Lang forgetten swanneblommen,
Driuwers op ’e stille mar;
’k Freegje wirden fen de stommen,
Alde Fryske wapenblommen!
Tinkt der immen yette oan (hjar)?
Mei hjar griene sterke spjirren
Komme se út it wetter op,
Ivich bluistrich alle jierren,
Prykje en loaitsje hja fen fierren,
Tsjin it gleone deiljocht op.
Fyn bisneine syd’ne lapen
Dobberje op it wetter om;
’t Binn’ hjar griene gledde kapen,
Dy op ’t âlde Fryske wapen
Sprieken: “Sa driuwt Fryslân om!”
Winters binne hja forgetten,
En hja rêste yn de groun;
Under iis en snie bisletten,
Yn de poellen, yn de petten,
Sliepe hja de winter roun.
Hwa scil hjar wer libben meitsje?
Hwa docht hjar de eagen op?
Ut hjar deasliep hjar opweitsje,
Det se boppe wetter reitsje,
Frjeonlik glûrjend út hjar knop?
Lyk as d’ âlde Fryske lânnen
Faek forswolge troch de sé,
Mar troch krêft’ge Fryske hânnen
Wer forlost fen twang en bânnen
En ophelle út de sé;
Komt de hân, dy ’t al bistjûret,
Lûket jimme út de groun,
As de maitiidssinne gloeret,
’t Dôve libben wer oanfjûret,
Krûpe jimme út de groun.
Yn in weake groun fortize,
Sitte se yn hjar stamme fêst;
Frjeonlik scill’ s’ hjar troanje wize,
Frjeonlik laitsjend wer oprize,
Ut dat kâlde wetternêst.
Blier sjen se oer it wetter hinne,
En hja rypje ta in knop,
Stoov’ hjar berntsjes oan de sinne.
Geane hjerstmis den wer hinne,
En fordriuwe as kaf en hop.
Sa ek, Fryske wetterfammen,
Gongen de âlde Friezen oer,
Binn’ forgetten de âlde nammen,
Binn’ fordylge de âlde stammen,
En útwjoed mei ierd en oer.
Binn’ der nou ek krêft’ge tûken,
Utroun út dat âlde haed,
Dy fen bûgen witte ef bûken,
Mei gjin twingen ef gjin lûken
Binn’ to troaijen fen hjar paed?
Fryske blommen, wetterfammen,
Pronkers op de stille mar,
Tsjûgen fen dy âlde stammen,
Fryske blommen, wetterfammen,
Siz my, lykje wy oan hjar?