_Lânsljue!_
’t Kin wêze det Joute-baes jimme soms hwette ûnsêft skeart, mar hy
mient it net tsjoed. Hy wol jimme fen it smoarch bird ôfhelpe; jowt er
jimme ’ris in skramke, jimme hawwe ek wol ’ris pûkels. En blet it
hwette lang nei, liz der in pompjirke oer ef tonder, en as ’t slim
komt, it skraebsel fen in âld hoed.
_Bouwe en Rinse_,
_twa Eastynje-farjers._
_Abe en Fetse_,
_twa boeren, dy mei Wopke-slachter en oar foltsen sitte to wachtsjen
nei it skearen._
_Bouwe._ Ho bistou sa op dyn sneinsk?
_Rinse._ Ik hab ús Bokke-omme to hôf brocht.
_Bouwe._ Wier der al lucht oan ’t lyk?
_Rinse._ Dat kinste tinke mei sa’n fol lichem. It stonk wol saun mile
boppe de wyn.
_Bouwe._ It moat wol mei sok myld waer. Mar yn de East is ’t noch oars.
_Rinse._ Ja, dêr hab ik ’ris in grap fen sjoen. Ik ha ’ris mei ús
kaptein to Buitenzorg op Java wêst. Dêr bouden se do in hûs for de
goeverneur. Dat waerd seishûndert trij-en-sauntich foet heech, en dêr
arbeidden do njoggenhûndert swarte keardels oan. Sa barde it, det der
op de boppeste steger in keardel fen in balke kroandea slein waerd, en
om der ôf to wêzen liet dat swarte houne-gûd it lyk mar nei ûnderen
trûzelje. Ik stie der by, det it del kaem; mar yn dy fal wier it lyk
wol heal fen de muskiten opfretten, sa’n biderf kaem ’er yn dat amerij
tiid oan.
_Bouwe._ Ja, sa’n lân kin men nin bigryp fen krije, ef men moat der
wêst habbe.
_Rinse._ En haste it gûcheljen dêr wol ’ris sjoen? De koelies, fordomd,
de sjouwerljue kinn’ it dêrre better as hjir Bamberg.
_Bouwe._ Bamberg? Bamberg? bernewirk! To Soerabaya kaem ús in swarte
timmerman oan boart om it skip to brouwen. Sa kaem it ek fen gûcheljen
to praet, en det wy wol ’ris in kinst fen him sjen woenen. Do naem er
in sechs-tried line, en dêr boun er in tweintich-pouns kûgel oan. Mei
ien keatste er dy kûgel yn ’e hichte; de line folge, folge al, krekt sa
lang er allehiel útroun wier; ûnderwiles kladdere dy keardel as in
blits yn de line op, en yn in omsjên wier er sa heech, det wy him net
mear biëagje koenen. Wy tochten, dy keardel sjugge wy yn der ivichheit
net wer; mar do er him in heale dei oan de loft fêsthouden hie, saeide
de kûgel mei de line by ús skip del; in amerij dêrnei folge omkoal oan
it oare ein, dy er yn ’e hânnen fêst houdde, krekt as in jonge, dy mei
in hynstebiter boartet. De kaptein sei tsjin my: Bouwe, spring yn de
sloep. Dit die ik, en helle de timmerman wer oan boart. De keardel wier
sa kâld as in poarsk: hy hie noch in lyts byt fen in sniebâl yn ’e
bûse, dy er boppe yn ’e wolken makke.
_Rinse._ Dat is nou forflokt ligen, datstou dêr dochste, Bouwe.
_Bouwe._ Dat kin wêze, Rinse. Mar dyn lyk, dat fen de muskiten
opfretten waerd, dêr wier ek in lucht oan, feint! My tochte, wy moasten
de rekkeningen mar tsjin eltsoar útstrike.
_Joute._ En den bitingje ik der by fen net wer. Hwent as jimme hjir
komd binne om ús de hals fol to ligen, den moasten jimme mar yn ’t
apelân bleaun hawwe. En dy it wer weaget, dy scil ik noch hwet mear as
’t bird ôfnimme.
_Rinse._ Hwet den?
_Joute._ Dy scil ik in plasse fen de noas ôfsnije, den kin elts him for
sa’n liich-bist wachtsje.
*** _Abe._ Ho djûr binne de mieren, Fetse? Ik haw jister net nei stêd
wêst.
_Fetse._ ’k Wit net; sa hwet by de daelder om, ek in kromke der oer.
_Abe._ Wierne der al rju?
_Fetse._ Ja, der stiene al hiele keppels. It liket det se rom binne,
mar it wier myn soarte net.
_Abe._ Haste den dyn fêste mieren jiers?
