Yn ’e krystdagen hie Saske hjar broers bern, twa soannen en fjouwer
dochters, fen Aldegea oernoade, dy ek kamen; hwent it wier moai iis. De
Woansdeis scoe der to Frentsjer in silverheften mês forhirdriden wirde,
en dêr woe de hiele fleet fen jongfolk mei Rommert foarop hinne; mar de
foarmiddeis lune it waer mei stilte en bilitsene loft sa hwet om. “Ik
wit net, sei Pîbe; ik haw ’er swak moed op. Der wier jister in waerûl
om ’e sinne, en it hat my fen nacht yn ’t krús stitsen; ik tink, hjoed
in tige pak snie.”—“Ei né, omke, sei ien fen ’e niften. It bigint to
glierjen, en nyskes kamen der al hoeken en gatten yn ’e loft.” Mar in
bytke foar toalven bigoun it to krôkjen, en wylst se oan it iten
sieten, sloech it mei in eastewyn, dy fiks trochkaem, danich oan it
wiskjen: men koe net út ’e eagen sjen. De fammen, dy de kriuwel yn ’t
liif hiene om nei Frentsjer ta, rôpen al: “It scil op ’e sté wol
betterje.” Mar yn pleats fen better boaze it waer oan, en it waerd for
hjar allegearre in thúsbliuwer; hwent in boer scoe syn houn net útjage
ha.
It wier kâld, en de froast kitele mei dy hirde wyn yn ’e huzen op, det
se jouns moai ticht oan ’e hird kroepene. Do se hjar nocht fen dammen
hiene en allehiel útpraet wierne; sei ien fen de bern, det se mar ’ris
teltsjes fortelle moasten. Dat scoe ek aenstons oangien ha; mar krekt
stapten der twa útfenhûzers fen domenijs yn ’e keamer, dy ek nei
Frentsjer ta west hawwe scoene, en dy nou op ’e reek fen ’e moaije
frouljue ôf by Pîbomme kamen. It wierne beide studinten fen Grins; de
iene, in miich fen domenij, en d’ oare, syn kammeraet, de soan fen in
divelbander dy it sei sa de wrâld woechsen wier. Dizze twa stienen hjar
diel mei oan ’t fortellen. “Mar dêr nin kriich is, is nin eare,” sei
domenys miich; “dy it moaiste teltsje fortelt, scil kar út de fammen
ha, mei hwa-d-er fen nacht meide wol.” Dat wier klear. Saskemoi sette
in tinnen kanne mei boerekofje by it iene ein fen it efteroansblok op
’e hird del, en Gabe smiet hwet dôve prikken op ’t fjûr, dy braef
spatten en knapten, wylst de soan fen ’e divelbander dit teltsje
bigoun.
[Yllustraasje: DE BISITE BY PIBE EN SASKE OM ’E HIRD.]
“Yn it jier fen trettsjinhûndert-trije-en-fjirtich gongen twa boargers
fen Dockum mei Rouke Lefferts, in boer fen ’e Geast, op in
pilgrims-reize nei Romen ta. Om ’t de weardshuzen do sa net yn swang
wiernen, gongen se mei in knapsek op ’e rêch, in lange kouwestôk, dêr
in tsjokke roune knop op siet, yn ’e hân, en in restje âlde skeljen yn
’e bûse, nei Itaeljen ta. Kaem it sa út, det se by jountiid oan in
kleaster ef slot kamen, den hienen se tek, fjûr en wetter frij, en dêr
seane en brettene se den hwet hjar knapsek ef de tiid sei. Mar wier der
nin kleaster ef slot yn ’e omtrek, den slepten se lyk as Adam en Eva
ûnder de loft, en wylst de blêdden fen ’e beammen hjar for girdinen
tsjinnen, wier de groun mei gêrs hjar bulsek. Noch in heal dei wierne
se fen Romen ôf, do ’t er mei de knap net bêst bigoun út to sjen. Hjar
moal wier sa nei op, det elts fen it krouske, dat er oer hie, nin bôle
mear for him sels bakke koe, en by ongelok wierne se binachte yn in
oarde, dêr nin slot ef kleaster hyn ef nei to sjen wier. Ho scoe dat de
oare moarns gean? Hwent de mage bigoun hjar nou al to kiteljen, en as
se in heal etmiel fierder wierne, scoe it net better wêze. Lyk as de
honger nou in skerp swird is, en de minsken bjustere fornimstich
makket, sa wier it ek mei dy twa Dockumers. Sy reauntene eltsoar, yn ’t
ear: “Scoene wy nin útfynsel witte om dat moal fen Rouke yn ús mage to
krijen? Sa ’n boer kinne wy stedkers licht formale, en bynammen dizze
Geastmer; hy is sa gload, det in jonge him bijeuzelje kin.” “Ei, ja,
ju!” sei d’ oare; “dat is neat. Dy boer scille wy mei ús beiden wol
forrifelje!”
