OAN PETRUS DO ER DOCTOR WAERD.

Lyk as in man to roer,

Troch klippen en troch banken,

Heart nei nin stoarmrumoer

Ef nei Sireneklanken,

Mar ’t skip mei goe’ bileid

Wer stjûrt yn feilichheit,

En om gjin need ef dead mear tinkt,

Dêr ’t lûd hoezé fen wâl ôf klinkt;

Sa gean’ ek Pallas bern

Nei al hjar peinzjend bodzjen,

Nei al dat lettersjên,

Dat digerjen en dodzjen,

Ut Leidens wyld gesûs

Nei ’t noflik âldershûs,

Dêr blydskip op de troanjes blinkt

En ’t wolkom hjar to mjitte klinkt.

Gelokkich, nomm’le miich,

Ik mei dy wolkom hjitte:

Dou bist dy sé oerdreaun;

Dyn skipke koe net stjitte.

Dou jagest’ stille skatten nei,

(Dy feije tiid noch oermacht wei,)

En eare, dy net kin forgean.

Dat, Petrus, is dyn heechste lean.

As ginstling fen natûr

Forskopste nea hjar ginsten,

Mar fleachst’ mei iverfjûr

Nei wittenskip en kinsten.

Dy sa syn tiid mei iver slyt,

Fielt nea it bittre selsforwyt,

Mar ’t is in streling for de geast,

For d’âlde dei in stipe en treast.

Gelok, gelok, myn frjeon,

Op al dyn libbens-wegen!

Dou hast’ it swiet fen ’t libben preaun

Priuw ek yn ’t ein hjar segen.

Dije oan yn learing en forstân,

Wird d’eare fen dyn hûs en lân,

En fen Bolswinas âlde stêd,

Dêr mannich wize kop útbrett’.

Farwol! Forjit dochs net,

Ho w’ altyd frjeonen wierne.

Farwol! Forjit dochs net,

Hwet wille wy wol hiene,

En hwer it lot dy hinne stjûrt,

Tink faek ho wy togearre oan ’t roer,

Sa mannich ljeave simmerjoun

Oer Fryslâns poelkes hinne dreauw’n.

Driuw ek dyn skipke sa’

Swiet, sêft, troch ’t libben hinne!

En falt ea it gelok dy ta,

Ef moatt’ ’er hjitte triennen rinne,

Biwarje den dyn edel aerd,

En wêz’ foarsichtich en bidaerd.

Hwer dy den ’t lot ek hinne laet,

Den hat it ûnk op dy nin faet.

Grou, Oct. 1841.

E. H.

Do myn âldste soan Piter to Leiden opgien wier ta dokter yn ’e letteren

winske syn omke Dr. Eeltsje him gelok mei it rjimke, dat hjir foargiet.

Piter wier der wakker mei yn syn bladeren en liet it drukke efter de

Latynske forhânlinge (dissertatie),[5] dêr hy op promowearre wier.

Nimmen hie dat stikje hjir achtslein, mar do dit ûnder de eagen fen de

gelearde Dútskers kaem, waerd it oars. Dadelik nei det Piter to Leiden

promowearre wier, gong hy nei Berlyn ta, om dêr syn Grykske stúdzjes

ûnder de biromde Böck foart to setten. Nearne nou bloeit de greate

taelstúdzje yn it algemien, en dy fen it Germaensk en Frysk yn it

bisonder, mear as to Berlyn, dêr de biromde profester Fryhear von

Richthofen, nei jierren en jierren fen in reusaftich blokken, dat

biromde wirdboek fen it âld-Frysk yn quarto ôfmakke hat, dêr nin

taelgelearde hjir iendris in drukker for fine scoe. As men dizze

hearlike skat goed yntaest en it lân-Frysk ’er by forstiet, den moat

men bikenne, det de Friezen nei sa folle forwoastjende ieuwen noch in

ryk en geheimnisfol taelynstinkt yn hjar binnenste omdrage, dêr hja

selme onbiwust fen binne. Us Piter makke to Berlyn gau frjeonen ûnder

de studinten, dy dadelik foelen op it rjimke efter syn dissertatie, dy

hy hjar jown hie. Troch hjar stúdzje wend oan de ienfâldige en edele

skiente fen de Grykske dichters, fielden hja dat deselde geast yn it

Fryske stikje amme.

Under syn gelearde kammeraten to Berlyn wier der ien, Ferdinand

Hanthal, dy ek mei rimen pielde, en sa’n skik yn it stikje fen myn

broer hie, det hy der in Heechdútske fortolking fen makke, dy ik hjir

folgje lit.

Rimen en Teltsjes · 第 60 / 279 题