Dy teltsjes, dat hie moai skoan foldien; de niften fen Aldegea
langhalzen der al wer nei. Domenij hie der ek fen heard, en siet de
oare jouns al ier by Saske en Pîbomme to pizeljen; it jongfolk wier út
to slydjeijen, en der wier nimmen fen hjar thús as de klomske skroar,
dy dat fiersto kâld wirk wier. Saskemoi, goêmoer, siet oan ’e kiel ta
fol fen dat iene studinteteltsje. Dat fen dy hel en dy himel wier it
fromme minske al to ûnfoech, en Pîbomme hie bynammen it grou op de
studint, det er ta preker studearre, en den sa grousom forhelje
doarste. It wieren beide moai luftige ljue sa yn ’e omgong, mar as der
fen ’e skrift yn kaem, wierne se fen top ta teil earnst. Gabe sels wier
dat mei al syn flinken to mâl. De bysfeinten mienden wol ’ris, det hy,
dy oars sokke brike útstellen die, ek wol mei hjar oer de skrift hinne
roffelje scoe; mar mis wier ’t! “Dat is hillige groun, heite!” sei er
den; “Aste my dêr op hawwe wolste, den earst hoed ôf en de skoen út.”
Mar der siet mei Pîbomme en hjar noch oar sear. Pîbe en Saske hjar
beide âlders wierne fen Dockum fendinne, en it stike hjar wakker yn ’e
krop, det dy twa Dockumers der mei dy Geastmer sa sneu ôfkamen. Om
koart to gean, Pîbomm’ seach noartich, en Saskemoi wier prot. Domenij
rûkte gau, dat wier poetsje it each út, en makke in boadskip nei hûs ta
om de studint to sizzen, det er dat wer yn ’e es bringe moast. Dy kaem
aenstons mei domenij werom, en do hien’ je it praetsje, dat folget.
_Domenij._ Biste oer Dockum reisge!
_Studint._ Fen Grins ôf? Ja, domenij.
_Domenij._ Wel, ho wier ’t mei de greate granaet? Laei er noch oan ’t
keatting; ef hiene de Dockumers him al oppluze? It is in krappe tiid,
en yn de kjeld is men roppich.
_Saskemoi._ Dêr ha je it deukerske genar wer. Hie ’k it net toft? Nou
scill’ der de kâlde turven wol by komme.
_Pîbomme._ En de protter, dy it plakkaet bisnjit. Ik woe jo wizer ha,
domenij.
_Studint._ Ja, dat earm Dockum hat in bulte to lijen. It is de bok
Azazel; alle sonden wirde der op laden.
_Saske._ Hâld dou dy mar stil, feint. Dy mei dyn Geastmer stroufretter
kenne wy wol.
_Studint._ Wel, nou ja, boerinne! Dat wier al hwette. Ik kin ek noch in
teltsje det twa Geastmers fen ién Dockumer bijeuzele wirde. Scil ik jo
dat ’ris forhelje?
_Saskemoi._ Né feint! Wy hawwe ús meuch al fen dy teltsjes. Doch dy to
Grins! Wit, jowe se dy gjin stik _stoete_.
_Domenij._ Om dy de wierheit to sizzen, fljochste de ljue hjir to heech
ef to djip. Dou gieste mei hjar nei de hel en nei de himel; dat woll’
se wol lije yn ’e tsjerke, mar ûnder de boerekofje is ’t hjir in âld
jestael om op it ierdryk to bliuwen.
[Yllustraasje: JONGFOLK TO SLYDJEIJEN.]
_Studint._ Den ha ’k ’t dêr mei forbruid. Nou, dat wier ek by ’t mak
ôf, dat biken ik. Mar dat fen Dockum, né, dat lit ik net op my sitte.
Hwent as der ién is, dy fen Dockum hâldt, den bin ik it.
_Pîbe._ Dou? Ja, dou!
_Studint._ Hark ’ris húsman: alle gekheit op in stokje; Dockum is nei
Starum de âldste stêd fen ús âld Fryslân! nin pleats haww’ we ek dêr sa
folle wize ljue, sa folle krychshelden út foart komd binne as út
Dockum. Lyk as men nou de âlde ljue yn eare hâldt omdet se âld binne en
de fale merken fen ’e tiid op ’e holle drage; lyk as we tsjin de grize
held mei eagen fen earbied opsjen, omdet wy ’er by tinke hwet hy west
is en dien hat, sa ear ik in stêd, dêr de geboartedei fen weisinkt yn
’e forgettene ieuwen fen âlds, en dy sa goed as de bêste syn part oan
de leaven hat fen ús Fryslâns earekrans.
_Saske._ Scil ik dy in pantsje bysette, feint?
_Studint._ Nou, kom, ja, boerinne! Lit ik de mûle ’ris wiet meitsje.—En
hwet scil ’k fen Dockum sizze, as ’t oankomt op it bergjen ef oanfokjen
fen tige wize ljue? Ik swij fen wrâldske wysheit; ik sprek allinne fen
de himelske, en den siz ik, det it Dockum is, dêr it Kristendom
alderearst leard, oannomd, en foart oer hiel Fryslân útspraet is. Dêr
hat Bonnefacius de groun mei syn bloed hillige: dêr hat Willehaed de
bern fen de Fryske edelljue it Evangeelje leard: dêr hat Alberic wenne,
dy ek yn ’t lân fen plak ta plak, fen doarp to doarp, it Heidenske
gelove útroaide en it Kristelike yn ’e pleats plante.
_Saske._ Hwet haste ljeafst, feint? In wyt ef in read klontsje?
_Studint._ Kom, jow my mar i’s in read. Dat is goe’ for myn âld
boarst.—Om nou noch in wirdtsje to sizzen fen de kriichstikken fen
Dockum; hwet wolle jimme ljeafst? Scil ik bigjinne fen anno 1218 do se
mei twa koggen it kestiel fen Damiate ynnamen, en for de oare kristenen
romte makken om de Sarracenen op ’e hûd to kommen? Mar né!....
_Saske._ Kom, feint, stek i’s oan; dêr is piip en tobak.
_Studint._ Mar, né; ik scil mar i’s hwet neijer oan ús tiden delkomme.
Siz my ’ris, goede minsken! do de Spanjerts.... De deuker! dêr brek ik
myn piip.
_Pîbe._ Dat is nin byt. Helje in oaren, Gabe.
_Studint._ Do ’t de Spanjerts hjir to lânne troch moardzjen en barnen
alles forstomd hiene, en in kik ef mik de dea wier; do allinne in
heapske Wettergeuzen, dy op ’e Noardsé omswabberen, net bûge ef swichte
woenen; ja do dy earme sérobben yn hjar wrakken de frijheit fen ús lân
laden hienen, en by gelok de Briel ynnamen, siz my, hwerre kamen do de
Fryske kapteins wei, dy mei dizze helden foeren en fochten? Hja kamen
fen Dockum; it wierne twa broerren, Fokke Abels en Jan Abels, boargers
fen Dockum.
_Domenij._ Ei, ju! Dat ha ’k noait net witten.
_Studint._ Hea, Domenij, wisten jy dat net? Op dy twa broerren hat Oene
Zwier ommers noch dy moaije rimen yn syn _Geusen_ makke.
_Domenij._ O ja, dy ken ik; mar sizz’ se mar ’ris op.
_Studint._ Harkje den!
_Die stuurse weezens zyn twee Friezen;
Eén schip is onder hun gebied.
Sy kunnen niets als dat verliezen,
En hebben ander erfgoed niet.
De moeder ging daarvoor verpanden
Haar huys, haar haav’, en hare landen;
Geen ampt voor soonen was ’t begeer.
“Gaat,” zeide zy met norsche woorden,
“Verjaagt die wet en godsdienst stoorden,
“En keerd hier, Vry! of, Nimmerweer!”_
_Gabe._ Dy dat makke wist ho it Friezen om it hert is. Dêr sit pit yn.
_Domenij._ Krekt, skroarke! Dêr sit pit yn, en dêrom meije de ljue der
nou net oer. De mage fen hjar hersenpanne is nou allehiel oan dat
winerich en wetterich flut fen rimen forwend.
_Gabe._ Ik hear in belgereid. Dêr scille Rommert en hjar wêze.
_Studint._ Kom, ja; den gean ik foart: oars wirdt de keamer to fol.
_Pîbe._ Wel, my tochte, feint, dou moaste hjir to joune mar bliuwe; wy
scill’ ’t nou hiel wol mei dy skipperje.
_Studint._ Ja, mar, myn kammeraet sit allinne thús.
_Pîbe._ Domenijs neef? Wel nou, helje dy, man; den hawwe wy ommers it
folk wer by de ljue.
De studint gong om domenijs neef op to heljen. Undertwiske kaem Rommert
mei de frouljue yn, en do it folk allegearre by honk wier, fiteren de
niften fen Aldegea Gabe oan om syn teltsje út to fortellen. De skroar
sei, det de skiep bihâlden to Westerein oankomd wierne, en det syn
teltsje dêrmei út wier. “Né, seinen de niften fen Aldegea, dat hâldt
net. Den moaste in oar. Scoestou frij? Wylst Gabe dêr mei alderlei
kwinkslaggen tsjinaksele, sei Pîbomme, det er him mar i’s bitinke
moast, en det Bokke ûnderwiles wol in teltsje opsnije scoe. Bokke wier
de âld feint, dy alear mei in Hynlipper fluit op Nerf fearn hie, en dy
’t de nuvere staeltsjes, dy’t er as siler heard hie, noch yn ’e holle
sieten. Syn teltsje bigoun sa:
“Yn ’e wâlden stoe alear in domenij, dy rju neigeande wier. Hy neamde
him sels harder fen ’e gemeinte, mar de man houdde hast mear fen de wol
as fen de skiep sels, en as er hjar de skjirre op ’e hûd krige, like it
mear nei fillen as nei knippen. Dizze domenij hjitte Gripius, en
domenij Gripius galme yn ’e tsjerke noch al folle fen ’e wirken fen ’e
barmhertichheit, bynammen dy men dwaen moat oan de tsjerke en de
wachters fen Syon: dêr miend’ er de domenijs mei. Ienders sleat er syn
preek mei dizze wirden: “As jimme oan de minsken jild liene, jowe se
jimme krap fiif goune fen it hûndert, mar al hwet jimme oan ús
ljeavenhear jane, dat jowt er dûbeld werom.” De preek wier dien, it
ponkje waerd troch de earmfâden lege, en sjochste wol, ûnder in
pearhûndert duiten laei ek in gouden rider forsyld. “Dy preek hat
fortuten dien,” rôp de dyaken, dy de rider earst yn ’t each krige, en
omdet it noch noait bard wier, roun domenij mei greate feart nei hûs
ta, om pastoarske dit greate nijs bikend to meitsjen. It fromme minske
hearde ta syn forbazing alheel net frjemd op: mei in blier wêzen andere
hja: “Den stiet jo dat goed oan? Kom, dat foldocht my, domenij! Jy
hawwe sa dierber preke, det ik koe ’t net langer útstean. De rider fen
beppes hie sa lang al yn ’e bûgel omtoarke, det hy moast der nou mar
oan, tochte my.” “Ja, mar, de deuker, sei domenij, sa ha ’k dat net
miend, wyfke. As wy sokke dingen sizze, dat is for de gemeinte en net
for de pastoarskes. Foi, man! In grou rider!! Dat is ommers sa bryk as
in hispel.” Mar domenij woe heech springe, hy woe leech springe, de
rider wier wei en pastoarske houdde fol, det de leksoms fen ’e
preekstoel yn ’e earste pleats wierne for him, dy se joech, en for syn
húsgesin, om nei to dwaen. “Och! hwet bistou in sloofke!” sei er op it
lêst, en helle de skouders op.
Mar dy preek dêr kaem noch in oar bollekeal fen, dat net better wier as
it earste. Domenij hie do ek yn ’e tsjerke in âlde koaterboer, Ealsom
wier syn namme, mei syn wiif Botsjemoi; in pear dippere, sunige ljue,
mar dêr it sa hwet mei by de flotgêrzen lâns moast; hja hienen hjar
brea, en ek net mear. De greatste rykdom fen de âlde minsken wier in
kou, dy bloarre hjitte, en dy se mei in tou by de kanten fen de bosken
en bou-ikkers lâns laetten om it beest oan ’e kost to helpjen. Do de
preek út wier en hja nei hûs panderen, sei Ealsomme tsjin syn wiif:
“Haste wol heard, ljea’, hwet domenij sein hat? Dat wy oan him jane,
jowt ús ljeavenhear dûbeld wer. Hwet toft dy, ljea’, as wy domenij ús
bloarre joegen?” Op dit wird seach Botsjemoi de âld man oan, krekt eft
se sizze woe, det it him yn ’e holle slein wier. Hjar bloarre weijaen,
dy hjar jinnichste treast en gewin wier; dêr hja mei praette as mei
hjar eigen bern; né sa sterk wier hjar gelove net. Mar hjar
tsjineameljen holp net folle; Ealsom houdde oan as in klis, en hy sei
op it lêst: “Dou wiste ommers, ljea’! it bist jowt net to folle mâlke;
forline jier wier it jaer der skjin ûnder wei; in kealforlizzer is ’t
ek, en det se dy lytse klei ôfstaet hat makket hjar om de deuker ek net
better. En hwet haww’ wy lang mei dy raspige skonken ommastere! It
beest is nou oars noch al sjuch, en domenij scil der wakker mei op
snjit wêze. En den twa kij werom, Botsje! Bêste meltsekij! púk, púk, sa
as ús ljeavenhear se jowt.” Mei dy twa kij spegele Ealsom syn wiif sa
lang yn ’e eagen, det hja op it lêst kamp joech en fen de kou ôfseach.
Dêr panderen de âlde ljue mei hjar bloarre hinne; Ealsom hie it bist by
it hoarntou, wylst Botsjemoi, dy de stirt houdde, heal geande, heal
tritsen, efteroan skoffele. Sa kamen se by domenij oanstoaijen, dy
wakker yn ’t skik wier, en de earme ljue mei in sekfol segenwinsken en
in droege hals nei hûs ta stjûrde.
_Studint._ Sa as it sprekwird seit: Gods barmhertichheit en
pape-gjirrichheit dûrje ta yn îvichheit. Amen.
_Saske._ Foi! sok sizzen. Hikkelje him mar i’s domenij.
Studint. Ja, mar jimme domenij der bûten.
