IT GROUWE PAK.

It pakt raer út! It pakt nuver út! It pakt bryk út! It pakt den ris

mâl, donderske mâl út! Dat wird heart men nou deis oeral; folle minsken

is it yn ’e mûle bistoarn.

Dêr hawwe jimme, om ris mei eximpels to sprekken, dêr hawwe jimme fine

Fite, dy de eagen sa bidêst del sloech; hwet loek hja dat mûlke eptich

yn fâlden as der oer it goede spritsen waerd, en hwet rimpele se dat

noaske fiis, as der flokt waerd. Ho dimmen, ho foarsichtich yn al hjar

dwaen en sizzen wier hja! En nin tsjerkgong sloech Fiteke oer. Mar op

iens bigjinne de frouljue to mûskopjen en eltsoar yn it ear to

reauntsjen. “Fite bilûkt sa om ’e troanje; der skûlet hwet.” En op it

lêst boarst it as in tongerslach oer de hele bûrren los: “Fite moat yn

’e kream by de feint,” en Jan en alle-man geit it eltsoar ta: “Dat pakt

al mâl út.”

En hwet sizze jimme wol fen Jakkele Grypsma? De man driuwt in bulte

negoasje, dat hâldt nearne by op; hy hat lân en sân, en dêrby jild as

modder om sa ’n greate hannel út to fieren. O, Grypsma is sa wiis as

Salomon; hwent hy is skatryk. De dippere en sunige minsken, dy in

stûrke oerwoun habbe, dêr se op ’e âlde dei fen libje, sette hjar jild

by Jakkele út tsjin fjouwer percint; jierrige boerefeinten, dy fen hjar

sûr fortsjinne lean in hûndert goune twa oerlein habbe, bringe it ek al

by Grypsma. Allegearre, de iene syn hûnderten, de oare syn tûzenen,

allegearre bringe se hjar jild by Grypsma; hwent dêr is it sa wis as by

de Nederlânske bank to Amsterdam. Mar hwet is it eintsjebislút? Yn

ienen heart men wech en wear: “Alle einen binne by Grypsma to koart,

Grypsma is bankerot!” en in lyts fjirtsjen dagen letter stiet yn de

krante fen Smeding to lêzen, det Grypsma in gat makke hat fen trije

tontsjes. De kriddeteuren, dy it hise koenen, seagen as jonges, dy

sneins om jild spylje en dy exteur de sinten foar de noas weistrykt; dy

der mei riwwenearre wierne, sieten to skriemen yn ’e hirdsherne. Mar de

bysfeinten, dy ’er net mei to dwaen hienen, gnyskene oer de onnozelheit

fen dy minsken, en seinen: “Dat pakt den ’ris mâl, wealachske mâl út!”

Jimme kenne dy Murk ommers wol; de út-fen-hûzer Murk Slûchslim? Dat

wier sa ’n stillen gearer. Ja wol, dy lei se mar by tûzenen efter it

linnen, en hy hie in greate blikkene tromp mei lânskipsbrieven en

oblegaesjes op Ruslân. De man hie wiif ef bern en wier mar allinne yn

’e wrâld. It mocht him skoan barre om thús in rom libben to hawwen; mar

sa folle omslach noaske him net en om de oanhâld en de gesellichheit

gong er wol trije parten fen it jier by syn folk en goede frjeonen

út-fen-hûs. By sommigen bleau er wol ’ris in pear moanne to tarren en

to smarren. Ja, as de ljue by útstek foldedich wierne hienen hja wol

’ris de eare fen him in fearnsjier by hjar op it hok to hâlden. Mar

oeral wier er allike wolkom: hwent, o, dy Murk wier sa aerdich yn syn

praet, sa sêft en noflik yn ’e omgong, sa tankber for it goede dat men

him die. De berntsjes joech er koeke en hazzenuten en de frouljue

krigen wol droege mangels, ’ris in siden doekje en in doaske fol

lodderein ef âlde klongels fen him. “Sjuch, sei er, om yen út to

klaeijen foar ’t men to bêd giet, dat is onwize ljues dwaen; mar kom,

ik scil jimme in oblegaesje teikenje, det ik jimme tûzen goune skildich

bin, om nei myn stjerren fen myn kaptael oan jimme út to kearen, den

hoeve jimme ek nin succesje to biteljen. Mar jimme moatte it oan nimmen

sizze, hear!” En sa krigen al syn folk en goede frjeonen, dêr Murkom sa

swiet iten en dronken hie, elts in oblegaesje fen him, de iene fen

fiifhûndert goune, de oare fen tûzen goune, en in inkele ek fen trije

tûzen. Syn neef Draisma, in doarwaerder fen Dockum, makke er al it oare

en stelde him oan ta Kerater; dy er den ek by syn libben noch mei de

ynhâld fen syn testamint bikend makke en hwet er al sa oan de minsken

op de oblegaesjes, dy hja fen him hienen, útkeare moast. Eindelyk

Murkom bitanke de wrâld for de goede tractaesje en stoar yn it

moardjier, it trij-en-sechtichste fen syn libben. Sa hwet in moanne nei

de dea rôp Draisma de erfgenamen en kriddeteuren yn ’e krante fen

Smeding op, om by de iepening fen it testamint, en de tromp mei

oblegaesjes to wêzen. Hja kamen prompt as ien man op; Draisma lies it

testamint ûnder de djipste stilte fen de forgadering foar, en do it út

wier iepene hy de izeren kiste, dy mei trije fêste slotten en twa

hingelslotten en den noch wol toalf reade lakken ticht siet. “Dar hebbe

wy de aep, frinden,” sei Draisma mei in segepralende troanje, en helle

der in greate moaije tromp út, dy glimmend grien ferve en oan ’e rânne

bisegele wier en dêr mei greate goudene letters opstie it wird

_Speculatie_[12], (wy Friezen sizze _spikkelaesje_), hwent dy tromp hie

Murk noch ’ris koft op it boelgûd fen in banketbakker. Op dy tromp siet

al wer in hingelslotsje, en do Draisma it kaike dêr yn stiek, wierne

alle eagen wachtsjende en men koe wol in mûs risseljen hearre. En hwet

miene jimme nou, det ’er foar den dach kaem? In moai pakje brieven yn

in bôge wyt pompier mei in siden oranjelint biteard, dêr mei in

sierlike hân op skreaun stie:

_Veel beloven en weinig geven

Doet de gekken in vreugde leven._

Foarsichtich tearde Draisma it pompier los en foun dêr yn hûndert

lysten fen hirdriderijen, hirddraverijen en sylpartijen,

hûnderttweintich lotterijbriefkes, dêr nieten op fallen wierne, en

trije delen fen in Dútske roman, _Het bedrogene meisje_. By dy fangst

stie Draisma as forwezen en forstomme, de oare erfgenamen en

kriddeteuren wierne biskamme en seagen sneu op ’e noas del. “Dat pakt

raer, duwelske raer út!” sei Draisma op it ein, wylst er de roman fen

it _Bedrogene meisje_ fen boppen del yn de spikkelaesje-tromp keilde.

“Dat is nou de groatste beschiterij dar ik oit ter werelt fen hord hew.

En die stinkert hebbe wy noch flaeid en alle goed deend. Sude men niet

tureluurs worde?” “Ja, doarwaerder, sei in sékaptein op Eastynjen, dy

hie er for syn kostjild ek bitelle mei in oblegaesje fen tûzen goune,

“ja, doarwaerder, it kaptael, dat je dêr efter sa folle slotten wei

helje, is net great, mar it is sachts sa great as de grenaet, dy jimme

oan in koperen keatting lein habbe. Mar ho dat ek is, wy binne maets en

farre allegearre op it selde skip. My tocht, wy moasten allegearre ús

oblegaesjes mar by _het bedrogene meisje_ yn dy spikkelaesjetromp dwaen

en skinke se oan Draisma, dy is dochs erfgenaem fen al it oare; den kin

hy it hele soadtsje by de ontfanger-generael bringe ta bitelling fen it

succesjerjucht. Mar dat bliuwt oer, frjeonen, krekt as Draisma seit: It

pakt mâl, blaxomske mâl út.” En dêrmei gong dit gearleger fen

kriddeteuren en erfgenamen út eltsoar, as in houn, dy by de slachter in

pak bruijen kriget yn pleats fen flêsk, mei de stirt twisken ’e

skonken; geande mei in lege pong nei hûs, lyk as se mei in lege pong

komd wierne.

