OAN EOLUS

OER IT NEEDWAER FEN DE 29ste NOVIMBER 1836.—IN LETTER FEN J. H.

HALBERTSMA.

Talia flammato secum dea corde volutans

Nimborum in patriam, loca feta furentibus austris,

Æoliam venit. Hic vasto rex Æolus antro

Luctantis ventos, tempestatesque sonoras

Imperio premit, ac vinclis & carcere frenat.

Illi indignantes magno cum murmure montis

Circum claustra fremunt: celsa sedet Æolus arce,

Sceptra tenens, mollitque animos, & temperat iras.

Ni faciat, maria ac terras coelumque profundum.

Quippe ferant rapidi secum verrantque per auras.

Sed pater omnipotens speluncis abdidit atris,

Hoc metuens, molemque, & montis insuper altos

Imposuit, regemque dedit, qui foedere certo

Et premere, & laxas sciret dare jussus habenas.

_Friezen!_

_Ik tink noch om jimme; ik hoopje, det jimme my net forjitte. Ik kin

noch tinke yn de tael, dy ik op memme skirte leard hab, en ik skriuw

’er allinne yn om jimme in nochlik eagenblikje to jaen. Jimme bigripe

wol, Eölus, de baes fen de wyn, forstiet nin wird Frysk; ho scoe de man

Frysk kenne? Hy hat syn went ommers op de Lipariske eilânnen yn de

Middellânske sé binoarden Siciliën. Hjir njunken oer stiet in lyts

stealke fen de tael, dy Eölus parlesjantert; dêr hab ik him ek yn

skreaun, mar omdet jimme der nin wird fen fetsje scoene, hab ik it

fordútske yn it Frysk._

_Ik hab it oan Eölus onbidich sein, det biken ik; in bulte scille ’er

de noas fen oplûke; mar dat kin ik net helpe. Eltse fûgel tsjottert,

nei det syn bek is. Bûten dat, al koe ik oars, ik woe net oars. De

ûnderfining jowt hjar lexoms rju let, en den noch mei triennen; my

tinkt, it is al sa noflik de wierheit, dy for skea warret, laeitsjende

foarôf to sizzen en to hearren, as skriemende wiis to wirden nei de

skea._

_De brief stiet hjir krekt sa as ik him oan Eölus skreaun hab. Jimme

sjugge, de datum is forkeard; Novimber hat mar tritich dagen, en it

moat wêze de 1ste Decimber. Tsjin nijjier komt my dat mear oer; den wol

ik de moanne altyd langer hawwe as er is, en 61 dagen scoene my yn

Novimber noch wolkommer wêze as 31. Ik kin hjir nin oare reden for fine

as in geheime skrik tsjin de tiid, det de rekkeningen komme, en

binamme, tsjin dy âlde kij, dy op hjar hoarnen it merk hawwe_, volgens

overgelegde rekening van 1834. _Dat moat oars._

_Op de earste Krysttiid-moarn hat Eölus op de weromreis my syn antwird

efkes foar formoanjetiid troch de glêzen smiten. As jimme dat hawwe

wolle, scil ik it ek printsje litte. Farre wol, hirde Friezen!_

_Dimter dizze 31ste fen Novembris 1836._

_Mynhear Eölus!_

Dat skoert ’er den fen ’t jier heil om seil mei jo troch! Is dat

waeijen, man? Paulus liger sei ’ris tsjin my, det saun divels troch de

hirde wyn nin strie hâlde koene, en det him it fel fen de fingerseinen

ôf oan ’e earmtakke ta opstrûpt wier; mar earjister skilde ’t net

folle. Oeral hwer men komt, ha jy de pannen fen ’e tekken reage, en dêr

is jisternacht dy swiere rein opfallen, det myn bêste frjeonen hast mei

wiif en bern it iepen hûs útdreaun binne. Efter Ingelân binne jy, leau

ik, opkomd; om toalf ûre hinne wierne jy alteas to Londen; om ienen en

twaën by ús kening op de audientie yn de Haech; om fjouweren en fiven

to Dimter en yn Fryslân, en de jouns to Grins: hwer jy do stauwen ef

flein binne, dat wit de deale. Mar mei al dat wyldejeijen hawwe wy mar

in bulte skea. Binne jy ek skeef west Eölus? Man, hwet hawwe jy

omdjoeid! Hwet in fjild biskaeid! Wit’ je wol ienders hwer ’t jy al

west hawwe? Hwet fiten det je útrjochte hawwe? Kom, lit ik jo dêr ’ris

in ljeaf lyts priuwke fen skriuwe. Myn pannen, al kleurje se net by de

oare, lizze wer op it tek; myn finsters binne wer ticht en myn

forwaeide pylken en bôgen haw ik wer by eltsoar skrabe. Toe,

Bearn-poep! taepje earst ’ris yn! Ik moat de hersens goed skerpje;

hwent oan mynhear Eölus brieven to skriuwen dêr heart mear ta as oan

syn keukenfaem.

Foarearst moat ik jo sizze, Eölus, det je ’t yn de jamkste fâlde

biljeave to slaen, det ’k oan dit letterke in âlde Fries mei trije

klinkert-stiennen boun ha. It is net omdet ik ’t mei de wein fen

Bouricius stjûr, en nin each oan de hearen fen it postkantoar jaen

doar. Hwer jy wenje, dêr rit nin post ef postwein: der fljucht alles op

de wolken. Mar ik bigryp, det it om jo hinne allegearre wyn is, en den

koe it sa’n letterke wol ’ris gean as de trijekante hoed fen myn

collega, dy’t jy him earjister fen ’e holle bliesd hawwe, en dy’t noch

net wer to lânne is. Wolle jy him, as ’t jo biljeaft, werbringe, Eölus?

Der kin wrammels nin nijen op stean. Yn dit ryk jowe se ús foltsen

tsjinwirch sa hwet helte minder as in foech skoalmaster, om helte mear

as in skoalmaster to fortarren. De ljue miene it hjir to lânne oars

goed: hja binne ek godstsjinstiger-nôch as ’t net al to folle kostet;

mar hja miene mar dat geestelike minsken fen jou produkten bistean

kinne, en, myn ljeave Eölus, leau my, hja moatte krekt sa wol lekken om

it lichem, en kouweflêsk mei ierdappels yn it lichem hawwe as oare

minsken. Myn bûrman seit, det it steekje nei de planeet Pallas opflein

is; mar ik hoopje nei Mercurius, en om’t it dêr dochs opskept laeit, sa

moasten je it hoedtsje mar strikende fol mei onbisnoeide gounen

werombringe. Den kin de man syn seis jonges, dy’t allegearre ta eare

fen de gemeinte mei de knibbels troch de broek rinne, in nij pak

keapje.—Mar, kom oan, nin omhalen mear. Ik moat jo sprekke oer de

stoarm fen earjister.

Ik fortraepje hjir alle neimiddeijen it iten; dat is sa myn wisansje,

egentlik mear út wenst as út wysheit. Altiten miende ’k det dit for in

minske, dy folle sit, soun wier, omdet de profesters to Frentsjer it

alear ek dienen. Nei it iten trapen dy altiten it bolwirk in slach twa

om. In âlden biis fen in dokter, dy dat jierren efterien sjoen hie, sei

op it lêst: “Dat scil nou wysheit hjitte. As de kij de bealch fol

hawwe, geane se lizzen en wearkoaije; den bikomt hjar it gêrs goed; en

dit folk rint as se de grouwe panse fol wyn en iten hawwe. De kij binne

yn Fryslân wizer as de profesters.” Mar hwet scil ’k jo sizze, mynhear

Eöol? Dat giet sa yn it selde sok foart, en al binne de minsken faek sa

wiis net as de kij, hja rinne eltsoar alteas nei as de kij.

Nou den, nei it iten dwaen ik meast in kuijerke. Dat wier de brêge fen

de rivier de Isel oer, en daelk yn ’e _Worp_. De _Worp_ is hjir in bosk

mei slingerpaden oan de oare wâl fen de rivier, om yn to kuijerjen,

howol de Dimter ljue der heel komselden gebrûk fen meitsje, omdet de

measten, as myn frjeon van Eck sei, de wetterfreze hawwe: hwent lyk as

’k jo siz, Eölus, hja moatte earst oer de lange brêge, dy op skippen yn

it rivierwetter driuwt, om ’er yn to kommen.—Om de wierheit to sizzen,

baes, kamen jy rju loebesaftich oan. It waeide gnap, dat is wier; der

wier gong yn ’t swerk, dat, is ek wier, mar yn de greate gatten wier de

loft suver blau, en det jy in orkaen yn ’e mûtse hienen, dêr hie ’k

krekt sa folle bitinsen op as op de ûre fen myn dea.—Ik bin in Fries

fen âlder ta foarâlder en dy ’t fen sokke aeijen set binne, kinne it

net lang op ien steed hirde. As ’t lang stil west hie mienden ús âlden,

det hjar de hûd sear die. Foel der hwette to fjuchten ef to silen, det

hjar de weagen oer de kop rôllene, dat wier oalje yn ’e libbenslampe.