_Fetse._ Né, mar de smoarchste haw ik ljeafst. Ik haw altiid fen dy
Lipske mei hjar bêdteken rokken oan. Dy it fûlst stjonke, dy haw ik
ljeafst, en dy wierne der net.
_Abe._ Ja, dat wirdt der fen sein, dat binne de bêste efter de seine;
mar hja binne droevige onhuer.
_Fetse._ O, dat is neat; de skûrre is rom, litte se dêr ’ris útstjonke.
_Abe._ Ja, mar ús frouljue binne der eang fen.
_Fetse._ Frouljue! Lit dy mar omklieme mei hjar lappen en diggels, mar
ik wol de mieden del ha.
_Abe._ Hawwe se hjar eigen kost, jimme mieren?
_Fetse._ Hwet mienste? Det ik my de earen fen ’e kop frette litte wol?
Ik haw simmers genôch oan twa úthongere wâldljue, dy’t ’k by my yn de
ongetiid ha.
_Abe._ Jane jimme se den jouns ek neat?
_Fetse._ Ja, den krije se sa hwet in heal kroadfol sûpenbrij, en dat
bihimmelje se ek sûkerswiet. Ik wit net hwer se it bergje yn hjar
smelle pansen. Hja binne wis oars fen binnen as in Fries.
_Abe._ Ei, kom ju! It binne ommers ek minsken as wy.
_Fetse._ Wel, dat scil der wol oan ha, as ’t dêr oan takomt. Hwet,
divel, kinne wy traen sûpe as in poep? Ik ordenearje, heite, baes Joute
scoe dy gau dyn lêste bird ontnimd ha, astou ’ris mei hjar ombringe
scoeste.
_Abe._ Mar dat dwane se ek oars net as as se net dogens yn de hûd
binne.
_Fetse._ Nammers to briker. Dy siik wol traen op kin, kin wol kraenoach
frette as er soun is; en binne dat minsken? Wel, man, ik ha ’ris trije
mieren hawn, dy haw ik sechstjin dagen oanien in gong sûpe neitôge, en
dêr frieten se den fen dat trjimmich âld bargespek by, det hjar de
strôte knapte. As wy dat diene, man, hwer scoe ’t hinne! En scoeste den
sizze wolle det in poep in minske is as wy?
_Abe._ Wel, nou scil ’k den ek ’ris mâl bigjinne. Us âlde sikkretaris
hat ’ris âlve flessen wyn opbealge, scil ’k mar sizze; scoe dy den ek
net oars wêst hawwe?
_Fetse._ Dat leauste! Sikkretaris hat in bealch as in oxhooft, en scoe
dêr nin kwartsje yn kinne? Mar de poepen habbe nin gat en nin
liif......
*** _Wopke._ De divel, Joute! Dêr jow’ je my in feech om raek.
_Joute._ Is ’t roerd? Ja, man; efkes. Kom, ik scil der in kromke swam
op lizze. Dou biste ek in bytsje ûnbidich, net?
_Wopke._ Dat tanket de donder jo! As ’k jo ’ris in plasse fen ’t kin
ôfsnei scoen’ je ek net wyt laitsje. En dat moarn trouwe en allegearre!
Dat sjucht der gnap út; mei in sneed yn ’e bek foar ’e preekstoel.
_Joute._ Dat is nin byt; in sneed yn ’e hân is slimmer. Scilste trouwe,
Wopke? Den moaste ommers wol in printke fen my ha. Hawar!
_Wopke._ Hwet stiet dêr op? Dat liket Adam wol yn ’t parradys; dy laeit
dêr to sliepen. Mar hwa riist dêr út syn side op? O, dat is Eva, dy’t
yn ’e sliep út syn ribbe makke wirdt.
_Joute._ Tûk sjoen, Wopke. Krekt, dat is ’t. Mar hwet stiet der nou
ûnder to lêzen?
_Wopke._ Zijn eerste slaap was zijn laatste rust. Dat fetsje ik net.
_Joute._ Stek it printsje mar yn ’e bûse, en bring it my mei in jier
twa ’ris wer. Astou den noch net yn ’t bigryp biste, den scil ’k it dy
útlizze. Mar ’t scil wol lokke.
_Wopke._ Nou, dat giet oan. Dêr laeit myn botsen. Dei jimme!
_Fetse._ Dat wier in fyn stikje, baes. Ha je mear sokke?
_Joute._ Lûk dat laedtsje ’ris op: dêr laeit in stikje fen myn âld-omke
Hoarnstra yn; dy hawwe se yn acht-en-fjirtich it hûs boppe de kop
ôfbarnd. Lêz it mar ’ris lûd op for dizze húsljue. Jimme hawwe it oan
de tiid; der binne noch toalf foar jimme. (Fetse lêst.)