_Domenij._ Dat is noch al genadich. It moat onfoech mei dy, ef it is
net moai. Mei sok preekjen krigest’ noait nin birop.—Ho gong dat do
fierder, Bokke?
_Bokke._ It bislach fen domenij Gripius wier nou helte greater wirden:
hwent fen him sels hie er in mûskefeal kou, en dêr nou de bloarre fen
Ealsomme by, dat wier twa. Hy hjitte dêrom de koster, dy syn boerkerij
birêdde, om it bist oan sines to keppeljen, det it net weirinne scoe.
Yn de earste ûre twa krige bloarre dat allehiel net yn ’t sin; hwent
oan ’e wei hie se it altiten bjust’re skrok hawn, en nou kaem se yn it
pasterijefintsje, dêr ticht fyn gêrs woechs; dêr friet se det se
stinde. Mar do se de bealch fol hie, gong it hjar as folle ljue dy to
gast west hawwe, en bitankje mei it gat oan ’e stile fen ’e doar to
rossen. Bloarre waerd onwennich; hja doek, hja krong, hja skodde en
dune, det de oare mei moast, se woe ef net, en sa foartwramende fleagen
se op it lêst mei hjar beiden troch de hikke....
_Gabe._ Nei wâldmans menear, in peal mei in prikke.
_Saske._ Al wer op ’e wâldtsjers. Hâld dy stil, ju!
_Bokke._ Do se op ’e wei kamen, waerd it net better. Bloarre wraksele
en skoerde noch mear, en houdde net op foar det se wer foar de âlde
krebbe by Ealsom stie. Dêr bâltte se, det de glêzen der fen dinderen.
Ealsom, dy krekt sûpenmoalyn siet to iten, moast i’s útkypje hwet der
to dwaen wier; mar sa as hy de boppedoar iepene, lei bloarre de kevel
op ’e ûnderdoar, en de âld man, dy mei ien de holle foarút treau,
staette de noas tsjin de kâlde kouwetoet oan, det it sta sei. Mar do er
oer ’e doar kipe en noch in fet kou oan sines keppele seach, wier it
krekt eft der twa ingels út de himel foar him stiene. “Wonder! Wonder!”
gûlde er sa lûd as er koe; “Hjir Botsje, ju; kom hjir! Wonder! Gau, ju!
Wonder!” It âld wyfke dribbele mei saun hasten fen hjar brijpôt nei de
doar ta, en frege hwet der wier. “Botsje! Kom hjir!” sei er. “Ha ’k ’t
dy net sein? Sjuch, twa kij for ién. Sa giet it ús as wy oan ús
ljeavenhear jowe!” Do it âld wyfke mei eigen eagen dy twa keppelde
bisten seach, die se de hânnen goêmoer gear en biklonk der fen. “Nou
kinste sjen, sei it minske, hwa ’t ús domenij is. Dat is in man! De
suvere wierheit sprekt er; it is allegearre ta ús eigen bêst syn
preekjen. Jonges! Jonges! Twa kij for ién! Dat is in man!” “Ja, ljea’,
sei Ealsom, en den binne der noch fen dy rabbers dy sizze, det de man
alles ta syn eigen profyt docht.”
Noait hiene dizze twa âlde stakkers sa wyt lake, as dizze joun. Mar
heel komselden is ’t hjir folmakke; by hjar ek net. Hja hiene nou twa
kij en koene mar ién hokje; jild om in nije stâl by to bouwen hien’ se
ek net. Dat wier al slim. Yn ’t ein like ’t hjar mar bêst om de oare
moarne nei Drachtster merke to reisgjen, en de bisten to forkeapjen; de
kij wierne do wakkere prizich, en kâld jild wier noflik gûd; dêr koen’
se altyt for keapje hwet se woenen. Dat dienen hja, en kamen mei in
fikse knoarre keabelde gounen en in luftich sin fen ’e Drachten werom.
[Yllustraasje: EALSOM EN BOTSJEMOI OP WEI NEI DRACHTSTER MERKE.]
_Pîbe._ Dat wier moai, Bokke. Domenij Gripius snei him der danich mei
syn eigen kniif. Toe, Saske, nou moastou. Hwet seistou, Jieldouw? Moat
moike net?
_Nift Jieldouw._ Ja, moike, nou moatte jy. Jou boerekofje is swiet;
haboes! jou teltsje scil ek wol smeitsje.
_Saske._ Och, ljea’; ik kin net. Foi, né. En dêr domenij by en
allegearre.
_Nift Jieldouw._ Domenij scil jo net opite. Toe, in teltsje moat der
wêze. Oars geane wy nei Aldegea, en sizze oan heit en mem, det je
stymsk binne.
_Saske._ Nou, as ’t den moat, den moat it.—Der wier ’ris in âld, âld
wyfke; dy foun in houten skeisen; wist net hwet s’ er for keapje scoe.
Op ’t lêst gong se nei merke, en koft der in baerch foar; mar de baerch
woe net nei hûs ta ef moast nei hûs ta dragen wirde. Do gong it wyfke
nei de houn ta, en sei: Houn, Houn! wolstou nin baerch bite? baerch wol
net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de houn. Do
gong se nei de stôk ta, en sei: Stôk, stôk! wolstou nin houn slaen?
Houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta, ef moat nei hûs ta
dragen wirde. Né, sei de stôk. Do gong se nei it fjûr ta, en sei: Fjûr,
fjûr! wolstou nin stôk barne? Stôk wol nin houn slaen, houn wol nin
baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde.
Né, sei it fjûr. Do gong se nei it wetter ta. Wetter, wetter! wolstou
nin fjûr úteaze? Fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn
wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs, ef moat nei hûs ta dragen
wirde. Né, sei it wetter. Do gong se nei de kou ta. Kou, kou! wolstou
nin wetter sline? Wetter wol gjin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne,
stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei
hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de kou. Do gong it
wyfke nei de line ta: Line, line! wolstou nin okse bine? Okse wol nin
wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk
wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs
ta, ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de line. Do gong it wyfke
nei de mûs ta: Mûs, mûs! wolstou nin line koaije? line wol nin okse
bine, okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol
nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite,
baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de
mûs. Do gong it âld wyfke nei de kat ta: Kat, kat! wolstou nin mûs
fange? mûs wol nin line koaije, line wol nin okse bine, okse wol nin
wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk
wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta
ef moat nei hûs ta dragen wirde. Ja, sei de poes, en do de kat efter de
mûs, de mûs efter de line, de line efter de okse, de okse efter it
wetter, it wetter efter it fjûr, it fjûr efter de stôk, de stôk efter
de houn, de houn efter de baerch, en do....
_De Niften fen Aldegea._ En do sei it âlde wyfke fen hoarre, hoarre, en
do se thús kaem wier de baerch yn ’e skûrre. Ha, ha, ha! Dêr hat beppe
ús wol fyftichris mei yn ’e riften brocht.
_Saske._ Nou, Jieldouw trune ommers sa, en ik wit net oars. Jimme binne
ek sa keken.
_Domenij._ Dêr laitse jimme nou om, en it is ek in berneteltsje; mar as
jimm’ i’s wisten’ ho âld it is! Yn Ingelân is ’t ek; it is to lêzen yn
in berneboekje, dat se dêr noch by tûzenen útjane; en de Ingelsken
hawwe it meinomd, do se fen uzes útflechte binne nei Brittanje ta; dat
is nou lyn, lit ’ris sjen, ampter fjirtjin hûndert jier.
_Domenijs Neef._ Ja, omke; ik ha ’t okkerdeis noch yn in Ingelsk
berneboekje lêzen. Mar de Ingelsken haww’ it teltsje in bytsje
bisnoeid; yn pleats fen nei de line, geane hja mei de okse nei de
slachter, en as dy oan ’t kilemoarjen wol, fljocht it bist nei it
wetter, it wetter nei ’t fjûr, en sa foart hinne.
_Pîbe._ Wel ljea’, dou krigeste ommers de kroane alheel wer op ’e
holle.
_Saske._ Domenij is sa wiis, dy scil my wol helpe. Mar, boer, nou
moastou; dou haste my earst oanfitere. Elts syn bar, heite.
_Pîbe._ Dêr kin ’k neat tsjin ha. Mar fen de baerch wolle se net sykjen
hearre; en it teltsje fen ’e stiennen parrebeam scoe it net better
ôfgean. Hwer scil ’k den fen?
_Gabe._ Heit moast mar ’ris fortelle, hwet Toon-wever ús lêsten fen syn
faer sein hat.
_Pîbe._ Hwet mienste?
_Gabe._ Wit heit net? Dat fen ’t linnen.
_Pîbe._ Kom, ja, jonge! Dat wier sa slim net. Dou wiste altyt rie. Nou,
harkje den mar.—Harmen, Toon-poep syn faer, wier in foech koaterboerke
tichte by Munster, en hy weefde ’er sa’n bytsje mank. Iendris waerd hy
wakker fen ’e lânhearre pleage om ’e hier, en hy hie neat om jild to
meitsjen as in tritich jelne linnen, dat noch heal wiet op ’e bleek
laei. Wirch fen al dat gemoan, skoerde de stakker it doek fen ’e
hantsen ôf: hy rôlle it net op, mar hong it fjouwerdûbeld oer syn
skouder hinne, det it him oan ’e boksen ta bingele; sa koe it ûnderweis
noch hwette droegje, toft him. Sa trape er swietsjes wei nei Munster
ta, do him tichte by de stêd in gaudief ynroun, dy him in rare pots
spile. Dy snaek boksele him deun efter oan, naem it uterste seamke fen
it linnen op, en bestte dat sa ûnder it rinnen oan syn baitsje fêst. Sa
gau wierne se net yn ’e tsjustre poarte fen Munster komd, dêr in heel
espel boeren stoe, ef dy skelm joech Harmen in dúst op ’e hûd, det er
hals oer kop yn in smoarge goatte trûzele. Harmen stie wer op, en scoe
syn linnen wer opnimme, mar dat wier wei: hy seach yn ’t roun, om en
werom, mar nearne gjin linnen. Do bigoun de stakker earmhertich to
kriten en to kjirmjen, myn linnen, myn linnen! De gaudief stie heel
krankyl rjucht op en del nei dit spul to sjen; op it lêst sei er tsjin
Harmen: Ho ropste sa lûd, feint? Hast’ dy sear fallen?” En do Harmen
him forhelle, det syn linnen him ontfytmanne wier, sei dy skelm heel
permantich: “Dat is ongelokkich, boerke: mar om dy de wierheit to
sizzen, biste ek in slûge pôpe. Sjoch hjir, man! Hieste dien lyk as ik,
en dyn linnen sa oan it baitsje beste, leau my, nin divel hie it dy
ontstellen.”
_De Studint._ Gnap sein, Pîbom! Gnap, man! Jy hawwe in swolch
fortsjinne. Bring i’s om!
_Domenij._ Den krigeste mei ien ek hwet, hè? Mar ja, Pîbe; jy falle my
danich yn ’e hân, en Rommert mei it sa goed meitsje, forbetterje scil
er ’t jo net.
_Rommert._ Moat ik den ek?
_Domenij._ De âlde ljue forhelje, en de jonge frij? Dat scoe ommers de
omkearde wrâld wêze. Kom, gau, rep dy hwet! De joun wirdt ús oars to
koart. Ik en Gabe moatte ek noch.
_Rommert._ Dêr giet it den hinne.—To Ljouwert wenne alear in âld faem
fen sauntich jier, (Fetsjemoi neamden se hjar), dy moai stiif yn ’e
rêch wier. Hja hie mar ién erfgenamme, en dat wier hjar broers soan, dy
officier op in trijedekker wier. Hy wier al ier ten oarloch gien en
swabbe meast op sé om; en om de twa ef trije jier koe er pas iendris by
moike thús komme. Ungelokkich foel it âld minske, dat in goe’ sloof
wier, yn hânnen fen in tutsjemoi, dy Maike Plom hjitte, en hjar it hûs
fol tôge fen alderhânne snaren fen frouljue. Dit heapske pongele hjar
swietsjes út, nou mei bisytsjen, den mei lotsjen en jildlienen, en der
wierne al frij hwet fearren fen hjar flein, do de farrensman noch
gelokkich opdaegjen kaem om der in boerdtsje foar to skutten. Dat stiek
Edzer Folperda (hwent sa hjitte de séofficier) danich yn ’t krop; hy
seach klear det se moike alleheel weitôge hiene, as er net yn tiids
thús komd wier, en den hie hy de houn yn ’e pôt foun. Folperda laei
dêrom op ’e loer, om Maike Plom in pots to bakken, dy hjar heuge scoe.
Earst fornaem er ’ris nei hjar komôf, en hearde gau det se as in foech
jongfaem mei in skipper foartroun wier nei Amsterdam ta, sûnder det
immen wiste hwer ’t hja stouwen ef flein wier. Einlik wier se wer
opboerljen komd. Hja wenne nou yn it Ruterskertier to Ljouwert, en dêr
hie se in stik ef fjouwer jonge frouljue yn hús nomd, om mei for de
ljue to naeijen; hwent hja koe baeseftich mei de nidle omgean. It wirk
fleach hjar by de rûs it hûs yn, mar it woe dochs nin smoar sette; hja
wier fjir-s-to rynsk, en as se in skeljen fortsjinne hie, woe se graech
in trijegoune útjaen. Yn hûs seach it ’er ek oerhearich út; hwent dat
lyts lapke yn ’e mûle kostte sa ’n bulte, det se oan dweilen en
luiwagens net folle spansearje koe. Hjar âlders wierne stoarn sont se
foart west wier, en fen hjar oar folk koe nimmen oer wêze, as in broer
fen hjar mem mei namme Rouke Lefferts, in húsman yn ’e súdhoek, dy
neijerhân mei wiif en bern nei in oar oarde forfearn wier; hwer hinne
wist nimmen net. Do Folperda dit mei folle omsnuven wys wirden wier,
stelde er syn prikken yn ’t wirk, en dat die er al heel nuver.
[Yllustraasje: FOLPERDA AS ALD BOER.]
Op in moaije hjerstdei, det er in greate kouwemerke to Ljouwert wier,
gong er nei de klean fen syn oarreheit, dy Fetsjemoi noch biwarre hie.