Aenstons stie ’er ien fen hjar oerein, en bigoun syn twa kammeraten mei
dizze wirden oan to sprekken: “Frjeonen! It stiet ’er skrok mei ús
foar. Hwent it klikje moal, dat elts fen ús oerhâlden hat, is sa lyts,
det it him tsjin ’e honger neat helpe kin; mar as al de trije poarsjes
by eltsoar kamen, scoe it ien allinne noch in eintsje term folle kinne:
dêrom liket it my net slim ta, det wy it allegearre yn ién hân
brochtene. Mar for nin kleasterfol skeljen scoe ’k in byt yn ’e mûle
stekke, dat my net from en earlik takaem, en dêrom wol ’k it op ús
ljeavenhear jaen. Wy geane nou lizzen to sliepen, en hwa-d-er de
moaiste dream tastjûrt, dy scil alles hawwe.” “Baeseftich, man!” sei de
oare Dockumer, lyk as by sels spriek, en howol de boer in slûch-slimme
en bitûfte feint wier, dy de beide Dockumers gau yn ’e myt hie, joech
hy lykwol ek tawird, en hâldde him eft er him gewillich yn dizze falle
biflapje litte scoe. Sy diene den hjar trije poarsjes moal aenstons by
inoar, en do se it in bytke kwytst en knypt hiene, leinen se ’t daei op
gleone stiennen, en bidobbene de hiele boel ûnder hjitte yeske: dêr koe
it skoan gear bakke, wylst se it fel oer ’e eagen hienen. De Dockumers
hiene krekt sa min erch yn in bizestik fen ’e Geastmer boer, as yn ’e
ûre fen hjar dea: det hy soks haftich wier, kaem net ienders yn hjar
op. Dêrom leinen se de holle rêstich del, en wirch as in maits fen it
rinnen, foelen se mei in boarst yn ’e sliep. Mar de boer, dy lardich
fen it festjen wier, loerde op dit eagenblik. Hy gong sunichkes op
hoasfoetlingen fen syn leger ôf, wyndere de yeske mei de sliepmûtse
wei, en iet de hiele bôle mei ham en gram op. Do er de boel himmele
hie, koe er it kâldgnyskjen dochs net litte, en wylst er dy snoade
Dockumers sa swiet mei de bobbels swit op ’e noas raspjen seach, sei er
sunichkes yn him sels: “Sjê sa, goede minsken! Nou is Roukomme gerust.
Nou scille jimme de mage net oerieze. Sa’n daeijige bôle wier jimme
ommers al to dreech, en Roukomme koe it brief allinne moai skoan lêze.
Hwet steane jimme nou to moarntiid frisk op! Nacht, bêste feinten!
Nacht!” En mei in rep gong er wer lizzen to sliepen.