Dat binne nou mar eximpels, ho wy Friezen dat wird _útpakken_ brûke;

mar jimme wolle witte, hoe de minsken oan dat wird komd binne; nou, dat

scil ik jimme útlizze, as jimme mar hwette gedild hawwe en by myn

teltsje, lyk as by de eftermiddeispredekatie, net yn sliep falle. Dy

hwet útpakke wol, moat earst in pak hawwe, dêr hwet yn sit; nou it wier

krekt in pak, in mâl, in oeribel great pak dêr dizze sprekwize fen

dinne komd is.

[Yllustraasje: LIAUKAMA-STATE ALEAR TO SEXBJIRRUM.]

Jimme habbe siker wol ’ris heard fen de âlde adelike famylje Liaukama,

dy nou al lang útstoarn is, mar syn slot hie to Sexbjirrum, dat ik noch

sjoen hab it jier foar det it ôfbritsen waerd; it seach ’er forlitten

en poatterich út, en ik haw ’er neat foun dat my bybleaun is, as det it

folle greater wier as alle oare Fryske stinzen: foaral hie ik myn niget

oan dy lange rigele fen hege holle kelders, dêr it slot oerhinne boud

wier. Nou stiet der nin ien stien mear op de oare; allinne it lege

plak, dêr it stien hat is oerbleaun om ús it wrakke en wankele fen alle

minskelike greatheit foar to hâlden. De Liaukamas wierne al mei fen de

âldste, de rykste en machtichste adel fen Fryslân, dy oer it lân en de

tsjerke yn de heechste bitsjinningen sieten; bikend is binammen dy

fromme en edele abt Liaukama, dy de loaije en breadronkene mûntsen oer

it oerdwealske libben bistrafte en fen hjar formoarde waerd. Mar by de

reformatie houdde hjar macht yn ienen op; hwent do koe nimmen in

offysje mear krije as dy Gereformeard wirden wier, en dêr de Liaukamas

Roomsk bleauw’ne, sa hienen se foartoan net mear to dwaen as de hier

fen hjar boerepleatsen to barren, mei de lange jacht de hazzen yn

Barradeel efter de broek to sitten en út-fen-hûs to tsjen. Dit lêste

wier ek wer it gefal yn it neijier fen sechstjinhûndert trije en

sauntich; do die Jonker Liaukama in plezierreiske troch Dútsklân en

Brabân om net foar Krysttiid wer to kommen. It slot bitroude er wiles

oan syn boden: Bauk, in jongfaem fen twa-en-tweintich jier, húswarre yn

it slot; in âld tersker, dy Oebele hjitte, hie syn went yn ’e skûrre,

dy mei in syddoar yn it slot útkaem, en dêr wenne in tersker, Hessel,

mei noch in neef, in greate jonge, mei namme Sikke, by yn. Dy koenen

Bauk bystean as der onrie kaem, en as it nypte en wer nypte, ek noch in

pear boeren fen de Jonker, dy deun oan it slot wennen. As in

jongkeardel by de âlde Friezen om hjar dochter kaem, den fregen se

jimmer nei twa dingen; it earste wier: hat er al keate? Hwent in

mammiske[13], seinen hja, giet altiten iendris yn syn libben troch de

bocht, en as hy it jong net dien hat, den docht er it âld, en dat is

for wiif en bern net bêst, hwent âld mâl giet boppe al. Nou, sa die

Jonker Liaukama ek mei syn boden: as de faer en moer net doge, doge de

bern faek ek net, sei er. De opfieding en it eximpel doge net; en it

aerd doocht den ek net.... It twade, fen hwet skaei is de feint? Hwent

as er fen forkeard folk wier ef syn faer en moer net doogden, den siet

der faek ek al in forkearde hier oan him selme. Der binne wol dy

útskaeije, mar it eximpel en de opfieding is sa min, en it bloed, dêr

hja út groeid binne, sa bidoarn en smoarch, det der yn ’e regel de bern

fen oanhinget. Mei ien wird, de âlde Friezen seinen: Jow acht op it

laech, hwent de apel falt net fier fen de beam. Nou, sa die Jonker

Liaukama ek mei syn boden; hy hie nin feint ef faem yn syn tsjinst, dêr

hy de âlders en it folk fen for in rudich soadtsje skoude. Hy naem se

allegearre út de kinde. Bauk wier de dochter fen syn koetsier, dêr er

nou mei op reis wier. De âlders fen syn beide terskers wierne soannen,

de iene Oebele, fen de túntsjer fen syn oarreheit, en de oare, Hessel,

de soan fen de jager fen syn heit. En Sikke, in opslopene jonge fen

sechstjin jier, wier de soan fen in oarlochsbonke, dy yn in sé-gefjucht

tsjin de Ingelsken deasketten wier, mar foar dy tiid ek jager op

Liaukama, dy syn hear altiten earlik en trou tsjinne hie: dêrom hie de

Jonker syn soan den ek ta him nomd.

Jimme kinne wol tinke det ’er yn sa’n slot fen goud en silver hwet to

keap wier. De boarger- en boere-frouljue kreaken do fen goud en silver,

dêr hja stiif fol fen sieten; meitsje nou jimme rekkening hwet it west

hawwe scil yn ien fen de âldste en rykste adelike geslachten fen

Fryslân, dêr alle kostlikheden fen de âlden, ieu út, ieu yn, as

hillichdommen yn biwarre bleauwen, lyk as se dy nou forkwanselje om ’er

nije fodden wer for to keapjen en hjar to klaeijen as de hoeren fen

Parys. Silveren leppels by de rûs, hwent foarken brûkten se do noch

net; silveren milriemen; kannen en bikers fen alderlei fatsoen; dêr se

bier út dronken, ek al fen wakkere swier silver, om net to praten fen

silveren brandewynskoppen, kommen, silverheften messen en skjirren mei

silveren eagen. En hwet scil ik sizze fen de fracht goud, dy de freules

oan holle, hals, boarst, liif, earmen en hânnen ta de fingerseinen út

droegen? Genôch, it wier in hele skat hwet sokke minsken do allinne oan

liifsdracht bisieten, en dat alles lieten se stean op in jongfaem, dy

húswarre as mynhear en mefrou mei de jonkers en freules út-fen-hûs

wierne, sûnder det ’er in hier op hjar holle wier, dy ’er om tochte det

it hjar ontstellen wirde scoe. Sa folle greater wier do de earlikheit

fen de minderen en de bitrousomheit fen de riken as yn lettere tiden.

Nou, ik moat sizze, Bauk wier dat bitrouwen ek wirdich. It wier in

tsjep en rizich frommiske; blier fen eagen en gol fen troanje, in hege

foarholle, en in lange boppelippe. As hja lake, en dat kaem hjar noch

al ’ris oer, den draeiden ’er in pear nuvere skelmaftige kûltsjes yn

hjar wangen. Lyk as alle dochters fen Eva mocht hja ljeaver it evenbyld

fen hjar heit as hjar mem lije; dat is natúr eigen. De Sexbierrumers

seinen wol fen hjar det hja in bulte wyt yn ’e eagen hie; mar nimmen

hat ea fen hjar sein, det it midden de beide einen yn ’e macht hie.

Howol riper-nôch yn ’e mûle, bitocht hja hjar altiten as it op dwaen

oankaem, en om alle feinten en skatten fen ’e wrâld scoe hja net eat

dwaen ef talitte, det hjar hear en master hjar forbean hie.

Oeblom wier in man fen amper sechstich jier, in fromme gemoedelike

siel, dêr nin spyn oan siet. Mei alle ûngelok hie er in hertgrounich

meilijen, en hy kaem for syn breahear op as for him selme. Wé de snaek,

dy Jonker Liaukama in skeisen to koart dwaen woe. Hessel wier in

stillen yn _den lande_, dy mear die as sei, nei it âlde Fryske

sprekwird: it is mei sizzen net to dwaen. Hy koe net lêze ef skriuwe;

hy hie neat leard, mar hy hie in skoan gesoun forstân, dat ûnder it

ivich learen noch wol ’ris bidoarn wirdt, en as hy prate woe, stie it

better op poaten as men fen in earm tersker forwachtsje scoene.

Sikke wier in rimpen en gysten jonge, en dêrby sa dryst, det hy foar

fjûr ef wetter stie. It wier syn gelok det hy de ploech dreau by in

dimmen ploeger, dy him mei sêftsinnichheit hwet wiste yn to teamen en

by it stik to hâlden. Syn greatste wille wier as er mei de jonker as

polsdrager op de lange jacht gean mocht, sleat út, sleat yn, en mocht

er to mûk hjir ef dêr yn it iepen fjild e’ris in snaphaen ôfsjitte, den

gong syn hert iepen.

Mar hwer bliuwt nou dat pak, dêrste fen forhelje woeste? hear ik jimme

sizzen. Nou ja, dat is ek sa; om de foarreden net langer to meitsjen as

de preek, scil ik den ek mar bigjinne.

