DE ALD KIES FEN PIBOMME.

Wy trapen ’ris mei ús trijen op ’e terp om, sei Gabe; ik, master en ús

heit, om i’s yn ’t waer to sjen. It dûrre net lang ef dêr kaem in

keardel mei in swart bosk hier en in kromme noas, mei in gieleftich jas

oan, it paed oer. Dy frege ús eft wy ek âlde kiezzen ef tosken to

missen hienen. “Dwane jy der keappenskip yn, hear?” frege ik. “_Wel

nha!_” sei de man, “_bhen je mal, bhoertje! Hik bhen gehadmitteerd,

mhond-, khies- en thandmeester. Hik trekse hyt zonder phijn._” Ik gappe

dalik sa wiid det er it bigjin fen de swolge sjen koe, en do knerste ik

op ’e tosken as in âld skiep. Hwent ik hie tosken as in wynhoun. “_Heen

sterke mhond heb je!_” sei de man. Do gappe ús heit. “_Daar misshe der

drie_,” sei de man. “Ja hear, sei ús heit: mar de oare binne goed. Stek

’er de finger mar ’ris yn; weagje it mar ’ris.” “_Mhar de bhinne sho

swart; de mhoete gepoetst worde._” “O, sei ús heit, ik haw wol ’ris

lêzen, det it de moade yn Eastynjes is. Dêrby is myn wiif wol mei my to

frede, en as hja stjert den siikje ik noait wer ien, en sels jaen ik

’er net om.” Do spriek er master oan: “_Houwe heer, hoe is ’t met je

mhond gesteld?_” “Och, man! sei master, “myn âld mûle is in

wyldernisse. Hjir en dêr stiet in swarte stobbe, en dêr is sa mannich

hûndert poun tabak al yn forsmeuld, det ’er nin skoarstien op ’e hele

bûrren is, dy fyftich jier oan ien stadiger rikke hat. Mar ik rêd it

der mei. Smoke kin ik yet sa goed as foar fyftich jier. It iten lit ik

meast tin meitsje, en de breakoarsten lit ik myn bernsbern opite. En

dêrby frjeon, ik bin op it lêste skoft: ik hoef net ôf to brekken. It

âld gebou scil njunkenlytsen fen sels wol ynfalle.”—En dêrmei winske de

man ús goe’ joun, en wy him goêreis. Wy gongen do yn hûs, en sa kaem ús

heit fen syn âld kies to forheljen.

Hy sei: “do ik in opslopen jonge wier, hie ik folle lêst fen pine yn ’e

mûle. Us oarremem, dy meastal de masters út it hûs keare koe, jeuzele

jimmerwei: Bjinroas, heite! Allegearre bjinroas.—Dy lei my roaspûdtsjes

fen roggenmoal en blausel op it wang, mar it holp neat. Do lei se my

griene sjippe efter de earen: al wer it selde. It biet en lûkte, mar de

pine hâldde oan. En ik wier do in rimpen blastich jonge: ik roun dalik

mei in opljeapjend sin nei ús brebier, master Keimpe, ta. ’k Hie mar

amper de boppedoar iepen, ef ik rôp al: Toe, master! Ik haw dêr in âld

kies sitten; skoer dy my ’ris knaphandich út. Wy binne yn ’t hea to

skreppen, en dat rottige pjut fen in ding pleaget my mear as de hele

ûngetiid.—Eat is makliker sein as dien, heite! sei master Keimpe; wiste

wol det minskebrekken sear docht? Ik wol ljeaver frij: ik dwaen ’t net

folle.—As jy it weagje, andere ik him, ik weagje it, al scoe ’er de

heale kewel mei út.—Do helle master in brekizer út syn tafelslaed, en

skoerde my twa kiezzen yn ien hoart út. Dat die my gryslike sear; ik

spei se yn myn hân, en sei: O divel, master! dêr haw je my twa yn

pleats fen ien útskoerd. Dat is jammer.—Ja! sei master Keimpe, dat in

skarlún wier, de goede moat it soms mei de tsjoede ontjilde. Treast dy,

heite! As de forkearde der út wier en de kweade wier sitten bleaun, den

wier ’t slimmer: den moaste twaris pine útstean.—En mei dy treast

reisge ik nei hûs. De pine wier glêd oer, mar ik tochte, dat is ienris,

mar noait nin kies wer útlûke litte. For sa ’n moardnerspine woe ’k

ljeaver in ûre oan myn hierren hongen hawwe. Lykwol twong my de need

tonei yet al ’ris ta dat kwea. Dat scille jimme nou hearre.