Sa gau as de sinne út it nêst wier, waerd ien fen ’e boargers to
wekker, en do er syn beide kammeraten roppen hie bigoun er it
neifolgjende to fortellen: “Frjeonen, harkje! Ik scil jimme myn dream
forhelje. Ik stie op in jountiid by Fetse-put to Dockum, do der twa
ingels mei wjukken út ’e loft delsaeiden, en my, krekt as twa earnen in
dou, yn ’e loft opnamen. Yn dy fljocht waerd it my grien en blau foar
’e eagen; de loft gûlde my lâns de earen as de stoarmwyn, dy troch de
touwen fen in skip fluitet, en de hierren waeiden straelrjucht efterút,
mei in gewelt eft se út ’e holle wei skoerd waerden. De iene ingel
stroep it fel op fen ’e fingerseinen ôf oan ’e earmtakke ta, sa
fûleindich wier de swang. Do wy sa fjouwer-en-tritich wiken flein
hiene, kamen wy oan ’e poarte fen ’e himel, dêr de oare ingel in gouden
kaei út ’e bûse naem, en de doar iepen die. Mar hwet ik dêr seach, dêr
is it ein fen forlern! Al hie ’k in inkethoarn sa great as de Spaenske
sé, en in pin sa lang as fen Dockum ont Romen ta, scoe ’k ’t noch net
biskriuwe kinne. De strietten en mûrren glinsteren allegearre fen goud
en dyamanten, det it yen de eagen blyn teistere. In minskelichem ha ’k
der net ien sjoen, mar wol miljoenen fen sielen, en dy wierne sa fyn,
sa fyn, det der âlve-tûzen op ’e punt fen in nidle dounsje koenen.”
De man forhelle noch wol helte mear mirakels fen ’e himel, mar dy wy
mar oerslaen scille. Do er dien hie, bigoun de oare Dockumer syn droam
to forheljen.
“It kin raer, sa bigoun er, dou haste dreamd detste yn ’e himel
wierste, en ik yn ’e hel. Op in jountiid metten my yn ’e Keppels in
pear ljue, krekt eft ’t smidsfeinten wierne, dy my by de hân namen, en
yn in omsjen by de fjûrput fen Starum skoerden. Dêr sakken wy mei in
blits yn del, en do wy ûnder komd wierne, stie ik mids yn in meagere
lânsdouwe, dêr neat oars groeide as mork en risken. In hiel toarn hiene
wy dêr yn omdoarme, do wy by in steile berch opkladderje moasten, en sa
gau wierne wy op in trêd ef fjouwer nei net boppe komd, ef ien fen dy
swarte ljue sei: “Foarsichtich! Hjir binne wy by de rânne fen ’e hel.”
Dat wier it earste en lêste wird, dat ik fen hjar hearde. Ik kroep
aenstons op ’e knibbels nei it uterste seamke ta, en wylst ik my goe’
skrep op ’e hânnen skoarre, seach ik mei in lang útritsene eibertshals
oer dy rânne hinne yn in sé fen fjûr del. Dat gromde en spatte dêr, dat
knette en djoeide, dat skomme en brûze, krekt as in broutsjettel, dy
oan ’t oersieden is. Ik skrilde; ik skrabe my to bek, sa eang as in
wezelke. Mar myn swarte kammeraten bounen my mei in amerij twa wjukken
oan ’e earmen fêst, en fleagen mei my boppe de barnende hel. Dêr
wyndere ik mei de wjokken, en krekt as in meau, dy nei in fiskje loert,
en pal op ién plak yn ’e loft boppe it wetter stiet to flodderjen, stie
ik onbiweechlik fêst boppe de greate helledobbe. Mar, minsken, as ’k
tink, hwet ik dêr seach, den griist it my sa, det it einefel my noch op
’e earmen komt. Ik hearde de swiere pûsters, dy it fjûr fen ’e hel
oanblieze, rocheljen en smûgen. De hjittens stime fen tiid ta tiid mei
walmen fen neare binaudheit nei boppen, det ik koarts swimele, en de
gleone lôge fleach my sims mei miljoenen fonken om ’e earen, det it
hier my fen ’e holle skroeide. Dêr moarten se; dêr flokten en fordomden
se; der fleagen hiele fleten fen divels op en del, elts mei in trop
minskebihagers efter hjar, dy se for hanswoarsten brûkten.”
Wiles de Dockumer dit forhelle bearde de boer det er wer ynslept wier,
howol er alles wirdke foar wirdke ôfharke hie. Sa gau as ’t fortelsel
út wier, rôpen se him. Hy waerd kwanskwys kel to wekker, en wylst er
stikelich seach, krekt as immen dy út in djippe sliep opkomt, frege hy
mei in skrille stimme: “Hwa is dêr?”—“Wel, wy, seinen se; kenste ús
net, ju?”—“Jimme? frege er wer, Jimme? Hwennear binne jimme den
werkomd?”—“Werkomd? seinen se. Wy ha net wei west.”—“Hwet deale, nou!”
frege hy wer: Net wei west? Wel, sa kin ’k it net oan. Net wei west?