Foar twa jier mette my noch in âlde Fries, in forneamd man fen wol

tachtich jier; ik mocht sa tsjin him sizze: Jy binne sa hwet om ’e

streek fen fyftich berne: as ik sa ’ris yn ’e holle omgean lit hwet der

sont al yn ’e wrâld bard is, den ha jy wol bêst twahûndert jier

bilibbe, sa is ’t er yn jou libben trochskoerd. Jy hawwe in onrêstige,

ongelokkige tiid troffen. “Né, heite, sei de man, “ik bin krekt yn myn

tiid berne. De wrâld wirdt my sa deadsk, det ik ’er wol útrinne scoe,

as der by tiden net ’ris hwet ûnderste boppe smiten wirdt. De doarren

moatte altomets ’ris forheakke wirde.” Wel, Eölus, ik seach dy man mei

syn tsjerkhôfsblommen op ’e holle oan, eft ik foar de kop slein waerd,

en lykwol moat ik sizze det er fen dy aert in hierke by my oerbleaun

is. Do jy dat hele swerk as in keppel skiep mei feart troch de loft

dreauwene, do gong myn hert iepen. En dy wolken dat wierne jo fen dy

wite lapen sa great as heal Fryslân, dy oer, tsjin, neist eltsoar mei

kûgelsgewelt foartskauwen. It wier krekt as in hirddraverij hwa earst

yn it nêst fen ’t Noardeast to lânne komme scoe. En dy wolken tynden as

kouwepansen eltse amerij mear út, waerden al greater en greater, en

rounen al hirder en hirder.

Mar lyk as ik jo sei, Eölus, ik hie der alleheel nin erch yn, det jy út

sa’n ougryslik gat blieze scoenen. Der wier in trop fen dy spjuchtige

populieren yn de _Worp_, dy bûgden en niigden, krekt eft se by jo op de

audientie stienen. Mar, jonge, hja sprieken sokke nuvere wirden! Wylst

jou azem troch de toppen gong, trillen, droanden, gounzen en gûlden dy

tûzenen fen twigen, det it wol like eft de groun ûnder myn foetten

spjalte scoe. Mar ik tochte, dat is mear gegier as wol; lit ik mar hwet

fierder gean, den scil dat wol bidarje. Dat die ik ek, en gong yn ’e

lijte fen ’e tûzen-en-ien hôven, dy de Dimter ljue hjir deun oan ’e

_Worp_ lizzen hawwe, om middeis in kopke thé to drinken, en in boskje

wirtels ef in kropke salaed yn in fisknetsje thús to bringen. Mar do ik

in stap mannich fierder wier, hearde ik in rêst pannen rotteljen, dy’t

jy fen in simmerhúske keilden. Lykwol, ik tochte yn my sels, dat is ek

mar in poatterich spil; in lyts sigentsje, den moast dy arke falle.

Ik roun yn ’e lijte fen de stekken fen dy hôven, dêrtroch fielde ik

egentlik net hwet oanrin jy namen, Eölus. Ik seach wol, det as jy oan

de wynkant fen dy stekken stuitten en den opfleagen, det de blêdden,

dy’t jy meinamen, toershichten oer my hinne saeiden; mar dat binne mar

blêdden, tochte ik. Ik seach dêr fen dinne yn ’e _Worp_ del; dêr wier

nin libbend skepsel yn, as in lang splinterich man, dy mei de hân oan

’e hoed, en lynjende op ’e wyn, krekt eft er foar in laden tsjalk yn ’e

beage roun, dêr omswabbe. Men hat sokke printen wol, dêr in bern, dy

faer en moer forlern hat, pûr allinne yn de wyldernis omswalket; dêr

hie ’t in bulte fen. Nuver strampele dy man ’er hinne; den laei er mei

syn smel liif perdoes op jo, en den saeiden jy him wit ho fier út de

paden wei yn it grien. De man hie in lange jas oan, dy’t him op ’e

hakken slingere, en ik wier yn tûzen neden, det je him opnimme scoenen

en smite him yn de sparrebeammen fen Noarwein del. Fleanen is er oars

wol wend; hwent it is (mei jou permissie!) in _dichter_; alle jierren

komme ’er versen fen him yn it _muzen-almanak_, en howol ik noch noait

nin _bundel gedichten_ fen _Eölus_ sjoen hab, sa byldzje ik my dochs

yn, det er omtrint yn jins trant falle moat; hwent hy siket syn foarsje

mear yn wyn, as yn gedachten. Yn de wanlinge neame se de man hjir

Mynhear Weachhals, omdet nin kristen minske bigripe kin, ho ’t er it

weagje doar om mei sa’n pear skonken op strjitte to kommen, ik lit

stean, om ’er him op to trouwjen, as jy op in baen binne. Gelokkich

stienen der beammen yn de _Worp_, en wier er opflein, den hie er noch

wol mei syn lange jas yn de iene ef oare toeke hingjen bleaun. Jy

moatte witte, Eölus, det ik de man hjir graech hâlde wol; it is in

onskeadelik beestke: hy docht nin minske kwea, en wy hawwe in droevigen

wille mei him.

It is mûlk, Eölus, det jy it de iene dei ef de oare yn ’e holle krije

om hjir noch tsjien ’ris sa erch to spoekjen, as jy earjister dien

hawwe, en it ierdryk oan to feijen fen minsken, as jy ’t nou dien hawwe

fen blêdden: mar den hoopje ik dochs, yn Godsnamme, det jy ûnderskie

meitsje scille, en reagje de goede net mei de tsjoede wei. Immen, dy

mei de wanne yn ’e hânnen stiet, wyndert ommers sa hird net det noat en

tsjef beide weifljucht. It tsjef fljucht wei, en it noat bliuwt lizzen.

Sa moatte jy ek, Eölus. Pûst wei, hwa ’t jy wolle; mar lit ús de

kloeke, de forljochte, foaral de brave en woldedige ljue hâlde. Jonge,

Eölus, dy’t ’er binne, hoeve je ús net to forginnen. It wirde

njunkenlytsen rariteiten, dat sizz’ ik jo, Eölus! en is ’er noch hoop

op bihâld, it moat fen dat lyts heapke komme. Jokje jo de fingers, wel

nou, mik den op de onbarmhertige riken, dy de lytsen mei hjar

greatskens fortraepje, en mei hjar ynhelligens as bloedsûgers

útklorkje; op de rike bankerottiers, dy eptige en kloeke minsken út

hjar sûrwoun boeltsje set hawwe; op de húspleagen, dy’t goed fen wiif

en bern forslampampje: op de lêbige frouljue, op de falske njirren, dy

fen in braef man in sûper meitsje, mar foaral op de pesten fen Europa,

de Jacobinen oan de iene, en de flaeijers fen keningen oan de oare

kant. Blies ’er yn, as jy wolle, en lit se allegearre as it tsjef fen

it ierdryk stouwe. Wy hawwe der foarrie fen! Mar bilieven op it romme

iepene fjild, Eölus; hwent dogge jy ’t yn ’e _Worp_ ef in oar bosk, den

bliuwt de iene ef de oare noch wol yn de tûken hingjen. Ut earmoede

moatte wy se der den noch wol útskodzje, en brekke se in earm ef in

skonk, den hawwe wy by ’t eintsjebislút noch mear kosten as it hele

soadtsje wirdich is. Dos, wolle jy se hawwe, blies se wei, det wy se yn

ivichheit net wer sjugge. Mar doch se nin sear; hwent it is ús nearne

oars om to dwaen as om der ôf to wêzen.

Hjir to lânne binne ek folle, Eölus, dy ’t moeit, det jy jister net in

rêst proponinten meinomd ha; mar dêr bin ’k yn ienen tsjin. Hwet nou

oart is kin neijerhân foer wirde, en ljue dy de bêste tiid fen hjar

libben en bulten jild bistege hawwe om de minsken de goede wei to

wizen, hawwe mear as immen rjucht op in goed plak ûnder de minsken. Mar

den noch hwette, Eölus! As de studinten yn it systema fen de profester

oan it capittel _de providentia_ komme, den wirde se sa eang, det it

echte skaei fen frouljue útstoarn wêze scil, as hja domenij wirde, det

se eagenblikkelik bigjinne to meiden, en dêr fen dinne komt it, det

alle proponinten forlove feinten binne. Forbyldzje jo ’ris, Eölus, det

jy al de proponinten, dy’t der nou to folle binne, (sa’n pear hûndert

om-ende-by), mei in fikse twjirre fen dizze planeet namen; hwet

troanjes, tinke jy, scoene der komme fen dy twahûndert jiffers, dy’t

hjar oansteanden dêr troch de loft stouwen seagen, sûnder hoop om

dadelik wer rêdden to wirden? Omdet ’er dochs in tiid komt, det de

proponinten krekt sa krap wirde, as se nou rom binne, sa hat in frjeon

fen my al tocht om se in sliepdrankje yn to jaen for fyftich jier, en

sadwaende in hûndert twa oerskriuwe (_endosseren_) to litten op de

neikomlingskip. Mar, myn goede man, dêr kin neat fen komme; it bigjint

de jiffers nou al to fortretten, nou ’t se in jier twa trije nei in

birop wachtsje moatte; ho scoe ’t den komme as hja in heale ieu

gobberje moasten? Der wier nin rie ta. Bûten dat, den wierne se

stôkâld, en hwet scoe sa’n jongkeardel oan in rimpelich âld wiif hawwe?

Hy scoe miene det er by syn oarremem op bêd laei. Né, dêr kin neat fen

komme, ef de jiffers moatte de sliepdrank mei ynnimme; hwent den bliuwe

se mei jong, en as se yn 1890 ef dêromtrint mei eltsoar wer wekker

wirde, den binne se beide sa frisk as in nút. Mar dat giet jo egentlik

net oan, Eölus; jy hawwe allinne mei de wyn to dwaen, as in middel om

tsjerke en steat fen it oertallige to suverjen, en den siz ik, det jy

de proponinten der net útpikke kinne sûnder hjar great ongelyk to

dwaen. As der in partij fen ’t ierdryk moatte, den is de beurt oan de

domenijs, dy al jierren wille fen in birop hawn hawwe, earder as oan de

proponinten, dy noch om ’e stûke rinne. Elts syn bar is net to folle.

Dos, Eölus, wolle jy oanfeije en mei ien lyk en rjucht dwaen, himmelje

den de âld domenijs op, en der komme fen sels vakante pleatsen for de

proponinten. Jy witte, ik siz dat net út eigenbilang, mar ik wol graech

sike herten genêze.

