Skipkesile, skipkesile,
Dêr nei stiet myn Fryske sin.
Skipkesile, skipkesile,
Sa lang as ik tôgje kin.
Wetter, wetter is myn libben,
Hinget siel en libben oer.
’t Libbet, popert my troch de ieren
As ik oer de weagen stjûr.
As de wylde fûgels djoeije,
’t Reidmosk tsjottert ljeaf fen toan,
De eintsjes troch de weagen roeije
Mei de piken efteroan;
As it djier yn griene weiden,
Yn de gêrzen wille het,
Ef biskûle yn de reiden
Fiskerman syn fûken set;
Den oer Fryske markes driuwe
Yn de romme simmertiid,
Yn de lije simmerjounen
Makket hert en sinnen bliid.
Yn de kâlde hjerstmismoarnen,
Wolkom, stoere noardewyn!
Moantsje mei dyn silv’ren hoarnen,
Wolkom mei dyn gleone skyn!
Sûzje my troch mêst en linen,
Ljocht my op de tsjust’re poel!
Noarman hirdet ier en sinen,
’t Moanljocht wiist my paed en doel.
Yn de kâlde hjerstmismoarnen,
As ’t noardwesten giert en bromt,
As de heil it wetter giselt,
Dobb’rje ik iensum op de romt’.
Diggelfjûr sit oan de toppen,
Swarte loften hingje ’er oer,
Touwers fluitsje troch de stroppen,
Eangstich skoarje ik oan it roer.
As de wite koppen stouwe,
’t Skipke kreaket, hellet, sûcht;
Hingje, slepe, dweile, sjouwe,
Dat is ’t libben dat my noecht.
Noflik is ’t den thús to kommen,
Om de ljochte gleone klûs
Fen it diggelfjûr forhelje,
Fen it wylde weachgebrûs.
As de bernkes freegje en harkje
Hwet hjar heit het ûnderfoun;
Moast ’k sa ’n dei mei noed trochfarkje,
Trij’ris noflik is de joun.
Friezen binne wetterlieuwen;
Het it wetter wille en noed,
’k Wol in wetterpolsker bliuwe;
’k Bin fen ’t âlde Fryske bloed.
Sa, Tsjerk Hiddes, greate lieder
Fen de frije Fryske fleat,
Wier dyn libben, waerd dyn stjerren
Op it wide wetter great.
Silen, swabjen wier dyn libben,
Hiest’ net oer de weagen bromd,
En de Ingelskman bitong’re,
Hwa hie den dyn namme romd?
Ja, de Vries, dyn Fryske namme
Is net op de weagen stoarn:
Né, hy libbet oer de séen
Ivich, Fryske wettersoan!
Skipkesile, skipkesile,
Dêr nei stiet myn Fryske sin:
Skipkesile, skipkesile,
Sa lang as ik tôgje kin.