_Boerkerij en keapmanskip._
“Hawar for den divel! Dêr laeit it ark. Ik fordom it sa wyt as sûpe om
langer yn ’e modder en kouwestront om to slaen,” sei Rients, do’t er
syn spylfeint Eable mei in tsjep faem oan de griene side de dyk lâns
riden seach. Hy teach it baitsje oan, en sei tsjin ’e boer: “Ik hab myn
nocht, boer! Ik hâld op.”
_Boer._ Dyn nocht? Dyn nocht? Hwet skilt der oan? Sit de merke yet yn
’e holle?
_Rients._ De holle is my noch al tizich en sûzich; mar bûten dat, ik
wol Maeije meitsje.
_Boer._ Ja, mar sa kin ’t net op ’e wrâld.
_Rients._ Kinne ef net kinne, it hâldt op.
_Boer._ Nou, aste de sile op ’e hakken nimme wolste moaste selme witte.
Ik moat my rêdde. Mar hwet scil Rients?
_Rients._ Freegje je noch? keapmanje.
_Boer._ Keapmanje? Dou keapmanje? Dêr stiet dy de mûle al nei.
_Rients._ Ja, sjen, dêr rydt keapman Wylde syn soan hinne as in hear.
Forline wike is er my twa kear oan de klean lâns jage, en den is ’t:
“dat wirk stiet dy linich, Rients!” en mear sokke smeulske praetsjes.
Men scoene gleon wirde. Dat dwaen se allinne fen hwette tyskjen en
hanneljen. Scoe ik sa net kinne?
_Boer._ Den tinkt dy det it keapmanjen sa folle opsmyt, detste den ek
sa kinste? As it gelok dy altiten to mjitte roun lyk as keapman Wylde,
den ja, al wier de wei ek sa smoarch. Mar der binne ek oare, dy’t ’er
hjar sa skjin úthannelje, det se de hjekkel wer opsiikje moatte. Ik
sjên der nin ljocht yn.
_Rients._ Tsjienris sa goed as dat kouwestirtwaskjen. Hwet is boerkjen?
Hwet hab je bidijd mei de boerkerij? En dat je habbe is ommers mei
goarjen en in liiffol wirk by eltsoar skrept. In hiel winter moat men
sa lang by de âld sûch weitsje, det men selme hast mei bigjint to
gnoarjen.
_Boer._ Hei! hei! hwet giet dat ’er út.
_Rients._ Neat to lûd, boer. Nou habbe jy noch in lânhearre, dy syn
boeren in stik brea mei bûter en tsjiis gint; mar der binne ek oare.
Dat wirdt jins bûrman gewaer nei de dead fen syn âlde lânhearre.
_Boer._ Dou seist der hwette fen.
_Rients._ Syn nije lânhearre mei allerlei ongedierte op it hiem slacht
greater swé as de âlde, en nou de beide einen sa fier net mear oan
eltsoar komme kinne, moatte de boeren koart opboun wirde, det se it
helter útstrûpe. Mei in boer libje se as mei de moalpûde: hja slaen der
op sa lang as ’t stout. In boer kin ’t sa noait winne, al ite se
modder. Is dat in libben?
_Boer._ Dou jowste de mûle folle wille. For bûrman scil ’t net rom
omkomme. Dy man is to heech ophise: dêr haste gelyk oan. En syn
lânhearre past it, oan ’t waeijen fen ’e flagge to sjen, as de man roun
spylje scil; dêr haste ek gelyk oan. Mar, feint, der binne mear as ús
bûrman.
_Rients._ Boer, ik mei nin praet mear hearre fen dat getsjoen oan de
kouwe-ûren. Dêr habbe jy de nijboer, in man, dy’t út syn eigen fearren
fljucht. Ho is ’t dêr mei? Yn twa jier yn ’e flotgêrzen.
_Boer._ Ja, mar nijboer hat it op de nije menear, alteas oars as ik it
leard hab. Nijboer kin fjouwer-en-tweintich kij meltsje, en hy hat in
omslach fen acht-en-fjirtich. De greate wirkier stikken. Folletiids fen
’t hiem, en mei in lange piip yn de holle yn de Gouden Snoek sitte. Nei
alle merken ta reisgje dêr hirddraefd wirdt, en den mei de rûzige holle
yn de hynzers omtyskje. Hein en fier nei alle boelgûdden, en mei
allerlei moai gûd thús komme, dêr nimmen nin sin oan hie as hy selme,
en ’t arbeiderslean fen ’t nedich wirk yn ’t lân bigreatsje. As dat
koe, hie ik ryk wêst.
_Rients._ Dat scoe it him net dwaen; de húshâlding wier altiten yn ’e
heak. It wiif lit it net forsmoarkje, en hja lit it hjar ek net to djûr
oansmarre.