Mei trije jier krige ik wer in hol kies oan de oare kant fen de mûle,

dy my wer folle pine die. Nou, tochte ik, scil ik my oan ús oarre

hâlde. Dy wit for alle mies’lerije rie; dy scil my ek wol helpe. Oarre

sei al dalik: Ik haw it dy al sein, Pîbeman. It scil dy net helpe, boi,

dat kiesútlûken. It is bjinroas, op en út bjinroas. Dou kinst’ der de

faren yet fen krije; faren, siz ik dy, en fliegende jichte.—Ik leaude

it minske nou better as de earste kear. Ik wier wiis wirden troch it

swiere pynlike leksom fen master Keimpe. Hja teach nou wer mei my to

wirk: earst wreau se my it wang mei nofteren flibe; do lei se my hjar

roaspûdtsjes op it wang, en woun my de holle yn fette wol; en do joech

se my hite mâlke mei hinnekjitte yn, en sa waerd ik den yn de broei set

ûnder twa smoarge hynstetekken. It wier freeslik hwet my det âlde

minske útstean liet! It swit briek my ta alle hierseinen út, en ik

flamme as in flêsktsjettel, en ’t mocht my doch neat bate. Mar as ik it

den útgûlde fen pine en binaudheit, den joech se my yette in stik fine

koeke om my to treastjen, en as dêr in kromke fen yn de kies kaem, den

wier ’t krekt eft der oalje yn ’t fjûr getten waerd, Ik âlle fen pine

as in onwennich houn; ik waerd optild fen pine, moat ik jimme sizze. Do

lei se my griene sjippe mei fine piper efter de earen, en brea mei

yettik op it wang. De holle singere my do dat goed triek, en de pine

lichtte; hwent it iene kwea fordreau it oare. Mar it dûrre net lang ef

it waerd my efter de earen sa iepen as spek, en dêr waerden lapkes mei

rinnend wetter op lein om to heeljen. Mar twa dagen dêrnei krige ik de

hals fol gleone pûsten, dat oeribel jokke. Master Keimpe, dy it ek

seach, sei det it fen dy skerpe sjippe kaem; mar oarre sei, det it

ringfjûr wier, en hja bistriek it mei erfsilver. Mei twa ef trije dagen

joech him dat ek wer del, mar dy pine bleau pine. Us oarre kriet der

om: hja hie jong by in kindich master wenne; hja koe brânsalve koaitse;

roassalve, spjinsalve en skynplasters meitsje; hja koe de kjeld

ôfnimme, de hûch lichte en breukwine; hja wier op in snein berne; hja

koe knoffelbânnen lizze; hja wier mei in helm to wrâld komd. En dêrby

wier se fen it wird! En det se nou hjar Piibke net helpe koe gong yn

hjar eare. Nou bigoun se my de pine to bisetten mei de tomme yn ’t krús

en nei ûnderen ta. Ik miende det it for in toarntsje lichtte; mar hwet

wier it, man? As der in pûst wyn ef swiet gûd yn de kies kaem, den

waerd ik gek fen pine. Om koart to gean, oarre rie wier út. Nou kaem

der in Ongersman by ús oan de doar, dêr oarre, goe’ sloof, for fjouwer

goune gûd fen kofte, dat ysbaerlik stonk. It wier in lyts fleske, dêr

ik ytlike drippen fen yn brandewyn geat, om yn de mûle to hâlden: hwent

de man woe der op út det ik in libben wjirm yn de kies hie, en dy woe

er mei stank fordriuwe. Mar de wjirm kaem net; de Ongersman mei ús

fjouwer goune teach foart, mar de pine yn de kies bleau.

