Forjit my net as bolle wyntsjes waeije,
En ik oan ’t roer myn sankje sjong;
As kroeze weagen ’t glêdde skip omaeije;
Forjit my net.
Forjit my net as millioenen stjerren,
En ’t frjeonlik moantsje my biskynt;
En dou swiet droam’ hast yn ’e sêfte fearren;
Forjit my net.
Forjit my net as wrede touwerfleagen
My slingerje dêr God it wol.
As ik ompolskje mei de dead foar eagen
Forjit my net.
Forjit my net, as wreed de stoarmen bylje,
En ’t libben hinget oan in tried;
As wy forslein oan ’t needtou ride en fylje;
Forjit my net.
Forjit my net as swarte tommelweagen
Oertruzelje it warleas skip,
En alle eleminten tsjin ús teagen;
Forjit my net.
Forjit my net as w’ einling yet forsinke,
En teare yn ’e djippe sé:
Wol den mei triennen om my tinke;
Forjit my net.