Niis spriek ik ek ien, dy’t jy in hele wask mei himden en lekkens

weitôge hiene; dy sei tsjin my: “Wy hawwe sa siker nin linnen oerhâlden

om ús to forskjinjen. Ik woe ljeaver det Eölus alle gekken weiwaeid

hie, en det se nei de moanne, de planeet fen alle gekken, flein

wierne.” Mar dat moat ik jo ek ôfriede, Eölus. Myn ljeave man, dat scoe

gelyk stean mei in ontfolking fen de ierde. Alle gekken wei! Ho folle

scoenen ’er den oerbliuwe? Litte wy ljeaver de rie jaen, om eltsoars

gekheit yn de jamkste fâlde to slaen, en al dat sotte fen in oar troch

’e fingers to sjen, dat er ús sels in amerij letter oerslaen moat.

Binne der gûd dy’t ivich pompier bigrieme om ús mei hjar boeken lêstich

to wêzen; tongert in oar yen altyt dingen fen tsjerke en steat om ’e

earen, dy men taeste en fiele kinne, dat sein wirde om in goede ribbe

út it budget to skoerren, wy binne jou bjizzem net nedich, Eölus! In

collekte by minskefrjeonen, en in briefke by de bakker en slachter om

hjar frij brea en bôlen, en flêsk to jaen, scil de slinger, dy pinne en

tonge by hjar yn biweging bringt, dadelik yn rêst bringe. Wit je,

Eölus, ik siz dit mar, det jy jo net fen gekken tsjin gekken forriede

litte scille.

Mar, ja, der binne oars útminters, greate gekken, greatste gekken, dêr

nin genêzen oan is, en dy, omdet se ryk en machtich binne, hjar mâllens

as in jachte oan hûndert oaren oansette. My binne se net yn ’e wei;

fier dêr fen dinne, omdet men nimmen lichter for ’t soaltsje hâlde kin

as in greatsk minske, hawwe ik en myn stalken er in onfoegen nocht mei.

It liket wol det de minsken neat minder fele wolle as greatskens; dy sa

heech by him sels opsjucht, sjucht leech del, miene se, op oaren, en

dat is onhjirmlik for hjar eigenljeafde. Omdet se jo den ek sa oeribel

tsjin de greatske gekken opfierd hawwe, en it wol liket, det ’er hwet

fen wêze moat, nou, yn de goedichheit den, ik kin se net hâlde; blies

se nei de moanne, Eölus, mar pas op det se sêft del komme. Ondogens

scoe it wêze, det je immen om syn lyts forstân kwea dienen.—As jy dat

reiske mei de forgulde gekken dwane, den komme jy fen sels ek op de

moanne; dêr wennet ien fen ús kinde, dy moatte jy foaral goên dei sizze

fen Hidde jonges. Ik mien de Noarger rún, dy tsjinwirch minister fen

finansjes op ’e moanne is. Freegje him den mei ien ’ris, eft er ek rie

wit om ús bisnoeid en útriden jild for in bytsje om to smeltsjen. Dêr

binne wy hjir danich mei forlegen, en de wiiste ljue fen ’t lân binne

hjar rie ta ’n ein. Bigryp ’ris, mynhear Eölus, det de bisitters, dy yn

ús ryk brieven op frjemde riken hawwe, alle jierren troch ús to licht

jild in skea hawwe fen trije millioen gounen yn de yntressen, en dat

stekke de frjemde potentaten yn ’e bûse.

Mar, de deuker, ja, Eölus, dat scoe ik hast forgetten hawwe. As de ljue

op ’e ierde ’er de lucht fen krije, det jy de iene dei ef de oare wer

’ris oan it feijen geane, den scil ’t requesten by jo reine; elts scil

syn bêst by jo dwaen, om him syn partij, dy him yn ’e wei stiet, fen it

ierdryk ôf to bliezen, en dêr scil ien request ûnder wêze, as jy dêr

nei harkje, den binne wy allegearre wei. Yn alle lânnen wennet in

rudich soadtsje, dy by in omkearing neat to forliezen en alles to

winnen hawwe; dy graech alle regearringen nei de moanne seagen om sels

op it kjessen to kommen, en in tirannij yn to fieren tsjienris

grilliger en wreder, as ’er ea ûnder in despoat wêze kin. Dat

skoarremoarje is fen de divel útbret; wachtsje jo dêr for, Eölus. As

men hjar heart, den is ’t krekt eft de regearring de sinne en de moanne

skine lit, en hja scoene in kening wol rekkenskip freegje, hwerom det

er de appelbeammen fen de rûpen opfrette lit. Alles, it sprekt fen

sels, om ús gelokkich to meitsjen, mar yn died en wierheit om ús sa

fier to bringen, det wy alle regearringen weijeije en hjar skepter yn

de pleats nimme. Nou, Eölus, jy binne yn in skrander nêst útbret, en

dêrom jy scille wol wizer wêze. Mar dat siz ik jo, det ik noch ljeaver

ûnder de Turk as ûnder hjar stean, en as je der ta bislute om mei in

stoarmtwjirre de regearringen út Europa wei to skoerren, den bid ik jo

minlik om my en myn folk mei ien op to nimmen, en sette ús del mids yn

Constantinopel.

Ik wit net, Eölus; mar fen al dat waeijen fen earjister is my de holle

noch rûzich en sûzich. Eltse amerij bin ik de tried kwyt. Hwer wier ik

ek? O ja, yn ’e lijte fen de stekken fen de Dimter hôven. Nou, ik

knikte mynhear Weachhals al ’ris ta, mar de man koe net sykje, en hy

gniisde tsjin jins azem oan as in bolle. Ik gong in stapke mannich

fierder, ta ’t ik oan it útein fen de hôven en de _Worp_ wier, by it

greate hûs fen de societeit, dat op de hoek stiet. Dêr hie ’k in frij

gesicht, Eölus; ik stie dêr yn ’e lijte, en koe op myn gemak al jou

wylde sprongen ôfloere. It wier oars bjuster onfoarsichtich fen my;

hwent jy hiene my it hele tek op ’e hersens bruije kind, as je my net

genedich west hiene. Mar ik hie der noch it rjuchte erch net yn. Efkes

hie ’k dêr stien, do der in hynzer mei in poepekarke oankaem; it beest,

dat oars in tichte guds wier, slingere as in skeef man oer ’e wei. Men

seit sa wol fen swakke minsken, det men se wol omblieze kin; mar jy

dogge ’t sterke hynzers. Sa hwet ter siden fen ’t karke, oan ’e

wynkant, roun in wyfke, dat ik net seach, mar dat yn ienen opsetten

kaem, en mei in dwarske skamper it hynzer foarby fleach, hals oer kop

yn ’e dyksgreppel del, peaske en pinkster bleat. “Hea’ moeije! sei ik

yn my sels, moat dat sa mâl?” It minske stie wer op, seach my oan en

lake ’ris, sa det hja noch al oer jins hantrekken like foldien to

wêzen. Eölus! Eölus! Hwet binne jy in âlde punthoun. Jonge, man, al

sjugge wy ’t net, wy krantsje dêrom wol. Ef miene jy, det wy net witte

hwet det jy earjister to Brussel útrjuchte hawwe? Dêr ha jy ommers

midden op ’e merkepleats in grienwiif mei in twjirre fen ûnderen

opnomd, fjouwerkant opnomd, siz ik jo, en wol tsjien foet boppe de

groun smiten. Dêr hat dat earm minske in amerij mei útsprate rokken op

jo omdreaun, en sa hawwe jy se ek wer sakje litten, krekt as immen dy

op in reinskaed (_paraplui, parachute_) út in luchtbol delkomt. It

liket ommers nearne nei, myn ljeave man! En dat op ljochtskjinne dei yn

sa’n earbare stêd as Brussel is!

Egentlik hie ’k noch nin erch det it sok akelich needwaer wier, mar yn

de fierte bimirk ik hwet, dêr my de eagen mear fen iepen gongen. Flak

foar my hie ik de rivier, dy sa hwet trije ef fjouwerhûndert trêdden

fen my ôf dwers foar my lâns roun; oan de rjuchter kant hie ’k de

_Worp_, en oan de lofter in frij gesicht yn ’t fjild, binamme op de

gatten, dy oan de siden fen de rivier rinne, en hjir _hanken_ neamd,

fol wetter wierne. Jy waeiden dwers oer de rivier, Eölus, en hienen mei

dy hege wallen alleheel nin oanrin om hol wetter to meitsjen; lykwol

kleauwen de weagen boppe op de turfskûten, dy oan de oare kant oan

legerwâl laeinen, en dat slach foar slach; ja, op it lêst fleagen se

oer skûten, ryddyk en alles hinne; en ljepten sa yn ’e stêdsgreft wer

del. It wier krekt Eölus, eft jy de turfboeren in wite prûk opsette

woene, sa sieten se mar jimmer wei yn ’e rûge koppen fen ’e weagen.

Nou, ik moat sizze, dat wier nin onsin. Hwent hjir hâlde folle ûnder

dat heapske rju fen oefenjen, preekjen en psalmsjongen. Dat helpt noch

al om brakke turf for farske to sliten, en ’t is noch altiten goed om

in akkoart mei ús ljeavenhear to meitsjen, det Hy in hingjende kop en

in psalm fen Dathenus yn pleats fen in earlik hert oannimme wol.

