Rôlje, rôlje, wetterweagen!
Rôlje en brûs om ’t âlde Grou.
Myriaden foar ús eagen
Fleagen, stauwen om ús Grou.
Rôlje, rôlje ús foarby!
Hirde Friezen bliuwe wy.
Rôlje, polskje, Fryske weagen!
Rôlje, rôlje, âlde Grou!
Brûs en wiggelje, âlde weagen!
Kroanje de âlde roune trou.
Rôlje, rôlje, âlde Grou,
Byld fen echte Fryske trou.
Heit en mem binn’ hjir biditsen,
Berntsjes, twiichjes fen myn hert.
Suchten binne hjir forbritsen,
Dy myn God allinne heart.
Grouster weagen, bliuw my by!
Rôlje, rôlje ús foarby!
Rôlje, rôlje, Grouster weagen!
Brûs en spiel yet om myn grêf;
Libjend koe ’k dy net bisjonge,
Spiel my deade wei as tsjêf.
Lit myn berntsjes ljeaf en frij
Roeije en djoeije den yn dy.
Rôlje, rôlje, wetterweagen!
Rôlje en brûs om ’t âlde Grou.
Myriaden foar ús eagen
Fleagen, stauwen om ús Grou.
Rôlje, rôlje ús foarby!
Hirde Friezen bliuwe wy.