It wier djip yn ’e hjerst; it waer wier mistich, en skrousk; de loft

stil, en mottich; de klaei wiet en glêd, do Bauk forsiik krige fen in

âlde moike, mei namme Akke Grynstra, in âldfaem fen rikelik fyftich

jier. Dat minske hie minnelike graech in man hawn; hwent hja hie mear

honger as breahonger yn hjar jonge jierren. En nou wier hja spitich

tsjin alle mânljue, omdet ’er net ien ûnder west wier, dy him troch

hjar fange litten hie, ho folle netten hja ek spand hie om ien to

biflappen; dêrby rette se alle fammen it houwelik as in put fen

alderlei ellinde ôf, hwent omdet hja selme net fen de apel priuwe

mochte woe hja ek net det oare fammen der nei taeste scoenen, krekt eft

it de forbeane frucht fen it parradys wier. Dat leksom sei se nou ek

wer op oan hjar nift. Mar Bauk wist fen al dat grinich geëamel neat to

sizzen. “Witte jy hwet, moike, sei hja; dêr for binne wy frouljue yn ’e

wrâld, om to trouwen. As ik goede kans sjen, doch ik as ús mem dien

hat; in goed bern dy op syn faer en moer liket. Us mem is der net oan

stoarn en ik scil der ek net oan stjerre.” Moike en nift koenen dat

lang net yn ’t lyk krije, en do se der lang en breed op omjeuzele hiene

en it ek tsjin ’e joun bigoun to rinnen, gong de âld faem noartich wei

nei de bûrren fen Sexbjirrum, dêr hja in keammerke hie. Sa gau hie dy

de hakken net lichte ef in jong keardel mei in great pak op ’e rêch en

in grou iken stôk mei in izeren prop ’er yn yn ’e hân kaem by Bauk yn

’e pizel[14], hwent dêr siet hja to spinnen. Bauk seach forheard op, en

houdde de wiele yn ienen stil. Yn de earste opslach miende hja det it

in fyndoeks-poep wier, mar oan syn tael mirk hja dadelik, det se dat

mis hie. “Goe’ joun jimme, sei de jonge keapman; “Noch goed?” Bauk sei

snibbich: “Ja. Mar hwa hat dy hjir hinne stjûrd?” “Wel, sei hy, wylst

er it pak fen de rêch op it iken oanrjucht sljurkje liet, wel, ik foun

de poarte fen it slot iepen en my tochte jimme scoene in keapman nin

tek wegerje.” Bauk hie wol ’ris mear in lang pak fen in fyndoeks-poep

sjoen, en ek wol ’ris ien, dat sa breed wier; mar in pak dat tagelyk sa

lang, sa breed en tsjok wier as dit, hiene hjar eagen noch net met.

“Hwer komstou sa let fen dinne? út de loft rôljen?” frege Bauk fierder.

“Fen Holwert, ljea’! Op Amelân is in Ingelsk skip yn de lêste stoarm

strâne mei linnen, bontgoed, doeken en sok spil. Dat is dêr jister

forkoft en dêr bin ik by west, om der hwette fen myn gading to keapjen,

en dat haw ik dêr yn dat swiere pak.” “Soa, den bistou fen Holwert.”

“Né, ik bin fen Dokkum, mei permisje. Dêr wenje ik by ús moike; dy

docht yn sokke spillen. En nou scil ik it boeltsje by de winkels fen

Harns ef de boerinnen útsutelje.” “Soa, den bistou egentlik fen Dokkum.

Wier der ek nijs?” frege Bauk! “Nijs en ek nin nijs, sa aste wolste,”

sei de feint. “Lyk astou wiste, as it to Dockom net mâl is, den doocht

it net. Forline wike kaem ’er op ’e merke in nuver keardel, dy in

swarte neger by him hie mei in read aperokje oan, en in spitse hoed mei

hoannefearren op syn kroeze swarte kop. De neger sette foar syn baes in

tafeltsje del en in stoel, dêr de man op stean gong. De swarte jonge

bloes in deuntsje op de trompet en yn in amerij hie er in hûndert

Dockumers om him hinne. Mannen fen Dockum, sei er do, ik bin in

Dockumer fen geboarte, lyk as jimme selme to Dockum tein en opfed

tichte by de Fetse-put. Dêr hab ik oan myn njuggende jier ta boarte en

do bin ik mei in omke, in bûtenfarjer, nei Eastynjen rekke. Fjirtich

jier en twa moanne hab ik dêr wenne, en nou bin ik mei in aerdich

slompe jild werom komd, sa as ek mei dizze feint, dy syn faer út de

strampel fen in ebbenhouten beam kleaun hat en dy dêrom hwet brún

útfallen is. De minske, lânsljue, lûkt altiten nei syn boartepleats; to

minsten sa giet it my, en Dockum laeit my heech. Hwet de Ljouwerter

galgelapers sizze meije, der is mar ien Dockum! En om in blyk to jaen,

ho my ’t hert oer jimme hinget, sa bied ik elts fen jimme, sa folle as

jimme dêr steane, twa goune ta ’n wolkomthús oan. Mar dat dwaen ik

allinne oan it suvere Dockumer bloed, oan de echte Dockumers, en dy fen

jimme de kroan oannimt, moat foarôf de hân opstekke, det hy yn dizze

stêd berne en tein is. Lyk as wol to tinken wier, elts hie sin oan dy

kroan, hwent joukebier is swiet bier, en elts fen de omstânners stiek

de hân op. Mei ien sette de swarte feint in read sidene reissek mei

oranjestrûpen op ’e tafel del en do elts miende det dêr syn twa

keizersgoune yn stîken, helle hy ’er in partij lytse pompieren pûdtsjes

út, dy wakkere bont mei stripen goudpompier en griene knipsels biplakt

wierne. Mannen fen Dockum! sei er do, yn dizze pûdtsjes haw ik in

puijer út de stampte kerlen fen trije krûden, dy ik op de heechste

berch fen Java, de bineamde berch Stultorum deliciae, mei libbensgefaer

foun hab; hwent dy berch is sauntjin tûzen foet heger as de hoanne fen

de toer fen Dockum; it binne kerlen fen _mundus_, kerlen fen _vult_ en

kerlen fen _decipi_; hwent sa hjitte dy krûden op syn Javaensk. Dizze

puijer is probatum for pine yn ’t liif en de mûle; for it smerten yn ’e

kerne en yn ’e ljisken; for seare eagen en rinnende earen; for blauwe

skinen en skythakken; for liifrinnen en hirdlivichheid; for seare

spinen en de limoer; it is goed for de rude en de luzen fen jimme bern.

Ja, lit immen in inkel fingerhoed fol fen dit puijer op de naule lizze

en al hie hy al dy kwalen t’ allyk, de oare deis scil hy sa frisk wêze

as in nút. Om nou ta de saek to kommen: Yn alle stêdden fen Europa nim

ik seis-en-fjirtich stûren for it pûdtsje, mar om ’t jimme Dockumers

binne en út achting for myn geboartepleats Dockum, doch ik jimme it

pûdtsjen for in skeljen: den winne jimme de twa goune dy ik jimme

tasein hab. Dy lust hat, moat gau wêze en tagripe; hwent ik moat mei in

ûre nei Grins, dêr de ljue my roppen habbe om hjar ek gelokkich to

meitsjen en al op gleone koallen my sitte to wachtsjen. Al de Dockumers

seinen: De duwel, dat is ons gouden uer, en namen elts in pûdtsje for

in skeljen. De hele reade reissek rekke skjin leech, en do de dokter de

Dockumer skeljen yn ’e bûse hie, pakte er syn spillen by inoar en

reisge foart nei Strobos ta. Ik moast wol laitsje om in earme

koudriuwersjonge, dy mei ûnder de heap stie; do hy dy minsken hjar

skeljens útpûljen seach, sei er tsjin syn bûrman, in Dockumer, Fedde

Skroar: Dat pakt dêr nuver út; earst biloofde dy keardel twa goune en

nou jowe se him elts noch in skeljen ta! Waer praetstou over, sei de

Dockumer brimstich tsjin. Dou biste ommers to dom om foor de duwel to

dansen. Kenste dat niet begripe? Wat ken it ons schele of wy de kroon

in beste middesinen of in geld beure? Middesinen is noch beter, dan

hoewe wy niet na de dokters en de dure apthekers te lopen. Der hestou

wol gelyk an, Fedde, sei Geale Bakker, dy der by stie. En buten dat, wy

binne Dockumers met enander en wy mutte it ok met enander houde. Dar is

mar ien Dockum, sei de dokter, en dat sei hy niet, as hy niet ivige

feul fen Dockum houdde. Is ’t niet waer, boer? sei Geale mei in

segepraeljend each en wylst er in boer fen Foudgum op it skouder

flipte. Ja, Geale, sei de boer, sa sleau wei, dêr hat de dokter gelyk

oan: men fynt mar ien Dockum, mar men fynt oeral Dockumers.