Mar, krekt...... den ha ’k it droamd.”—“Hwet haste den droamd?” hja
wer: “Siz op dyn leksom!”—“Wel, ik drôge, sei Rouke, det ien fen jimme
mei twa ingels nei de himel fleach, en det de oare mei twa swarte
keardels foar de divel nei de hel gong. It is krekt eft ik jimme noch
ôfreizgjen sjen! Earst eage ’k jimme nei sa lang as ik koe, en do’t
jimme út it gesicht wierne, wachtte ’k al en wachtte al, ien lang en
twa breed! mar hwa ’t wer kaem, jimme kamen net wer. Op it lêst tocht
ik, dy twa Dockumers komme yn der ivichheit net wer, en omdet jimme den
ek nin iten mear brek hiene, haw ik yn myn jinlikheit (it hege wird
moat der mar út!) de hiele bôle allinne opiten.”
Dat teltsje wier dêrmei út. De niften fen Aldegea harken hjar de earen
fen ’e holle; men koene se net sykjen hearre; sa stil wiern’ se, en do
it dien wier lieten se alle fjouwer in djippe sucht. Mar Saskemoi
brocht de kop mei boerekofje ’ris om, en do bigoun de miich fen Domenij
it neifolgjende teltsje.
“Yn it jier fen saunhûndert-en-sauntich, do Radbod de twade to Starum
kening fen Fryslân wier, wenne der to Almenum in boer, dy Gjalt hjitte,
en it moai goe’ stouwe koe. Hy hie altyt âld jild yn foarrie, en hy
sâlte syn weet en koarn op, as ’t net nôch nei syn sin jildzje koe. Mar
hy wier hwet âldfrinzich yn syn dwaen, en tilde altyd oer it swierste
ein fen ’e balke. Omdet er al moai jeltich waerd en mar feint bleau,
wierne de bûrljue him altyd oan om to boaskjen; hja seinen tsjin him,
det er in heukerers libben hie, mar hy smiet hjar foar ’e skinen, det
me licht mei frouljuesflêsk bidragen waerd, en det in kwea frommis in
min stik húsrie wier. Lykwol scoe er wiivje, sa gau er syn bûkswjergea
foun.
Nou wenne der to Almenum ek in âlde fjûrfretter, dy ûnder kening Radbod
de Utersken efter de boksen sitten hie, sa faek as de biskop fen Utert
yn Fryslân mankes meitsje woe, en dy nei jierren fen moardzjen en
barnen fen syn kening to folle krige om to stjerren en to min om to
libjen. Hy wenne to Almenum, omdet it him ûnder de forweende bern fen
Starum to djûr wier, en wylst er dêr mei túntsjen en goarjen sa hwet
troch ’e tiid kaem, seach er sims op syn groeden del, lyk as âlde ljue
de gekke flinken fen hjar bernejierren neitinke. Hy hie in ljeave
dochter, (Keimpke wier hjar namme), dy syn meager stik brea mei him
dielde; in wakker kein en tipsidich ding, dy krekt op hjar sels, en
kras yn ’e hûshâlding wier. Hja wier sa snoad as roet, en like yn hjar
snedige krychslisten wol hwet nei hjar faer útskaeid to wêzen. Ek koe
se spylje op ’e Noardske balke, dêr se de fiktoarjes fen ’e Friezen oer
prysters en keningen ûnder song. Om koart to gean, Keimpke wier de
treast en wille fen hjar heit yn syn heukereftich libben, en hy hie nin
oar fortriet fen hjar, as it útsicht, det se earm en forlitten wêze
scoe, as hy de holle ’ris del lei.—Ienders kaem ’er om skimerjoun in
âld bûrwiif by him, dy earst in swiet praetke makke, en him op it lêst
’ris bigoun to klirkjen, eft Gjaltboer wol ’ris by syn dochter komme
mochte. De kaptein seach nuver op, en fielde, det nou de kniper op ’e
skinen kaem; hy woe syn dochter minlike graech by him hâlde, mar hjar
it brea út ’e mûle to stjitten koe ek net. Einlik omtinkende, det it
gelok fen syn ljeave Keimpke boppe alles gean moast, gong er nei hjar
ta, en sei det Gjaltboer hjar de knotte jaen woe. Sy hie er allehiel
nin smuchte op, en woe ljeaver by hjar earme heit bliuwe, as yn ’e
romte lyk in rike boerinne libje; mar troch folle oanretten fen hjar
faer joech se einlik tawird, en yn fjouwer wike wier Gjaltboer frijer,
brêgeman en troud man.