Hy teach in wide broek oan mei in gulp, en in koart sarjes rokje mei
twahûndert knopen; hy sette in hoed op mei in douweflappe, die in
jildriem om ’e mil, en naem in lange stôk yn ’e hân, dy boppe mei lear
en taetsen bislein wier. Mei dizze plunjes as in âld boer optakele gong
er nei de hoeke fen de bargesteech, en koft in fearn Dimter koeke mei
twa brette bokkens fen in tafeltsje; do gong er de kouwemerke in slach
twa om, det syn skoen alheel en al kouwedong wierne, en sa taboeid
stiek er de holle dûkelhalzich foarút, en trape mei in loame mâlkstap
nei it Skavernek ta, krekt eft er yn ’t ien-ûre trekskip moast. Mar do
er foar it hûs fen Maike Plom kaem, wier it krekt eft er wirch waerd;
hy gong op ’e rollaech fen hjar stoepe sitten mei de rêch nei de
finsters ta, en dêr bigoun er syn koeke en bokkens oan to sprekken. Nei
de tiid wier ’t moai lij waer, en jiffrou Plom siet foar it opskoude
raemt mei hjar fammen to naeijen; mar hy die eft er neat mirk. Do de
biis in bytsje oan it smûzen west hie, bigoun er yn ’im sels to praten.
“Fè, man!” sei er, en striek him om ’e holle, “Fê, man! Hwet binne dat
dagen; hwet binne dat dagen! Dy kouwestirten hingje my in jelne ta de
hals út. Sa bliid as in ingel, det ik fen ’e merke bin, en it jild yn
’e riem sit. Ho folle scoe ’k nou al by eltsoar hawwe? Wacht ’ris! For
de fette bonte fyftich inkelgoune.... dy slachter hat my it hert út it
liif tinge, mar Roukomm’ wier ek taei!...... fyftich inkelgoune, dat is
sauntich. For de fearkou tritich goune.... Dat wier in bytsje, mar it
wier ek mar in pyst.... tritich, tritich en sauntich, dat is op ’e kop
hûndert goune. Dêr moat ôf it merkejild en de sûpkes.... Heare, hwet
hawwe wy dy Roskam faek út en yn west, en den jimmerwei jeneverje: ik
leau det wy wol twa skeljen forsûpt hawwe. Mar hwet hoeft dat ek sa
op’e stirt út; dy bytsjes binn’ nin tel. Nou noch dy fluzen wol, twa
skippoun tsjiis, en trije fjirders bûter. Sauntsjin en tweintich;
tweintich, tweintich.... dat is saun-en-tritich; saun-en-tritich en
njoggentich dat is, as Bartjes net liigt, hûndert-sauntsjin. Wacht
i’s... Né, né! Dat is hondert-saun-en-tweintich.... Fê, det ik nin brok
kryt ha.... Mar, de deuker! hwet hat dy bûterkeaper ek for in slok
nomd!.... Dat is in naesje fen de divel; dy ploaitsje de boer fen ’e
hûd hwet se kinne. O feintsje, hie ’k witten det dyn jenever sa djûr
wier! Ik biloof it dy, as ik werkom scil ik oare spoennen fen dyn romer
slaen.... Hûndert, en hûndert-saun-en-tweintich, dat makket....”—Mei
ien gaspe Folperda de riem los, en grabbele braef mei syn hânnen yn it
jild om. De fammen lústeren eft hjar lij wetter yn ’t ear getten waerd,
en scoene wol útprúste ha fen laitsjen. “St, St,” flústere jiffrou
Plom, “nin wird kikje. Mei dy boer kenn’ wy wille ha.” Nou, jiffrou
Plom wier net foar ien gat to fangen, mar de farrensman wier ek bitûft,
en hjir scoenen nou de hotte en de file oer eltsoar to gear. Hy farde
al foart mei syn tellen en rekkenjen, det er hast in sekje skeljen by
eltsoar hie, mar as it tsjin it ein fen de rekkening roun, den rekke er
kwanskwys alheel wer yn ’e boel fortize, det er altiten wer fen ’t
foaren ôf oan moaste. Dêr hien’ je den wer it âlde geëamel op syn
fingers, fen tritich, en sauntich, en hûndert, en sa foart hinne. Op it
lêste, do er oan syn rekkening nin kop ef stirt mear fine koe, joech er
de moed glêd forlern. “Jonges! jonges!” sei er mei in swiere sike, “Hie
’k nou de dochter fen myn sister Wypk noch! Dy Maike, dat wier in snoad
fanke! Hwet koe se rekkenje! Dêr siet in holle op. Hwet hie dat in
oanhâld for my west nou myn wiif en berntsjes wei binne! Hja hie myn
húshâldster wirden; ik hie hjar op it ein oan in flink jongkeardel
holpen, en yn ’e spillen set. En dêr giet dat gek frommis hinne, en
forslingert hjar: fij man! Nou sit ik hjir yn ’e wide wrâld pûr
allinne.” Do er dat sei, kaem it moed him alheel fol, en mei in britsen
stimme kriet er it earmhertich yn him sels út: “Maike, Maike! Och, hie
ik nift Maike noch!”
Jiffrou Plom, dy skoan wiste fen opheljen as se byt hie, naem nou hjar
trekken waer. Hja kaem op ’e stoepe, en tikke Folperda op it skouder.
“Húsman! sei se, mei jins wolnimmen; jy binne in omke fen mines net
wanlyk. Hwer binn’ je dochs fendinne?”—“Ikke, minske?” sei er, en
draeide de holle forheard nei it finster ta; “Ik bin fen Hilaerd.”—“Ho
hjitte jy den?” sy wer.—“Wel, jy binne in nuver minske,” andere
Folperda; “sa freget men de boer de kinst ôf; jy moatte ek alles witte.
Mar hwa binne jy?” (en mei ien seach er hjar stiif yn ’e eagen). “It is
krekt eft jy in sister fen my út ’e mûle stapt binne.”—“Ik hjit Maike
Plom,” sei se.—“Maike Plom?” frege er forheard, en stie gysten oerein,
“Nou kin ’k it sa net oan. Den biste myn nicht ommers, ljea’! Ik bin
Rouke Lefferts; ik bin dyn omke.” Sa as jiffrou Plom dit wird hearde,
foel dy falske njirre as in sek yn eltsoar; hja gûlde sa beare mei in
fyn lûd, loek it wyt foar ’e eagen, en sike stjitterich, krekt eft se
de limoer hie. Hja bikaem njunkenlytsen wer, en bigoun bargetriennen as
balstiennen to skriemen. “Dêr hat ús ljeavenhear den einling i’s jown,”
sei se, “dêr ik him wol tûzenris om bean ha!” en mei ien foel se omke
om ’e hals, en tute him op ’e mûle, op ’e noas, op ’e eagen, hwer se
mar manljuesflêsk rûkte, sa det Folperda, ho mansk er oars ek wier,
hast mei de boel oanhelle waerd. “Wel, ljeave!” sei er, “bistou it
wrychtich den?”—“Ja, omke,” sei se, “ik bin it.”—“Och, ja, ljeave!” sei
er, “Nou sjen ik it ommers sa klear as de dei. Dêr haste ommers dat
selde deaplakje op it krop noch; en ommers ek dy mael oan it kin. Foi!
hwet haw ik in fortriet fen dy hawn. Hwerom rounste dochs wei? Mar,
kom, nin âlde kij út de sleat helje! bliid ta, detste der wer biste.”
De fammen, dy earst it raem út laeinen, flitteren nou ek al op de
stoepe om, en fregene eft dy man fen jiffrous kinde wier. “Fen myn
kinde?” sei se, “Fen myn sibste bloed; ús eigen omke Rouke.”—“Heare
sei!” anderen de fammen, “Hwet je sizze! Omke Rouke, dêr je sa faek fen
praten ha? Nou, dêr mei je wrychtich wol greatsk op wêze. Hwent as in
nift lyk as jy in ear ûnder de migen is, hy is ek al sa’n kant keardel
for syn jierren, nin gnapper yn ’e saun provinsjes.” Do kamen al dy
frouljue en túten him ek, det it klapte. “Mar, omke!” sei jiffrou Plom.
“Hwerom bliuw’ je dochs op ’e stoepe? Kom yn, man; jy scille it hawwe
as in prins.” Mei ien namen twa fen dy fammen omke elts al by in hân
beet, en setten him de oare hân ûnder de earm eft it in bern wier.
Folperda liet him liede as in laem, en seach sa from en gol, det me yen
to boarsten laitsje scoe. De twa oare fammen blaeiden him wiles
efternei, en sa kaem de smite yn ’e keamer fen Maike Plom oanstoaijen.
Jiffrou Plom tochte det hjir in ryk erfpoarsje oan hinge; sy moast omke
dêrom mar i’s heel sêft sette, tochte hjar. Hja lústere dêrom de faem
yn ’t ear, om mei in pear nije jassen nei Jan Snotleppel[9] to gean, en
dêr in pear dekaten jild op to heljen. De faem as in blits hinne en
werom nei de Hearestrjitte, en brocht gau in goed hânfol jild en in
flesfol annisette thús. Do aenstons wer út om bôle, prommen,
spallingspek, in war einfûgels, en hwet yn in boeremage fierder bêst
flije woe. Sa gau as se mei dy spillen thús wier, de fammen allegearre
oan ’t wirk: de iene rûpele, en de oare grimde in fûgel; in tredde
skylde parren; de fjirde púste it fjûr oan. Yn in jier wier der sa’n
trelit net yn jiffrou Ploms koken west as by dizze yntochte fen
Roukomme.
Underwilens siet jiffrou mei omke to pizeljen en annyske to pimpeljen,
dêr se wakkere slij nei wier. En om ’ris faker to priuwen, staette hja
omke algedurigen oan det er ’ris ombringe moast; mar omke, dy goe’
smarre, mar ek by syn stikken bliuwe woe, hie den altyt it leksom
klear: “Ja, ja, ljea’; der forsûpe mear yn ’t bierglês as yn ’e
sé.”—“Jonge, ja!” sei jiffrou Plom op it lêst, “Dêr ha’k omke noch
alleheel net nei frege. Ho giet it moike dochs?”—“Och!” suchtte er do,
“Moike is dea, ljea’; ús berntsjes ek. Ik haw se allegearre forlibbe.
Ik bin nou allinne yn ’e wrâld en haw nimmen oerhâlden as dy. Dou biste
nou myn jinnichste treast, myn dokke!” en mei ien aike er hjar om it
kin.—“Heare, omke!” sei se, “Dêr skril ik fen. Allegearre to hôf
brocht! Hie ’k net tocht det it op dea útdraeije scoe? Hwet haw ik fen
nacht fen brilloftsjen droamd!” Mei ien rôllen hjar wer triennen as
groujerten by de wangen del; hwent dy koe se taepje as in brouwer it
bier, sa faek as se woe. Mar mei ien wipte der ien fen ’e fammen yn ’e
keamer, dy sei: “Kom, kom! dea is dea. Dy stoarn binne lit dy op it
tsjerkhôf lizze, en laitsje mei de libbene. Toe jiffrou! it iten is
nôch. Drink earst ’ris; den ha jimme oan tafel triennen om to
skriemen.”
Hja gongen oan tafel. Dêr siet omkoal yn al syn hearlikheit; in
gastmiel foar him, en fjouwer tsjeppe frouljue oan syn griene side, dy
him hast net fen de hûd ôf bliuwe koenen. Hwent dy klitsen wierne
alleheel fen ’t keatting, en wisten fen oerdwealskens net hwet se dwaen
scoenen. Omke sei det er noch noait sa swiet traktearre wier; it moeide
him mar det nift sa’n droevigen kosten om him die, en hy helle de pong
al út de foarbroek en woelle it tou mei de kaei los om hjar in dofke yn
’e hân to triuwen. “Né, omke;” sei jiffrou Plom, “as je my net lilk ha
wolle, hâld je den stil fen biteljen. Ef mien’ je det it hjir om jins
jild to dwaen is? Foi! for myn eigen omke scoe ’k sa’n bekfol iten net
oer ha.”—“Nou, ljea!” sei Folperda, “Omke woe it dwaen út bêst. Set de
pols foaral en bileaven net to fier: dou moaste him útljeppe kinne. Dy
de tsjin to great nimt tommelt yn ’e sleat. Ho giet it mei de
breawinning?”—“Ja, ho giet it?” sei jiffrou Plom. “Wy binne nou just
net jildich; hwent, wit je, it giet tsjin it lêst fen ’t jier. En hjir
to Ljouwert!.... Foi, ik mei der net om tinke, omke!.... To foaren wier
’t in eare lyk to wêzen, en tsjinwirch is men nin man fen fetsoen
langer, as der nin rekkeningen rinne, dy trije jier âld binne.”—“O!”
sei ien fen de fammen, “om skilden wirdt nimmen hinge.”—Mei sokke
praetsjes kamen se oan ’t ein fen ’e mieltyd, en Folperda bigoun ’ris
om to tinken ho’t er mei skik út it gat komme scoe, dêr er hjir ynkrûpt
wier. Ut de praetsjes ûnder it iten hie er mirken, det ien fen de
fammen nei iten allinne hwet to rêdden hie mei hjar naeiwirk yn it
efterkeammerke, en him tochte as er dêr in healûre allinne by wier, det
er de boel den wol klearje scoe. Hy sei dêrom oan nift, det er in lange
en swiere dei hawn hie; det er sa wirch wier as in maits, en det er
graech in lyts knipperke yn hjar efterkeammerke ha woe, foar’t er op
reis gong. Aenstons spraetten se in pear stoelkjessens op ’e matten, en
omke die de riem ôf, naem it jild ’er súnich út, en gong lizzen oer ’e
flier sa lang as er woechsen wier. It dûrre net lang ef hy slepte, en
raspte kwanskwys, det it keammerke der fen dreunde; de jongfaem kaem
wiles yn ’t keammerke en pielde swietsjes mei hjar naeijen oan. Nei in
healûre stoe er wer op, en gong aenstons nei foaren ta, dêr jiffrou
Plom wier. “Dat stiet der bryk by, nift!” wier syn earste wird.—“Hwet
is ’t den, omke?” sei hja.—“It is bryk!” hy wer; “Fordomde bryk, siz ik
dy; ik doar it hast net sizze.”—“Heare, hwet is ’t den, omke?” sy
wer.—“Dy faem!” sei Folperda, en hy trille der fen; “Dy faem dêr yn it
efterkeammerke hat my al myn jild út de riem stellen, wylst ik laei to
sliepen. Dêr is er!” En mei ien smiet er hjar de lege jildriem foar de
foetten del. Hwet eagen hjir by opskoerd waerden, kinn’ jimme licht
bitinke. As in pûr razene divelinne fleach jiffrou Plom nei it
efterkeammerke ta, en dêr wier it earste wird: “Dief! It jild
werom!”—De jongfaem skrikte, en frege forheard, hwet jild?—“Fen ús
omke, flarde!” sei jiffrou Plom, “Né, dou wist’ it net, hè? Mar ik scil
’t oanbringe dêr it heart; ik scil dy yn in gat sette, dêr sinne noch
moanne dy biskine kin. Hwet mei dy man wol tinke? Det er by
pompierblazers is?”—“En hwet is Maike Plom oars as in pompierblazer?”
frege de jongfaem, en sette de hânnen yn ’e side; “Praet’ jy fen
stellen? Fen dief? It is in dief dy’t seit. Fordomd! dêr jy de mûle
hâlde moatte, kin ik myn earen skodzje det se klappe. Ik haw Fetsjemoi
noait net op ’e bûse libbe.” Op dit wird bigoun jiffrou Plom to
skombekjen en to tieren, det de oare naeifammen der ek op ta fleagen,
en fregen hwet der to dwaen wier. Nou wierne al dy jonge frouljue eft
se ûnder de hoantsen útbret wierne, en de wirkfaem wier al sa’n
bekstik. Dêrom do de iene de partij opnaem fen jiffrou Plom, en de oare
fen hjar naeifaem, tsjitten en skolden se troch inoar, det de iene de
oare net forstean koe, en it dûrre koart, ef sy kamen fen wirden ta
bruijen. Yn in omsjen fleagen de mûtsen en earizers troch ’e keamer; de
hierren stauwen wech en wear eft der in partij katten oan ’t
plokhierjen wierne; de pannen skaeiden se fen ’e tafel, det se yn ’e
stikken en stallen omtrapen, en by dit alles kraeiden en moarten dy
seis frouljue troch inoar det bûrren en oerbûrren it hearre koenen.