_Boer._ Ja, dat liket al sa. Hja lit it net forsmoarkje, en hja keapet
net to djûr, mar hja keapet to faek en to folle. De bûgel komt to faek
los. Dat wisten de fyndoekspoepen bêst, dy by folle boeren de reamme
fen de aden nomd habbe; dy rounen dêr in bryk gat, en praetten de
boerinne de trijegounen út de kast wei, en dêr wer moaije doeken for yn
de pleats.
_Rients._ It hat altiid in kwea wiif wêst.
_Boer._ Dat is nijboer faek gewaer wirden, as hy mei de bûter to merke
kaem.
_Rients._ O, praet my net fen dat divelsk reau fen bûterkeapers. Dy
stekke yen ôf, det it bloed der neirint.
_Boer._ Dat is sa slim net astou bearste. Hja meije wol op hjar hânnen
sjên; hwent der wirde hjar rare drankjes by eltsoar klitst. Hja triuwe
der alles mank. It hâldt by fyn moal allinne net op.
_Rients._ Praet ’er net fen, boer. Yn myn earste tsjinst ha ’k genôch
heard, as de boer thús kaem; den wier it altyd oarloch yn hûs; den wier
de bûter bont, den to heech, den to wyt, den to sâlt, den to lef; den
smakke se spekkich, den fiskich, den to weak, den to sûpich. Den
bitter; den is se net goed útkjimd, den to waerm tsjerne; den in
wetterluft; den smakke se mjitsk, den nei ’t molkenkrûd; den laeit der
in bernehoas ef in holdoek yn: allegearre mirakels om der in rider ôf
to skoerren.
_Boer._ Ik hear dou hast’ dêr in houn giseljen sjoen; de boerkerije
kinste nin goe’ fen hearre. Mar dou seiste fen goarjen en in liiffol
arbeidzjen....
_Rients._ Ja, dat siz ik noch.
_Boer._ Ik wit net better, ef ik yt my goed sêd, en doch nin wirk mear
ef ik kin ’t bêst ôf. Dêr for hab ik soune lea, en in pear goede hânnen
fen ús ljeaven hear krige. Dou seiste, ik hab noch in goe’ lânhearre;
dat is sa, mar lânhearre is sa wiis wol, det as hy alles habbe wol, det
hy den neat kriget. En dy’t goed yn ’t blêd stiet hat nou hwette mei to
sizzen. Wize lânhearren nimme de heechste skriuwers net mear; hwent dat
binne ûngelokkige ljue, ef dy it net goed foar habbe. Folle boeren
habbe de lânhearren minder makke: hwent hja waerden foar in jier
mannich, do it goud reinde, fen inkelde boeren fen de hege dyk jage, en
dat wier mis.
_Rients._ It boerkjen is dochs mar domme ljues wirk.
_Boer._ In kretfol geleardheit hoeft der net ta, mar in earnamerfol
gekheit kin der ek net by. In goe forstân krekt sa as ús ljeaven hear
it oan de measte minsken jowt, in soun forstân, dat op de kâlde groun,
net yn broeibakken, ryp wirden is, en dêr de nije gekken de hânnen net
oan hawn habbe om it in earsling bocht to jaen. In goe’ sin, nocht oan
arbeidzjen, en dêrta goede lea, dy dingen hearre der by. Ik hab in jier
by in boer tsjinne, dy altyd mei ’t gewelt yn ’e mûle en de beide
hânnen roun. As hy op merkedei nei stêd teach, den jeije en hirddrave
fen ’t hiem ôf, det it hier efterút stiek. Folle boadskip en neat to
dwaen, en sa lang mei de goede kennissen yn de stêd en ûnderweis prate,
det hy mei in read noas en in wylde holle flokjende en tsjierende thús
kaem. Ut to gast gean en gasten habbe, krekt eft it net op koe. Ik
moast alle dagen nei bûrren om de jeneverkanne folle to litten, en
dêrmei soms sa lang by him sitte, det hy bigoun to âljen as in lyts
bern. Dy hie to folle gekheit, it is den ek einlik op in earm
kouwedriuwer útroun.
_Rients._ Dêr habb’ jy it wer! It kin neat lije.
_Boer._ Neijerhân kaem ik by ien, dy rom geleardheit genôch brûkte yn
’t boerkjen. Hy tochte der oer as dou, det boerkjen domme ljues wirk
wier, en det hy hwet mear mansk wier as al syn bûrljue mei eltsoar. Yn
’t praten like it al sa, mar yn ’t boerkjen koe hy lang net tsjin syn
domme bûrljue út. Hy koe redevoeringen dwaen ta nut fen ’t algemeen....
_Rients._ Fen al ’t gemeen?