Yn ’t earst snijde it neat as roazen en anjelieren by Gjaltboer; mar do
de wiggemoannen om wiernen, bigoun er oan ’e pong to merken, det sokke
wite hynzers in bulte struijen nedich hienen. De hânnen stienen hjar
allehiel net om ’e bûter to baren; ek woe se de húshâlding yn ’e esse
ha, nou ’t hjar barre mochte, en omdet de boer altiten mei in gjirch
âldfaem húshâlden hie, krimmenearre er alle dagen: “Hwet nimt dat! Hwet
nimt dat!” Lykwol hy koe dat rêgje, en Keimpke wier sa tsjildich tsjin
him, en wist him sa to heinen, det er op it lêst oer ’e kosten net
folle mear kreunde. Mar Keimpke wier moai, for Gjalt fiersten to moai,
om nin skalk each to hawwen op in pear jonge stroatskavers, dy by sines
wol ’ris ynkipen en oer ’e flier wiernen, as hy yn ’t fjild stie. Hja
wier lykwol sa ûnskildich as de wite snie; mar syn jaloerskens, dy út
alles fenyn sûgde, waerd fen dei ta dei grimmitiger, sadet er hjar dy’t
er yn syn hert oars ljeaf hie, einlik mei bruijen twinge woe, om, as hy
út wier, in oar manminske net ienders blier oan to laitsjen. “As ik
hjar moarns hwet knoffele,” tocht er by him sels, “den scil se de hiele
dei oan ’t gekjeijen fen ’e feinten nin nocht ha, en jouns scil ik hjar
mei streakjen en patsjen wol wer goed krije.”
Do er dit yn ’e holle krige, kaem er krekt fen ’t lân thús to iten, en
mei det er it lêste byt trochswolge hie, stie er op as in wjoldich man,
en joech hjar in earbân, det hjar it fjûr út ’e eagen spatte. It minske
koe yn ’t earst (sa forheard wier se!) nin wird kikje en nin trien út
’e eagen krije; mar do se wer in bytke by hjar wé komd wier, boarst hja
út yn kleijen en skriemen. “Och, heare!” sei se. “det ús heit my oan dy
boal jaen moast! Hiene wy den nin stik drûch brea mei eltsoar? Wier ús
fredige earmoede net tûzenris better as it libben mei in rike
wivebruijer? Mem, mem, stieken jy de holle út it grêf op; it hert scoe
jo tobrekke oer jins ûngelokkige dochter!” Sa klage en skriemde
Keimpke; mar hja hie it wan wei, en Gjaltboer krige syn sin: hwent hja
wier de hiele dei for nimmen to sprekken. De jouns, do er thús kaem,
wier syn earste wirk om it wiif del to bêdzjen. Hy sei hjar, det de
divel it him ynjown hie, mar det er it noait net werdwaen scoe, en hy
bea hjar mei sa’n earmhertige troanje om forjiffenis, det it goelik
wyfke it net langer útstean koe. Hja joech him de hân fen frjeonskip,
en in tútke ta; en do se swiet mâlken-groatten-brij iten hienen,
kroepen se mei eltsoar efter de bêdskirden eft der de deis neat omgien
wier.
Dat hie dy pringel sa goed foldien, det hy tochte, “moarn fen it selde
lekken in pakje.” Sa gau hie er de oare moarns it ombyt net op ef hy
naem de lodde op it skouder, en joech yn it weigean syn wiif in
trewinkel, det se tsjin ’e mûrre stuitte. As se fen it waer slein wier
koe se net raerder opsjoen ha. “Hwet in falske loebes is dat!” tochte
se yn hjar sels. “Mar de kerfstôk is izer, feint, en ik scil dy fiele
litte, det in Friezinne, dy de earste mâlle flink wit oer to
sljuchtsjen, ek forstân hat om de twade bitelle to setten.”