Lofts fen my ôf yn it romme fjild yn dy poellen en petten wiste ik

alleheel en al net ho ’k it mei jo hie. Der wier nin weach, dat hwet

sei, mar it reinde ’er mei feart. Ik tochte: “reint it allinne boppe it

wetter, en oars net? Dat is nuver.” Nei in bytsje digerjen bigriep ik

jo, Eölus. Dat wier wiskjen. Jy namen it wetter út de petten op as

stourein, smieten it wol hûndert fiem yn ’e hichte, en dat waeide den

as riik mei kûgelsfeart foar de wyn ôf: de rein, dy oars fen boppen

komt, kaem nou fen ûnderen. Alle amerijen makkene jy blauwe gatten yn

de loft, krekt sa suver en klear as men ’t yn ’t foarjier by frisk waer

en in goede koelte wol hat. By riten foel sa flapsk hwet wetter by my

del, krekt eft it mei in pôt út de loft getten waerd, en dat wier dêr

den ek wer mei dien. Nijsgjirrige dingen! Mar ik leau, Eölus, det jy de

rein nin tiid dienen om mei drippen del to kommen. Sokke domenijs hat

men op ierde ek, dy preekje lyk as jy reine. Dy smite yen de wierheit

mei gjalpen op ’e hûd. It dringt, tinkt my, better troch as it giet lyk

as in stourein. Ja, Eölus, fen swarte roeken spritsen, ik haw nin

fûgels yn it fjild sjoen, as allinne roeken. Dit foltsen woe ’t ’ris

tsjin jo bisiikje. Nou en den fleach eris ien nei boppen; as se toerren

heech wierne, wjukkelen en wrakselen se, al hwet se koenen, dwers tsjin

de wyn yn, en ik moat sizze det se wol tsjienris mansker wierne as ik

tochte.

Ik hie jo nou al yn ’e lampe, Eölus. Ik koe omtrint wol riede, as jy jo

net gau bikearden, hwer dat hinne moast. Ik gong efter myn biskûl, de

societeit, wei, en foun myn frjeon Weachhals noch yn ’e _Worp_, dêr er

nei it stouwen fen it wetter stoe to sjen; hy woe ’er in biskriuwing op

rym fen jaen yn it _muzen-almanak_. Hy gûlde al tsjin my, ik tsjin him,

mar wy koenen nin wird fen eltsoar forstean; hearren en sjen forgong

yen fen it waeijen, dat jy diene. De dichterlike skraits stoe dêr op

syn swevelprikken to weevjen, it griisde my ta de teannen út. Op it

lêst tochte ik: Nou moast er ’ris mei in twjirre by my weifleane! en

dat barnde my sa yn, det ik him hastich yn ’e hânnen kniep, en

útboarstte yn ’e wirden: _vaarwel in eeuwigheid!_ Do ik op ’e rin, en

de Worp yn. Ien treast hie ’k oerhâlden, Eölus, det jy sa’n great man

alleheel net meinimme koenen. Syn byltenis bliuwt oer; dy komt 1838 yn

it _muzen-almanak_.

Yn de _Worp_ seach ik noch in tsjep staeltsje, ho jy yn alle silen mak

binne. My tochte, wy koenen jo hjir wol for stêds-oanfeijer hawwe, sa

baeseftich fagen jy de _Worp_ leech. De ôffal fen de hjerst laei noch

ûnder de beammen, en dêr wierne jy oan it pûstjen yn dy millioenen fen

blêdden. Hja draeiden op hjar rânnen sa kreas as trijegounen de groun

lâns, en stauwen eltsoar straelrjucht en mei kûgelsfeart efternei,

krekt eft se oan it krij-oan-boartsjen wierne; en dat hat dûrre oan it

lêste leaf ta. Hwent de oare moarns ha ’k ’er om tocht: de flier wier

skjin. As jy nocht oan feijen hawwe, Eölus, hjir is mear to bjizzemjen,

binamme yn de finansjekeamer; mar ik moat jo sizze, it is der

piktsjuster; men kin der nin hân foar eagen sjen, en hja wolle net

hawwe, det je in lampe opstekke.

Ik kaem swietsjes by de skipbrêge, en om ’t ik noch lijte fen de

beammen hie, fielde ik egentlyk noch net rjucht, hwet jy yn ’e bouten

hiene. Mar op ’e brêge waerd ’k it oars wiis. Ik roun foar de wyn del,

en wrychtich, do ik mids op ’e brêge wier, namen je my fjouwerkant fen

’e groun. Ik seach nou for it earst fen myn libben, hwet ik altiten for

praetsjes hâlden hie, fen it weiwaeijen fen minsken en rydtúgen, det it

neat as de suvere wierheit wier. As dat sa moat, tocht ik, den scil ik

in maet, dy fêster stiet, yn ’e earmen nimme; en ik sloech myn

rjuchterhân om de lening, en sa pandere ik de brêge oer. Ik hie dêr in

amerij stien, dêr kaem myn frjeon Weachhals yn ’e fierte ek al oan

stoatskaven. Do jy him ûnder de slach krigen, Eölus, bigoun er mei in

bocht yn ’e rêch efteroer tsjin to skoarjen hwet er út de skinen sette

koe: it wier krekt eft er mei skoppen yn ’t gat foartjage waerd. In

bytsje fierder moast er oan ’t teantsjen, soms sûnder groun to roeren,

en dat al hirder en hirder, ta er eindelik as in hirdrider by it ein

fen de baen op ús ynfleach. It folk spatte út eltsoar, en rôp:

_Goddeumie, seet menheer Woaghals ens?_ Dat is ien fen de moaiste

setten, dy’t ’k fen jo sjoen hab, Eölus. “Sjê sa, myn frjeon, sei ik

tsjin him, nou kinne jy yn wierheit sizze, det jy sa faek liigd hawwe.

“_Wat is dat?”_ frege er forheftich. “Wel, jimme dichters rjimme

altiten fen de zephyrs; dy binne sa luftich fen gong, sizze jimme, det

se al teantsjende oer de topkes fen de gêrzen en blommen hinne

trippelje. Nou binne jy sels in zephyr wirden.” Laitsjende stiek er syn

lange meagere hân út in keale roksmouwe, en wylst er my twa fingers

tastiek, sei er: _“Van versen gesproken, ik heb eene ode op Zijne

Majesteit gemaakt; dezen avond koom ik over dezelve uw oordeel

vragen._” Mei ien roun er wei, en ik seach him nei yn my sels tinsende:

“Dat is trije ûren tiid wei mei in flesse wyn! En den moat ik myn

consjinsje noch biswierje mei dy de hals fol to ligen.” It kaem krekt

sa út, mar mei ’t ûnderskie, det it my trije flessen wyn yn pleats fen

ien koste; dy soannen fen de muzen sûpe as mûzen. Lêzende seach er by

eltse gjalp op, en knypeage my ta, krekt eft er sizze woe: Fielste it

wol, feint? en den moast ik ommers wol _bravo_ roppe. De twade rigel

wier al in ljeagen: _Myn ziel, die voor uw glorie gloeit_; hy miende,

_die voor uw gunsten gloeit_.—Mar, Eölus, dat opnimmen, sjê dêr, dat

laeit my heech. Dat hat my noch nimmen dien. Wierne jy in Fries west,

dat wier dêr oan ta; mar yen fen sa’n smelle Gryk fen de soallen nimme

to litten.... it bikomt my sa nij as fleanen.

Ik bleau in amerij op it ein fen ’e brêge stean en seach út nei de kant

fen Zutphen ta; dêr kin men de rivier net sjen; hwent as er Dimter oan

dy kant omtrint foarby is, kriemt er om, en sa rekket er yen út it

each. Nou, dat út seach ik in soarte fen in wite stoudamp ef reinige

miste, huzen hichte fen ’e groun ôf, en dy bôge as in slange troch it

fjild om, sa fier as in minske úteagje koe. “Hwet is dat?” sei ik tsjin

de brêgeman. “Dat is de rivier, sei er; dy wisket sa fen de stoarm.”

Krekt, Eölus; de keardel hie gelyk. Jy namen de rivier dêr yn ’e

lingte. It wier krekt eft it wetter sea. As it in flamjende

broutsjettel west hie, it mochte bikend stean.

Nou seach ik klear en bleat hwet ’er to dwaen wier, en ik mei in blits

nei hûs ta om ’ris to sjen, eft myn wiif en berntsjes ek ongemak hiene.

Sa as ik troch de poarte kaem, hie ik foar my it greate tsjerkhôf mei

de greate tsjerke fen de Hillige Leafwyn (Lebuinus), en dêr stie it

beestespil fen van Aken flak alderneist. (Ho komme de dingen sa nuver

by eltsoar?) Dêr songen jy in raren psalm oer tsjerke en toer, Eölus!

Ik learde do earst de krêft fen Gysbert-oms wirden as er fen de stoarm

sjongt, det dy _Gûlt en boppe tonger beart_. It drille dêr, it skodde

en gounze alles yn syn Gothiske mûrwirken mei in oandrang fen loft, dy

ontsettend wier. It sûgjen troch de kloksgatten balte lûd oer alles

hinne. De spinael fen de toer stie mei syn taeije izeren stangen en

bânnen to swypkjen as in wyljentûke, en gierde it út. Wylst ik ’er nei

seach en elts eagenblik tochte, dêr komt alles del, hearde ik in

knetterjend kreakjen, dat troch jins stampen en daverjen hinne briek.

Hwet wier dat? Lâns it hele tek fen de Marije-tsjerke, dy alderneist de

greate fen de H. Leafwyn stiet, hiene se in latten raem lein, det jy de

kloeren net efter de pannen krije koenen. Dêrom bigryp ik, det jy it

latwirk earst del smieten; do folgen de pannen fen sels. Wel, man, jy

waeiden se as in hânfol lotterijbriefkes troch de loft, en elts moast

mar om in hinnekommen siikje, dy net ien op ’e hersens hawwe woe.

Eölus! Eölus! Ik leau, sa wier as ik hjir for in sûndich minske stean,

det jy ek al in tik fen dy naesjes wei hawwe, dy net mear oarlogje

wolle as for hjar eigen rekkening. Hwerom moasten de pannen fen de

Marije-tsjerke it ontjilde, en de laeijen fen de H. Leafwyn-tsjerke, dy

er deun oan stiet, sparre wirde? Jonge, wy binne net forrotte, Eölus!