Op it lêst krige de koudriuwersjonge dochs gelyk; hwent do alles

birûkt, bipreaun en fen kindige minsken ûndertaest wier, kaem it dêrop

út, det yn ’e pûdtsjes neat oars siet as saechsel fen provinsjehout

mingd mei jinnige drippen Harlemmer oalje en in krommel divelsdrek.”

“Nou, sei Bauk, dat pakte bryk út.” “Ja wol, bryk, sei de jongkeardel,

mar as it to Dockum net mâl giet, den doocht it ’er ommers net. Nou

bigjinne de ljue ek brike dingen fen Liaukama slot to fortellen.” “Ei,

sei Bauk heftich, en hwet is dat?” “Wel, hja seinen my niis, det de

âlde abt Liaukama wer mei de montsen, dy him deaslein hawwe, nachts op

in baen wier en det hja alle nachten hjir tichte by kamen, krekt eft se

op it slot ta woenen. Jister nacht moatte der sokke skynsels al yn de

leane fen it slot west hawwe, de abt mei in skirte fol moaije roazen

foarop en de montsen al barnende mei de divel efternei.” “Wel, Heare

seikes! sei Bauk, fen sokke mirakels haw ik hjir nea fornomd. En ik

leau it ek net foar det ik ’t mei myn eagen sjen. De abt is yn ’e himel

by ús ljeavenhear, dêr hy it better hat as hjir; hwet scoe er den op it

ierdryk ûnder de ondogenske minsken dwaen? En de montsen binne yn ’e

hel, dêr de divel wol oppasje scil det se fen hjar earnen keattingen

net losbrekke.” “Nou, ljea’, sei hy, wolstou it net leauwe, dat

moatstou witte; ik kin dy it geloof net jaen. Mar ik haw it dy sein.”

Dy pakdrager wier in flink jongkeardel fiks út ’e kluten sketten, mei

swart kroes hier en donker brune eagen; ek gnap yn ’e plunjen en nei

minske each in aerdich selskipsman for in faem as Bauk yn in lange

tsjustere hjerstnacht, mar der wier hwet oan him, dêr se nin each op

hie; eft it syn frypostigens ef hwette oars wier, koe se net krekt

sizze. Ek syn teltsje, howol se dernei harke hie eft hjar lij wetter yn

it ear getten waerd, kaem hjar for in dageliks feint al to moai foar;

ien dy sa geleidelik forhelje koe, tochte hjar, moast fierder west

hawwe as Dockum en syn memme brijpôt. De pakdrager bimirk det de faem

koeltsjes bleau en bigoun dêrom de line better om ’e reak to skearen.

Hy ûnderlei it mei de gekheit; de bêste kwinkslaggen, dy er leard hie,

brocht hy hjir yn it spil, en foaral forgeat hy net om hjar mei

plomke-bjizzems om de noas to aeijen. Hjar bliere blauwe eagen, hjar

kûltsjes yn ’e wangen dy by it minste glimke foar den dach kamen, hjar

krytwite tosken, o, dy wist hy der sa fyntsjes en ûnbemirken ûnder to

smarren! Underwiles skikte hy syn stoel njunkenlytsen al tichter by

hjarres, om hjar ’ris troch de hânnen gean to litten; yn ienen sette hy

mei in bihindige greep Bauk op syn knibbel en ontstiel hjar in tútsje.

Bauk, dy for in bytsje net forfeard wier, wraksele hjar los en sei:

“Hou, baes, de mûle frij, mar de hânnen thús!” Hja miende det it de

feint to dwaen wier om in nacht by hjar to meiden; mar dat kaem oars

út.

De pakdrager bigoun al wer fen oare spoekteltsjes, tsjoenderijen yn en

om it slot Liaukama op to heljen; ûnderwiles bigoun it moai oan to

tsjusterjen en op it lêst kaem it hege wird ’er út; hy woe dêr de

nachts minlike jern mei syn pak op it slot bliuwe; mar o hea, dêr koe

neat fen komme. “Ik bin mar faem, sei Bauk; ik bin hjir nin baes. Ik

kin hjir net herbergje hwa’t ik wol. Foar syn reis hat de Jonker it my

mei djûre wirden oplein, nimmen nachts yn to nimmen as dy hjir boadskip

hawwe, en den noch wol sokke, dy fen ús kinde binne.” “Myn ljeave

minske, ik moat nei Harns ta en ik bin nou al sa wirch as in maits: ik

bin net yn steat om dat swiere pak in hûs fierder to pucheljen. Sa hird

biste ommers ek net om in forlegen man, dy hjir binachte is, yn ’e

tsjustere nacht bûten doar to stjitten. Dat docht men in houn, mar nin

minske.” “Nou, ho dat moat, sei Bauk, dat wit ik net; mar dat wit ik,

ik wol hjir nin frjemd folk op it slot hawwe en dou kinste hjir út ef

yn net bliuwe. Dou moast der út, ef ik scil dy skonken meitsje.” “Wel,

sei de feint, biste nou sa’n onbarmhertich skepsel? Yn ien ding kin ik

dy nin ongelyk jaen, detste net mei my ûnder it selde tek oernachtsje

wolste; hwent it scoe for in jongkeardel hwet ynhâlde om op syn bêd to

bliuwen en litte sa’n ljeaf skepsel as dy allinne lizze. Mar aste my

hjir net bêdzje kinste, lit my yn ’t hea yn ’e skûrre lizze, en ik scil

dy moarnier de moaiste Eastynjeske sidene doek jaen, dy’t ik yn it pak

hab.” Op it hearren fen dy Eastynjeske doek bigoun der in bytsje

foroaring yn Bauk to kommen; hwent hja wier gek nei moaije sidene

doeken; nou, dêrfor wier hja ek in dochter fen Eva, dy bigoun to

wettertoskjen op it sjen fen de forbeane apel. In inkel eagenblikje

stoe hja yn bistân, mar yn ienen oerwoun hjar trou en gysten biet hja

de feint ta: “Né, né! dou kinste hjir net bliuwe; dou kinste net bliuwe

yn it slot en net yn ’e skûrre; dou moaste der út sa goed biste net.

Dyn pak kinste mei in slyptrôch wei bringe, en oars moat dat fen nacht

hjir bliuwe.” Bauk waerd finzen by hjar wird: “Oars moat dat fen nacht

hjir bliuwe.” Hja hie eigenlik neat mei dat pak to meitsjen. De feint

hie syn moed net oer hjar, det hy syn bizen pakke moast en koe hjar de

oare moarns wol biskildigje, det hja hwet út it pak nomd hie. Mar it

wier hjar eigen útstel en hja koe de mâlke nou mei skik net wer oplûke;

sa stie hja it den, howol stoatskavende, ta det it pak op it slot

bliuwe scoe. “Mar scoe myn pak, frege de feint, “for dy net hwet better

út ’e wei wêze, as wy it hjir ef dêr yn in hok ef keammerke delsetten?”

Bauk laette him yn in pijkeamer en dêr sette hy it pak foarsichtich op

’e flier del. Do winske hy Bauk goe-nacht, en gong syn wei.

Do Bauk dêr allinne yn dat âlde holle slot opsletten siet, wier hjar

dat pak nin eagenblik út hjar gedachten. Hwet mocht ’er dochs wol yn

wêze om it sa swier to meitsjen, det sa’n sterken gewanten keardel it

net fierder bringe koe? Kom, hja moast i’s sjen hwet der yn siet. Hja

gong nei dy pijkeamer en loek in laed fen it pultrom op, dêr se neat yn

to dwaen hie en dêr se net ienders yn seach; hja seach ûnderwiles

skeansk nei it pak. It is in frjemd pak, sei hja yn hjar selme, it is

fjouwerkant oan de iene side, mar net oan de oare. It is in dondersk

frjemd brodze gûd.

It bigoun njunkelytsen let to wirden en Bauk kaem net sûnder in soarte

fen eangstme út de pijkeamer werom. Hja smiet hjar wer by de wiele del,

mar de kop mimere hjar sa det de tried gedurigen oan ôfbriek. Hwet, sei

hja yn hjar selme, hwet makke dy keardel sa hjit om de hele nacht by my

yn it slot to bliuwen. It wier in lêstige keardel. Hy koe yen net fen

’e hûd bliuwe. Hwet mei hy dêr dochs yn treaun hawwe? Dat donderske pak

is sa lang en sa tsjok as de âldehou.