_Boer._ Né; fen ’t algemeen, en hy forgeat syn eigen nut. Hy wiste ho
folle rivieren eft der yn Spanjen binne, en hy wiste net ho folle
sleatten en greppels er yn syn eigen lân habbe moast. Hy die folle
lânboukindige proeven, en as ’t jier roun wier, hie er in tredde part
minder sie’ as syn ienfâldige bûrljue. Ien kear tochte ik, nou is hy
gek: do setten Domenij en hy togearre tweintich mollen yn ’e tún om in
los groun to krijen for de snijbeane. Dat hien’ se eltsoar wiis makke.
Mar it dûrre net lang ef de pasterij en ús hiem tilden op. Hy mjokse en
gisele de boel sa troch eltsoar en yn tizen, det hy oan alle iggen en
einen to koart kaem.
_Rients._ Ja, jy kinne wol folle lek en brek by eltsoar siikje, it is
dochs mar arbeidzjen al dwane je jins bêst noch sa.
_Boer._ Ja, man, dêr binne wy hjir for, en gelokkich dy wirk fine kin,
dêr hy as in earlik man it ein mei fine kin. Dat is ’t feilichste paed,
mar altiid net moai. De measte ljue siikje de bypaden; den kinne se
gauwer en makliker, mar der binne ek gûds, dy’t fordwaelje en noait net
goe’ wer to lânne komme. Alde bysitter, lyk astou wiste, hat my yn ’t
spil set: do ik bigoun, sei er tsjin my: “feint, it scil op de man
oankomme. Dou haste in great stik wirk oannomd: hast’ it al bifiemd?
Trouwen en boerkjen is moai to bigjinnen: mar it skip to stjûren, det
alles op syn poaten delkomt, is keardels wirk. It hiem is earst sa lyts
for jonge ljue, hja hawwe jamk de divel op it hiem sjoen, en jeije en
jachtsje wech-ende-wear hinne en hûndert goune is net sa’n great bulte,
det men der mei hanfetfollen mar ôfskeppe kin; en de pong wiid op, en
foar de hân, om der alle amerijen in taest yn to dwaen.” Ik krych noch
folle mear op reis, en hab ûnderfoun, det bysitter it wol wiste. Mar
dat helpt dy net. Dou wolste keapmanje. De njuggen goune, dyste to
Drachten oan de keallen fortsjinne haste, sitte dy yn ’e holle. Siz my,
hwer scil ’t yn wêze?
_Rients._ Hynzers en kij fen beiden, tinkt my.
_Boer._ Den kinste hânnen en foetten beide sparje: mar den ried ik dy
om earst in jier twa nei Kollumer-sweach to skoalle to gean. Dêr
forsteane se de kinst om der hwette mei to bidijen. Oars wit ik net
folle dy spek sette mei de hynstenegoasje: en om mei de hearen om to
gean haste nin goe’ postuer en kinste net goeder-nôch prate.
_Rients._ Hwerom net?
_De opsichter Hoarnstra stjit de doar op, en seit_: Ha jimme slachte?
_Rients._ Né, ju.
_Hoarnstra._ Hwet dogge dy keallepoaten den yn ’e linebeam to hingjen?
_Boer._ Dou tommelste ús hjir sa raer op ’e hûd. Kom yn, den scille wy
dy dat allegearre bitsjutte. Wy hawwe dyn rie ’ris krekt nedich.
_Hoarnstra._ Hwer hien’ jimme it oer?
_Boer._ Rients hingje de kouwestirten wol saun jelne de hals út: hy wol
keapmanje, hynstetyskje. Mar ik siz, hy hat nin postuer, en kin ek net
goeder-nôch prate.
_Hoarnstra._ Ja, lige dat moat er út de pin kinne, en in foech bocht yn
’e rêch der by. Ik ha toalf jier by mynhear Diependael wenne; dy hat
alles mei hynzers en moaije frouljue forspile; mar dat hong fen
flaeijen en ligen gear om mynhear it jild út ’e bûse to tsjoenen.
_Rients._ Ho nou? Seistou it dyn breahear den net, det er bidragen
waerd?
_Hoarnstra._ Ik it sizze? Jonge, hwet bistou in Jobbe. De hynzers, de
moaije frouljue, de fammen, mynhear, it friet en soep allegearre fen de
hege beam ôf: en ik die mei, hertke hwet woll’je, múlke hwet lêst je.
En hwet waerd der in noed fen dy moaije frouljue en hynzers stien! Der
wierne nin flarden sa djûr ef it waerd hjar om it gat hinge.
_Rients._ Dat wier in libbentsje.