As jy dat miene, binne jy de planke mis. Dy Marije-tsjerke hawwe se yn

in _arsenael_ foroare, dêr allerlei ark yn birgen wirdt, om minskebloed

to forjitten as bargebloed. Dêr hiene jy de lucht fen, baes, en do

moasten de pannen it ontjilde, omdet jy it moardners-ark fen binnen net

bynei komme koenen. Ik doar wedzje, det as se sawol fen in arsenael in

tsjerke (in hûs, fen ljeafde en frede!) makke hiene, det jy nin panne

oanroere scoenen. Mar hark ’ris, Eölus; jou miening is goed, mar jy

bigripe it net goed. Kanonnen binne by slot fen rekkening de biwizen

dêr de keningen mei riddenearje, en sa lang as der ien is, dy se brûkt,

moatte al de oaren se ek hawwe.

Sa as dat latwirk delkaem, wierne jy mei ien ek boppe op it spil fen

van Aken, en dêr wipten je yn in rep it tek fen op, det de hele

santepetyk mei planken en kleden yn ’e loft fleach. Dat briek en

rottele dêr oer ’e stiennen hinne, det yen hearren en sjen forgong.

Undertwisken fleagen jy altiid mei it selde gedaver oer tsjerke en toer

hinne en om dit orkest fierder fol to krijen bigounen de lieuwen, de

tigers en bearen mei to brullen, det de groun ûnder yens foetten

dreunde. Alle dagen stie van Aken mei in greate manteljas onbiwegelik

foar it spil, en den seach er sa strak en wreed eft er yen opfrette

woe; mar do er nou de holle útstiek en fen syn hele tinte neat oars as

in mannich sydplanken stean seach, ik kin jo sizze, do kaem ’er in

bytsje biweging yn syn troanje. Mar hy hie de kop net forlern, Eölus.

It earste wier klets! de hokken fen de wylde bisten ticht; hwent de

baes tochte, as dy jonges út de skoalle knipe, den rinne se net om

Dimter koeke, mar Dimter minskeflêsk. Flink hie er ek timmerljue mei

ljerden en linen tsjin it spil oan om alles, hwet noch oerein stie, op

to hâlden. Do in boun fen in tweintich fammen en jonges ynspand, dy de

fûgels úthellen: dat fleach eltsoar efternei eft se stellen hiene; de

iene mei in papegaei, de oare mei in mandril-aepke, in tredde mei in

poelepetaet, in fjirde mei in Indiaenske hoanne, en dat foltsen kraste

en gûlde ûnder dat forfarren, eft se formoarde waerden. Afrika, Aziën

en Amerika waerd der úttôge, en dat kaem allegearre to honk yn de

keuken fen it weardshús de _Neger_. De oare moarns seach ik in feint

fen de hospes foar doar stean. “Maet! sei ik tsjin him, ho giet it?

Jimme hawwe in bulte frjemde passagiers krige, hear ik. Sok folk komt

sa fier wei, dat scil wol braef tarre en smarre.” “It mocht de divel!

andere de jongkeardel: hja bringe myn baes mear dong as jild yn hûs.

Dat soadtsje stjonkt ús de keuken út.” “Mar ho hâlde se hjar oars?” ik

wer. “Wel, andere de biis, dêr scil ik net fen sizze, mynhear. Jy

moatte bigripe, it bliuwt yn it bloed; neijer folk as de apen hat de

minske net, en fen beiden sjugge wy hjir likernoch de selde kuren.”

“Mar den tinkt my, sei ik, det de apen noch nofliker om to hâlden

binne; hwent dy kinne jimme oan in keatting lizze, as se it forkeard

bigripe, en de minsken al dogge se it noch sa onhuer, moatte jimme

bitsjen litte.” “Krekt, mynhear! sei de jongkeardel, en dat is binammen

in droevich lêst for in feint. Hwent as de apen net doge wolle, den jow

ik se in trewinkel tsjin de skeane bek, det se stouwe, mar as de

skrokste smjirkert, in ourang-outang pakje-kreamer, my útracht det ik

nin turf heech bin, den moat ik noch sizze: Hwet biljeaft, mynhear?”

“Wel, dat bikomt my sa nij net, sei ik tsjin him; mar wiste hwet,

heite? Dou moaste tsjin dyn baes sizze, det er syn úthingersboerd

foroarje moat. Eölus hat him al to goed bitocht.” “Ho mien je?” sei er.

“Ho ’k dat mien? andere ik; jimme moatte de _Neger_ foroarje yn de

_Arke van Noäch_.”

Mar om wer by it stik to kommen, do jy van Aken syn tinte troch eltsoar

keild hiene, gong ik nei hûs. It waerd my to mâl, Eölus. Mar ik hie de

rêch net oan van Aken takeard, ef ik seach troch it tek fen in heech

hûs hinne. Dêr wenne in perfester. En net tofreden mei de man in

tûzen-mannich pannen yn alle eleminten to smiten, bruiden jy him ek

noch in foech stien fen sauntich poun troch souder en al hinne yn syn

ledikant. Jy miene dochs net det de man kâlde foetten hat? it liket wol

eft jy him in waerme stien oanlizze woenen. It heilde pannen, stiennen,

reid, laeijen, âldouter, ruten; it wier mar, pas op, yn dy nauwe

strjitten. Oan alle âlde gevels stienen jy to wriggeljen; dy oer sa’n

wrak spil wennen en dat weauwen seagen, gong de grizel oer de grouwel;

in bulte bitrouden de kwakkelige oerbûrman net, en pakten hjar bêste

spillen: hwent daelk, tochten se, bruije de klompen stien ús op ’e

holle; den alles to grús, alles iepen slein, en mooglik brân der by. In

bytsje fen my ôf seach ik jo in gevel omfieren, dêr twa dragonders as

mosken ûnder biflapten; beide kroandea. Hwet hienen jy dêr oan, Eölus?

Dy twa skoane feinten, keardels as lôgen! Al binne se mar soldaet, tink

det hjar âlders allike hertelik om hjar forplettere bern krite as de

rykste fen it lân. Ef miene jy, Eölus, det je in hantsje helpe moatte,

omdet de jenever, Janke-en-hjarre, en de kûgels it net ôfkinne?—Under

dit gedjoei kamen al de skoallen út; it wier krekt fjouwer ûre. Yn dy

heilboi fen stiennen en pannen bitroude nin âlder syn bern allinne

bûten doar. De hiele lange strjitte, dêr ik wenne, grimmele yn ienen

fen feinten en fammen, dy bern by de hân hiene. De measte berntsjes

krieten: de sloven wierne forheard; hja wisten net hwet ’er geande

wier, sa ougryslik bearden jy boppe de huzen, en oeral trapen se troch

diggels en stiennen.

Ik kaem thús, en der foel my in stien fen it hert do myn Tsjalling, mei

laei en boekje yn syn hantsjes, feilich yn hús wipte. Ivich scil dit

hert, Eölus, jo for dy deugd tankber wêze, en stiet ’er earne noch in

altaer for jo op ierde, de moaiste krâns fen roazen scil ik ’er trije

slaggen omslingerje, en ik scil der byskriuwe: _Oan him, dy myn ljeafde

sparre hat!_—Watse wier in stien op ’e holle fallen, mar mei in

skamper; it kaem net oan. It like wol det ús Hidde jou geblies net

folle oangong. Alteas hy gong om fjouwer ûre krekt as altyt mei de

dwersfluit ûnder de earm om syn leksom op to heljen, en hy hat mei syn

master duëtten bliesd wylst jy op it tek accompanearrene. Dat hat dûrre

ta det jy fen efteren it Spaensk geveltsje yntrapen, en de jiffrou, dy

op it gekreak gysten nei foaren roun, de hals hast briek oer in amer

mei stjinkoalen, dy yn ’e gong stie. Dat joech sa’n gemoart en geraes,

det de muzykmaster nei boppen fleach, om in finster út to heakjen, en

dêrmei wier de muzyk út.—Underwilens kaem myn feint thús, dy ik ontbean

hie om by honk to wêzen, as ’t jo ’ris biljeafde om my it tek boppe de

holle wei to brekken, mar dy stienen de triennen yn ’e eagen. “Hwet

skilt dy?” frege ik. “Myn wiif, sei de man, is to fjilde om ús koal fen

it lân to heljen, en it is sok needwaer, mynhear! Ik woe hjar sa

minlike graech thús helje, as ’t jo biljeaft.” “Foart mar, kearel! sei

ik; it libben fen dyn wiif giet boppe al de rottige tekken fen

Dimter.”—Mei det Bearnt foart wier, bigounen jy mei sok frjemd getonger

op myn skoarstien om to skoerren, det ik tochte: Dit is ’ris hwet hiel

bisonders! hwent mei dy hege huzen en tsjerken kinne wy jo oars noait

net fornimme. Ik sei tsjin ús Watse: “Kom, heite; dou wolste ter sé, en

den krigeste mei in pear bolstjûrrige bazen to dwaen. De iene hjit

Eölus, en de oare Oceänus. Eölus is krekt bûten oan ’e gong; nou scil

ik dy ’ris efkes sjen litte, hwet dy yn ’t fet hat.” Boi naem my flink

by de hân, en ik fleach, sa gau as ik koe, mei him troch de neare

stegen hinne, om op de romte fen it greate tsjerkhôf to kommen. Dêr

hiene jy ûnderwilens hwet dien, dat ik net tocht hie.

Yn dat bekfol tiid, det ik thús wier, hienen jy de glêzen yn de H.