Us bûrwiif Tettsje, dy ’t it altiid sa goed mei my miende, spriek my sa

oan: Pîbeheite, ik hear fen alleman, detste danich yn de pogge sitste

mei dyn kies. Hwerom sprekste my net oan? Haw ik dy net mei in simpel

triedtsje reade Keulske side fen in hounemiezel holpen?—Ja,

Tettsje-ljea’! sei ik, alle rieders binne nin dieders: mar witte jy rie

for my, ik woe om jo en my det ik de lêste wier.—Dêrop sei se: Dou

moast’ twa parten pokhout en ien part alún op trije parten brandewyn

sette, en hâld dat yn de kies; dat lûkt der de fûlens út.—Ik haw hjar

rie folge út frjeonskip. Ik moat jimme sizze, it loek my de mûle by

eltsoar as in Harmen-Harkes-par, mar bate koe ik der ek al net by fine,

en ik tochte: Moaste pine lije, dou biste it allinne net. Dat treastte

my machtich.

Do krige ik rie fen in jiffrou, dy op it slot út-fen-hûs wier, dat in

dokters wiif wier. It middel bistie út tredderlei oalje: spykoalje,

nieroalje, en oalje fen pjirren. Dat moast ik op de nekke smarre, en

den stopkes mei Haerlemmer oalje yn ’e earen: dat wier fjouwer oaljes

tagelyk, en net ien fen alle fjouwer holp my. Do kaem ús grouwe smid by

my; dy treau my mei in spiker de kies sa fol thélead, det wy it der

hast net wer úthelje koene. Us ferver treau der my waeks yn; dat joech

lichting, mar de kies wier bidoarn en stonk as in rúskerne, sa det it

kliemske waeks der einling ta út stonk. Us timmermans wiif lei my brea

mei yettik hjit op it wang; ús skipper treau der my in prûmke mei tar

yn. It hert keart my yn ’t liif om as ik der om tink! In klokmakker

barnde my de kies út mei in gleon priem, det ’er de reek nei gong. Dat

holp earst folle; it dûrre mar fjouwer dagen, do foel der in stik fen

de kroane ôf, en de pine kaem werom. Us Minniste preker treau der my in

heal krûdnagel yn; dy tynde út, en it foldie. De oare deis om njoggen

ûre kaem er al by ús oer de ûnderdoar roppen: Ho is ’t Pibe?—Skoan,

domenij! It hat holpen.—Kom, sei er, dêr helje ik de kofje ’ris for

tonei. Ik scil nou út to peasjou-fiskjen. Goe’ moarn, Pibe!—En do teach

ik mei jimme mem nei Bolswerter merke, mar dêr iet ik wer koeke, en oer

wie de nocht. Ik makke det ik thús kaem: ik kroep ûnder de wrine, en ik

slepte ridlik op de merkebrandewyn. De oare deis kaem ús seilmakker by

ús om nije mounleseilen to mjitten: dy seach my mei myn holle yn de

doek sitten, en frege: Ho nou, Pibe? Formerke, heite? Hat de faem to

hird oanlitsen? Ef hast’ in stik lead op ’e holle? Dou biste oars noch

al fleurich as dy neat skeelt. Toe, lûk de holle ’ris út it helter,

man!—Och, man! sei ik, baes, baes! Ik forgean fen pine yn de mûle.—Pine

yn de mûle, man? Pine yn de mûle? Dêr wit ik fen to sizzen. Mar ik wit

’er in rie for; dat giet troch, grif troch: dat siz ik dy, Pibe!—Do de

man sa praette loek ik de doek oer it kin, en sei: Hwet is dat den,

baes?—Ja, sei baes, it hat frij hwet omslach dat middel, mar ik siz it

dy, it giet grif troch, glêd yn ienen. Dou moaste in great fjûr

oansette fen lindeturf, en gean dêr mei de holle by lizzen, en den

moaste in healmingelen kleare jenever by mûltsjefollen foar dat fjûr yn