_Hoarnstra._ Ja, mar it ein! It is de hynzers gien as de moaije
frouljue, en de moaije frouljue as de hynzers. De hynzers binne fen
mynhear komd by in lânbrebier, fen de lânbrebier by in foerman, fen de
foerman by in sleper to Ljouwert, dêr se meager as in range, lam en
krepel, mei in iepene hûd onbarmhertich by de pipen opgisele waerden;
de sleper hat se for it lêst noch ’ris merke hâlde litten to Frentsjer,
en fen Frentsjer binne se nei Kollumer-sweach kuijere, dêr it
fildersmês de bisten yn ’e ein út de ellinde holpen hat.
_Rients._ Wy wolle dochs wrychtich hoopje, det it mei dy moaije
frouljue hwette better gien is.
_Hoarnstra._ Krekt en allyk. It kin net krekter. Fen mynhear gongen se
ornaris oer yn ’e hânnen fen in oannimmer, in hynstekeaper, in
officier, ef sokke maets; dizze leveren se ôf oan in soldaet ef
fyndoekspoep, dy hjar wer yn in sûphúske brochten; fen it sûphúske
diene se de greate sprong nei in spylhûs, en fen it spylhûs kamen se
swietkeswei troch it gasthûs op ’e snijkeamer: ef, as ’t op syn
aldermoaist bisloech, modderfet mar âld en forwile by de
ontfanger-generael ûnder in brêge to Amsterdam, en dêr forkoften se den
biljetten oan de geande en kommende man. Dêr moaste mar om tinke,
Rients, lichte frouljue en moaije hynzers komme op ien plak to lânne.
_Rients._ Dyn hear hie al in nuver plak for hjar bisteld.
_Hoarnstra._ Dêrfor hat syn folk him den einlik ek plak bisteld yn in
kosthûs, dêr se him twaris deis omthelje op beane en smoar. En ik....
_Rients._ Nou, ja; en dou?
_Hoarnstra._ Ik bin opsichter wirden.
_Rients._ Dou biste wrychtich oan ’t bêste ein komd. Dou biste in hear.
_Hoarnstra._ Och, och! Dat meager stikje brea scoeste net rom fen
sopje. Wy frette de hjouwere net, heite.
_Rients._ Hwa den?
_Hoarnstra._ De koetshynzers, myn frjeon! De koetshynzers! Dy kinne nin
sile mei lûke, nin man drage; dy boarste fen fettens. Dy beesten doge
nearne oars ta as mei in moai tek op stâl to stean en to fretten.
Lykwol dy krije de hjouwere, maet.
_Rients._ En hwer hearstou den ûnder?
_Hoarnstra._ Der binne koetshynzers, en der binne hierknollen, dy
sleepje en jeije moatte. Dat binne ongelokkige beesten, dy hierknollen!
Elts, dy’t se oer hjar hawwe, sit hjar op ’e kop. De iene stjûrt hjar
hjir hinne, de oare dêrre; dy lûkt en hoartet hjar yn ’e bek, en dy rit
hjar mei in sloppe jageline. En noait de selde wei! Eltse moanne is ’t
bynei oars. Nou is de wei rjucht, den krom; nou heech, den leech. Hja
scille noch wol tweintich jier probearje, hwer de bêste wei lâns rydt.
Hat de foerman in noartige boi, ef is er útmakke fen syn baes, de
knollen moatte it ontjilde. Binn’ se hwet loai, stroffelje se ’ris, dat
slacht hjar fen boppen del mei de swipe op ’e ribben. En hwet binne dy
ribben meager! Man, nútemuskaet scoestou der op raspje.
_Boer._ Nou, sêft hwet! Jimme krije dochs ek foer.
_Hoarnstra._ Ja, lang foer. Bruijen en hakstrie by ’t bealchfol. En
bigjint it hwet krap om to kommen, roppe se om bisunigjen, den moat it
noch út dat hakstrie weipinige wirde. De koetshynzers hâlde it rib
allike fol. En wylst allerlei tizige bazen de earme knollen fiterje,
wylst de termen hjar rommelje fen honger, moatte se fen sok foltsen as
jimme noch hearre, det se lânopfretters binne.
_Rients._ Ja, ja, wy sjênne ’t wol, frjeon. Mei in poepepiip yn ’e
holle, in gongelstôk yn ’e hân, en in blauwe rôk oan swiere de hearen
troch it fjild. As se my opsichter meitsje wolle, ik smyt de hjekkel en
de toelle sa fier as ik se krije kin.
_Boer._ Hou, hou, feintsje! dat giet sa maklik net. Dou kinste op ’t
jild fen ’t lân net pasje ef dou moaste dyn eigen earst forspile hawwe.
En haste it sa fier brocht, det nin skroar, nin bleeker, nin bakker,
nin timmerman, nin divel in duit fen dy helje kin, ef sy moatte it dy
earst mei abbekaten foar it rjucht fen de bealch ploaitsje, en dou
kinste dy noch in jier mannich op ’e proppen hâlde, den haste noch wol
’ris kâns oan it greate ieslok to kommen.
