Kom, myn ljeave foarjiersberntsje,
Mei dyn wite poanne op:
Krûpstou ek wer út dyn herntsje?
Wolkom, wolkom, griene pop!
Koeste troch ’e snie yet boarste,
Lytse ljeave poanneman?
Koeste troch ’e hirde koarste
Poarje, lytse maerteman?
Wierste dêr net trochforklomme,
Yn dy izerhirde groun?
Koeste troch ’e winter komme?
Wierst’ de hiele winter soun?
Hieste ’t dêr net kâld, myn koeze,
Hast’ dêr ek nin selskip foun?
Haste dêr allinne klûze
Yn dy djip-bifêrzen groun?
Wolkom, trijris wolkom, soantsje
Fen ’e skrouske wintertiid!
Wis, dou bliuwste hjir in toarntsje,
En dou makkest’ ús ’ris bliid.
Mar myn ljeave griene boade
Fen dy romme griene tiid,
Fij! it rûge en kâlde noarden
Gûlt en bilet wiid en siid,
Spijt yet heil út swarte loften,
Reint en touwert wyld en kâld,
Eft der tûzen tongers ploften
Op ’e keale kâlde wrâld;
Pipet yet troch mêst en toerren,
Faget tek en beammen wei;
Skoddet yet mei hûs en skûrren,
Bliest de wylde weagen wei.
Nou, dou bist’ der nou, myn koeze,
Mei dyn wite poanne op,
Simmerloften scill’ hjir rûze,
Bliuw hjir mar, myn ljeave pop.
Och, dou kinste hjir net bliuwe,
Dat laeit net yn dyn natûr;
Mannich ûren scilste kliuwe,
En den is dyn libben oer.
Hast litstou dyn holtsje sinke,
En den giest’ wer nei de groun;
Nimmen scil om dy mear tinke,
As dy ’t libben dy hat jown.
Dy scil dy yn ’t libben roppe,
Grien en prûzich lyk as hjoed,
En dou komste wer hjir boppe,
Ljeaf forgetten maertekrûd!