Under it geraes fen dit helske muzyk glûpte omke stilkes de doar út, en
hy kaem noait wer.
_Gabe._ Ut is ’t! Dat swiet iten en drinken by jiffrou Plom byt my de
kiel út; kom, mem, smar my in byt bôle, en bring i’s om.
_Saske._ Dêr bin ’k nin houn fen, heite. Mar den moastou to set. Dou
haste ús jisterjoune sa sneu ôfsâlten.
_Nift Jieldouw._ Krekt, moike. En as er ’t net docht, scille wy him mei
spantouwen op ’e stoel bine; en net los, ef earst in teltsje.
_Gabe._ Ja, mar Jieldouw, ik bin krekt as de Jeuden. Ik kin net prate
as my de hânnen boun binne.
_Nift Jieldouw._ Toe, toe, bigjin mar!
_Gabe._ Yn ’e gasthússteech to Frentsjer wenne alear in jong keardel,
dy Keimpe hjitte; hy wier net troud, mar hie in sister ta húshâldster,
dy in set jonger wier as hy, in flink jongfaem, mei namme Saepke. Hy
wier keapman, en die for dy tiden in greate negoasje yn stopjern, side
en sok spil, bynamme op Grins en Imbden, dêr er alle jierren mei syn
keappenskip hinne ried. Ienders op ’e thúsreis út dy oarden mette him
by de Birgumer heide in trop dieven, dy him alheel útstrûpten, en noch
bont en blau ta sloegen. Hja ontstielen him wol trije tûzen goune oan
kâld jild, en al syn goedtsje.
Dêr kaem Keimpe wer yn Frentsjer sa earm as in swel. Mei in lyts pakje
ûnder de earmen stapte er by syn sister yn ’e keamer, liet hjar de
bûden en plakken sjen, dy se him slein hiene, en forhelle hjar syn hele
ûngelok. Do er dien hie, bigoun de jongfaem bitter to kriten; mar it
meilijen mei syn ûngelok makke de ljeafde for hjar broer noch greater,
en hja naem fêst foar hjar, om him, dy hjar út de romte ûnderhâlden
hie, yn ’e krapte net to forlitten. It slimste wier om de handel sa
hwet oan ’e gong to hâlden. Jild to lienen, dêr siet hjar beiden it
Fryske hert to heech ta; djipper as immen fielden sy de wierheit fen it
sprekwird, dy witte wol ho folle in goune jildt, moat ien liene. Saepke
forkoft dêrom ljeaver hjar gouden’ kroantsjes en fingerringen, hjar
bras en kralen, hjar potstikken en silveren koppen, ta de silveren riem
fen hjar beppe ta, om Keimpe wer in bytsje jild om ’e hânnen to jaen.
Mar nou sa neaken yn Frentsjer om to heukerjen, dêr se altyt as in
deftich boargers dochter forkeard hie, dat wier in hird gelach. Hja
wier sa krigel as in bij; en, o! it hie der altiten sa kreas bystien.
Hja leinen it dêrom mei eltsoar oer eft it net bêst wier det se nei
Grins teinen; dêr koe sa to sizzen nimmen hjar, en hja koenen der hjar
bihelpe sa’t se woenen, sûnder hjar for immen to skamjen. Dat scoe den
ek earstdeis oangean; mar foarôf barde der hwet, dat ik jimme eigentlik
forhelje woe. It is kluftich en ôfgryslik tagelyk.
De gasthússteech, dêr hja wennen, hie syn namme fen in gasthûs, dat der
yn stie, mei in lytse tsjerke der neist. Yn it gasthûs wennen alderlei
âlde en gebreklike ljue, dy net goed mear for hjar sels wierne; ek
waerd der wol ’ris in siik reisger yn opnomd, dy to Frentsjer stykjen
bleau. Dizze minsken mei al de frouljue en oppassers, dy dêr de boel
gnap houdden, makken mei eltsoar in hiele beijert út, dy tûzenen yn it
jier kostte; mar der wierne ek rju boerepleatsen en grounpachten ûnder,
dêr in foarnaem hear, Lubbert Skrok, it ynkommen fen stjûrde. Dy man
wenne dêr ek yn ’t gasthûs, en hie in stik ef trije fen de moaiste
keamers for him sels. Hja neamden him de proast fen ’t gasthûs; hy
libbe as in banjer, en de gasthûsljue litten ek nin honger, mar syn
fingerseinen wierne dochs fiersto lang om him sels net earst to
biskaeijen. Alle boeren brochten him jierliks in kynsen twa bûter, ek
wol aeijen, tsjiis, ljirre, bjist, en al hwet de tiid sa sei; dat
hjitte út frjeonskip, mar it wier egenlik, omdet se oars ophyst ef fen
’e pleats jage waerden. Mar dy hear proast hie noch mear ljeafhabberij
as yn it jild fen it gasthús: hy hie ek sin oan oarremans frouljue, en
bynammen oan jonge, prûze fammen sa as Saepke wier. De âld keardel wier
sa hjit as in holder! Hja wenne twa huzen fen it gasthûs ôf en hy somme
dêrom net om hjar nou en den hwet swiete parren ef moaije dûkemartens
út it gasthûshôf to stjûren. Dat barde meast as Keimpe út wier, en den
kaem er sels wol ’ris om in jounpraetsje to hâlden, dat him net folle
mislearre; hwent hja wier wakkere húsk. Tsjinwirch kaem er noch faker,
kwanskwys om hjar yn it ûngelok to treasten, en dêr er hjar goed, toft’
er, yn ’t forstân hie det it allegeare suvere frjeonskip mei him wier,
wier it nou de goudene ûre nei syn gedachten om in tige raem to dwaen.
Krapte fen jild, miende er, scoe by it frommis wol swierder weage as
hjar earlikens. Hy stjûrde den in âlde fekke út it gasthûs.... hwent
dêr de divel sels net komme doar stjûrt er in âld wiif hinne.
_Domenij._ Tink om dyn mem, heite!
_Gabe._ It is ek sa. Mar it is der út, domenij.—Nou, hear Lubbert
stjûrde om de skoat fen middei in gasthúswyfke nei Saepke ta, dy hjar
sei det de proast hwet útfoun hie om hjar út de jildpine to helpen, mar
det er it for nin minske, ek for hjar broer net witte woe. De lofterhân
moast net witte hwet de rjuchter die. Hja moast dêrom nachts to toalf
ûre mar yn ’e tún komme; den scoe er oer it stek komme en alles mei
hjar forprate; hwent jimme moatte witte, det Keimpe-en-hjar tún en dy
fen ’t gasthús oan eltsoar skeaten. Saepke rûkte gau hwer dy
barmhertichheit hinne woe, mar naem it lykwol in healûre op hjar birie,
en sei it âld wiif det se den werkomme moast om biskie to heljen. Sa
gau it âld fel foart wier, sei Saepk oan hjar broer hwet der geande
wier, dy op it hearren fen dit stik yngrimmitich waerd. Dieven hiene
him earm makke; in rike man woe him ek noch to skande meitsje! “As in
goe’ Fries”, en hy stiek de fûst foarút wylst er dit sei, “As in goe’
Fries fei ik in earm man de skoen ôf; mar wé de greaten! Ik trape se
ljeaver saun foet yn ’e ierde, foar ’t ik dêr in swart opsicht fen
fordroech. Ik scil dy rike stjonkert omgean; dat biloof ik him!” Mei
ien hjitte er Saepk om proast Lubbert sizze to litten, det se komme
woe; hy scoe wol oppasse det hjar nin kwea oerkaem.
It klokje fen de gasthûskapelle sloech toalf ûre, do Keimpe sei: “It is
hynstemiddei; Saepk! nei de proast ta.” Saepk gong nei efteren yn de
tún, dêr omkoal al klear stie om mei in ljedder oer it stek to
kladderjen. Hy kleau oer. It wier ierdetsjuster en alleman to Frentsjer
yn ’e rêst. Proast Lubbert, dy miende det er fen nimmen aen hie, treau
syn ljeafste tweintich goudene fûgels yn ’e hân, en hy aeide en flaeide
ûnderwiles det it sa hwet die. Mar mei in wip wier Keimpe der ek by, en
joech de âlde punthoun in trewinkel, det er mei syn grouwe hûd yn ’e
beibeammen trûzele, en dêr in skop twa boppe op, dy der net om liigden;
hwent it wier in drege keardel, dy Keimpe. Lubbert sei kik noch mik, en
bleau lizzen as in stien. “Dat komt to bot oan,” skrilde Saepk. “Dat
koe wol wêze,” sei Keimpe; “yn ’t tsjuster is ’t knoffelwirk. Wacht, ik
scil de lantearne helje.” Hy kaem mei de lantearne om dit spil to
biljochtsjen, en sjuchste wol, Lubbert diene de kiezzen net mear sear.
De skop wier yn de sliep fen ’t haed komd; hy wier dea, kroandea, kin
’k jo sizze.
_Nift Jieldouw._ Dêr ha je it al wer! Ivich hastou it fen moardzjen.
_Gabe._ Nou, oars wolle jimme der ommers net nei harkje. Alle
lietsjesjongers rinste altiten foarby, mar as der ien stiet mei in
skilderij, dêr faer en moer mei al it folk op formoarde wirde, den
stietste to lústerjen, efste mei it gat yn lije mâlke sitste. Kom, mem
bring i’s om for ’e skrik.
_Nift Jieldouw._ Ja, for ’e skrik! It scil wol in slachterij wirde.
Toe, lit mar ’ris harkje.
_Gabe._ Nou, Lubbert wier dea. Dêr wier goede rie djûre waer! Dat scoe
der net bêst mei hjar bystean, as it gerjucht de oare moarne it lyk yn
hjar tún foun. Dit joech hjar sa’n onjowliken eangstme, det hiene de
poartedoarren fen Frentsjer do al útheakke west, hja hien’ der útflein
sa fier as hja lân fine koene. Mar de need, de hege need learde hjir
bidden. Keimpe liet it lyk oer it stek yn it gasthúshôf tommelje, tôge
it forfolgens yn de gelderij fen ’t gasthús, dy er mei de kaei, dy yn
Lubberts bûse stike, iepen die, en hjir sette er de proast tsjin de
gongsdoar op, sa fier as in slop lyk oerein sitte kin. Dêrmei mienden
Keimpe en Saepke det it ding alheel yn ’e klinken wier en sloepen
stilkes nei bêd ta. Ungelokkich hie de faer fen it gasthús, dy ticht
oan de gelderij slepte, dêr geruchte fen fornomd. Hy strûpte flink hwet
klean oan, en do nei de gongsdoar ta, dêr deade Lubbert fen bûten tsjin
oan line. Mei feart fierde er de doar iepen, en, plof! dêr laei
Lubbert, de faer hals oer kop oer him hinne. De faer fleach wer op, en
helle ljocht. Mar ho forheard seach de man, det de proast dêr foar him
laei, dea as in stien. Do aenstons tûzen gedachten ho’t dat komd wier.
Hy hie dy doar mei sa’n evels gewelt opstaet; wit eft Lubbert, dy wol
’ris mei de dongwein op ’e rin wier, der net krekt foar stien hie om
wer to bêd to gean. Sa’n swiere doar mei izeren rongen liigde der net
om! Mar dat noch slimmer wier, dy selde moarne hie er ’t noch mei de
proast oan ien ein hawn, en dy hie him útmakke det er nin turf heech
wier; alle âlde wiven hienen dêr de earen fen opstitsen. Scoene se net
sizze det hy de proast formoarde hie? De faer seach it lyk noch ’ris
oan, kearde it om en om, mar op it lêst skodde er de holle en sei yn
him sels: “Dou laeiste dêr al mei dyn bilitsene mûle, feintsje; mar
hjir kinste net bliuwe; der út moaste, en der út scilste. Mar hwer scoe
er yn ’t holst’ fen ’e nacht mei sa’n lyk hinne? Dêr kaem him hwet yn
’t sin! De hiele boerren wiste det de proast in bulte smuchte op Saepk
hie; de gasthûs-wyfkes hiene al rabbe, det it breed wirk mei hjar
beiden wier, en det hjar broer de proast wikt hie, om noait wer yn syn
doar to kommen. “De deale!” tocht de faer yn him sels, “Ik scil myn
baes op Saepk en hjarre stoepe bringe; den scille se sizze det Keimpe
him moffele hat.” Mei in rep tôge de faer it lyk nei foaren op ’e
strjitte en lei it foar Saepk en hjarres del; do die er mei de fûst in
hirde bons op ’e doar, en kroep gau wer yn de fearren.