Hwet skrikbylden de bangens oan in jong frommiske net foarspegelje kin

is sa net to bigripen. Hja naem it stâllampke en gong al wer nei de

pijkeamer ta. Hja skoude it raem op; loek de finsters ta en skoattele

se tige ticht; mar foar ’t se weigong stoe se rjucht oerein, hâldde de

siken yn om better to harkjen en stoareage op it pak, mei gleone eagen

krekt eft se der dwers troch hinne sjen woe. Mar, ljeave God yn de

himel! Dêr seach hja dat pak biweegjen, miende hja, as de dei. Eltse

hier op hjar holle stoe oerein: eltse lead flêsk, dat hja oan hjar

lichem hie, kromp yn eltsoar as in nêst mei piseamelers. Hja fleach nei

de pizel eft hjar de kweade eftersiet, troch it gewicht fen de skrik,

dy it earm hert fen Bauk oerstolpe, knikten de knibbels ûnder hjar. Hja

bloes de lampe út en stiek in kears wer oan, hja koe nin bleaker fine

en der stienen fjouwer bleakers neist hjar yn ’e boddelerij; by gebrek

fen in bleaker stiek hja de barnende kears yn in smel reamkantsje mei

wetter en sa hja nei de skûrre om Oeble to heljen. “Oeblom, Oeblom!

Jezus Mary, Hillige Josef! Gau, gau! Kom gau by my yn it slot!” Oeblom

scoe krekt wer in wan terskje, mar op dat gegei lei hy de fleale op it

skouder en frege: “Wel, famke, hwet is ’er to redden? Is der ongemak?”

“Och, Oeblom, sei Bauk triljende, en hja trille as in blêd oan ’e beam;

in marsedrager kaem by my en woe fen nacht op it slot bliuwe; en do ik

him dat ôfsloech is hy weigien en hat syn pak stean litten.” “Nou, en

hwet scoe dat? frege Oeble; ik wedzje mei dy, Bauk, om dyn dûbelstûr

tsjin myn goune, det de man earder nei syn pak sjen scil as it pak nei

syn man.” “Mar, Oeblom, Oeblom, Bauk wer, ik forsink hast, nou ik ’t jo

sizze moat! Wy binne allegearre wei; dat sizze ik jo, hwent dat pak

libbet.” Op dit wird fen _libbet_ waerd Oeble inkel forbazing; hy sette

de fleale fen it skouder ôf mei it swingelein op ’e groun en mei de

hânnen lynjende op it oare ein, seach hy Bauk út de eachshernen oan. Hy

wist foar njuggen jier al det se moai wier; mar nea seach hy hjar mei

sa’n each oan as yn dit eagenblik. “In pak dat libbet, sei Oeble; it

frommiske is gek, dêr is nin mis op.” “Nou, Oeblom, sei Bauk, as ’t jo

biljeaft, nin praetsjes mear. Mar sa wier as der in God hjir boppe ús

libbet, hawwe dizze myn eagen sjoen, det it pak him forroerde. Dêrom,

by alle hilligen rep je, bid ik jo, en sjen ’er nei.” Oeble frege hjar

nin wird mear; sûnder syn baitsje ienders oan to tsjen folge hy hjar yn

it slot, howol hy by him selme tochte, dat is wer ien fen dy

frouljuesgridzen, dy wy sa faek mei hjar bilibbe hawwe. Sa gau wier

Oeble net yn ’e pijkeamer, ef hy sei: “Fen alle fratsen en ynbyldingen,

dy yn it brein fen in minske opkomd binne, liket my dizze de

onnatuerlikste en onmogelikste ta, dêr ik noch fen heard haw. Ho kin in

pak mei doeken, linten en flinten, mei hoazzen en sljipmûtsen by

mogelikheit libje? Dat is ommers allike bryk as det in hier út de

moannen fen ús âlde gûds yn in iel foroarje scoe.” Mei dit wird naem er

de kears út it kantsje en him omkearende lei hy de hân op it pak. Hy

bitaestte de watten ûnder de hernen fen it pak, dêr de draechbânnen

oerrounen, om it gûd fen binnen net to knûkeljen. It wier ek fen it

selde gûd en fen it selde fetsoen as oare pakken. Hy koe net sjen det

der eat frjemds oan wier om it to mistrouwen. De boel wier nei Oeble’

each alleheel yn oarder. “Wier is ’t, sei hy, it is in lomp great pak

en it mei de keapman wol twa tûzen goune kost hawwe, mar hy scil it ’er

mei syn poppelapkes by de pronkske boerefrouljue wol dûbel en dwêrs wer

útskoerre.” Bauk wier net bêst to moede, det hja Oeble mei it sjen en

bitaestjen net oertsjûge koe. Hja woe wol om hûndert goune det hja it

pak en de keardel nea sjoen hie; hwent hja leaude hillich det hjir

njirren ûnder it gêrs skûlen; mûlk wier it wol stellen gûd ef soks

hwette, mar hja skrilde der fen om der allinne in nacht mei yn it slot

troch to bringen.

Underwiles kaem Sikke, in jonge fen rikelik sechstjin jier, dy de

ploech dreau, út de bûrren thús. Lyk as ik sein hab, wier hy de soan

fen in oarlochsbonke, dy ûnder Tsjerk Hiddes fearn hie; in strop fen in

jonge, wakkere rimpen en gysten, dy as it op it útrjuchten fen fiten

oankaem, foar fjûr ef wetter stoe; mar oars ek nin slimme jonge;

aerdich yn ’t wirk, en wondere fornimstich. Syn faer hie mei by Chatham

west, do ús helden dêr it keatting stikken sylden en de Royal Charles

forbarnden. Dêr forhelle de man Sikke altiten fen en it âlde swiere

snaphaen, dat syn heit him neilitten hie, neamde hy dêrom Sjatham. Dêr

skeat hy de roeken mei út de beammen fen it slot en de protters fen de

skoarstiennen en skûrren. Dat wier de jonge syn greatste wille.

Sikke wier net yn ’e pizel, ef hy seach wol det Oeble en Bauk oer hwet

wonderliks mûskoppen; hij stiek de earen op en harke skerp ta; mar do

er der grútsjen hearde fen in mâl pak, in pak dat libbe, wier der nin

hâlden ef kearen oan de jonge. Hy naem de kears dy Oeble noch altiten

yn ’e hânnen hâldde, en sloep teantsjende nei de pijkeamer dêr dat

freeslike pak stie. Hy sette de doar op in kier en houdde de kears sa,

det it ljocht it pak biskynde. In minút ef twa mei er sa mei earneagen

loerd ha, do er yn ienen de kop opstiek en as in blits werom fleach,

mar net mei sa’n bliere troanje as hy der hinne gong. “Sa warhaftich,

sei er, as ik jimme hjir foar myn eagen sjen, seach ik it pak

forroeren.” Mar as de jonge dat nou miende ef mar sei om oan it sjitten

to kommen, dêr scoe ik de hân net for opstekke doare. “To, ju, Bauk,

sei er heftich, lit der my mar ynbarne.” “Noch ’ris sizze ik dy, groude

Oeble him ta, hâld dy stil; dou biste in gek.” “Né, sei Sikke, my stil

hâlde doch ik net. De jonker hat ús syn hûs en goed oanfortrouwe. De

skat fen goud en silver, dy hjir sit, koe licht in gautjeaf forliede om

’er syn hûd oan to weagjen. Wy moatte der aeijen yn klopje en witte

hwet der yn sit. Sit der ongemak yn, de divel hwet scil ik dat piperje!

En is it suver spil, den kin de keardel neat mear fen ús helje as

skeaforgoeding.” Eindelik liet Hessel, de tersker, him ek ’ris hearre.