_Hoarnstra._ Ja, ja, feint! Troch finansjes komste yn de finansjes. Ik
bin der ek sa komd.
_Rients._ Dou ek? Skammeste dy net detstou it seiste?
_Hoarnstra._ Dat is de wrâld sa. De boer wit it like goed as ik.
Mynhear Diependael hat my einlik syn kokenfaem ta wiif jown.
_Boer._ Ja, Hoarnstra; mynhear hat in bulte wirk for dy dien!
_Hoarnstra._ En do hat er ús yn in winkelke set. Mar myn wiif wier yn
de koken fen mynhear skjin forwend; en as hja in poun prommedanten
forkofte, den iet se de winst altyt op. Koartom, alle iggen en einen
wierne mei in rep to lyts, en de keapljue to Ljouwert woene ús
útstrûpje; mar der wier neat. Gelokkich wier der in mynhear fen der
Slemp, dy folle mei ús mynhear op in paed wier, do ’t ik noch by him
wenne; dy hie rju to sizzen, en hat my opsichter makke. Mynhear
Diependael hie myn wiif oars altiten in tolhikke twiske Ljouwert en it
Hearrenfean biloofd.
_Rients._ Nou, as ’t sa moat, den net. Ik bliuw mar by myn earste sin.
Sa hwet hannelje yn hynzers en kij, dat liket my net tsjoed ta.
_Boer._ Mar ik siz dy noch ’ris, dou haste gjin goe’ postuer om mei de
hearen om to gean, en kinste ek net goedernôch prate.
_Rients._ Hwerom net?
_Boer._ Kom oan! Astou ús âlde rún forkeapje scoeste, in beest dêr net
folle goed flêsk oan is; trije kear mei de dongwein op reis wêst; in
spoeksjender op-en-út; ho scoeste dat oanlizze?
_Rients._ Wel, ik scoe him stiif by de bek hâlde, en rinne den mei it
beest sa fûl as ik koe op en del, en sjênne den to akkoartsjen.
_Hoarnstra._ Mis is ’t. Jonge, jonge, ik ha dat munsterjen sa faek by
mynhear Diependael bywenne. En dat spile allegearre mei eltsoar ûnder
ien tekken om mynhear to bijeuzeljen. De keapman stoppe de pikeur en de
feinten fen mynhear de hânnen, en sa pissen se allegarre yn ien pôt.
Wier it hynzer wiid fen skonken den munsteren se ’t mei it gat deun
tsjin in mûrre oan, en den loek it beest de foetten yn. Wier it beest
leech op ’e foarpoaten en it moast bisjoen wirde, den lieten se ’t mei
de efterpoaten stean op in steed, dêr de groun in tomme twa leger as
foare wier. Wier it beest folfoettich, den waerd it noait op stiennen
munstere, mar altyd op sêft sân. Rients-om, dou wiste net heal hwet der
al sa yn dy greate wrâld to keap is.
_Rients._ Dêr ha ’k myn libben net fen heard.
_Boer._ Mar hwet scoeste tsjin de ljue prate?
_Rients._ Wel, ik scoe sizze: “Ik haw in rún yn ’e hanlinge,” en den
koene se him selme bisjên.
_Boer._ Dêr hawwe wy it al. Sa fier mis as Jistrum fen Madrit leit.
_Rients._ Ho den?
_Boer._ In hynstekeaper, dy de kinst leard hat, seit: “ik haw hwette
moais yn ’e hanlinge; in skilderij, dêr woe ’k de wjerga wol ’ris fen
sjên yn de saun provinsjes. It is mar jammer det syn likens net yn ’e
wrâld to finen is; der kin noait in span fen komme. In earste minister
op biennen; in foarwirk as in lieu; bonken as glês; in opperprefester
yn ’t túch, en den sokke nuvere seden en sin, as men se noait fynt. Fen
krachten en formogens wird’ je de ein noait gewaer: hwent der is nin
minske, dy sa lang sitte kin, as hy rinne kin. In bern kin him mei in
siden tried stjûre, en der mei troch it fjûr ride. Ja, sa’n ding is der
op ’e wide wrâld net, dêr men him net foarspanne kin. Hy hat in lyts
koltsje, oars hie hy lang by in fjouwerspan wêst by mynhear Fen Rinde
yn Hollân. As se freegje: “stapt er ek hwette oan?” den wirdt der sein:
O, it is in dom hynzer; der is noait net mei pield; mar as hy yn goede
hânnen is, kin hy yn acht wike gouden-swipe-hird. As men him in tik mei
de jageline jowt, o, den bigint er sa raer op de fyoele to spyljen. Den
mjit er oan, dat siz ik jo. En is ’er den ien, dy ’er hwet lek en brek
fen sizze doar, den moaste him aenstons oer ’e snute houwe; dou moaste
him aenstons mei ontfanger sizze: “der scil noch ien mei in siden broek
op ride, wearljach!”
