1217.
Hidde wier nei Lisbon tein
Om de Moar to reagjen.
Goud ef silver woe er net,
Mar de hill’ge himelwet
Fen syn Hear fordeegje.
Iv’ge flok oer Mahomet
Bea er yn elts moarngebet!
Mei it krús op helm en skild
Fleach er oer de mûrren.
Mannich Moar foel yn syn swird,
En de dea dy meande hird
Under ’t fjochten, skoerren.
’t Kristenfolk woun ’t ta bislút,
En de Moarman moast ’er út.
Ear en bút, oerwinners lean,
Krigen nou de Friezen.
O! de Moar dy hâldde neat.
Lân en jild en hege steat
Moast hy hjir forlieze.
Jonge fammen noch dêrby
Moast hy jaen yn slavernij.
Hidde krige ’er ien fen mei,
’t Púkje út de riken.
Tsjep, en edel fen geslacht,
Klaeid yn keuninglike pracht,
Woe s’ in prins net wike.
Hidde brûkte hjar for faem,
En hja tsjinne ’im as in laem.
Mar ús sillichmeitsjers wet
Woe sa ’n twang net lije.
“Frijheit, rôp de keuning út,
“Kristenen, for minskebút!
“Oars scil God ús krije.”
Dêrmei elts syn faem weidreau,
Mar allinne Hiddes bleau.
“Moaije ridder, sei de faem,
“Wol my net forstjitte.
“Fier fen âlders, ticht by jy,
“Yn jins swiete slavernij
“Wol ’k myn libben litte.
“Lichemsfrijheit helpt my net:
“Finzen giet mei jo myn hert.”
Ho, Almansa! Is ’t dy earnst?
Scoest’ dyn fyant minne?
Dat moai flaeijen stean ik net.
Njirren krôlje ier en let
Dêr de blomkes binne.
Gean nei heit-en-memmes ta,
My, leas famke, scilst’ net ha.
“God stjûr al dat kwea oer my
“Dat ik jo tawinskje.
“Swiete fyant! do myn each
“Friezen yn dit Lisbon seach,
“Wier ’k in lokkich minske.
“Mei ús pleats hien’ j’ ek myn hert;
“Fier den mei hwet jo taheart.”
Jonge blom, kom, skriem net mear.
Frijers kinst’ nôch krije.
Eltse Spanjert flamm’t op dy,
Sjongt de swietste melodij
Om dyn hân to winnen.
Friezen binne stymsk en stil,
Spanjerts bûge nei dyn wil.
“Spanjert is jeloersk en falsk;
“Dêr mei ’k net fen hearre.
“Jy allinne ha myn hert;
“Jow my oan in Spanjert net;
“Ljeaver woe ik stjerre.
“Lokkich sit dat wiif ’er ta,
“Dat sa’n dapp’re Fries mei ha.”
Skande, skande oer de man
Dy ’t in faem woe stelle.
Né, sa ’n frouljuedieverij
Stiet de frije Fries net frij.
“’n Faem, scill’ jy net stelle,
“Sei hja, ’k klaei m’ yn manljuesklean,
“En as feint scil ’k mei jo gean.”
Goud en silver haw ik net;
Hwer scoe ’k dy fen fiede?
Mei in hearefeint to fjild,
Faem, to reisgjen kostet jild.
Dêr kin ’k net for riede.
Moed en stiel is al de skat
Dy ’t ik ha fen ’t nidich lot.
“Nommele kaptein, dat ’s neat;
“Lit my dêr for riede.
“Fier in hege banjersteat,
“En al binn’ jy earm en bleat,
“Ik scil jo wol fiede.
“Honderttûzen goune jild
“Ha ’k bidobbe dêr yn ’t fjild.
Faem! de stoere reis op sé
Scoe dy rouwen leare.
Stoarm en klip en tongerfleach
Tape triennen út dyn each.
“Lit de sé mar beare,
“Sei hja, dea mei jo is swiet,
“Bûten jo is ’t al fortriet.”
’t Hege wird sit tsjin myn kiel.
Moaije, ik moat it sprekke.
In ljeaf breid yn ’t Fryske lân
Hat al lang myn hert en hân.
Scoe ’k myn trou den brekke?
Spanjes goud en ’t Moarske swird
Troaije my net fen myn wird.
“O, ho sillich is de faem,
“Dy ’t sa ’n frjeon mei krije!
“God joech hjar syn heechste sein.
“Hjir nimt myn getrún in ein,
“En bigjint myn lijen.
“Och, forjow myn kwea oansiik!
“Ljeafde wier ’t dy ’t yn my spriek.”
“Siz fen my jins breid goe’n dei;
“Bring hjar dizze kanten;
“Dit swier keatting fen fyn goud,
“Dêr ús mem noch is yn troud,
“Dizze dyamanten,
“Lit se sierje jins swiethert:
“My forlitt’ne stean se net.
“Ik swar ljeafde en manljue ôf.
“Jouwes mei ’k net wêze.
“Yn in kleaster slûp ik wei,
“En ik slyt myn libbensdei
“Om ’t gebet to lêzen.
“Leau det ien ynfieren bea
“Dêr yn dûrret ta myn dea;
“Bea, o ridder, for jou min,
“For jins breid en ljuwe.
“Swij hjar hwet Almansa die!
“Swij hjar ivich ’t onbiskie,
“Dat hja woe bidriuwe.”
Hidde spriek (syn moed waerd fol)
“O dou—ed’le faem!—farwol.”