* In from man bea fen âlds: “o God! ha meilijen mei de godleazen. De
fromme ljue ha je genôch bitocht mei hjar deuchdsom to meitsjen.”
* “Dy gelearde man, hwet is hy stikelich! Dy rike man, hwet is hy
dwers! hwet is hy deun njunken de earme!” Nou, siz hjar den: Dou biste
in bij sûnder hunich. Wolste nin hunich jaen, stek den ek net mei dyn
angel.
* “Sjuch my dat folk ’ris! In bytsje lyn noch lyts, dom, earm,
forgetten, en nou alle man oer ’e holle. Dy poddehoeden!” Treast dy,
fromme siel! Lit de dyamant yn de dong falle, it bliuwt in edele, djûre
stien. Lit in twjirre wyn it smoarge stof fen ’e strjitten nei it swerk
optouwerje! it bliuwt stof, en hâldt syn lege forachtlike komôf.
* Ik foun in pauwefear yn ús memme bibel. “Feintsje, sei ik, dizze
wenje is fier boppe dyn steat.” “Sêft in bytsje, andere de fear; in
gnap jongfeint, dy’t aerdich is, fynt nin hân, dy’t him út de doar
stjit. Ljeaflik is fen adel.”
* Dy him ôfjowt mei dogeneaten sjucht nin goede dingen. In ingel út de
himel, dy mei in divel forkearde, scoe einling syn húnjen, syn nocht
oan onnocht, syn falske knepen, oernimme. Deuchd! nea learste hwette
goeds fen minne ljue. De wolf is ’t net to dwaen om de hûd to touwjen,
mar to forskoerren.
* Wêz’ sa fûl net, det de ljue dy skouderje, en sa goelik net, det se
mei dy weirinne. In skieppeherder frege syn heit om in spreukje.
“Jonge! sei de âld man, mei goedens scilst’ it fier bringe; mar lit de
skerptoskige wolf de baes net spylje.”
* Hja fregen in âld man hwerom ’t er net troude. “Ik haw nin sin oan in
âlde fekke,” sei er. “Nou, seinen se, siikje den in jong wiif. Jy binne
ommers ryk.” Mar dêr andere hy dit op: “As ik, dy ’t in âld man bin,
nin sin oan in âld wiif ha, ho kin den in jongfaem ljeafde for my
hawwe, dy’t in âld man bin?”
* In gek hie it wakkere drok mei in ezel, dy ’t er it a-bie leare woe.
In wiis man seach it, en sei tsjin him: “Dat is forkeard, boi! In beest
kin fen dy nin sprekken leare, mar lear dou swijen fen it beest.”
* Trou him net, dy gappet fen honger, en syn gebet by God forjit, as hy
iten kriget. Dy syn plicht net telt njunken God, dy boppe him is, fynt
der nin bien yn om syn evenminske to misdwaen, dy gelyk mei him stiet.
* Hâld it kwea en fortriet fen oaren for dy sels. O nachtegael! bring
dou de tynge fen it ljeave foarjier, en lit de ûl it ûngelok fortelle.
* Ik seach in rykmans soan by it grêf fen syn heit twistjen mei in earm
mans soan. “Sjuch, sei er oan de earme, hwet rêst ús heit dêr ûnder in
moaije greate grêfstien, en dyn heit, fij man! dy laeit dêr ûnder hwet
skovele klinkerts, dêr in mannich teisterkes trochwaechse.” “Wier is
it, andere de earme feint, lyk as je sizze. Mar foar ’t jins heit him
ûnder dy swiere stien weiwrot, is mines al lang opwjukkele en yn ’e
himel flein. Neat fitere him oan in ierdryk, dat him twong om ivich to
bodzjen, en earmoede ta lean joech. En dy yn hege steat libje, hwet
scil it hjar sûr falle yn oerfloed en eare fen sa’n hearlike wrâld to
skieden. De slaef, dy syn boeijen ôfskoddet, is lokkiger as de prins,
dy se finzen nimme.”
* In hillich minske drôge eren, en seach in keuning yn ’e himel, en in
wysgear yn ’e hel. “Ho is dat komd, rôp er gysten, det dy sa forhege,
en dy sa forstaet is? Dat moast oarsom wêze!” Do kaem dizze stimme út
’e wolken: “De keuning krige de himel omdet hy de deuchdsommen heech
sette, en de wysgear sonk yn de hel, om ’t er him mei de ljue fen de
keuning ôfjoech.”
* O keuningen, harkje nei myn rie! Der is nin moaijer, nin wizer yn al
jimme brieven as dizze: “De wizen binne de pronk fen it keuningryk, en
de deuchdsomme de rom fen de godstsjinst. De keuningen hawwe it selskip
fen de wizen mear nedich, as de wizen it selskip fen de keuningen.”
* In ûngelokkich heit hie in deuchdsom soan, dy ’t ier stoar. De
stienhouwer frege him: “Hwet skriftuerpleats moat ik op syn grêfstien
bikje?” Do spriek de heit: “It wird fen God is to hillich om ’t op
stiennen to bikjen, dêr waer en wyn it útfaget, dêr minskefoetten der
op traepje, en dêr de hounen it bismoarkje. Wolste lykwol hwet hawwe,
bikje der dizze wirden op: “Ik spriik, Och! ho swiet, ho streeljend
wier myn hert it blide grien fen dyn libben, dat nou yn de tún
forsoarre laeit!—De deade andert: Heit! ha geduld ta ’t foarjier, as de
roas wer út it môg’le stof opsjit, en op myn boarst stiet to pronkjen.”