LETTER FEN IN BANKROTTIERSFEINT OAN SYN ALDERS.

_Heit en Mem!_

Jimme habbe my in letterke stjûrd mei ús skipper Japik, det jimme jern

witte woene, ho ’t mei my giet, en eft ik to Maeije yn myn tsjinst

bliuw. Ik moat jimme sizze, det ik bliuw: hwent ik hab it sa goe’ as in

minske it winskje kin. Us baes en frou, dy koarts lyn earme lytse

wierne, binne wer op ’e kluten. It hat ’er skean foarstien. De ljue

seine tsjin my: “Auke-man! Auke-man! dat giet op in fet baerch yn.” En

ik tochte der ek sa oer, do baes de skoen útteach; ik wier al klear om

by jimme to kommen, en de lodde wer op to siikjen. Mar it is better

útroun. Der is nin bistek mear op ’e wrâld to meitsjen. Sa it my nou

taliket, hat myn baes it ’ris tige goed stean. As ik net better wit, is

hy lyk mei elts-en-ien: hwent okkerjouns, do ik in slok mei him dronk,

sei hy: “Wolste wol leauwe, Auke, det nin ien divel in cint fen my

habbe scil? Se kinne my neat leare.”

Jimme habbe my skreaun, det jimme net lije wolle, det ik onearlik brea

ite scil; mar myn ljeave sloven, hwet kin in soun minske dêr fen

priuwe? Do ik út to tsjinjen gong, tochte ik ek sa; mar myn baes hat my

dat oars bitsjut, en dat is in wiis man. Hy seit, dat is stymskens; men

moat der ôfkinne, as men mei foart wol yn de wrâld. “Sjen mar nei my,

seit hy. Ho folle binne der net, dy sa folle skea lije by my, det se de

slachtfearren altyt misje moatte, en ho flodderje dy eigenste ljue nou

om my hinne. Elts stiet my to tsjinst.” In mâlktaper, dy syn bêste

skjippentsjiis wol tweintich jier oan ús boargemaster brocht hat,

bringt se ús, nou ’t wy in heal cint mear jane; en wy ite se op en

litte it de boargemaster oansjen.

Jimme skriuwe ek, det domenij sein hat det it in Fries net moai stie om

sa lang as men oars in hinnekommen hat, by in bankerottier to tsjinjen.

Domenij is der net efter. Dy tiid is foarby. Nou is ’t: “Habben is

habben, mar krijen is de kinst.” Der is nin rynsker hear as in

bankerottier; hwent hy komt der maklik oan. Men kin yen wol oan dat

âldmoadrich praet hâlde fen “Rjucht troch sé” en de “Tarring nei de

nearring”; mar mei sokke krekte ljue is ’t altyt gûd by de tried ôf,

noait nin oermjitte. Myn ljeave heit en mem! hwet biklei ik jimme, âlde

sloven, det jimme sa tobje moatte om in stik brea en tsjiis. As jimme

skraech sa stiifsettich west wierne, hiene jimme ommers oars kind,

minsken! Jy binne sa stiif as in hikpeal, heit; en mem giet ek al mei

hjar geskrep mei de noas nei de groun. Wy bliuwe sa linich as lekken,

en ite hwet ús swiet smakket, det it ús foar de noas opstrûpt. Wy

drinke likeur en wyn by it hanfetfol. Us klean kin mem wol troch in

gouden ring helje, en wy dwane omtrint neat.

Mynhear wol sister Wytske wol út-fen-hûs hawwe. Sy kin ’t habbe as in

prinsesse: hwent ús frou is in trochgoe’ minske.

Dwaen de groetenis oan alle goede frjeonen, en siz tsjin de koaiboer,

det ik net wer by him kom yn de ongetiid. Dat bin ’k ontkomd.

Jimme soan

_Auke_.

P. S. Jy moatte tsjin Oebele sizze, det Mynhear al dy lytse kwatsjes

fen in goune mannich ôfbitellet. It jild fen de ljirren moat er mar in

briefke fen ynleverje; dat scil him ta in duit foldien wirde.

Rimen en Teltsjes · 第 132 / 279 题