“Heare! hwet is dat?” rôp Saepk, en fleach kel oerein, “Scoene wy
forklapt wêze? Keimpe! der gau ôf; sjen ’ris.” Keimpe laei yn d’ oare
keamer, mar dy wier al sa wach en skrutel as sy; hwent it wier der
binnen mei hjar beiden net suver. Keimpe sprong fen ’t bêd ôf, en sy
him op hoasfoetlingen efternei nei foaren ta: mar do se dêr it lyk wer
foar hjar doar founen, tochten se net oars as det de divel Lubbert
werom brocht hie om hjar beiden oan ’e galge to helpen. Dit woe Saepk
de kweade lykwol bilette! Hja joech dêrom in briefke oan hjar broer,
dêr it earste fêrs út it Evangeelje fen Johannes yn skreaun stie mei
saun krusen der ûnder. Mei dit briefke yn ’e mouwe krige Keimpe wer in
riem ûnder it hert, en naem de proast for de twade kear op it skouder
om him hjir ef dêr del to lizzen. Sa hie er it lyk moai tsjien huzen
fier tôge, do er in skimke fen de dongbult fen de gasthûsboer yn ’t
each krige. “Dêr is dyn grêf, frjeon!” sei Keimpe yn him sels, en liet
de proast slirkje. De gripe stie gelokkich noch by de rúskerne, en
Keimpe aenstons oan it dollen; mar hy hie noch nin djippe dobbe makke
ef hy staette op in greate sek mei gûd. Hy fielde ’ris, mar it wier nin
graen ef jild, ef sok spil; it like earder flêsk to wêzen. Hy sette him
skrep om de boel der út to lûken, en skoerde sa fûlbandich, det er de
sek op ’e dong krige. Nou fielde er klear det der kop en poaten oan
sieten. “Hwet divel, nou!” sei Keimpe yn him sels, “Scoene se noch in
proast dea bruid hawwe?” Mei ien makke er de sek op, en seach ta syn
greate forbaesdheit det der in fet slachte baerch yn siet. “Kom!” sei
Keimpe, “Dat is gûl om goarre! Wy scill’ i’s mei jimme omroalje,
feinten!” en hy naem de baerch út de sek, en liet ’er Lubbert for yn ’e
pleats glide: sa smiet er him yn it gat, die der wer hwet dong op, en
gong mei de baerch opstriken nei Saepke ta.
Mar nou scille jimme freegje ho’t dy baerch dêr yn ’e rúskerne kaem?
Wel, de gasthûsboer hie dy deis krekt syn sûch slachte en yn ’e skûrre
ophinge; yn ’e jountiid hiene twa dieven him der weitaekt, mar om ’t
der dy do noch to folle skiere iel roun om him yn ’e stêd op to
sjouwen, hien’ se him sa lang yn ’e dongbult bidobbe; djip yn ’e nacht,
as al it folk fen kant wier, scoene se him der wer úthelje. Underwiles
wierne se nei in húske fen hâldoan gien ûnder by it bolwirk, dêr hja
braef fen de Haerlemmer tape dronken op de gesontheit fen ’e
gasthûsboer. Dat wier al in rare kasie! Dêr hien’ je in oansit fen
alderhânne skoarremoarje: in bakker, dy troch ’e oun flein wier; in
pear dweilen ef hearefeinten, dy de gleone stripen fen hjar slavernij
op ’e hoed droegen, en der noch greatsk op ta wierne; ek twa
opsichters, dy hjar eigen jild forslampampe hiene, en nou op dat fen
stêd en lân passe moasten; fierder in boargerssoan, dy der kaem om it
sûr fortsjinne stûrke fen syn faer to fordobbeljen; den noch de twa
bargedieven, en in snaek dy tsjien jier yn ’t tichthûs west hie. As se
dy man fregene hwerom ’t er sa lang sitten hie, andere er altyd: “om it
gelove”, en as se him den fregene, hwet gelove er hie: “Ik leaude, sei
er, det in oarremans mines wier, en dêr wierne dy dealske hearen fen ’t
gerjucht sa prot oer, det se my gisele en brânmerke hawwe, en dêr noch
tsjien jier lang dweilen, op ’e keap ta, by weve lieten.
Al dizze snaken sûpten dêr yn dy gribus as mûzen. Al oan en oan hearde
men dêr it wird: “Kom, litte wy it bern in bekje jaen! It is better it
jild as de man fordrinsen;” en den gongen de romers en glêzen wer
klinkklank gloria, lustich yn ’t roun. Dit dûrre sa lang det yn ’t ein
it jild op wier en it kredyt der by, en do gong it hjar as alle
seupelaers, det de iene nei de oare bigoun to kleijen det er lardich
waerd. Hja hiene al hwet droege stuten ynskobbe; en it wier nou komd
oan in krouske greauwen en in nuske hirde ljirre, dy’t de kastelein to
bêste jown hie. Mar do dat ek op wier, stie der ien fen de bargedieven
op en sei: “Kom, mannen! den scil ik jimme i’s traktearje op
spallingspek; hingje de tsjettel mar oer;” en mei ien gong er mei syn
kammeraet nei de rúskerne ta om de baerch to heljen. Do se mei dat
sekfol gûd yn hûs setten kamen, stie it hele selskip forwondere fen
sa’n skoan bûk flêsk. “Dat is in prefester!” rôpen se allegearre, “Ik
doar wedzje det er tachtich poun siden hat.” Nou mei alle man to wirk!
Hjir wier ien dy hwet mot en spoennen by eltsoar skrabe; dêr stoe ien
to mêsslypjen; in oar helle wetter ef fitere it fjûr oan. De faem, in
grou Bilfrommis, sa breed as in barte, waerd ûnderwiles sa nijsgjirch,
ho ’t dy baerch der útseach, det se it hast net langer útstean koe. Hja
woelle den it bantsje fen de sekkehals sunichkes los, wipte de sek by
de ûnderste tippen op ’e kop, en skodde it beest der út. Plof! dêr laei
deade Lubbert foar hjar foetten op ’e flier! De faem die in ôfgryslike
gjalp; de seupelbroers, yn ienen stom, waerden bleek as in wytling; de
kroechhâlder, in onbisnoeide feint, stelde him oan as in hôfhoun, omdet
er miende det dit op syn lân waeije scoe. Hy woe by alle heiligen
witte, hwa’t hjir de moardner wier. “Moarde?” sei ien fen de
bargedieven. “Né, man! Dat hat hjir nin pleats. Wolste krekt witte ho
’t sit? Joukeboer hat hjoed slachte; wy hawwe syn baerch kaept, en de
divel, om ús de nekke to brekken, hat him yn de proast fen it gasthûs
foroare. Mar hâld dou dy mar stil; baes! Der scil dy neat fen oerkomme.
It beest heart oan Joukeboer, en Joukeboer scil it ek wer ha. It scoe
my grize, det de man in fear to koart kaem.” Yn in amerij tôgen se
Lubbert nei de skûrre fen de gasthúsboer ta, en dêr hingen se him op
oan itselde bynt en itselde tou dêr se de baerch ôfsnien hiene. Dit ien
en oar joech sa folle gedrús út, det Joukomme, dy tichte oan it heafek
slepte, en noch al wach wier, wekker waerd en premomsje krige det der
altomets ljeafhabbers om syn baerch wierne. Sûnder him tiid to dwaen om
ienders hoazzen oan to toljen gong er yn ’t neaken himd nei de skûrre
ta, om ’ris to fielen eft de sûch der noch hinge. Hy taestte en taestte
al, en foun wol minske-, mar nin bargefoetten, en dat it tsjoedste
wier, it tou, dat for dit nije slachtbeest to swak like, briek stikken,
sa, man, det deade Lubbert boppe op Joukomme plofte, en him ûnder in
skansloper, dy er noch oan hie, biflapte. Dêr laei de âld boer, gûle en
moartsje nin brek, krekt eft de kweade yn de hel him ûnder hie. Syn
wiif, syn bern, de feint, de faem, de houn, it fleach alles nei de
skûrre ta. Bigryp nou ’ris ho forheard dy minsken seagen, do se
Joukomme dêr neaken ûnder de deade proast fen it gasthûs founen. Oan
dat ding koen’ se kop noch stirt fine! Hja fregen al, mar koenen nin
útslútsel krije. Mei dit gefal wierne se danich yn omslach, en stienen
lang yn bistân hwet hjir to dwaen; mar do ’t alles omkomd wier, wier
foart, tocht hjar, de baes. De proast moast der út, it gong sa ’t gie;
it gerjucht scoe oars miene det hja him deabruid hiene; hwent
jisterjoune hie er der noch west om bûter to bistellen, en de boer hie
rju mei him hakketearre oer ’e jilding. Mar ho krigen se him der út? It
roun tsjin healwei fiven en it bigoun al to skimerjen; him fier to
toaijen koe net. De feint fen Joukeboer, in fornimstige jongkeardel fen
Herbayum, wier de jinnichste, dy hjir rie wiste, en hjar allegearre út
de pikel holp. Hja hiene dêr in moai trinten hynzer op stâl, dat sa to
sizzen nin slach noch dien hie. Ienders hien’ se ’t yn de beage foar de
haiwein slein, mar it wier sa weinfljochtich, det se ’t stake moasten.
Om koart to gean, it wier in fjûrskiter! Dit helle de feint fen stâl,
lei der in seal op, en dêr hyste er deade Lubbert mei touwen op fêst,
det de boel forwege noch forwrikke koe, ho det it ek fleach en
slingere; do boun er him noch de teugels mei in pytske yn ’e hannen
fêst, det de proast, hied er in bytsje stiver yn ’e rêch west, hast sa
kreas siet as in ruter. Sa gau as dat spil allegearre klear wier,
waerden de skûrdoarren iepensmiten, en mei ien joech de feint it hynzer
in ûngenadige slach mei de swipe op it gat, det it beest as in reek de
stâl útstau de gasthússteech op. Yn it selde eagenblik fleach de boer
mei wiif en bern, mei feint en faem de doar út, en gûlden allegearre sa
hird as se koenen: “Hâld! Hâld! Minsken, hâld! De proast is op ’e rin!”
It wier in bytsje foar fiven, det de ambachtsljue krekt nei it wirk
gongen, en yn in amerijtiid hien’ je yn en om de gasthússteech in
hûndert minsken op ’e proppen, om it hynzer to kearen. Mar hwet hja
mear gûlden en kearden hwet dat beest gleoner en skrutelder waerd. It
giuwde der op it lêst sa mâl troch, det elts wol graech romte meitsje
woe. Dat wier op in g’lop stritte yn strjitte út, piip op piip del, en
krekt eft it spil sprekke moast, do it hynzer heal Frentsjer sa
trochflein wier, kaem it op it lêst yn ’e gasthússteech wer to lânne.
De gasthúsmantsjes en wyfkes hiene ek fen it mirakel heard; hja wierne
dêrom allegearre al yn ’t spier, en stiene yn ef foar de doar om út to
kypjen. Mar sa gau as hjar patroan op syn hirddraver de hoeke fen ’e
steech omdraeide, en elts gûlde: “Romte mannen!” stau dit hele heapske
yn hús, en hja kjirmen, allegearre: “Bergje jimme! Us hear proast is
gek wirden! Minsken, bergje jimme!” Fjouwer timmerfeinten lykwol
bleauwen op it mids fen ’e strjitte stean om it beest ta stean to
krijen, en dy klapten yn ’e hannen en gûlden sa dierber, det it hynzer
omswong, en de gasthúsdoar, dy wiid en waech iepen stie, ynfleach. Dat
wier mei koegelsfeart de wide gong lâns, it gasthúshôf yn, dwers troch
beibeammen en snijbeantsjes hinne, en do it dêr in slach twa yn
omdraefd hie, scoe der in raem dien wirde om de doar wer út to kommen.
Mar ongelokkich trof it hynzer yn syn rin in plak, dêr in djippe kûle
for in saed fen it gasthús dold waerd, en dêr tommele it hals oer kop
yn. It beest kaem op ’e rêch to lânne, en dêr Lubbert dûbelde hals
ûnder, det de touwen, dêr er mei fêst siet, fen de fal losboarstten.
Nou hellen de gasthúsljue geld en wyld op om it ûngelok fen hjar hear
proast to sjen, en hja seinen allegearre det de man it yn ’e holle
slein wier, en det dy fal him de dea dien hie.
_Domenij._ Hwet tinkt je dêr fen, boer?
_Pîbe._ Lean nei wirken. De keardel scoe yn syn eigen hôf bleaun hawwe.
_Saske._ Ik wit net; dea is sa mâl. En den noch mei sa’n lyk sa
ommoardzje. Fê! It scoe yen grize.
_Gabe._ It wier better, mem, det de proast it ierdryk bidonge, as det
er it gasthús bistiel en jonge frouljue bidoar. Mar kom; hwet oars.
Domenij! nou moat jou neef.
_Domenij._ Hat dy jisterjoune net?
_Gabe._ Ja, Domenij; mar dêr for hat er mei Jieldouw koartegearre. Dat
is lyk.
_Domenij._ Kom, feint! den mar op ’e proppen.
