DE FRYSKE TSJIRLEN.

Wierne de âlde Friezen frij,

Fryske soannen binne wy.

De âlde moed is net forroun:

O, wy stjerre for ús groun!

Stoarm en wetter haww’ wy hawn

Oer ús ljeave Fryske lân;

’t Folk, dat for nin weagen swicht,

Falt it oarlochsswird ek licht.

Jane wy den ek nin keap

For in wylde stropers heap!

Frijdom, koft troch eigen moed,

Is ús mear as goed en bloed.

’t Gleone skerpe krigersswird

Lûke wy for hûs en hird,

En wy binne eang ef bang,

As for frjemde keunings twang.

Brûz’ nou ’t âlde Fryske bloed!

Kom wer, frije Fryske moed!

Frijdom, frijdom is ús noft

As de fûgels yn de loft.

De âlde Friezen wierne frij;

For de frijdom fjuchte wy,

En in echte frije Fries

Hat fen frjemde twang in griis.

Rimen en Teltsjes · 第 83 / 279 题