“Nou, de jonge seit dêr hwet, wier syn wird, dêr hat hy sa’n great

ongelyk net oan. Hwent snije wy it pak iepen, den kin de keardel ús as

tjeaven oankleije for sa folle as er wol, mar as Sikke der in skot mei

in goede koegel yn docht kin hy net mear fen ús helje as it gûd dêr de

koegel troch flein is. Kom, gau rie, goe rie, weagje dou der mar in

skot op, Sikke.” “Nou, as jimme dat sa bigripe, sei Oeble, it is my

goed, mar dy syn gat barnt, moat op ’e blierren sitte; de gefolgen

binne for jimme rekkening, hear!” Sa as Sikke syn Chatham oangriep en

mei twa goede koegels laedde, glimke Bauk as in onwiis wanhopich minske

en bigoun hjar tsjeppe troanje in heiselik wêzen fen fortwiifling oan

to nimmen, dat Sikke for in tastimminge oannaem. Mei de kears yn de

iene en Chatham yn de oare hân gong er nei de pijkeamer ta; en sûnder

him in eagenblik to birieden sette hy de tromp fen it snaphaen op it

midden fen it pak en barnde los det it sta sei en de hele keamer

boarstende fol krûdreek kaem. Yn it selde eagenblik kaem der in neare

needgjalp út it pak wei, daelk fen in dompich gerochel en getsjirm

folge, en in gewein dat útgong as in lêste sike. Foart dêroan, roun it

bloed by hele stralen út it pak de flier lâns, en Sikke seach it bloed

net ef hy liet syn Chatham út de hân falle en fleach as in mâl minske,

dy it yn ’e sinnen slacht, nei de koken ta. De koken wier sa to sizzen

tsjuster, hwent hy liet de kearse yn ’e pijkeamer stean. Dêrop hals oer

kop de doar út en de bou op, sjende as in skjirkert nou ’ris oer it

lofter, den ’ris oer it rjuchter skouder en rinnende koegelsfeart eft

hel en divel him efter de fodden sieten. Bauk spile ek hakken op en

roun him efternei út al hjar macht, mar hja koe net heal sa hird as hy.

It wier in minskegriis om oan to sjen ho earmhertich dy earme faem

kriet en hime. Ald Oeble-om stie as in forwezen man en koe nin wird

uterje, mar op it lêst in swiere sucht opheljende, sei er mei in

britsen stimme: “Ljeave God, hwet scil ús nou oerkomme?” De flier wier

ien bloed, krekt eft der in keal slachte wier en it pak, dat oer ien

side kantele, dreau ’er yn om; mar it gewein en getsjirm wier oer,

howol Hessel miende det er noch ienris in soarte fen kielgerutel

fornomd hie.

Do Oeble wer by syn wé kaem, seach er klear det dy boel dêr sa net

lizzen bliuwe koe en det ’er it iene ef oare dien wirde moast om de

flier op to rêdden. De moanne wier yn it oankommen, en it wier sa

tsjuster net, ef immen, dy de paden kindich wier, koe de fluchtelingen

noch wol ynhelje en werbringe. Hessel gong dêrom yn it fjild om Bauk en

Sikke wer op to heljen, dat ek al gau lokte. Howol Sikke in goed ein út

’e reek wier, sa koe er dochs ek heel koart krieme, en kaem aenstons

mei Hessel werom; hwent hy die him nin tiid om earst nei to tinken oer

de gefolgen fen in stap dy er die; as in oar noch yn bistân stie, hie

hy it al útfierd. Bauk, earm hert, dy lang sa fier net wier, kaem ek

mei werom, mar langsumer, en even barmhertich kritende en snikjende as

to foaren. Sikke, dy stevich oanroun, helle hjar mei in amerij yn; mar

wylst er hjar foarby skeat, kearde hja him de nekke ta en forspriek

him. “Dou _moardner_”, sei se. Op de klank fen dat wird _moardner_, dat

hja him út in hearske rauwe kiel tabiet, stie Sikke in eagenblik

stôkstil, krekt eft hy hwet sizze woe; mar hy swolge allinne syn kwile

troch de toarre kiel op en houdde him dea stil.

Sa wier it foltsen yn ’e pijkeamer wol wer by eltsoar, mar allegearre

yn nipende eangstme hwet ’er út it pak to foarskyn komme scoe. Hessel

loek syn breahogge út ’e skie en snei it pak mei in feech los. En hwet

tinke jimme wol hwet der foar den dei kaem? It wier in lyts jongkeardel

fen sa’n fiif-en-tweintich jier, dy Sikke in koegel dwers troch it hert

jage hie en dy dos yn in amerij tiids de lêste sike útbliesde. Ik

weagje it net, frjeonen, om jimme to mieljen, hwet der yn dit eagenblik

op ’e troanje fen Sikke to lêzen stie en folle minder noch hwet ’er fen

binnen yn syn siel omgong. It like eft hy forstjinne wier ta in

marmeren byld, hy roerde nin fin, hy kikte nin wird; yn in hopeleaze

forstomming die er neat oars as gedurigen oan syn kwile op to swolgjen

en syn maets mei wylde eagen as om genede en help oan to sjen.

De measten leauden, det Sikke nin hier op syn holle hie, dy der om

tochte in minske dea to sjitten, do hy it skot die. Sjende det Bauk in

kwea each op it spil hie, tochte hy det jonker Liaukama syn drystens

wol goedkarre scoe en ek wol mansker-nôch wier om him tsjin in

fyndoeks-rinner to biskermjen. Boppe dat hie er noch nea in skot op sok

in great ding en fen sa ticht by hawn as op dat onwitten greate pak. O,

wat jokken him de fingers, al wier it allinne mar om to witten troch ho

folle doeken syn Chatham wol in koegel jeije koe. Dêrom do dat gekroan

út it pak kaem en it bloed ’er mei ien útboarste, waerd er oerrompele

en forbluffe. Sa lang as er libbe hat er wol folhâlden det it pak him

foar syn eagen forroerd hie; mar syn barnend forlangen om ’ris to

sjitten mei syn Chatham en syn skrik op it sjen fen it bloed, det er by

it sjitten fen in libben ding dochs wachtsje moast, makken syn

getugenis yn dizzen wol hwet twifelaftich.

Sa gau as hja koenen makken se de man út de boel los, dêr er yn bipakt

siet, om ’er de brebier fen Sexbierum by to heljen; mar it wier to let;

it libben wier der út: hy wier kroandea. Oeblom houdde him noch de

spegel ’ris foar de noas om to sjen eft it glês ek biwazeme, en do it

glês klear bleau, helle er in swiere sike op en sei: “Fij, Fij! It is

dien mei him, for ivich dien mei him. Och, mocht hy noch hwet langer

libbe ha om de greatheit fen syn grouwelstik yn to sjen en him ta God

to kearen; hwent hy is yn in swiere sûnde stoarn. Hy hie dochs ek in

heit en mem, dy er ljeaf en dierbaer wier, en God wit fen hwet in lytse

misset hy njunkenlytsen ta dizze greate misdied komd is.” Oeblom waerd

weak en fage mei syn himdsmouwen syn wiete eagen ôf; hwent syn baitsje

hie er noch net oantein. De âld man waerd moeilik: “Foi, foi! sei er,

en kriet as in bern; as syn âlders dit to witten komme, ho scille de

earme herten it drage. Earme stimpers! God mei him om hjar erbarmje!”

Nuver en kinstich wier dy keardel dêr yn dat pak bitimmere, en howol hy

mar in plat keardeltsje wier, moast er it al forskate dagen probearre

hawwe om it yn sa’n lyts bistek in ûre mannich út to hâlden. Syn

knibbels hie er ta de hichte fen de naule sa hwet optild en mei syn

skonken siet er yn in greate roune doaze. Noch in oare doaze, mar

hwette wider en sûnder boaijem, folde de romte oan twiske syn troanje

en de knibbels, en dêr ’er in tin wollen ding mei fitergatten, dy ek

hjir en dêr yn it pak sieten, oer him hinne slein wier, hie er

bihoarlik romte om to sykheljen, mar it is dochs warskynlik it op en

del gean fen syn boarst by it sykjen west, dat Bauk oan it pak heefjen

seach. Syn rjuchter earm stike yn ’e doaze, en yn dy hân houdde’ er in

skerpe breahogge, dêr er him yn ienen mei losrippe koe. By him laeinen

den noch fjouwer ladene pistollen en in silveren jachtfluitsje om de

kammeraten fen syn binde op to roppen. Do hja oan it mês en de

pistollen kamen, waerd Oeblom oars yn it liif, en nou yn dat deade lyk

neat oars sjende, as in moardner, dy syn rjuchtfirdich lean krige hie,

waerd er fen meilijend yn ienen lilk, en sei: “Dou skobbert, hwet hawwe

wy hjir? Mar ik moat him ek mar net for skobbert forsprekke, die hy ’er

ûnder it mylderjen fen syn stimme by; hy is nou al gien om to rjucht to

stean foar de rjuchter, dy him troch nin falske getugen, troch nin

babbelerij fen abbekaten bigûchelje lit, mar dy elts mei griffe

skealjen weacht nei det er swier is. Hy is nou yn ’e wiere wrâld en wy

yn it gûchelspil fen de onwiere.” “Dat is wier, sei Hessel, wy

oardeelje eltsoar mar by gisjen, en gisje kin misje; mar ik tankje God,

det dy skelm dy dêr yn syn bloed driuwt, noch yn tiids ontditsen is;

hwent oars scoe nimmen fen ús it ljocht fen in nije dei warskynlyk wer

sjoen habbe, en mûlk wierne wy nou allegearre al in lyk west.