_Domenijs Neef._ Yn it jier fen 1690 learde der in studint to Grins ta
Dokter, dy fen Dockum fendinne wier. It wier in nuvere feint; fiten
útrjochtsje wier syn nocht, en fen biizjen hinge er gear. Do de greate
fekansje oankaem, scoe er wer nei heit en mem ta; mar it wier him dat
jier goeman to Grins gien as de measte fen ús foltsen, hy hie net
oergarre; as er syn pong tsjin ’e wyn smiet scoe er net fier fleane, en
by it eintsje-sluten wier der yn nin bûse fen fesje, bokse ef rôk in
stûr mear to finen. Dos steande op kâlde foetten wier er dochs to
edelmoedich om in oar to soebadden om jild to lien, en hy bigriep om
mar op ’e bonne foi ôf nei Dockum to kuijerjen. Mar in kammeraet, dy
dokter yn ’e rjuchten wirden wier, en de joune to foaren in trop
studinten traktearre hie, forlette him hwet; ek wier it dy deis to
brodzich om hird to rinnen, en hy brocht it oan ’e joun net fierder as
oan Burum ta. It wier healwei njoggenen; hy hie de skoen út ’e liken
roun, en wier sa wirch as in maeits; dêrby bâltte er fen honger, en
jild om yn ’e herberge to gean hie er net. Hy gong dêrom nei in
boerehûs, dat in eintsje fen ’e wei ôf laei. Hy kloppe oan en in himmel
wiif die op, dy him frege, hwet er hawwe woe. “Hy woe de piip wol ’ris
oanstekke”; nou dat koe wol lokke. De studint pypke i’s oan, en makke
in swiet praetsje. Underwiles kaem de faem yn mei in great krintebôle,
dy se yn ’e spine lei; in amerij dêrnei kaem de feint ek mei in
braskoerke, dêr twa flessen brandewyn útkamen, dy er yn in kaske ûnder
it bêd sette, en do sloep er wer foart sa hoeden’ as in skjirkert;
daelk kaem de faem ek wer, dy nou in pûde mei rezinen en in poun
klontsjes hie, dy de boerinne yn it sûkerdjear útskodde. Yn ’e
hirdsherne stie in holpanne mei beu to meuken, en oer it fjûr hinge in
skinke to sieden, dy soms mei de hakke boppe bobbele, en de studint de
kiel útbiet. Earst miend’ er det de ongetiders it margemiel hawwe
scoenen, en tocht’ yn him sels, kom, dat reits ik yn it lid. Mar dêrmei
kaem der in snaek yn, dy him gau yn oare gedachten brochte. Dy keardel
hie in rounbollich breedskaed hoedtsje op, dêr twa swarte linten by del
hongen; om ’e hals droech er neat as in smel himdeopsetsel mei
mûzetosk, dêr in pear silveren knopen yn sieten. Den hie er in
grouwollen baitsje oan; syn blauwe ûnderbroek protte by de knibbels
ûnder de boppebokse wei, en wier yn ’e hoksen fêstboun mei blauwe
strûpen, dy him by syn piper-en-sâlten hoazzen del biggelen. Dêrby hie
er útsneine skoen oan mei in pear útplatte silveren gaspen der op.—Ken
’k dy, ef ken ik dy net? frege de studint yn him sels, en ja wol, man,
hy hie him mear sjoen: it wier in kompenijster, Oeble Fluem, dy alear
wol i’s by syn âlders oan ’e doar kaem mei heidebjizzems, riskepitten
en sokke snypsnaren. Neijerhân wier er bigoun to oefenjen; ek koe er in
bytsje wiersizze, nei it ding him oanjoech; en meast roun er by
ienfâldige wyfkes, dy him it liif fol iten en de bûse fol jild
treauwen. De boer hie freeslik it grou op him, en hie him al ienders
fen it hiem reage; mar syn wiif, dy oan tsjoenen en spoeken leaude, en
dêr in bytsje mank fimele, houdde him for in hillich man. Ek koe er de
line sa moai om ’e reak skeare, det se, alheel mei him ynnomd, net wist
hwet goed eft se him dwaen scoe. De boer wier nou twa dagen nei
Holwerter merke ta, en it wiif, dat den hjar trekken waernaem, hie
Oeble de knik jown om aenstons oer to kommen. En dêr siet er nou al yn
syn bladeren, de piip yn ’e hân, en in sûpke brandewyn mei sûker foar
him. “It is hjoed den bjustere myld, boerinne!” sei er heel teamich en
fliensk. “Ik ha siker switten as in oandrager.”—“Dêr hie ’k al
gedachten fen,” sei de boerinne, “en dêrom hie ’k it slokje al klear.
Kom, drink i’s, Oeble. It is goe’ for it swit yn to druijen.”—“Ik
winskje jo de segen fen de Heare!” sei Oeble, en stiek de hele romer
út.—“Dy bin ’k wol nedich, Oeble!” sei de boerinne: “Ik tankje jo. Men
kin mei dy myldens nin helm yn ’e bûter krije, al is ’t noch sa.”—“Foi,
sok sizzen, boerinne!” sei Oeble wer, “Jou bûter stiet ommers as in
peal; de oare boerinnen mochten wol wolle, det se dat sa koenen as jy.
Mar de waermte scil net lang dûrje, ljea’! De waerlamkes hawwe hjoed sa
blettere, der scil wol gau noardewyn op komme. Hwa is dy jongfeint? Dat
is siker fen jins folk.”—“Né, sei de boerinne, dy man stekt hjir de
piip mar ’ris op.”—“Ik bin fen Grins, sei do de studint, “en scoe nei
Dockum ta; mar ik bin hjir binachte. De boerinne scil my wol in lyts
herntsje yn hûs ynskewiele.” Op dit wird bigoun it wiif to sjen as in
ûl. Né, dat wier fierwei mis; sy koe him net bêdzje. “Nou, den yn ’t
hea,” sei de studint.—“Foi né! sei se, de boer is om utens en ik scoe
frjemd folk ynnimme. Dêr kin nin byt fen komme. Ik wol dy ljeaver in
reispenje jaen.” En mei ien die se de hân yn de bûgel en joech him in
stûr, eft it in nachtbidler wier. De studint, dy seach det syn hoanne
hjir net brette, gong foart, en stie al op ’e drompel, do er noch i’s
omdraeide, en tsjin de boerinne sei: “Mar myn ljeave minske! jow my den
alteas in wébyt, as ’t jo b’ljeaft. Ik ha de hele dei roun.”—“dat de
kou skyt is dines!” sei de faem, joech him in homp, en flapte de doar
efter him ta. De studint wier oars net gau forbûke; mar dit wier him
slimmernôch. Hy tochte aenstons om de forlerne soan. Mistreastich wiek
er fen ’t hiem ôf, en gong yn ’e ûnderwâl fen ’t leantsje sitten,
lynjende mei it kin tsjin syn gongelstokje oan. Mar net lang hie er dêr
sitten, ef in boer op in hynzer, dat in lepsen moal om ’e nekke hie,
kaem it leantsje op draven. De boer bikipe de studint earst ris (it
skimere al hwet) en do-’t-er seach det er noch al moai gnap yn ’e klean
wier, frege er him: “Drigeste nei Kollum, feint?”—“Né, ik moat hjir
bliuwe”, sei de studint.—“Dêrre?” frege de boer, “dat is sa mâl. Hwerom
gieste net nei dat boerehûs ta?”—“Dêr haw ik al west, sei de studint,
mar dêr bin ik hosk. De faem hat my de doar útstompt.”—“Wel, dat is
nuver wirk! sei de boer. Kom, den moat ik it i’s bisiikje. Gean dou mar
i’s mei my, feint.” Gelokkich wier dat de boer sels, dy in dei earder
thús kaem as er sein hie. Underweis en to Holwert hie er frij hwet fen
it bierke preaun, det er in wakker luftich sin en in rynske boi hie. Hy
stapte mei de studint op it hiem, en scoe rimpen de doarsklink
omdraeije; mar mis wier ’t; de doar siet op skoattel. It wiif, dat
earst i’s efter it girdyntsje nei bûten glûpe, wier wakker yn ’t gat
bibiten, do’t hja de boer seach. “Gean gau op ’e golle yn ’t hea!” sei
se tsjin Oeble. “Ik scil sjen det ’k de boer to bêd krij, en den scil
ik jo útlitte. Gau, myn ljeave man! Hy slacht jo oars dea.” Do nou
Oeble biskûl en al it iten berge wier, die hja de doar op, en de boer
mei de studint kaem yn. “Toe, heite, gean sitten,” sei de hûsman, “Al
binn’ wy boeren, wy hâlde dêrom wol fen nijs en selskip. Kom, memke,
hwet haste for ús to bikken?”—“Neat! sei it wiif, “ik tochte det je fen
nacht útbleauw’ne, lyk as je seinen: nou ha ’k neat klear.”—“Ik wier sa
ier slachs, sei de boer, det ik koe mei ién dei ta; hwerom scoe ’k twa
útbliuwe? En it is ek goed det ’k hjir bin; hwent oars hie dy jongfeint
net ûnderkomd. Mar, neat! neat! dat is sa’n bytsje, ljea’! dat is
genôch yn ’t each.”—“Ik kin him wol in brogge klieme,” sei de boerinne
do.—“Kom, kom!” de boer wer, “mienste det syn tonge in seemslearen lape
is? Hy moat hwet waerms yn ’t liif ha, hy hat de hele dei roun.”—Jy
prate goed; sei de boerinne, “ik kin ’t net út in hynstekop sûgje.
Woll’ je ha, det wy hwet pankoeken for him bakke scille, dat kin wol;
moal ha je dochs meinomd.” Dat gong do op stroukjen yn, en lipe ef
pipe, de faem moast for de selde feint it miel klear meitsje, dy se
niis die doar útfierd hie. Hja sloech yn it bisleek om krekt eft se gek
wier; de klitsen fleagen hjar om ’e holle; en hja scoe de boer mei syn
gast wol forgriemd hawwe, sa grimmitich wier se. De studint, dy sjoen
hie hwet der for de kompenijster prefeet ynret wier, tocht yn him sels:
dat scil joun for jimme honje, frjeonen! ef ik scil nin Douwe hjitte.
Wylst de frouljue klearrichheit makken, kaem er gau mei de boer oan ’e
slach, dy him frege hwer’t er fendinne wier, hwet er die, en sa foart
hinne. De studint bychtte alles trou op, en spriek soms balken oan twa.
“Dêr to Grins”, sei de boer, “dêr leare jimme frjemd praten oars? Kinne
jimme alle minsken forstean? Kinn’ jimme ek sa prate as de
hantsjemieren?”—“Om-ende-by, sei de studint, mar alheel net; sa as de
Dútskers, wit’ je? Forline jier ha ’k noch yn Dútsklân west”.—“Ja,
wakker! sei de boer. Wel, ho sjocht it dêr út? Binne de kij en de
bargen dêr lyk as hjir? De poepen bjuwe der in bulte fen; mar it scil
wol wêze as mei hjar sels, smel fen bealch en nin gat.”—“Dêr scil ik
jou fiten fen fortelle, sei de studint, as je mar geduld
hawwe.”—“Jonge, ja, andere de boer; “toe, Auk! dou moaste nou ’ris
swiete, tige by tige swiete pankoeken bakke; ik wit detst’ it de feint
yn ’t hert ginste. Nou, feint! siz op mar.”—“Ja mar, sei de studint, ik
moat je sizze, it is ougryslik; hwent sa ’n skrik as ’k do hawn ha wol
’k for nin tweintich fjirders bûter wer ha.”—“O, dat is neat, andere de
boer;—“forhelje dou mar. Ho hjitste ek?”—“Douwe Agema”; sei de
studint.—“Nou, as ’t dy b’ljeaft Agema. Hwet woeste sizze fen dy
poepebargen?”—“Wel man!” sei de studint, “op in ieremoarn roun ik troch
in freeslik great bosk; ik tochte, dêr komt nin ein oan: mar amper
njoggen ûre kaem ik der einlik út, en do hie ’k in iepen fjild foar my,
dêr in keppel op roun fen wol oardelhûndert bargen. Der wierne fen
alderlei skaei ûnder: lytse, greate, swarte, wite en bonte bargen; mei
rjuchte stirten en ek mei krollen der yn; yn dat gûdtsje wier krekt sa
folle ûnderskie as ûnder de minsken. Hja wiernen ek sa fluch as
koardedounsers; hwent bealgen hien’ se as wynhounen, en it spek siet
hjar net yn ’e wei. Mar der wier lykwol ien ûnder de heap, dy ’t de
foargong hie, dat wier in onwiten ding; fet! en heech! ôfgryslik, man.
Noait ha ’k foar ef nei sa ’n baerch yn Fryslân net sjoen, ef it moast
dy wêze, dêr Auk niis de skinke fen út it goatling helle
hat.”—“Skinke?” sei de boer tsjin syn wiif; “Haste skinke? Foi, ik
wiste net, detste sa flouwe koeste.” De boerinne krige in kleur sa read
as de bloedkralen, dy se om ’e hals hie; tsjinakseljen koe hjir net
helpje; hja bikende det it wier wier. “Kom, Agema!” sei de boer, “Ik
sjen wol, wy hawwe nin koerang; fen honger scille wy joun net stjerre.
Ik bin bliid detste fen dy bargen bigoun biste. Mar ho gong dat do
fierder?”—“Ho dat do fierder gong?” sei de studint. “Wel, man, dy
greate baerch wier sa mâl as in tûr. Eft it beest do krekt wyld wier,
ik wit it net, mar hy wipte den hjir, den dêr hinne; op it lêst rekke
er in heel ein fen ’e keppel ôf, en kaem by in djippe foerge, dêr in
wolf op ’e loer laei.”—“Dy deuker!” sei de boer, “In wolf! Wel, sa mâl
koe ’t net. In wolf, ju! Godtank, det wy sok goed hjir to lânne net
hawwe.”—“Net ha?” sei de studint. “Jûk! Ja, wol! Us lân is der fol fen;
mar hjir rinne de wolven op twa en yn Dútsklân op fjouwer
poaten.”—“Nou, dat is den goed,” sei de boer;—“mar hwet die dy wolf op
fjouwer poaten den? Toe! Dou moaste hwet foart meitsje, Agema; daelk
binne de pankoeken gear.”—“Yn ienen,” sei de studint, “sprong de wolf
op, die in raem, op de baerch, dy ’t er nei in bytsje gewraksel yn ’e
strôt beet krige, en do repte er him slûpstirtsjende foart, krekt en
allyk, kin ’k je sizze, as jins feint, do er dy twa flessen brandewyn
dêr ûnder it bêd del set hie.”—“Hwet seiste?” frege de boer, “ek
brandewyn? Dou bitinkst’ it wrychtich goe’ om de skrik wei to drinken.
Dy eangstme fen Agema biskriuwt hwet! Kom, bring den i’s om, frou.
