OAN IN BERNTSJE YN DE OARE WRALD.

Byld fen myn hûs en myn herte!

Bern fen myn siel en myn sinnen!

Wêzen fol ljeafde en fol nocht!

Neame, o! doar ik dy nimmer,

Mar binnen hjir yn it herte

Dêr stiet dyn namme biskreaun.

Lakest’ my frjeonlikjes oan

Mei glûpige freegjende eagen,

Gods ingel lake my ta.

Sietste my jouns op ’e skirte

En streak’ne dyn hantsjes myn wangen,

Oer wier de soarch fen de dei.

Leiste jouns ier sa to sliepen,

Mei ûnskilds waes oer dyn troanje,

Roazen bloeiden sa net.

Twiske de sliep en it weitsjen

Tyspele yet foar myn sinnen

Inerlyk, berntsje, dyn byld.

Twisken it ljochten en tsjuster

Wekken dyn flaeijende lûdtsjes

Ljeaflikjes my út de sliep.

Triennen forrinne en fordroegje,

Mar wounen yn memmeherten

Helet de ivichheit mar.

Tiden en minsken forgeane,

Mar libjend’ stiet foar myn siele

Ivich en ivich dyn byld.

Rimen en Teltsjes · 第 98 / 279 题