Dit sizzen fen Hessel sloech wer in riem om it forbûke hert fen Sikke.

Hy wist net hwer er wier en hwet ’er fen him nei in moart wol wirde

moast; mar hy miende nou yn to sjen det er in tige daed dien hie en for

de earste reis, nei det er it skot dien hie, bigoun er ek in duit yn it

ponkje to smiten. “De wearlich, sei er, hwet in gelok det ik der mar

ynbarnd haw!” mar net ien fen syn maets, dy der goed ef tsjoed op

anderde. Bauk houdde hjar nou ek stil, en howol wakker ontskroefd,

houdde hja hjar by dit bloedich stik krankiler, as men fen in boerefaem

wachtsje scoe. Sikke hie syn each net ôf fen dy fjouwer ladene

pistollen; hy kearde se om en wer om en biseach se fen alle kanten. Twa

dêr fen wierne fen in nuver makelei en wondre kinstich makke. “Mar hwet

sizze jy nou Hessel, frege Sikke, det hy mei dy dingen dien hawwe

scoe?” “Hwet hy dêr mei dien hawwe scoe? anderde Hessel, dat hoefste

wrychtich net to freegjen. Dat is in bernefraech!” “Nou, my tinkt, sei

Sikke, it is mar in segen, det ik der yn puijere ha. Hie dy divel dêr

yn it holst fen de nacht libben útkomd, wy hiene allegearre om sjippe

nei Jerusalim gien. Akkerloat, ik hab dat galgebrok de laech sa jown!”

“Ja, heite, sei Oeblom, ús ljeavenhear hat it sa stjûrd, det de koegel

op it rjuchte plak kaem; hwent hie dyn skot bisiden him lâns gien, den

hie sa’n bitûfte gaudief wol sitten bleaun. Mar egentlik sjen ik nou yn

de hele boel in trochtrape fyn plan, om ús earst fen kant to helpjen en

den it slot fen Jonker Liaukama to plunderjen en yn brân to stekken.

Nei myn dom bigryp komme by dit wirk mear to pas as de iene dêr mei syn

bilitsene mûle.”

Dit wird fen Oeblom wier der net út, ef Sikke bigoun aenstons to tinken

oan in binde nachtdieven, swartmakkers, moardners en sok reau. O, hwet

scoe er mei syn Chatham ûnder sa’n pak ombarne! Hwet scoe hy se sjitte

det hjar de termen op ’e skoen hingen! Hwet scoe hy se yn ’e bek barne,

det de iene kewel oan de oare hinge! Hwet scoe hy se foar de kop

sjitte, det it brein tsjin ’e beammen spatte! Ho scoe Bauk den gûle en

Oeblomme bidde! O, dat scoe allegearre gean as in liere! “Ja wol, sei

Hessel, dat scil gean as in liere aste mar neat to dwaen hieste, as mar

jimmer wei to sjitten; mar der moat ek laden wirde, en hwa scil dat

dwaen? Ik hear wol, heite, dou bigrypste der neat fen. Mar dat nimt net

wei, det wy hjir help hawwe moatte en aste hwet dwaen wolste ta ús

feiligens, rin den gau nei de slotboeren en sizz’ hjar, hwet hjir

dwaende is.” Mei ien fleach Sikke as in pyl út ’e bôge nei de twa

slotboeren, om hjar to warskouwjen en dy twa seinen it fierder oan noch

trije fen de neiste bûrljue, en in bytke oer achten hienen se

fiif-en-tweintich man oan it slot, fyftjin ladene snaphanen, Chatham

dêr ûnder bigrepen, en de fjouwer pistollen, dy se by de keardel yn it

pak foun hienen. Sechstjin fen dat folk fordielde Oeble foar de

finsters, fyftjin mei snaphanen en ien mei in goezzeroer, allegearre

laden; de oare houdden ûnder de wacht, de iene wapene mei in heafoarke,

de oare mei in âlde houwer út de Boxumer slach, in tredde mei in iken

kneppel, en oaren wer mei pistollen. Sikke sette him mei syn maet oan

it finster flak foar de poarte en tagong ta it slot, en mei sa folle

man efterbaks wachtte hy ongedildich nei de folgjende aventûren.

Lykwol, ho Sikke ek op syn plak stie to barnen, bleau alles sa stil as

in mûs oan ien ûre nei middernacht ta, do it him yn de kop kaem, om op

it silveren jachtfluitsje to bliezen, dat er by de tsjeaf yn it pak

foun hie. Sa sûnder immen fen syn maets to warskouwjen stiek hy de

holle it finster út en bloes út al syn macht, det it skille kritende

lûd yn it holste fen dy stille tsjustere nacht oer de fjilden klonk. Al

de mannen, dy dêr de wacht hienen, skrilden der fen, mar ho folle

frjemder hearden hja op, do dat fluitsje fen Sikke eagenblikkelik fen

in fluitsje, dêr net fier ôf, andert krige.

Ho dat geheimsinnich fluitsje de wapene boeren yn de earen klonk, kin

elts licht neigean. It lot fen hjar breahears slot en skatten en ek

hjar eine lot fen libben ef dea scoe nou binnen jinnige eagenblikken

útmakke wirde, en nimmen as Hy, dy de takomst oersjucht en bistjûrt,

koe sizze hwet der de útkomste fen wêze scoe. Eltse boarst heefde him

heger, eltse polsslach tikke hirder; eltse sike waerde ôfbritsen en

forhastige troch it popeljen fen it ontroerde hert; eltse snaphaen

waerd oerhelle en oanlein op de poarte fen it slot; elts digerkike by

it feale skimerljocht fen tûzen fonkeljende stjerren oan it útspansel

om de grins fen syn kjimmen út to setten en alle earen spitsten hjar,

om de fiere geluten op to fangen, sa as se op it labberjen fen in

ripich nachtkoeltsje oandriuwen kamen.

Oan dat ondildich wachtsjen kaem ringen in ein. De opkommende moanne

kaem krekt troch in skoer yn ’e wolken hinne en biskynde de groun foar

en efter de poarte mei syn dizenich ljocht, do men yn ’e fierte it

gedraef fen hynzers fornaem, dat al oanwoechs hwet it neijer kaem.

Eindelik seagen se in trop hynstefolk skimerjen, dat op de poarte

oanstoarme, do Sikke him net langer ynbine koe. Hy naem syn Chatham op

en skeat dat folk flak yn hjar troanje, mei dat gefolch det der ien fen

tommele en syn hynzer nei de poarte sprong. Dit skot wier it sein for

de maets fen Sikke, dy allegearre ta gelyk út de finster ôffjûrren,

hwerby sechstjin snaphanen en fjouwer pistollen yn ienen hjar fjûr en

koegels braekten. Foar det de reek oploek, wier de hele trop weistouwen

as tsjef foar de wyn, sûnder twîvel út it fjild slein troch sa’n

onforwacht wolkom. Hja mienden it fluitsje fen hjar kammeraet út it pak

to hearren en alles op it slot yn in djippe sliep to finen en by it

hearren fen sa folle skotten mienden hja in hûndert man mei de wapens

yn ’e hân yn it slot ré to sjen om hjar de hals to brekken. Sikke en

syn maet fleagen dadelik de treppen del, om to sjen ho de dingen ûnder

stoenen; hwent hja bylden hjar yn det de hele trop deasketten wier en

det hjar forskrikte hynzers sûnder de ruters op de rin gien wierne. Mar

dy ûnder wierne kearden hjar, en woenen út ef yn net lije det de doar

iepene waerd, foar det it dei waerd en sa moasten se tsjin heuch en

meuch boppe op hjar post bliuwe.

Howol ús boeren wer hwet fortrouwen op hjar selme krige hienen, wierne

se dochs noch lang net op hjar dreef. Hja hearden jinnige minskelike

skepsels, dy se del sketten hienen, tsjirmjen en weinen yn de lêste

deastriid en dat by de kâlde nacht ûnder de bleate himel. Mei dat al

doarsten hja nin hân útstekke om to helpen, bang as se wierne, det de

tsjeaven hjar oer it mat komme scoene. Hwet Sikke en syn maet oangiet,

in ûre ef twa nei dat sjitten kamen hja al wer del, biddende en

smekende om er hjar út to litten, det se ’ris opnimme koenen ho it der

bûten útseach; nei in bulte tsjinakseljen stie Oeblom hjar dat nou

eindelik den ek ta. Mei in greate hoarnen lantearne gongen se nei de

poarte ta en founen mar fjouwer man sneuvele, dy hjar taliken moars-dea

to wêzen. Ien ’er fen laei binnen op it foarplein. “De divel,” sei

Sikke, “dêr is de kwant, dy ik it ljocht útbloes”. De oare trije wierne

der bûten, en laeinen noch al in aerdich eintsje feninoar ôf. Hja

doarsten it spoar fen it bloed net fierder folgje, omdet de wei troch

beammen roun, dêr se net wisten hwet ’er yn skûlje koe; hja gongen den

wer nei hjar posten sûnder it ien ef oar oan to roeren.