_Rients._ Dat liket my nuver ta.
_Hoarnstra._ Mar nou moat ik dy noch hwet freegje. Hwet scilste sizze
as de rún forkoft is?
_Rients._ Wel, den scil ’k it jild nei my strike, en dêr is de boel mei
út.
_Hoarnstra._ Sjuchste wol, al wer mis. It is net allike folle ho de
keaper fen ’t hynzer fen dy weigiet. Dou bigrypste wol, det hy yn ’t
gebrûk al de geheime kwalen fen dy rún fine scil, en as er den seit:
“dy knol is damsteech, koppich, kolderich, dimpen, ef weinfljochtich,
ef bekstallich; dêr habb’ jy de rún wer, jaen my myn jild werom, den
moastou tsjin him sizze kinne: “ik woe’ it beest werom nimme; mar jy
woene it perfoars hâlde. Hâld it nou ek.”
_Rients._ Nou noch mâller. Ho giet dat?
_Hoarnstra._ Dat scil ’k dy sizze. Astou him to tûk wêst haste, moaste
him yn ’t forstân bringe, det hy dy to tûk west hat. Earst moaste de
keaper ’ris hifkje. Wylst er dy it jild tatelt, moaste tsjin him sizze:
“ik wit net, it moeit my dochs, det ik fen it beest ôf bin.” As er den
bigjint to glimkjen krekt as ien dy sizze wol: “Ja, feint, ik ha dy al
beet;” den moaste sizze: “ik wol je traktearje op in bêste flesse reade
wyn.” As er den mar foarttelt, en seit: “kom, kom, keap is keap; stek
my de gek net oan. Jy witte wol better;” den moaste de hân útstekke en
sizze: “hawar, hâld de hân ’ris op;” en den moaste him yn de hân
bruije, det him de fingerseinen piipje, en sizze: “Dêr binne fiif
inkelgoune, den hâlde jy it jild, en ik de rún.” Astou den sjuchste,
det er goed yn ’t bigryp is, det er dy bitritsen hat, den moaste it
jild sa beare lilts nei dy skoerre. “Dy fordomde jildpine,” moaste
sizze, “nou bin ik myn awentûr kwyt.”
_Rients._ Dat liket my nuver ta, siz ik jo.
_Boer._ Kom, yn koartens is ’t Easterwierrumer merke: dêr moaste ’ris
mei keapman Geale hinne. Dêr kinst’ der hwet fen hearre. Mar siker,
biried dy! Sliep de merke earst goe’ út, en kom moarn ’ris wer.
_De faem._ De frou seit, hjir is in stik wrakke tsjiis, Hoarnstra. Dat
moatt’je oan jins wiif bringe.
_Hoarnstra._ Woelje it mar yn in krante. _Immers zullen mijne oogen het
loon der ongerechtigheid niet zien._ Dei jimme!
_Fetse._ Dat is út, mannen! Hat it hwet foldien?
_Abe._ Skoan opperbêst. Mar hwerom roun dy skriuwer fen ontfanger sa
wei, en dy twa boeren?
_Joute._ In bytsje rudich!
_Abe._ It is ommers al fyftich jier lyn; hwet habbe hja hjar dat oan to
tsjen?
_Joute._ Dat scil ’k dy sizze. Lêsten is ’er yn ’e stêd in priis op
redens forriden; de jouns hiene de hearen in great gastmiel, en dêr
hiene se de winner by mei syn maet, dy’t de premie woun hie. Do’t op it
lêst roun, en it bierke sa hwet yn ’e man kaem, bigounen de hearen to
fjuchtsjen.
_Abe._ Nou, hwet wier dat, det de hearen eltsoar ris by de hûd krigene.
_Joute._ It wier Frysk, krekt sa as ’t hearde. Folle better as
pluchsnije: en hwet moat der dochs wêze. Mar de hirdriders, dat twa
dimmene boeren liken, sieten elts mei in lang piip hwet efterôf om dat
spiltsje oan to sjen. Ien fen de hearen, dy net mei fûstkespile, tochte
yn him sels, det dy boeren der wol nuver by opsjen scoene; hy frege
hjar eft hja dat wol fen sokke hearen forwachte hiene. “Krekt-en-allyk
as by ús,” seinen de minsken heel krankyl, “earst ite en drinke, en den
bruije.”
_Abe._ Nou, hwet bitsjut dat?
_Joute._ Bitink dy ’ris, Abe! Do dy ljue Fetse preek hearden, makken se
selme de tapassinge; dy kaem hwet hird oan, en sa gongen se foar amen
de tsjerke út. Oars?