaen mei elts, dy it
oangiet, to bitsjutten, det wy holler fearten en leger wetter hawwe
moatte; det de earste rykdom fen in folk bistiet, om syn skilden to
biteljen; en det it nin foardiel is om de boeren to fillen.
_De president._ _Ik breng mijn voorstel in omvraag;_ Domenij.
_Domenij._ _Conform._
_De slúswachter._ _Conform._