Foar tachtig jier wenne der in smidswiif op ’e Gordyk, dy hjar man
skjin oer hie, en dy nearne mear nei langhalze, as nei de ûre fen syn
dea. In bysfeint, dy ûnderdúms ek in goe’ frjeon fen ’e smid wier,
joech hjar de rie, om hjar man alle moarnen op waerme boltsjes to
traktearjen, en dêr scoe er blyn fen wirde, en einling wol stjerre. Dêr
harke sleaukemoi nei, eft hjar lij wetter yn ’e earen getten waerd. En
man! hjar bislút wier: de smid scoe der oan, hy scoe de sêfte
waermboltsjedea stjerre. As hja moarnsier de bakkershoarn hearde, den
fleach hja as in wylde draek ta de doarren út, en helle for in skeljen
waerme boltsjes. De smid bearde det er nearne fen wiste, en sei tsjin
syn wiif, dy oars sa fym’l as in skjirre wier: hea ljeave, ho komt
Peaske sa yn ’t lân? Dou wirdste rynsk! “Ja,” sei hja, “baes, wy habbe
langernôch goarre, wy moatte it der mar ’ris hwette rommer fen nimme;
en jy moatte der sa swier for smeije, det, my tinkt, jy meije it der to
minste wol goed fen nimme.” En de smid, dy in great longerich keardel
wier, en dy lyk as de measte fen syn swarte collegas, in man oan it
ambeld, mar ek in man oan ’e krêbbe útmakke, friet as in lieu alle
moarnen wol tweintich waerme boltsjes op. Einling stoe it him dochs
tsjin, en do er seach, det it syn wiif ek bigoun to bigreatsjen, klage
er det him de eagen bigounen to skimerjen, en hy dronk syn dikkop ek
net mear, omdet er wol ’ris heard hie, det it kwea for it gesicht wier.
Dit stoe it bygelovige wiif danich oan, en hja biklage him yette ek, dy
falske njirre! Dit wirk sjampere noch al twa dagen sa oan, mar de
tredde deis, do de smid moarns opstoe, woe er syn broek krije, en hy
taestte yn it turffet; hy woe syn skoen oantsjen, en hy krige de âlde
boarre by de kop; hy woe de prûk opsette, en hy hie de feger beet.
Jimme kinne tinke hwet in nocht it wiif der oan hie, mar hja hâldde
hjar froed en fyn, en sei: “Och hea, baes! kinn’ jy net mear sjen?”
“Né, Lys!” sei er; “Nou woe ik mar, det ik mar dea wier: mar ho kom ik
dea? Ik hab wol ’ris heard fen master Ipe, det fordrinsgjen de sêftste
dea is. Mar ik doar it sels net dwaen; den moastou my helpe, ljeave.
“Fij, sok raer praet, baes! Jy moatte sa net,” sei it falske wiif, “jy
kinne licht yette wol ’ris betterje. Ik scil ’ris nei master Baltes
gean; dy hat sok superber eachwetter.” “Wel,” sei de smid, “ik wol dea,
dat hab ik sa mar yn myn holle set, en dou scilst’ my helpe.” “Dat is
oars al hwet raer, sei it wiif, mar it is lyk as jy sizze, baes; in
blyn minske is in ûngelokkich minske. Sa is ek dochs neat oan it
libben. It griist my oars as ik der om tink. Mar ho moat dat den,
baes?” “Wel,” sei de smid, “my tochte, dou moaste my mar nei de rânne
fen ’e feart liede, en dêr scil ik stil stean bliuwe, en den moastou
der my mei in oanrin yn fiere.”
Sa sein, sa dien. De oare deis, do de fallaetsman krekt oan it skutten
wier laette Lys de smid nei ’e kolkswâl, en do gong hja earst efterút,
en do fleach hja mei koegelsfeart op him ta; mar de baes, net sleau,
stapte twa trêdden út ’e wei, en nou fleach syn wiif him as in swel
foarby, hals oer kop yn ’e kolk. Do moartsje en gûle, sa ûnhjirmlik,
det yen hearren en sjen forgong. “Och, rôp se, “ljeave baes, help my
dochs!” “Ja,” sei de smid, “ik scoe dy wol helpe, ljeave, mar ik kin dy
net sjen, ik bin blyn.” “Help, help!” rôp se for de lêste reis, en
dêrmei sonk hja ûnder wetter.
De fallaetsman, forheard fen it gûlen en geijen fen Lys, kaem ta de
doar út stouwen, en dy rôp oan ’e smid: “Dit is raer, net, bûrman? Moat
dit sa, man?” “Ja, man,” sei er, “hja is der sels ynflein, en wolstou
se opfiskje, dat kinste dwaen, mar ik wol der nin hân nei útstekke;
hwent hja woe der my ynrame, mar ik wier hjar to rêd.” De fallaetsman
grypte syn heak, en fiske yn ’e kolk, mar de stream hie hjar troch it
rinket litsen, en do kaem hja oan ’e oare kant fen ’e sylsdoar wer
opboarsten, en do pikte er hjar mei de heak yn it jak, skoerde hjar op
’e wâl, en brocht hjar healdea by de smid thús, dy hjar in heal
romerfol Berenborger yn ’e hals geat, hjar forskjinne en nei bêd
brocht. De smid koe sjen, en dronk de selde joun syn dikkop wer op, en
’t wiif wier tonei sa mak, det er se om ’e finger wine koe.
Manljue, dy onmakke frouljue habbe, lit se troch it rinket fleane. It
helpt hear!—