Sa hwet in ûre foar det de dage oan de loft kaem, stieken de weitsers

wakker de earen op; hja hearden namlik in gerucht fen draevjende

hynzers, mar dochs net heel klear en by lange twiskenpoazen: ek hie it

nin gefolch. Net lang dêrnei fleagen Sikke en syn maet hast út hjar

fel, op it sjen, sa as hja by it feale moanljocht mienden, det de deade

man, dy binnen it plein laei, wrotte om op to stean en to ontsnappen.

Dead hienen hja him sjoen, lizzende yn in plasse fen syn eigen bloed,

en do dêrop alderleije skynsels, spoeken en geesten yn hjar holle

bigounen to spoekjen, forgeaten hja om ’er yn to sjitten; yn pleats

dêrfen telden se dat grousomme nijs mei folle gegei oan de oare

weitsers. De loft wier ûnderwiles sa dizenich en ticht wirden en hja

bleauwen allegearre op hjar plak yn twivel en eangste sitten, ta de

oanljochtsjende dei hjar de groun klear en iepen lei. En sjoch, de

deade liken wierne ’er wei helle en neat as plassen stjûrre bloed

wierne der oerbleaun. It moarngerucht fen de geesten en draevjende

hynzers wier neat oars west, as knapen fen de moardnersbinde, dy de

liken fen hjar kammeraten weislypt hiene om dêrtroch net forklapt to

wirden.

Dy selde moarns noch fleach it grousomme en nea hearde nijs as

diggelfjûr troch de Bjirrumen, ja, hiel Barradeel. Hele kluften fen

nijsgjirrige minsken bosken om it slot hinne. Bauk, Oeble-om en Sikke

koenen net foar den dach komme, ef hja waerden bistoarme fen

nijsgjirrige frouljue, dy hjar it himd fen it gat fregen en alles op in

hier ôf útfiskje woenen. Mar nearne hienen se mear lêst fen, as fen it

bidden en smeekjen om it lyk út it pak to sjen. It foltsen koe hjar

eagen net sêd sjen oan de bloedplakken op ’e groun, en de jonges en

famkes fen Sexbjirrum spoarden it bloed lâns wegen en fjilden nei.

Jonker Liaukama, lyk as sein is, wier krekt yn Brabân, de grytman op ’e

lânsdei en de siktaris fier fen honk; sa waerd der wol folle fen geid

troch de ljue, mar it gerjucht makke net rêdder-nôch regaet om de tried

fen dit gefaerlike tsjeavepak yn hânnen to krijen. Earst de folgjende

wike waerd ’er in preemje fen tritich acht-en-tweintigen op steld, dy

de deade liken ef de wounen fen de binde oanwize koe. Hjir en dêr foel

wol premomsje op skurfte keardels; hjir en dêr roun ek wol ’ris ien mei

in seare foet ef hân; mar biwiis ef klearichheit kaem ’er net. It

jinnichste, hwet men mei sikerheit sizze koene, wier det der in pear

greate gautsjeaven misten dêr nea in spoen fen to rjuchte kaem. It lyk

fen de keardel út it pak laei in wike for elts yn ’e skûrre to sjen,

mar nimmen koe him thús bringe. Dêrom bigroeven se him mar oan de

noardkant fen it Sexbjirrumer tsjerkhôf; mar do it dêr sa hwet in

fjirtsjin dagen laein hie, foun master op in moarntiid it grêf iepen en

it lyk weifierd, troch hwa, wist nimmen. Yn it koart, net ien fen dat

bretale en goddeleaze complot waerd ’er ontditsen, en de jinnichste

útlizzing, dy men fen dit tsjustre ding jaen koe, bistie dêr yn, det

greate ljue mei hwaens famylje de Liaukamas sont trettjin hûndert en

fjirtich yn ivige en gleone twisten laein hiene, hjar dizze koal stoofd

hiene.

Do Jonker Liaukama út Brabân thús kaem, bileanne hy de trouwe

fordedigers fen syn slot en goed, sa as de âlde adel fen Fryslân

altiten die, keninglik. Oeble-om krige kost en klean oan it slot sa

lang as er libbe, en hie neat oars to dwaen as de hinnen to foerjen en

moarns, middeis en jouns to lêzen (bidden) ûnder de boden fen it slot.

Bauk troude oan in flink jongkeardel to Harns, dy yn bargen en

keallehûden die en mei tûzen goune, dy Bauk fen de Jonker ta bileanning

krige, in foarnaem bargeslachter for de Eastynjefarrers waerd. Sikke

krige fen de jonker in silveren tabaksdoaze mei in nij gewear en waerd

syn jeijer; hwent dat wier syn lust en libben. Mar hy hie in wyld hier

yn ’e nekke; do er fen de hazzen en foksen syn nocht hie, woe er it

opnimme mei de fyanden fen ús lân, en waerd soldaet, mei tasizzing om

fierder to kommen. Hy wier in gnap keardel, dêr flinke lea oan sieten,

en hy koe it syn oersten nuver nei it sin meitsje; troch oppasjen, mar

binammen ek troch it jild en de foarspraek fen jonker Liaukama brocht

hy it ta kaptein en wenne de greatste fjildslaggen by, dy ús lân tsjin

Lodewyk de fjirtjinde levere hat. Op it lêst waerd him in skonk

ôfsketten en mei in houten skonk kaem er to Sexbjirrum wer, om dêr syn

dagen to eingjen. Hy moast alle wiken op Liaukama slot komme to iten,

en dat dûrre sa lang as er libbe. Syn âlde spylfeinten, dy noch

oerbleaun wierne, formakke er yn ’e lange winterjounen mei it forheljen

fen de aventûren, de bataljes en bilegeringen, dy er by wenne hie; mar

de bern, dy om him hinne hingen as wiet hea om ’e skûte, hiene nearne

mear nocht oan as it teltsje fen it _grouwe pak_; den lústeren se eft

hjar lij wetter yn it ear getten waerd.

Do Jonker Liaukama de earste tynge krige, hwet er op syn slot bard

wier, rôp er mei forbazing: _Dat pak pakte raer út_, en dêr fen noch

it sizzen, det in ding raer útpakt. Sikke, dy divel en dea bravearre,

hat nou al lang de flach stritsen for de kâlde oerwinner fen alle

helden, de dea. Syn moedich en edel hert is nou forsmolten yn de blauwe

klaei fen it tsjerkhôf, en syn grize hierren, dêr sa folle koegels

ongedeard oerhinne fleagen, binne mingele mei de kâlde ierde ûnder de

griene seadden. De tsjeppe, flotte Bauk, mei hjar ljeave eagen en

leeljeblanke swannehals, is nou neat as hwet grêfierde en bonken, dêr

fen hjar even min as fen de forrotte roazen, dy foar twa hûndert jier

bloeiden, in inkel spoar to finen is. En dat hert fen bêste âld

Oeble-om, dat sa from, sa trou en meilijend sloech, dat tikket net

mear; it is stôf wirden. Mar sy en wy, wy en sy tôgje in pak troch dit

libben, dêr wy fen alles, mâl en wiis, goed en tsjoed ynstopje; dat

pak, as it ús net goed taliket, kinne wy by it ein fen de libbenswei sa

mar net weismite; it bliuwt by ús; de dingen, dy der yn binne roppe ús

ta: Dou haste ús makke; wy binne dines en wy folgje dy.” En it is wier,

hja folgje ús siel yn in oare wrâld; hwent dêr wirdt it pak iepene en

al hwet der yn is, stikje foar bytsje, naukeurich neisjoen. Minsken,

litte wy den oppasje om ’er nin oare dingen yn to triuwen as dy goed,

from en earlik binne, mei ien wird, dy it ljocht fordrage kinne. Den

scille ús folk en frjeonen, dy ús hjir for gnappe ljue oanseagen

neimiels net ta ús ivige skande sizze: Dat pakt smoarch út! Dat hiene

wy noait fen sa’n moai man tinke kind! Mar foar minsken en Ingels

scille wy de holle opstekke doare, det wy mei al de lekken en brekken

fen de minsklikheit dochs yn oprjuchtichheit foar it alsjend each libbe

hawwe. O ho skoan pakt den de sek út, dy wy yn dit libben fold en tôge

hawwe!

Rimen en Teltsjes · 第 109 / 279 题