de toet hjit wirde litte en wer útspije: en as it healmingelen leech

is, den bistou in genêzen man, dat siz ik dy. De onkosten binne net

swiid, mar it hat omslach.—Lit dat hinne bruije! sei ik, en ik de selde

jouns yette to wirk. Heit en mem wierne dy deis by de kûper to Bolswert

to iten, mar oarre wier der by. Dy noaske dat wirk al net, lykwol

woelle se my in kleaun wirk om de holle, en liet de troanje frij, en do

oan ’t brieden. Jimme kinne tinke hwet ik útstie midden yn de simmer

foar in great fjûr mei in mûlfol-jenever en dat wirk om ’e holle. Mar

it slimste wier binefter. Hwent just wier ’k mei it lêste mûltsjefol to

wirk, dêr bigoun oarre to roppen: “Pîbe! Pîbe! Bern! Dou biste yn de

brân.” Do skoerde en plôkke ik al yn dat wirk om en barnde myn fingers

ek al. Mar gelokkich roun ik nei de pomp ta; dêr stoe in ammerfol

saedswetter en dêr stiek ik myn rûge holle yn. Dat wier yn ienen út de

oun yn it bit. Ik oeffe der fen! It hier wier my fen de kop singd. Ik

hie gjin tiid om oan de kies to tinken, mar ik fielde him gau wer do de

skrik oer wier, en ik forwinske de seilmakker: mar dat moeide my tonei,

hwent de man hie nin skild.

Us domenij, dy ek al gau fen myn ûngelok hearde, kaem de oare deis mei

in opstritsen seil nei my ta. Pibe! Pibe! sei de man, _Wat ga je maken?

Ben je razend, ventje? Je zoudt je zelven ongelukkig maken. Ga naar

mijn zwager den dokter; die zal beter raad geven._ De oare deis ried

domenij mei my nei syn sweager ta. Dy man frege my folle, mar de mûle

biseach er my net. _Gevatte koude, sei er, Gevatte koude, man! Anders

niet. We moeten je aan ’t zweeten helpen._—Switten haw ik genôch, hear,

do ik mei dat kleaun wirk om ’e holle by it fjûr laei.—_Ja Pibe!_ sei

de dokter, _Maar dat was geen natuurlijk zweet._ Hy skreau in briefke,

dêr ik in drankje op helle by de aptheker, en in dracht kamelleblommen

om to drinken as thé. Op oanstean fen domenij reisgen we yette trije

wiken nei stêd, mar det it net holp, wier de man net kwea to nimmen:

hwent hy wiste net det ik in hol kies hie, en ik doarst it him net

sizze, sa bang wier ’k for ’t brekizer. De fjirde wike kaem ’k wer ’ris

by ús aptheker. Dy sei: _Hoe is ’t, Pibe? Betert ’t ook wat?_—Och, né,

man! Hwet betterje. Wit’ jy der nin rie for? Hwent dy dokter wit der

net fen. Jy moatte witte, ik haw in rottich kies, en dêr hat er my net

iendris nei frege.—_Och, hor i’s, Pibe! Wij gain ook al zoo feul met

sukke dingen om, dat wij binne ook al halve dokters. Gain mar in ’t

kamerke: dar hefje ’n glaske mee; dat zal je wel smake._—Hy joech my in

lyts pakje krûden; dy moast ik op in koaltsje forbarne, en den in

trachter oer de reek hâlde en de tute yn de holle kies sette. It dûrre

net lang ef ik waerd dronken en mislik fen dy stjonkene reek. Ik

tochte: Heite, dou meiste in heale dokter wêze ef in fjirde part, dou

bist’ mines net.

De pine waerd nou sa slim det ik hast sljucht waerd, en det ik alle rie

dwaen woe al like se noch sa raer. Do kaem ús bakker by my, dat in

echten skarlún wier; dy sei: Dou sitst’ der raer ta, hear ik, Pîbe.