Baeseftich, Agema! dou bist’ in flinke keardel. Mar dat moast ik dy
noch freegje; hie dy bargedriuwer nin hounen by syn spil?”—“Né, man!”
sei de studint, “dêr siet him de kneep. Oars scoe dy wolf dat wol stean
litten ha. Ik wier der tichter by as de bargedriuwer, en it gong my fen
’t hert det sa ’n skoander beest toskoerd wirde scoe. Ik tochte yn my
sels, is der nou neat oan to dwaen? En je scoene sizze, ho kin ’t sa
gelokkich? krekt laei der in stien foar my, dy ’t ik opnaem, om him de
wolf nei de kop to smiten.”—“Dy moast ek al hwet mâns wêze,” sei de
boer, “as it tsjin in wolf hwet helpe scoe.”—“It wier in ding! Nou! sei
de studint, “it wier in stien, ik scil ’t net forgreatsje, in balstien,
kin ’k je sizze, sa great wol as de krintebôle, dy ’t jins faem niis yn
’e spyskeamer lein hat.” Op dit wird rekke de boerinne alheel út ’e
fâlden. “Ja, heit! sei hja. Ik en Auk.... en ik.... ha in bôle bakke
litten; ik woe jo ’ris útstrike; it is ien mei krinten.”—“Wel, kom,
ljea’!” sei de boer, “Ik wier niis al in bytsje prot op dy; mar nou
hast’ it i’s keuninklik makke. Dy skrik fen Agema leit ús gjin
wynaeijen. Nou, Agema, dou smietste in stien nei dy wolf?”—“Ik smiet
nei dy wolf, andere de studint, “en, man, it wier rekke. Mar do scoe de
bûter jild jilde; sa eang as do bin ’k fen myn libben noch net wêst. Sa
gau as de wolf dy stien tsjin ’e bek krige, liet er de baerch los, en
fleach rjucht op my ta. Hy knerseltoske, en seach my oan mei gleone
eagen: wyt’ je ho, boer? krekt as dy Kompenijster, dy’t dêr efter yn
jins hea leit.”—“Hwet kompenijster?” frege de boer.—“Ei, dat witte jy
ommers wol, andere de studint; “Jins bêste frjeon, Oeble Fluem.”—“O
divel! rôp de boer, “dy snaek? Ik scil him omgean.” Nou, hwet dêr op
folge scil ik jimme mar net sizze. Der waerden stikken snein, det der
omstikken neifleagen. De boer wier oars sa goed as bôle; mar hjir kaem
it sprekwird to pas, as goede lju lilk wirde, wol it hounje. Hy heuvele
syn wiif en faem sa danich út, det se nin turf heech wierne; wyt en
swart forwiet er hjar. Mar yn iens naem er mids ûnder it kibjen de
lampe fen tafel op, en sei tsjin de studint: “Agema, hâld de lampe
’ris! It is wol yn ’e simmer, mar wy scille it fé i’s ôfljochtsje.”—“O,
jy miene dy wolf op twa poaten! andere de studint. Ha ’k it jo niis net
sein? Kom, graech, man! Der is bûter to kjimmen, bigryp ik.” Dêr gongen
se hinne, Agema de lampe yn ’e hân, en de boer in lange bollepyst. Hja
seagen earst yn ’t heafek, dêr wier er net; yn ’e skûrre ek net. “Den
mar by de ljedder op,” sei de boer. “De kompenijster is der yn, hy scil
der ek útkomme.”—“Jonge, foarsichtich, man! sei de studint, “op it hea,
dat is sa noedlik! Meitsje nin brân.” Mar der wier nin bidden tsjin;
dat wier aenstons mei ’t ljocht by de golle op, en ja wol, man, dêr
laei omkoal alheel-en-al ûnder it hea bidobbe. Op hânnen en foetten
riisde er oerein en seach mei gleone eagen troch krok en hearaeijen
hinne, dy him oer ’e holle hongen; switte fen binaudheit, sa haste net.
“Ha je in knipperke nomd?” frege him de studint. “Hjir is in man om jo
to sprekken; dy woe wol ’ris, det je him wierseinen. Hy hat in gast
krige, en syn wiif wol net sizze hwer ’t dy man op onthelle wirde scil.
Kinne jy dat ek riede?” Oeble kâldgnyske ’eris: wel, him tochte, dat
scoe wol op rizenbrij útdraeije. “Dat is omtrint ret, sei de boer, mar
alheel-en-al net. It is bollepyst-smoar.” En mei ien gong er dy
kompenijster profeet sa ûngenadich om, det er foar syn foetten krôlle
as in iel. Op it lêst gong it de studint sels to bot, dy de boer ek
sei, det it profetelean for dizze reis sa greater-nôch wier. Oeble gong
de golle ôf, en syn twa frjeonen him efternei; mar do se op it hiem
kamen, lichtte de boer him noch ’ris fjouwerkant fen ’e soalen, en
slingere him dwers oer ’e wringe hinne. “Dat is nou for dizze kear it
útsetsel, feint! sei de boer. Aste wer komste, scil dyn profecy
neikomme; den krigeste rizenbrij mei bret flesk; hjir net, mar to
Ljouwert, en dêr jouwe se er dy fêst wirk op ta. Nou, gereis! De
groetenis oan ’t folk!” De studint lake him wiles slop, en gong
forfolgens mei de boer wer nei it milhûs ta, dêr de frou en de faem
hjar mei ûlseagen sieten op to wachtsjen. Mar dat bilette de boer net
om ’ris tige mei syn frjeon fen it profetemiel to smullen, en op it ein
oan de boerinne to sizzen, det se hjar bêste bêd yn ’e pronkkeamer
spriede moaste. Dêr slepte de studint as in roas, en de oare moarne
gong er heel foldien nei Dokkum ta, dêr er soun en wol by syn âlders
oankaem.
[Yllustraasje: DE KOMPENIJSTER WIRDT OMSEAME.]
_Saske._ Dêr kaem Oeble keal ôf.
_Gabe._ Mar it wiif en de faem net better, mem.
_Domenij._ En hwer kaem al dy ellinde nou fen dinne?
_Gabe._ Ja, hwer kaem dy fen dinne? As it wiif oan de studint in
frjeonlik gesicht en in goed omstik brea jown hie, hie er hjar net
forklapt.
_Pîbe._ Dêrom, jonge, as in frjemd man dy om brea freget, jow him in
byt. Al mienste, detste noait nin fear fen him wersjen scilste, dou
wiste noait net ho’t in ding komme kin.
_Gabe._ Krekt sa, heit. Der giet neat yn ’e wrâld foar goeddwaen.
_Nift Jieldouw._ Ik hie wol in lyts, lyts forsiikje oan jo, domenij.
_Domenij._ Sprek op, jongfaem. Ik stean alle minsken ta tsjinst. Dat is
myn birop.
_Nift Jieldouw._ Ik woe sa bittere graech, domenij, det je ús ek in
teltsje dienen.
_Gabe._ Ei ja, domenij! Der is sa folle fen de gekheit ynroun, sprek jy
ek ’ris in wiis wirdtsje.
_Pîbe._ It is hjir de forkearde wrâld. De domenijs hawwe oars de
foargong, mar hjir binne jy yn ’t efteroanrinnen.
_Domenij._ Ja mar, boer; it is hjir nin bigraffenis. Wy hawwe hjir in
frjeone-oansit, en dêr is de domenij net mear as de boer.
_Gabe._ As dat sa is, haboes den, hear! Drink as in boer, en fortel as
in domenij.
_Nift Jieldouw._ Ja, domenij is gemiensom. Bigjin mar, domenij, as ’t
jo biljeaft.
_Domenij._ De ljue geane gau ’ris út hjar eigen lân, mar as se it by de
frjemden to kwea krije, dwane se krekt as de jonge fûgels, dy ’t onrie
fornimme, hja fleane nei it nêst, dêr se útbret binne, en siikje treast
ûnder de wjukken fen de âlde. Dit seach men foar jierren noch ’ris oan
in Fries, dy ’t op syn fyftichste jier op in bûtenpleats yn Oeryssel
gong to wenjen. Mannich jier hie er dêr in stil en noflik eintsje
libben hawn, do er einlik yn tsjok waer mei in pear ridders rekke, dy
mienden det hja allinne en nimmen oars de hazzen op syn fjild jeije
mochtene. De Fries spoun wakker tsjin syn bûrljue op, en frege eft de
wet fen de natúr net sei, det de hazzen takamen oan de man, dy se mei
syn noat en koal foerre hie? Mar de ridders wisten him dat mei de wet
fen it gewelt gau to bitsjutten, en hja makken ’t him sa bang, det er
mei al syn habben en dwaen wer nei Ljouwert teach, dêr er berne en tein
wier. Do er feint wier, hie er de stedhâlders fen Fryslân yn ’e kriich
mei folle noed en prikel tsjinne, en dat dreau him om de prins to
Ljouwert noch ’ris op to siikjen, dy him ek noch heel skoan koe en
bilove om him foart to helpjen, hwer ’t nedich wier. Dit wierne nin
moaije wirden, dêr sokke ljue âlde tsjinsten oars meast mei leanje, mar
dy prins fen Nassau miende hwet er sei, en it dûrre heel koart ef hy
stelde de man oan ta boekhâlder fen it hôf, in ding, dat noch al
aerdich joech, en dêr’t fierder net oan fêst wier, as de rekkeningen
fen de prins syn húshâlding nei to sjen, yn oarder to hâlden, en op syn
tiid út to biteljen. Hy koe ’er dêrom ek noch in lytse flaekshannel
ûnder driuwe, dat him riddelik goe’ slagge en boppe syn oar ynkommen
jierliks noch in aerdich stûrke yn ’e húshâlding brochte.
Dizze man wier egentlik fen it bloed fen de Hettenga’s, dêr er de namme
noch ek fen hie; mar syn foarâlders hiene dien as folle Fryske
edelljue, dy hjar perkeminten forrotsje en hjar titels sliepe lieten,
om swietsjeswei yn ’e boargerstân to forranen. Hettinga hie it dêr ek
al sa goed nei syn sin, det er nin lust krige om de âlde rjuchten fen
syn stamme wer op to waermjen. Der wier him yn dy tiden ek to folle oan
fêst om it karakter fen in Frysk edelman op to hâlden; hwent dy do syn
herte troch geleardheit ef trouwe stikken for it lân nin eare oandie,
waerd it bloed onwirdich kard, dat in tige by tige edel foarslachte him
neilitten hie. Mei in bytsje nederiger deugden, tocht Hettinga, koe men
ûnder de boargers in man fen oansjen wêze, en dat wiisden de stikken ek
wer út do’t er in bytsje to Ljouwert west hie.
Ta syn wenje hierde de man in himpen húske op ’e twiebaksmerke, en dêr
hie er net lang wenne ef de bûrren houdden sa’n bulte fen him, det se
him wol op hânnen drage scoenen. Hy wier bileefd en tsjinstich; koe er
immen mei in oantaest wirk gerive, hy stie altyd klear; hwent de man
hie to lang mei minsken omgien om net to witten, det se mei sokke lytse
tsjinsten en in frjeonlik gesicht mear op skik binne, as mei de
greatste deugden, dêr dy glâns net oerhinne stritsen is. Sa wier der
seis jier to Ljouwert omgien, do einlik syn wiif stoar, dêr er tritich
jier mei troud west hie. Syn jinnichste soan, dy er by hjar oerwoun
hie, do in jongfeintsje fen njoggentsjin jier, gong dizze dea droevige
nei; hy wier sa oerstjûr, sa mistreastich, det er ite ef drinke koe. De
heit wier al sa forbûke, mar hy forbriek him om syn soan treast yn to
sprekken, en dat die er mei dizze wirden: “Dyn mem is wei, myn feint!
sei er, God hat hjar opeaske! Mei ús triennen kinne wy hjar net
werhelje, en as wy koenen, scoene wy ommers net meije. Hwent dyn mem,
myn soan, forhûget hjar nou oer dat selde forreisgjen fen dizze ierde,
dêr dou en ik sa bitter om krite moatte. Mar mei koartens scil ik by
hjar wêze, meitsje dêr steat op. As de jierren sa heech binne as by my,
kin it eintsje libben, dat der oer is, net lang mear wêze. Fen dy
allinne, myn soan, moat nou al myn treast, al myn wille komme. Us folk
wennet allegearre op it Fean; hjir is nimmen. Pas tige op; den wirdste
in segen for dy sels en dyn evenminsken, en dou scilste in kroane op
dizze grize hierren sette. Aste mei ’er tiid in tsjep en sedich frommis
wiste en hjar folk goe’ selskip for my is, scil ik hjar as eigen
dochter oannimme, en by jimme beiden wol ik den myn lêste dagen slite.”
Mei dizze wirden liet de soan him in bytsje sizze; mar de tiid spriek
him mear treast yn, as de moaiste wirden dwaen koene.
Ungelokkich wenne der op ’e twiebaksmerke ek in edelman, dy makke det
al de útsichten fen de âlde Hettinga yn inkel fortriet oergongen. De
heit fen dy edelman wier in Dútsker, dy alear as hopman ûnder de
liifwacht fen ’e Prins yn ’t lân komd en foart mei in rike nommele
Fryske frelle troud wier, dy’t hjar bern rju jild neilitten hie: mar
dizze soan, dy mei gewelt grytman wirde woe, hie de bisitters in rêst
stimmende hússtallen mei jild út de hânnen britsen, en dêr wier by de
Minnisten sa folle jild ta opnomd, det de yntressen him alheel yn ’e
groun frieten. Sa wier syn memmeërf for de helte forkromle; en dêr kaem
by det er in greatsk Dútsk wiif troud hie, dy him mear kwertieren yn
syn wapen as jild yn ’e pong bisoarge, en mei pronkjen ek de oare helte
gau opholp. Tsjinwirch wier it sa fier komd, det er neat oer hie as in
meager amptke en syn great hûs op ’e twiebaksmerke; mar dêr biwarre er
noch in skat yn, dy’t foar it each fen in jongfeint moaijer wier as al
de klaeipleatsen fen Fryslân mei eltsoar. Hy hie in jinnichste dochter,
it moaiste frommis dat men ea yn Ljouwert sjoen hie. Oan hjar kleur
seach men det se in Fryske faem wier; hwent hja wier sa blank as in
leelje: mar de eagen wiisden hjar Dútske komôf út; hwent dy wierne as
gitten sa brún, en flonkeren by it hagelwite fel fen hjar foarholle as
de stjerren yn it blau fen de himel. De soan fen Hettinga, dy’t hjar
alle dagen foar ’t raem sitten seach, koe sa folle moaijens net lang
útstean; mei koartens krige hy sa folle smuchte op hjar, det er syn
heit frege om him dit frommis ta wiif to jaen. De âld man hie oan dat
grjimmanke bloed fen heal Dútsk, heal Frysk alheel nin sin: mar hwet
scil men sizze? It wier syn jinnichste soan, dy’t er neat wegerje koe,
en lyk as folle âlders, dy oars heel wiis binne, mar hjar bern mei
slaggen fen goeddwaen formoardzje, stie er ta yn in boask, dat for him
en syn soan in hel op ierde wirde moast.