Wylst it wyfke dêr oer mimere, seach se twa jonkers op wite hynders
foar ’e doar stean, dy yn hûs kamen en út namme fen kening Radbod om
hwette iten en drinken fregene. Keimpke, dy wakkere foldedich wier,
diste tige op, en wylst de jonkers swiet ieten en dronken, frege se
hjar, hwer ’t de reis hinne scoe. Wel, seinen se, boerinne, it stiet
der skeef foar. Prinsesse Bauk, de dochter fen ús kening, hat earjister
skylfisk iten, en omdet it fanke hwet roppich is, is hjar de graet yn
’e kiel sketten, dêr alle masters fen Starum al mei ommoarde ha, mar dy
nin ien der útkrije kin. De prinsesse hat nou yn twa etmiel neat dien
as kokhalzjen; nin wiet ef drûch is der oer hjar lippen gien, en nin
wink hat se yn ’e eagen hawn. De kening sit as in forwezen minske by
hjar bêd; hy hat ús yn ’t fjild stjûrd om in dokter to siikjen; en as
’t ús hjir mislearret, den geane wy daelk nei Dockum ta. “Wel, dat
treft skoan, sei Keimpke; hjir to Almenum is jimme man. Nin snoader
pisbiloaitser yn hiel Fryslân!” De jonkers stienen beide gysten fen ’e
stoel op, en seinen: “Myn ljeave minske! Dat flouw’ je ommers.”—“Né,
siker sonk,” sei se, “mar it is in man op him sels, dy dokter. Hy wol
net dokterje, ef hy moat ’er mei bruijen ta twongen wirde.”—“Is ’t oars
net,” seinen de jonkers, “lit ús dêr for kedize. Wy scille him wol neef
hjitte. Wiis ’m ús mar.”—Do die Keimpke de bûthûsdoar op, en sei tsjin
hjar: “Dy dêr mei de eide op it foarhaed fen dy kampe boulân stiet, dy
is ’t; mar dat siz ik jimme noch ’ris, jimme krije ’m net mei as troch
gewelt.” De jonkers, dat twa linige keardels wierne, namen dêrom elts
in grou kneppel yn ’e hân, en gongen rjucht op Gjaltboer ta. “Eale,
frije Fries, gemoarn!” seinen se tsjin him. “Wy moatte jo goendei fen
ús kening sizze, en dy lit jo bidde om ta him to kommen.” “Hwerom?”
frege Gjaltboer forheard. “Om syn dochter, prinsesse Bauk, to genêzen,”
seinen se. De boer andere, det er goe’ mjoksje en eidzje koe, en as de
kening him dêrta nedich hie, det er den alle ûren fen ’e dei klear
stie; mar dokterjen, dat hie er noait net leard. De beide jonkers
seagen eltsoar oan, en seinen: “Mei swiete praetkes kinne wy hjir net
winne. Mar wy hawwe oar remeedzje, feint!” en mei ien setten se beide
skonk, en bruiden der op sa fûleindich as se koenen. Dat bikaem Gjalt
bjustere nij, en hy rôp wraek, det in frije Fries sa slein waerd.
“Ja, ja, seinen de jonkers, dy net hearre wol, moat fiele. Woste mei,
ef net?” en den wier it al wer, dek op. Gjalt, dy fielde det twa tsjin
ien nin partuer wier, joech gau krimp: pipe ef lipe, hy moast mei. Sy
spanden it hynzer foar ’e eide wei, dêr se Gjalt opsetten, en howol it
in floateftich bist wier en lang net hertlik, giselen se it mei swipen
om ’e bonken, det se as de baerlike fiand nei Starum fleagen.