Leafwyns-tsjerke wol op tweintich pleatsen ynslein, det de leaden

roedtsjes ’er by hongen; it seach ’er út as in kroech, dêr in partij

dragonders oan it houwen west binne. Mar ik tink det jo dat ontkomd is,

Eölus! Wylst jy dy ramen dienen op it arsenael en it beestespil binne

jy mûlk mei in skamper oan ’e glêzen west. Men kin dat yn de rûzje sa

lyk net roaije.

Ik roun mei de jonge fierder, en yn in rep wierne wy wer op de

rivierswâl. Dêr hiene wy jo út de earste hân. It wetter út de rivier

snjitten jy ús oan; soms bliesden jy ’t allehiel oer ’e stêdsmûrre

hinne, det it tsjin ’e huzen yn ’e stêd oanfleach, krekt as in bleker,

dy syn doek biëast. Egentlik woe ’k mei boi nei ljue fen myn kinde, dy

deun oan ’e rivier wenje; dêr hat men oan alle kanten in rom gesicht yn

it fjild, en op it wetter. Mar omdet se oer in brêge allinne wenje,

hiene jy in frije fljocht oan beide iggen fen it hûs lâns, en brochten

de dûbelde wynflap efter it hûs wer by eltsoar. Dit makke in twjirre

dêr modder, prikken, en ik wit net hwet al, sa troch eltsoar giselen,

det ik er net hyn ef binei komme doarste. Wy mochten eris mei yn dy

govert gien wêze, en den hiene wy net ophâlde kind, as wy woenen.

Efter ús wier der noch in oar spilke geande. Dêr hiene wy de

stêdsmûrre, mei in soarte fen in simmertinte der boppe op, dêr jy oan

wierne to wriggeljen. Dy arke stie noch al yn bistân eft er wike scoe;

mar op it lêst joech er kamp. Yn ienen waerd it ding driftich, en

bigoun hiel permantich troch de hûzen to kuijerjen, ta det de hiele

tabernakel yn ienen glûpsk fen jo loslitten waerd, en yn alle splinters

op strjitte stikken boarstte. Ik seach noch ’ris om nei it hûs fen myn

kinde, en stie yn bistân om ’er hinne to gean, do jy in gat yn it tek

waeiden, dêr wol hynzer en wein yn swaeije koe. Ien fen it húsgesin

fleach aenstons nei boppen, en winkte ús troch it gat, det wy bliuwe

moasten. En dat wier ek de feilichste rie; hwent op it egenste

eagenblik bliesden jy yn de ûnderkeamer, fen trije ramen allyk, de

ruten yn. It like wol, Eölus, det jy jou longen do mei de foarsje fen

in kanon útsetten; hwent de oare moarns siet der noch in stik glês fen

fjouwer tomme yn ’e keamersdoar, mei sa’n boarstend gewelt wier dat

lichte grús foartflein. Do wy dat seagen, sei ik tsjin Watse: “Sjen nou

’ris goed om dy hinne, boi! Dat alles docht Eölus, en ûnder sa’n baes

scilstou farre. Hwent as hy slept, den komste nin stap fierder op it

wetter. Hjir stieste op ’e fêste groun; mar tink der nou ’ris om, det

Eölus dy yn ’e Spanske sé hat, dêr it wetter toershichten foartrôllet,

en det er dy weach-op weach-del mei de greatste trijemêster as in

spoentsje hinne en wer toutert. Ho liket dy dat ta?” De jonge glimke.

“Ja, boi, tochte ik yn my sels, dou biste lyk as de tsjinstboden. Hja

hawwe de earmoede foar eagen, en dochs trouwe se.” En dat is ek mar

gelokkich, Eölus. Hwer scoe de kening recruten, en de keapman silers

wei krije as de faem de gefaren fen de houwelykssé en de jonges de

krêft fen Eölus earst op in hier birekkenen. Wel, de jonge skeukte fen

nocht, Eölus, do jy sa azem joegen. Ho mâller, ho moaijer.—Ik naem boi

wer by de hân, en roun sa gau as ik koe wer nei hûs ta. It bigoun ek

njunkenlytsen to skimerjen.

Pas wier ik thús, ef dêr komt myn feint wer oan. Hy glimke. “Bearnt,

sei ik, dat stiet ’er hwet blierer by as niis.”—“Ja, Mine is ’er wer;

sei er, it wier needwaer, mar ik moast ’er dochs om laeitsje.”—“Ho nou

den?” sei ik.—“Wel, ik roun mei Mine oer ’e strjitwei nei stêd ta, en

dêr komt hjar de wyn yn de rokken; hja yn ienen op, en wol fyftich trêd

wirdt se fen my ôf oer it fjild droegen. Nou, hja is sa’n propke, lyk

as mynhear wit; ûnder dy reade útspande rôk stiken hjar koarte skonkjes

út, en dy wraemden en trippelen om de groun to siikjen; krekt, kin ’k

jo sizze, as in bern oan ’e liedbân, dat wakker skrept en rint, as it

de groun net roert. Wel, ik skettere it út. Ik hâldde my fêst oan in

beam, sa slop wier ik fen laeitsjen. Mine wier lilts do se my dêr sa

stean seach; mar ik sei: myn ljeave Mine, al hie ’k op ’e dea sitten,

ik koe ’t net litte.” Sa leare jy de minsken yn ien eagenblikje, Eölus,

dêr in dounsmaster hjir wol trije jier ta nedich hat.—In bytsje dêrnei

sakken jy ôf. Nou en den kaem ’er in neifleach; mar de baes sels wier

foarby. Rêst lykwol wier my dy joun net biskern. Eölus waerd opfolge

fen mynhear Weachhals, en dy hâldde my en myn wyn selskip oan toalf ûre

ta.

De oare moarnsier gong ik ’ris om en troch de stêd om op to nimmen, ho

jy ’t makke hienen. It like wol eft Dimter bombardearre wier, sa wierne

jy der útnaeid, Eölus! Omwaeide stekken: heale gevels; iepene tekken;

reade tekken lape mei blauwe smoarde pannen: roeden út de ramten; hjir

en dêr proppen fen fodden yn stikkene ruten; timmerljue, mitselers,

opperljue oan ’t skreppen en tôgjen mei ljedden, pannen, sparren,

delen, kalk en stien; de Berch-tsjerke troch inoar smiten, det de

gemeinte der yn nin fjouwer wiken yn bankje koe; tekken fen lytse

simmerhúskes in foet op hjar mûrwirk forset. Mei ien wird, Eölus, as jy

it sjoen hiene, jy scoene oer jou wirk sels foldien west hawwe.

My tochte, wy moasten ek wol ’ris efkes yn ’t fjild sjen, ho jy it dêr

makke hienen. De roggebergen stiene as dronkene ljue to hingjen; by

sommigen hienen de standers ien ef twa makkers forlern, en de skeaven

laeinen wiid en siid troch it fjild hinne keild: de stiennen gevels fen

it weardshûs de Platfoet foar en efter oan de earste fordjipping ta der

útflein; it reid op de tekken oeral by toppen efterstobek waeid, det it

opstie as in stikelbaerch. De brebiers blieze jamk mei hjar toet yn

yens hier as se it knippe, mar ho jy dat âlde fêst-bakte reid mei

bliezen oerein krije, dat wit de deale. Hjir yn ’t poepelân is yn it

fjild for jo sa folle net to bikken as yn Fryslân; mar ik tink det jy

dêr de measte wettermounlen wol op ’e kop set hawwe. Dat binne tinkt

my, krekt boartersdingen for jo, Eölus.

“Ho hat it foldien?” sei ik tsjin myn soannen, do wy thús kamen.

“Opperbêst, heit, seinen se, wy wolle wol mear stikjes fen Eölus

sjen.”—“Ja, sei ik, feinten, ik leau net det ’er ien frjeon is, dêr

jimme mear fen hâlde, as fen dy graef fen stoarm en onwaer. Nou, goed,

daelk scille jimme mear sjen.”—Dyselde foarmiddeis gong ik mei Hidde en

Watse, en ús miich fen Leiden, dy krekt by uzers út-fen-hûs wier, nei

de Pol ta; dat is in bûtenpleats, rikelik in ûre fen Dimter ôf, dêr se

seinen, det jy der oan ’e hoasbânnen ta troch gien wierne. En ik moat

sizze, do wy dêr kamen, namen wy allegearre de hoed ôf, en bitanken jo

frjeonlik, det jy it sa genedich mei ús makke hienen. Dêr hiene jy

efkes in great bosk fen de swierste iken en bûken as in hânfol

swevelprikken troch eltsoar keild. Dat laei der hinne eft de divel ’er

jongen smiten hie. Oer de swiere stammen en de holle gatten, dy se yn

’e groun skoerd hienen, troch de toeken en twigen, wier nin trochkommen

oan. Ytlike beammen hienen ûnder it fallen mei de wirtels klompen

modder nei boppen wipt, dy toalf foet heech wierne, en sa tsjok, det it

foege klinten liken. De hear, dy it bosk takaem, wier mei syn

rintmaster al oan ’t ritsen fen de stammen for de feiling. Dat griisde

my om de man. My tinkt, Eölus, dat koene jy wol litten hawwe. Alear koe

der sa’n grapke wol op stean; do die it de edelljue sear det se in beam

kappe moasten. As der ien yn ’e kop stoar, den doarsten se him noch

hast net oantaeste, sa eang wierne se, det de ljue it for skrok en

heukeraftich oansjen scoene. It like der net nei om in beam fen hjar

slot om jild falle to litten! Nou wirdt al it heech hout oan dûbeltsjes

makke; hwent hwet hat ûnder ús geslacht fen minsken langer wearde as

kâld jild? En nou moatte jy noch komme, Eölus, en nimme ús it lêste

hearlike skaed boppe de holle wei, dat ús bernsbern net wersjen scille.