Mar, heite, der moatte oare prikken yn ’t wirk. Ik haw in middel dat

liket noch raerder as de rie fen de seilmakker; mar it is probatum. Ik

siz it dy, der is in oare wei op, en it is in lytse pine. Dêr hast’

tsjien piperkerlen, en aste joun op bêd laeiste, den moaste dy sels yn

’t stompe ein triuwe.—Ik scoe it net dien hawwe as ik goed by myn wé

west hie, mar do ’k de jouns yn de waermte kaem, wier ’k gek fen de

pine, en ik treau se der ien foar ien yn op. Tink e’ris ho dat my

bigoun to barnen en to biten, do dy kerlen dêr bigounen út to weakjen.

De bakker kaem net wer, mar de oare moarns ier om fiif ûre kaem ús

bûrman by my, dy mei yn de grap siet. Dy sei: Wel nou, Pîbe! Hast’ al

lichting? As dit net helpt, moast’ earst in ôfspile fyoelesnare om de

hals bine, en den moast’ in bekfol kâld wetter nimme, en gean dêrmei

tsjin it fjûr oan lizzen, det it bigjint to sieden.—As ’t flokken do sa

yn de moade west hie as nou, den hie ik bigoun to kettermintsjen det de

lôge der nei gong; mar ik stiek him de fûst ta, en groude him ta: Skear

dy ’er mar út, âlde prûk!

Nou bigoun ik to bigripen, det se my allegearre to fiter hiene; de iene

om it jild, en de oare om ’e nocht. Ik slûpte de jouns stil nei master

Keimpe ta, en frege him eft er my wer in kies útlûke woe. Dêr scille wy

net fen hawwe, sei master. Dou haste do de mûle sa wosken oer dy twa

kiezzen, det ik scil der myn hannen net wer oan bikweadigje. Dêr hast

twa pilkes; triuw it lytse yn de kies en it greatste yn ’e mage; en den

scilste to nacht swiet sliepe. It is moarn merkedei to Ljouwert; dêr

stiet Rotarmel foar de Hopsek; dy scil der dy wol ôfhelpe.—Ik die as

master sei. Ik slepte de nachts swiet, en ik reisge de oare deis nei

stêd. Gabe-heite! hwet wier ik raer yn ’t liif, do ’t ik de stêd

ynried. ’t Wier eft se my mei in stik iis by de rêchstring lâns

strieken. Dêr siet de man op in meager guds, dat de holle sinke liet,

krekt eft it de groun bea om him mar gau yn d’ ivige rêst op to nimmen.

Hy sels hie in rôk oan mei gleone knopen en kwasten; in heech hoed, mei

in plom der op, op ’e holle. Hy hie in wreed gesicht yn de kop. Ik sei

him, det ik in kies misse woe. _Wo sitst er?_ sei er. Dêrre, master!

sei ik, en dêrmei loek er in skerp swird út de skie, en sei tsjin ús

heit, dy efter my stie: _Halt den bursch!_ Hy stiek my de degen yn de

mûle, en ear ik ’er om tocht, staette er my de kies der út, en joech my

him oer. _Das war ein luder!_ sei er tsjin my. _Sie mir die wurzel! Ein

alter kuh hat se gewis nicht ticker._ Ik frege him ho folle jild. _Drei

gulden_, wier it andert. Us heit woe krimmenearje, mar ik joech it de

man risselút wei. Nou is al dat gepleach en gehún oer. Ik stiek de kies

yn ’e bûse, en ik haw him yette biwarre, en dy scil by wolwêzen en

gesontheit mei my yn de kiste. Mar yn ’t ein fen ’t jier krigen wy in

rekkening fen de dokter: dy moast seisenfyftich stûren hawwe, en de

aptheker fjouwer goune en in dûbelke. “Dat dûbelke, sei master, wier

for dat glêske mé. Dat is al nuver, Pîbe, hwet je ús forhelle hawwe. Op

in oar joun scil ik jimme ’ris hwette forhelje fen in rottich skonk, dy

’t ik foar jierren hawn haw. Goe’ joun jimme!”

Rimen en Teltsjes · 第 87 / 279 题