Hettinga gong den nei de edelman ta om de dochter for syn soan to
freegjen. It wier in boarstich keardel, dy syn dochter net graech oan
in boargersbern jaen scoe, sa bang wier er om de eelheit fen syn stamme
troch smoarch bloed wei to griemen; mar yn syn jildpine dreau er
keappenskip yn syn eigen bloed, en dy de swierste priis bisteegje woe
wier keaper. Hy bigoun Hettinga dêrom aenstons to ûnderstean oer de
hylkspunten; mar dêr woe de man yn ’t earst alheel net fen hearre. Lyk
as alle Friezen, wier Hettinga fij fen dy Hollânske menear om op it bêd
goederen gemien to hawwen en yn ’e pong skaet to wêzen. It boask, sei
er, is nin kompenijskip fen twa keapljue. It is troch Gods bistel it
ynienranen fen in minskepear, dy liif en siele, ho folle to mear it
wrâldske jild, mei eltsoar gemien hawwe. Mar al syn sizzen holp net; de
edelman woe witte hwet Hettinga yn ’e wrâld hie, dy’t yn ’t ein troch
de koer foel, en syn kaptael yn lân en brieven skatte op fyftichtûzen
goune. “Dat falt my net ôf,” sei de edelman,—“Ja! sei Hettinga, “en
hwet mear wirdich is, Hear, as fyftichtûzen goune, hja binne
allegearre, ta de lêste stûr ta, earlik woun. Noait is der in dei
forroun, ef ik koe jouns by it skoatteljen fen myn doar sizze: hjir is
in earlik man bisletten.” Fen al myn goed scil ik myn soan nou de helte
jaen, en de oare helt komt fen sels ta him as ik dea bin.”—“Dat sprekt
goed,” sei de edelman, en ik leau det je miene hwet jy sizze; mar fen
’t nou oan jins dea ta kin der sa folle wetter troch ’e Ryn rinne. As
jou kaptaeltsje den flein wier, koe myn dochter yn ’t nêst sjen.”
Hettinga hie in wakker bytsje nocht om him yn ienen alheel út to
klaeijen, en hy lei der mei alle macht tsjin yn; mar it omtinken, det
syn soan oars net krije koe dêr’t syn sin op wier, forrette him en foar
saun getugen droech er al syn hawwen en dwaen oan syn jinnichste soan
oer. O! hie er witten, mei hwet minte dizze goedens leane wirde scoe,
ivich scoe er dat faei eagenblikje, do er syn hân sette, forwinske ha.
Nou wier de keap sletten. De neistkommende snein foel it pear al fen de
stoel, en yn trije wike wierne se man en wiif. De jonge ljue krigen
binnen ’t jier in erfgenamme, dat in flinke jonge wier, dy rjuchtút
dijde, en dêr pake noch mâller mei wier as mei syn eigen soan. For in
jonge wier it bern wakkere stil en dimmen; mar hy seach as in falk út
de eagen, en as heit selskip krige, siet er folle to harkjen, hwet de
âlde ljue seinen. De âlde man, dy by syn bern ynwenne, hie it
ûnderwiles sa mar hwet matichjes. Sa lang as er him sels drippe koe,
koene de bern him noch fele; mar mei de jierren naem er ôf; op it lêst
koe er nin slach mear dwaen, en do waerd er alheel in skoveling. De
soan wier oars sa slim noch net; mar syn frommis, dêr de greatskens fen
hjar faer en moer ynsiet, hie it ljeaver om ’e earmen as yn ’e termen,
lyk men seit, en hwet hja mei de rjochterhân forpronke woe hja mei de
lofter wer ynskoerre. Mids yn de rijste forkwisting wier se sa earnich
en fûl as in foarke. Op in bosk swevelstokken scoe se ôftingje; de
boden waerden troch it rib foerre, en it wier hjar to folle det hjar
skoanfaer it liif fol iet. Hwet de âld man die om it hjar to goedzjen
it koe allegearre net helpe. Alle dagen laei se him to narjen en to
hjitfolgjen, om him it hûs sa wers to meitsjen, det hy ’er útgong; mar
hy forkroppe alles, goeman. Hwent hy koe nearne hinne, en as er al koe,
op syn âlde dei by frjemden, dat wier ek net folle; onwente jowt
blierren. En den noch de skande fen syn eigen jinnichste soan, det er
him út hûs staet hie! Mar do it frommis dit mislearre, bisike se it op
in oar boech, en bigoun hjar man to pleagjen, det dy syn heit
forstjitte scoe. Nou sizze de Friezen wol det de bern, dy in stypmoer
krije ek in stypfaer krije; mar hjir seach men, det de âlders mei in
kwea snoar tagelyk oan hjar soan wol ’ris in kwea sweager krije. De
soan, forgetten hwet er oan God en de natûr skildich wier, sei syn heit
det er om in oar hinnekommen sjen moast. Dit wird gong de âld man troch
yl en swaerd hinne. Hy siet krekt yn it efterkeammerke in netsje for
syn bernsbern to bûtsjen; mar hy liet net in prikke út de hânnen sakje
en seach stiif tsjin ’e groun, krekt eft er in maling krige hie, dêr
syn earme holle fen sûze. Einlik mei in pear skrille eagen opsjende sei
er tsjin syn soan: “Hwet wird giet dêr út dyn mûle, Ige? Hear ik ’t
goe’? Ik ha dy alles jown dêr ik fyftich jier om switten en bodde ha,
en ta dankberheit reageste my it hûs út. Dit is den myn sonde, det ik
to folle fen dy hâlden haw; dêrfor wolste dyn âlde heit kastije. Yn
Gods namme, lit my net fen honger omkomme. Dou sjuchste, myn foetten
wolle my net fier mear drage; jow my yn dit dyn hûs den in lyts
oertollich herntsje dêr ik myn koarte tiid rêste mei. Ik freegje om nin
plommen bêd, net om it swiete iten fen dyn tafel: in bytsje strie op
dizze ûnderlegers, hwet brea en wetter is alles hwet ik dy bidde mei.
Op dizze wirden folge in amerij stilte; mar to lêste bigoun de soan wer
to sizzen: “Ho scil ik ’t stoalje mei myn wiif? Alle dagen hat sy it
mâl fel oan.”—“Hwette?” sei de âlde man, “Kinste dyn wiif net ljeaf
habbe sûnder dyn heit to forstjitten? Is it biwiis, det in wiif fen de
ljeafde fen hjar man easket, hjir yn gelegen, det hy de stimme fen de
natúr en de tankberheit smoaret? Ik scil de hân net twiske bast en beam
stekke; mar dit is in tsjoede ljeafde. Lykwol net om my; om dy, om dy
sels, myn soan, wêz my genedich! Tink om de segen, dy God oer alle
goede bern útspritsen hat; tink om de lôge fen syn flok dy ivich barne
scil boppe de holle fen de ondogenske. Ear dyn heit en mem, seit de
greate God, den scil it dy goe’ gean yn ’t lân, dat de Heare God dy
jown hat. Mar dy hjar fortreaune faer yn ’t grêf stjitte, wé dy
ûngelokkigen! Hjar wjirm scil net ophâlde fen stekken ek den net as it
fen bûten inkel goud en hearlikheit is.” Dizze wirden troeften ta en
brochten de soan frij hwet fen syn stel; mar krekt eft ’er trijedûbel
yl om syn hert woechsen wier, kaem er gau wer op de âlde team det it
syn wiifs skild wier, mar det syn skoanmoer der ek ûnder roeide, en det
hy om frede mei dy beiden to hâlden, graech hawwe woe det syn heit der
út gong. “Mar hwer wolste den, frege de âld man, det ik hinne scil?
Scille wyldfrjemden de âlde man opnimme, dy’t fen syn eigen soan
forstaet is. Sûnder jild, sûnder breawinning, is biddeljen fen dizze
ûre ôf myn foarlân, om net fen honger to stjerren.” Wylst er dit sei,
dripte him in greate trien by de rimpelige wangen del; mar de soan
bleau as in stien. Yn ’t ein wirch fen al dat preekjen en smeekjen,
naem de âld man it stokje, dêr er ûnder it gean op line, yn ’e hân en
wylst er syn stramme lea oerein skoarre, seach er earmhertich omhégens,
kjirmjende yn him sels: “Onhjirmlike sear docht it! Mar, God, forjow it
myn bern; hy wit net hwet er docht.” Lykwol foar det er de doar útgong,
hie er noch ien forsiik. “De tiid heget; sei er, en ta de winter ha ’k
nin hâld. As God my forwiist om dy noch to bilibjen, ha ’k fjûr ef flam
om my tsjin ’e kjeld to warjen. Ik bin lask klaeid en myn jas, lyk aste
sjuchste, is yn flarden. Jaen my den foar al de nije rokken, dy’t ik dy
meitsje litten haw, ien jas fen dines werom; jow my de minste, dyste
sels net mear drage wolste.” Ek dit forsiik waerd ôfslein; de snoar
grouwde him ta, det se de âlde jassen oan in Jeud forkoft hie. Do bea
de âld man for it alderlêste noch, eft er den net ien fen dy twa
hynstetekken ha mochte, dy’t yn ’e stâl hongen, en do de soan seach,
det er dêr net ôf koe, joech er syn jonkje de knik om der ien fen to
heljen. Dit bern wier do tsjien jier âld, mar hy hie it forstân fen ien
fen tweintich. Mei de hantsjes gear en greate eagen hie er den syn
heit, den wer syn pake, dy earmhertich kriet, oan gappe; mar do syn
heit him de knik joech, roun er fluch nei de stâl ta. Dêr helle er in
skerp knyfke dat oarreheit him to Ljouwerter merke jown hie, út de
bûse, en snei it moaiste tek, dat er fine koe, op eigen manneboet yn
twa stikken. Mei dy stikken, yn elts hantsje ien, kaem er wer yn ’e
keamer en joech oan pake de iene helt. De âld man, dy miende, det dit
it jonkje ynstitsen wier, waerd lilts, spriek nin inkel wird, en smiet
it bern mei it stik tek om ’e earen. Dit wier syn soan den einlik ek to
bot! Hy biskrobbe it bern, det er mear dien hie as him hjitten wier, en
mei dat snijen it hynstetek for pake en him beide bidoarn hie. Mar it
bern joech goe’ reden fen syn dwaen. “Ho kin heit sa op my kibje? frege
it jonkje. Ik miende det jy pake gau dea hawwe woene, en dêr woe ik jo
in hân ta helpe. En tinke jy det dy oare helt fen it tek wei is? Ja,
wol! Dy biwarje ik as goud! Dat stik tek scil ik oan heit tsjin de
kjeld jaen, as heit ek sa âld ’ris as pake wirden is.”
Dit antwird bûke de hirde siel fen it greatske wiif to pletter, en snei
de ûntankbre soan as in flime troch hert en sinen. Hja seagen al it
grousomme fen hjar bistean yn en beide, eft se troch it waer slein
wierne, knibbelen foar hjar teistere heit del, en beane om forgiffenis.
Op dit teiken fen birou sloech de âld man al de ljeafde, dy in faer ea
fielde, wer om it herte. “Scoe in heit, sei er, scoe in heit him net
erbarmje oer syn bern? De forlerne soan waerd oannomd: scoe ik jimme
forstjitte? Dêr is myn hân; alles is forjown, forgetten, útwiske mei dy
triennen, dy ’t ’k út jimme eagen biggeljen sjen. En dou, (dit sei er
tsjin it lytse jonkje) myn ljeave boi! Soan fen myn soan! Kom yn myn
earmen, slaen de hantsjes om myn hals en tútsje dyn pake! Hwent dou
biste it wirdich det in Fries dy ljeaf hat. Frjemd bloed krûpt yn dyn
ieren; mar dyn hert is lotter, suver Frysk.”
_Gabe._ Dêr koen’ je wol in moaije preek op meitsje, domenij.
_Domenij._ Ja, Gabe. En den scoe ik der yn ’e tapassing dit by
sizze:—“O âlden! onthâld dizze skiedenis, en spegelje jimme! Wêz wizer
as dy goede man, dy ’t him omtklaeide foar det er nei bêd gong. Jimme
bern scille jimme achtsje en eare; dit wolle wy hoopje; hwent God en de
natúr hjitte it hjar; mar it wiste is om dêr net op to fortrouwjen. Der
is neat gelokkiger as ôf to hingjen fen him dy ’t yn de himel wennet;
mar dy ’t him ôfhankelik makket fen immen op ierde, wirdt de slaef fen
de grillen fen dat wispelturich gûd, dat men minsken neamt.”
_Gabe._ Dêr seit eltse Fries amen op.
_Allegearre._ Amen, domenij! Amen!
Nift Jieldouw wier sa weak, det it moed hjar fen it teltsje fen domenij
alheel fol komd wier; de triennen stienen hjar yn de eagen. Mar de oare
niften houdden mear fen hwette luftichs, en trunen danich by Gabe, det
er noch ’ris op ’e proppen moast. “Wel, hwa scoe for sokke tsjeppe
fammen as jimme net fortelle wolle? frege Gabe. En o, ljea’, as jimme
wisten hwet in moai teltsje ik noch binefter haw! Mar it is ek in nuver
teltsje. It bigjint mei in riedsel, en as jimme dat riede, wirdt it
aenstons útforteld. Mar as jimme it net riede, den moatte jimme
allegearre aenstons to bêd en fjouwer-en-tweintich ûren wachtsje. Dat
moatte jimme nou sels witte. Jimme bigripe wol, it kin my nin byt
skele.” Hja fregen eft it riedsel ek slim wier. “Slim? sei Gabe, “och
hea! In lyts bern kin ’t riede.” Nou, den moast it mar oangean, seinen
de fammen. Do joech er hjar it riedsel op: “Hwet gelikens is der twiske
in goe’ domenij, en de tonger en de bliksem? Rie, rie, hwet is dat? De
iene rette dit, de oare dat; mar om koart to gean, hja wisten ’t
allegearre net. “Nou, sei Gabe, den winskje ik jimme allegearre goe’
nacht, en as jimme útslept binne, in tige birie oan ’t moarn-to-joune
ta.” Dêrmei gong it selskip út eltsoar: domenij mei syn gasten nei hûs,
de niften grinende to bêd, en Pîbomme nei it bûthús om it fé ôf to
ljochtsjen. Mar de niften wynde dat riedsel al yn ’e holle om en de
nijsgjirgens prike hjar sa fel, det se nin wink yn ’e eagen krigen.
Saskemoi, dy’t noch hwet om krúste om de boel op to rêdden, waerd al sa
fen de nijsgjirgens pleage, en op it lêst bipraetten de niften hjar om
Gabe op it bêd to freegjen hwet er der mei sizze woe. “Ha jimme it sa
slim, sloven? sei Gabe. Nou den moat ik ’t ommers mar sizze. In goe’
domenij dy tongert mei syn wirden, bliksemt foarôf mei syn eksimpel. ’n
Nacht!”