Wier it jo to folle, det ’er ús ien oerbleau, dy yn de greate pronk fen

natúr in yntres fen syn kapitael foun, greater as de coupons fen

brieven, dy seis percint dwane? Mar jy binne der woast troch gien, myn

ljeave man! en it docht my nij, det ’er noch ien spjirke oerein stean

bleaun is. Oan de measte beammen, dy jy net om krije koene, hiene jy

mei sokke rukken wrikke, det de ierde boppe de wirtels oplichte wier.

Yn ’e leane, dy op it slot tarint, ha ’k ien sjoen, dy wy mei ús twaën

omklamme moasten. Dy koene jy mei nin boarstens gewelt út ’e groun

krije, mar do ha je him midden yn ’e stamme as in wirtel trochknapt: en

yn it hert wier it hout sa geef as kryt. De stompel stie dêr mei

splinters fen in foet ef toalf yn ’e hichte; fen fierrens like it krekt

eft ’er in greate bjizzem op syn stôk oerein stie. Ien fen dy splinters

haw ik meinomd; dêr lit ik nou in gongelstôk fen meitsje, en ’er mei

greate letters ynbarne, EOLUS, XXIX NOVEMBRIS MDCCCXXXVI. Komt ’er my

den in man mei in great boarst, in pocher, in _windmaker_ tsjin, den

hâld ik him dy stôk ûnder de noas: “Jy kinne gnap blieze, siz ik tsjin

him; mar kinne jy it sa goed as de man, dy ikenbeammen yn sokke

splinters bliest? Kinne jy balken oan twa sprekke?”

Wy hienen sa lang yn de tûken en twigen fen al dy lizzende beammen

omtiisd en omwynd; wy hiene sa dealisk as iikhoarntsjes fen de iene

stamme op de oare sprongen, det wy op it lêst sa wirch waerden as in

maits. Wy gongen dêrom yn in weardshús, en koften fen in heldere

Gelderske faem in sûpke mei hwet mâlke-en-wetter for de jonges. Do wy

ús in bytsje útpûste hiene, kuijeren wy mei moai sinnich waer werom,

lâns in nije strjitwei, dy mei jonge beamkes biseame wier. “Hea, sei

ien fen de bois, sjoch heit! al dy lytse beamkes binne stean bleaun, en

dy greate binne omwaeid!” “Dat leauste wol, sei ik; dy swiere beammen

hawwe mei hjar brede koppen mear wynfang; ek rikke se folle heger, en

boppe hat de wyn mear krêft. Hja sjitte hjar wirtels wol djipper yn ’e

groun, hjar stammen binne wol tsjokker, mar de oanstjit dy se fen Eölus

to lijen hawwe, is evenriedich noch greater. Dêr komt by, sa’n swiere

jowt net ta, en dochs it moat bûgje ef boarste, lyk aste oan dy

bjizzemstompel seachste. Dit lytse gûd bûgt by de minste twjirre; it

mei ’ris tsjin de groun niigje, as de wyn hwet ynbynt riizje se ek wer

oerein.” “Dat is al nuver, sei boi, dat lytse beamkes by in orkaen

feiliger binne as greate.” “En lykwol, sei ik, giet it krekt sa ûnder

de minsken. Op Louis Philippe hawwe se nou al trijeris sketten, en ús

litte se yn frede. Hy doar de kop net út syn hok stekke, ef de

strjitten fen Parys moatte earst opromd wirde, det it foar, en efter,

en om him hinne, in lege wyldernis is, en wy rinne oeral allinne sa

frij en feilich as de fûgels yn ’e loft. Ho heger aste yn de wrâld

kliuwste, ho mear der komme dy dy nei ûnderen ha wolle, binamme aste de

brette hoanne spileste, en it allinne witte wolste. Den komt it ek

allegearre op dyn kop del, en al stieste sa fêst as in iken beam, om

moaste. De forienigde stoarm fen dyn fyanden is sterker as dou, en

kinne se dy mei wirtel en tak net útroeije, hja scille dyn stamme mids

twa rinne. Dy scille se it net dwaen, sa lang aste dy by de groun

hâldste. En as se dy al bynei kamen, den is der noch ontwyk for dy.

Kenste it âlde Fryske sprekwird wol, Watse?”—“Hwet is dat, heit?” frege

boi.—_Lear dûken!_ Dûken foar de stoarm fen need en omstandichheden, en

dou scilste de kop ’er wer moedich byskoerre, lyk as dizze kliene

beamkes, as de stoarm oer is, wylst de steile hirdhollen as dy iken om

dy hinne lizze.”—“Altyt dûke?” sei er.—“Né, feintsje! net altiten. Dûke

as folhâlden koppigens is, en dy sûnder reden neat oars oanbringt as

skea. Wolle se dy dûken leare, as dyn consjinsje seit, detste stean

moaste, hâld ’er den de kop foar. It is better alles kwyt, as detste dy

oer dy sels skammeste; hwent den kinste dochs noait nin wille wer ha.

Bigrypste dat wol, Watse?”—“Né, heit! sei boi; net tige.”—“Nou, den

scille wy it dy leare. Wêz’ mar wer as dizze beamkes; lit dy bûgje en

liede troch de hân fen him, dy it goed mei dy mient. Tink net det it

bûgjen op dyn jierren skande is; _Ho ealer hout, ho bûchsommer twiich_,

seinen ús wize foarâlders.”

Under sokke praetsjes panderen wy al swietsjes foart, do ús in moeije

to mjitte roun, mei in swart reinkleed om; it minske like wol yn

gedachten, alteas hja seach stiif tsjin ’e groun, en it wier krekt eft

se ús net mirk. Wy hiene ús praetsje just út, en seinen nin wird; yn

deadelike stilte trapen wy sa op eltsoar oan; mar do wy krekt njunke

moeije wierne, prûstte ús miich fen Leiden, dy wakker de trudze hie. Ik

wit net ho ’t wier, Eölus; mar it kaem hird oan; it like wol in gjalp.

Dat earme sloof yn ienen fjouwerkant mei in skeane pas fen de strjitwei

ôf, en út hjar kaepke as in gleon hynzer, dat skrikt, nei boppen sjen,

krekt eft de divel en syn frjeonen mei hjar op in paed wierne. Nea haw

ik in minske sa forheard sjoen, Eölus, en nea haw ik ek mear lake. Wy

bliuwe nog al lang bern, Eölus.

Foar en yn ’e stoarm hawwe wy dingen sjoen, dêr wy net rjucht wiis út

wirde kenne; my tinkt, wy kinne by nimmen neijer om útslútsel gean

Eölus, as by de man sels. Wy hawwe yn Fryslân ljue, dy rôlje for de

aerdichheit wol ris in tinnen panne op, krekt as in pljims pompier; ús

forneamde rimer Oene hie noch in dochter Mattsje, dy dat ek koe. Dat is

klear en dudelik; dy mar macht yn ’e fingers hat, kin dat dwaen. Mar

hwa hat nou fen syn libben heard, om sûnder fingers repen lead fen

tûzenen pounen op to rôljen, en den as in krolde spoen nei ûnderen to

bruijen? Lykwol dat ha jy hjir oan forskate huzen, en to Londen noch

oan de Pancras-tsjerke dien.—Nou moatte jy my ek ’ris sizze, Eölus,

hwerom det jy ús yn ’e broeikast set hawwe ear ’t jy kamen? Al in dei

mannich to foaren wier de loft sa waerm, krekt as op in brodzige

simmerdei. Yn ’e wyn ef yn ’e lijte, oeral kaem yen sa’n maffe, lije

loft tsjin. De kobbels fochte stienen oeral op hout en stien, ja, by ús

mûrren roun it wetter mei strielen del. Jy hawwe ús planeet dochs earst

nin switdrankje ynjown, Eölus? En nou woe ik dat ek noch wol witte;

hwent it liket wol as jy hjir yn ’e krite binne, det it wetter yn ’e

pompen op en del giet, en det de kwik yn ’e waerglêzen stiet to

dounsjen. By dat kwik ef dat wetter kinne jy dochs net hyn ef bynei

komme?

For it alderlêste haw ik noch in apel mei jo to skilen, Eölus. Alde kij

út de sleat to heljen doch ik oars net jamk; mar it laeit my sa heech,

det it moat der út. Ik haw it egensk tsjin Jacobinen en flaeijers, dy

de keningen bidjerre, en ik sjen ljeafst, det myn bêste frjeonen, dêr

jy ûnder binne, oer sokke haedpunten, dêr it gelok fen lân en prins oan

hinget, krekt-en-allyk tinke as ik sels. Nou sizze se hjir to lânne,

det jy ek in Jacobyn binne, en dat moeit my ivich. Ho komme de ljue

dêrop, freegje jy mûlk? Kom, dat scil ik jo sizze.

Foar twa jier foer der in skip fen de kust fen Guinéa nei de Westynjes

ta; jy joegen de moaiste koelte en it noflikste waer, dat in stjûrman

winskje kin. Sa hienen se in wike ef trije fearn, do jy mirken, det der

in bidoarne minskelucht út it rom kaem, dy it skip krekt as in sok yn

de loft neigong. Jy waerden wekker, en kipen ’ris yn it hol. Dêr wier

in fracht fen hûndert-sauntich slaven, dy as in keppel skiep opsletten

dêr by eltsoar laeinen to stjonken. Njoggen hiene yn wanhoop hânnen oan

hjar sels slein. Do waerden jy sa grimitich, det jy jo oanstelden as in

hiemdôge. Dat wier de sé yn ienen yn oproer; de wyn oan ’t fluitsjen

troch want en blokken; de seilen oan flarden; de fokkemêst oer boart;

it roer fen ’t gat, en foar hjar hiene se in eilân mei barning op de

klippen. De kaptein, dy neat as de dea foar eagen seach, gong mei it

folk yn de sloepen, en liet de slaven yn it hol om to forsûpen. Dat

wier gelokkich, los! fen boart ôf! en dêr fleagen de sloepen hinne. Mar

jy net links, Eölus! bliesden in stirtsé op hjar oan, dy de sloepen yn

de groun slingere, en al hwet ’er yn wier forsûpte. It skip sels hâldde

it; mar staette to lêste mei sa’n evels gewelt op in klip, det de

mêsten troch de kyl stampten, en lûken en alles losboarstte, hwet it

hol fen ’t skip bisletten hâldde. De negers ’er út, en to wetter. Hja

sylden as wetterhounen, en kamen op trije nei, dy gammel wierne,

allegearre bihâlden op Santo Domingo oan. Dêr founen se broers; negers

as sy, fortrape as sy, mar dy hjar frijfochten fen de Frânsken, en dy

de Frânsken mei hjar trije-en-tritich miljoenen net wer ûnder krije

kinne. In mannich dagen dêrnei spielden de heal forgiene en stjonkende

liken fen de slavehandelers, fen de kaptein en de matrozen dêr ek oan.

