Sibbel fen de Ryp stiet op ’t skerp;
Scil ride.
Wol ’ris nei Harns op redens ta;
Lit glide!
Allinne ride,
En noait net glide
Mei frjemd folk wol hja, Traldra.
Is Sibbel nin tsjep faem? seit sy;
Hwa bliuwt ’er in tsjep faem mei my?
Dêr tsjen’ de keapljue op hjar ta
Mei heakken.
“Moai famke, sizze sy, ryd net
Yn wjekken.”
Mar hja oan ’t rekken.
Docht lange skekken.
Net to keap! seit hja, Traldra.
Myn waren binne to djûr for jy;
Siikj’ yn ’e stêd jins kreammerij.
’t Studintke wonk to Frentsjer my,
Woe patsje.
Lei sêftkes om myn hals syn hân,
Sei: “skatsje!”
Meist’ my net patsje,
Al seiste, skatsje.
Feint, studearje dou! Traldra.
Mar Sibbel hat nin boekje for dy:
De flinkste faem yn ’t gea is sy!
Is Sibbel fen de Ryp nin tas?
Lit saeije!
Mei my lei mannich hearke op,
Woe aeije.
Meist’ my wol flaeije,
Mar ’t kin net aeije.
Hearke, hânnen thús! Traldra.
Sibbel is in flink kant faem, seit hja:
Wol heare-hân net oan hjar ha.
Hâldt Sibbel fen de Ryp nin streek
Yn ’t riden?
O! ja, as sy mei hjar ljeaf feint
Mei glide.
Den kin ’k wol ride,
En lit my glide
Yn syn earmen. Traldra.
Bin ’k net in rappe faem op it iis?
Mar hwa wol ride mei in biis?
Is Sibbel net for hjar ljeaf feint
Allinne?
Hy is in boer, en ik wird syn
Boerinne.
Ik wol him nimme
En lit se rinne
Dy my sa aeikje. Traldra.
Bin ’k net in echte faem fen ’t lân?
In boer jow ik myn hert ta pân.