Hwet wier dat in swiete lucht yn de noas fen de frije negers! Do se de

kringen oan it strân driuwen seagen, kraeiden se yn wyld gegei de

fictorie fen Eölus oan hjar boalen út.

Mar dat is ’t net allinne, Eölus. It moat in âld sear wêze, dêr jy al

mei biheind wierne, do ús foarâlders om hjar frijheit tsjin de

Spanjerts fochten. Ik scil it forhelje, sa as it my oanbrocht is, en

den kinne jy sels sizze, eft it wier is ef net.

Jy moatte den, nei ’t hja sizze, jou plezierreiskes hawwe krekt as wy

minsken, en omdet je net oan ien plak, lyk as wy oan dit kikkertslân,

boun binne, mar de hiele ierde jou krite is, sa gongen jy den nei

Andaluziën, it moaiste plak, dêr jou azem noch oer hinne gien is. Nei

it hearlik Andaluziën, siz ik, dêr natûr al de moaijens, dy se troch

Italiën, Switserlân en Frankryk spraette, yn in koart bistek by eltsoar

garre hat. Dêr rint de rivier de Guadalquivir troch, en it moat dit

wetter wêze, dat jy jo ôfdriûwe lieten as je de sinnen forsette woene.

Ho moai moatte oan beide wallen dy gesichten wêze, Eölus! en dêr

glieden je den mids troch hinne. Hjir troppen fen swiere beammen mei

heech skaed fen geile en brede blêdden, hwer Spaenske skiep tsjin it

prykjen fen de sinne ûnder lizze to skûljen. Dêr loftige hichten en

klingen, biwoechsen mei blommen, krûden en druvebeammen, dy hjar grien

frjeonlik troch eltsoar frisselje, en nou en den in biskûle hûs smûk

efter wei kipet. Jinder in Moarsk kastiel op it tipke fen in hingjende

rotsklibbe útboud, en noch fierder himelhege bergen, dy hjar bisnijde

koppen yn it heldere azuer op stekke. Underwilens boarten jou berntsjes

om jo hinne, en saeiden jolich oer de rivier fen de iene ich nei de

oare. Dêr wier ien, dy nocht hie om in moaije fûgel, dy op in tûke stie

to tsjotterjen, hinne en wer to touterjen; en bytsje fierder spartele

ien ûnder in tropke roazen om, dy fen ’t gedjoei rûsden en de holtsjes

skodden. Kamen se in jong feint foarby, dy mei de guitarre yn ’e hân

syn minnesang stie to kweeljen, den patten se de jongfaem, dy de holle

ta it finster útstiek, en tispelen loddrich yn ’e lokken fen hjar

gitswart hier om. Meast touweren se oan jou beide siden, en hwer jy

wierne draeiden se kûlen yn krûden en lizen, dy swietkes mei jo liken

foart to gean. Dêrby hiene jy den noch boppe jo dy heldere blauwe

Spaenske himel; om jo hinne dy lije loft, dêr tûzen geuren fen

oranjebloeisel en swiete blommen yn om sweefden; en ûnder jo dat glêdde

wetter fen de Guadalquivir, dat de loft, de beammen en de bergen, dy

’er hjar fen boppen yn spegelen, noch ’ris skimerjende en triljende

werjoech. Sa kamen jy mei jo stoet foarby Sevilla, do ien fen jou

soantsjes boartsjende oer ’e stêd yn de reek fen in autodafé tommele.

Dêr stienen sa’n ontelbaren minsken om hinne, det it bern skril nei jo

ta fleach, en jy net links sels fen de wein, om ’ris to sjen hwet dêr

dwaende wier. Do jy boppe de reekwalm kamen, hearden jy in earmhertich

gewein en gejammer; jy twjirren de reek in bytsje wei, en hwet seagen

jy do? In man mei bleate foetten, mei in heechoppe spitse mûtse op, en

in wyt himd oan, beide mei flammen en divels út de hel biskildere; hy

wier mei bûgels en keattingen oan in peal fêstboun; en stie op in

steapel barnhout, dêr in blauwe lôge bigoun út to slaen. Hwet hie er

misdien? Hy leaude det ’er mar ien God wier, en det dy God de heit fen

alle minsken is. Sa gau hiene jy dat net heard, Eölus, ef jy waerden

breinroerd: trijeris fleagen jy op en del, det reek en flammen trijeris

tsjin de groun flapten. Mar in bytsje ta jo sels komd, tochten jy:

“Blies ik hjir yn, ik scil de flamme fen dat ongelokkich skepsel

ôfwaeije, en hy scil nammers to langer briede. Dea, in gauwe dea for de

lijer! Mar hwa wol in eagenblik langer yn dit forflokte lân bliuwe? De

hel stiet hjir yn it paradiis, en de hel is to falsker, omdet se yn it

paradiis stiet. Wei, myn bern! Wei! Tûzen milen hjir fen dinne. Ljeaver

ûnder de bearen fen Yslân as it divelen-brot fen Spanje.” Yn ienen

stauwen je op, sûzjende en grommeljende fleagen je op, en al jou bern

flodderen yn de wolken fen jou sok mei nei it Noarden ta. Dy selde deis

(it wier de twade Septimber) kamen jy noch efter Ierlân, dêr jy in

fleet fen fjirtich oarlochskippen silen seagen. Neijer kommende

bimirken je de Spaenske flach. Ja, wol, man! it wier de Armade, de

onforwinnelike fleat fen Philips de twade, dy ús en Ingelân opfrette

scoe. Hja hienen al pit hawn fen de Ingelsken en Seauwen, en slûpten

nou mei de stirt yn ’t gat alleheel efter Ierlân om, om wer yn hjar

nêst yn Biscayen to kommen. De pynbanken, de skroeven, de knyptangen en

barnizers om ús foarâlders de tonge út de hals to skoerren, as se fen

frijheit sprieken, wierne dêr oan boart. Dêr krigen jy de lucht fen, en

do wier ’er nin genede, sa siet jo dy reek fen Sevilla noch yn de noas.

“Romte bern!” seinen jy tsjin jou soannen. “Rep jimme, nei hûs ta.

Dizze ljue binne onforwinnelik! Dy flach wit fen nin striken! Heit scil

’ris sjen eft dat wierheit is.” Dat wier mei ienen it baitsje út, en

hals oer kop yn de Spaenske fleat del. Heare God, Eölus, hwet hawwe jy

woast yn dy Armada omflein! Seilen, want, mêsten, alles oan dy fjirtich

skippen fen boppen del, en oan flarden. En der wier nin bidarjen yn jo

to krijen, it brûs stie jo op de mûle. Dagen efter ien boldere dat mei

it selde boarstens gewelt troch, en jy hawwe jo net del jown, foar det

’er tweintich greate oarlochskippen mei man en mûs forsûpt, ef wech

ende wear op klippen en strânnen oan stikken boarst wierne. Do it

kerwei ôf wier, en in mannich oerbleaune skippen as wrakken nei Spanje

ôfsakken, fleagen jy noch ’ris efkes yn de spegel fen it admiraelskip,

en reauntene Don Oquendo yn it ear: “Jimme kinne Autodafé boartsje, mar

ik waeije. Wit’je?”

Dêr hawwe jy nou alles, Eölus, hwet se my fen jo sein hawwe. Nin wird

haw ik ’er by ef ôf dien. Binne jy skildich, kom den bileaven net yn

Dútsklân; hwent dêr sette se jo ytlike jierren yn in akelige

festing-finzenis, foar det se jo forheare; jy krije al straf foar det

jy doem hawwe, en is ’t oan fordedigjen ta, den moat jou advokaet op

syn fordommenis swarre, det er oan nimmen sizze scil, hwet er for jo yn

to bringen hat. Sa kinne se jo de hals omdraeije sûnder det ’er in

hoanne nei kraeit. Dos, Eölus, binn’ jy in Jacobyn, pas op det jy út

hjar kloeren bliuwe, man.

Nou woe ik minlike graech, det jy my ’ris in letterke skreauwen oer ien

en oare. Sels to kommen, dat doar ik hast net fergje. Mar as jy komme,

woe ’k ljeafst in dei twa foarôf tynge hawwe; hwent den scil ’k hwet

pannen opslaen. Dy binne hjir jister fen trije ta trettjin goune

opslein. It is in bulte eare as sa’n heech personaedzje as jy sels

komme, mar djûre eare is ús foech net.

Foaral en bileaven de groetenis oan wiif en bern; binammen oan jins

kreaze dochter Vulturna, dy wy yn ’e simmer út it súdeasten by ús

forwachtsje, en ek Auster, dat golle, frjeonlike feintsje. Hjar rûzige

broer Favonius hat ús nou langer as in jier yn modder en weaze set; hy

mient, det wy frosken binne, leau ik. Siz nou oan Vulturna en Auster,

det hja gau, gau komme om ús to patsjen.

Farre wol! Jins tsjinner.

Rimen en Teltsjes · 第 118 / 279 题