De kening siet mei it moed fol en de triennen yn ’e eagen foar it bêd
fen syn ljeave dochter, do de beide jonkers mei Gjaltboer yn ’t slot
stapten, en in steil wird fen hjar nuvere dokter diene. Aenstons liet
de kening syn dochter foar de boer del sette, en sei tsjin him, det er
hjar genêze moast; hy hie mar kar, ho ’t er ljeafst woe, mei goedens ef
mei lilkens. Dêrop rôp de boer alle hilligen út ’e himel ta getúge, det
er krekt sa folle forstân fen dokterjen hie as de kat. De kening sei
neat, mar knypeage tsjin in pear bjinitige keardels, dy efter de boer
stienen, en him sa ongenedich mei bollepysten op ’e rêch tichelen, det
er útgûlde: “Genede, genede! Ik scil hjar genêze, ik scil hjar
genêze.”—Dêr siet prinsesse Bauk foar him, sa bleek as in wytling, en
de mûle wiid iepen, dêr se mei de finger yn wiisde, om him it plak fen
hjar kwael to bitsjutten. Gjaltboer seach hjar oan, en wier noch
binauder as hja sels; bruijen ef genêzen wier hjir syn foarlân. Nou
tocht’ er yn him sels: “De graet sit hjar net yn ’e mage, mar yn ’e
kiel; as ik hjar ’ris oan ’t laitsjen krije koe, wit eft de graet der
fen sels net út fleach.” Dat kaem him net slim foar: hy forsike de
kening dêrom, eft se in great fjûr yn ’e seal oanlizze woenen, en him
den in amerij mei de prinsesse allinne litte. Sa gau wierne se
allegearre net wei, en ’t fjûr oan ’e brân, ef Gjaltboer klaeide him op
it himd ôf út, en gong foar ’e hird lizzen sa lang as er woechsen wier.
Wylst er dêr in toarnke stôkrjuchtút as in deade lein hie, sprong er yn
ienen as in kikkert fjouwerkant fen ’e groun, en tommele sauntsjin
slaggen oer ’e kop de hiele seale lâns. Do dit dien wier, bigoun er to
skeuken eft er rudich wier; hy roste en klaude de hirde hûd mei syn
swarte kromme neilen, en makke sokke mâlle gibelkes, det de prinsesse
mei al hjar pine op it lêst útprústte fen laitsjen, en hjar yn ienen
ûnder it sketterjen de graet ta de kiel út fleach. Gjalt stroep flink
syn klean wer oan, en roan mei de graet nei de kening ta, dy net wiste
hwet goed er him for sa’n greate deugd dwaen scoe. De kening woe him do
minlike graech ta slotdokter hâlde; mar it wier altyt mei Gjaltboer:
“Greaten tank for my!” De kij moasten forweide wirde: it noat stie to
fjilde en moast noch yn ’e berch; o! hy hie hûndert fiven en seizen, dy
him allegearre bittere nedich thús rôpen. De kening, dy sjoen hie ho
skruten er for bruijen wier, rôp dy selde twa manljue, dy him nyskes
huf jown hiene; mar sa gau as dy foar ’e tried kamen, joech Gjalt de
war aenstons forlern, en bilove net allinne in dei mannich, mar syn
hiele libben, as ’t de kening syn biljeaven wier, to Starum to bliuwen.
Hy seach der lykwol for in keningsdokter hwette grobbelich út; hwent
hja hiene him sa mar yn syn arbeiderspakje fen ’t lân opnomd. Dêrom
waerd him de klapmûtse ôfset, it pijen rokje úttein, de bird skeard, it
hier knipt, en do er sa fen top ta teil opgnapt wier, waerd him in rea’
flewielen mantel om ’e skouders hinge. Dêr siet er sa moai as poes! mar
syn hert wier yn ’e hirdsherne by syn Keimpke, en it wjirme him al yn
’e holle om, troch hwet lûk er him út dit keninklik hounegat wei wine
scoe.
Ungelokkich waerd it genêzen fen ’e prinsesse húsriem forteld, det it
mei in omsjen as diggelfjûr troch ’e stêd wier, en binnen ’t healûre
stienen der fjouwer en tweintich siken foar de poarte fen it slot, dy
troch alle masters en divelbanders fen Fryslân opjown wierne. De kening
dit foltsen sjende, en in bytke greatsk, det hy in wonderdokter oan ’t
slot hie, hjitte Gjaltboer om se allegearre to helpen.
“Fjouwer-en-tweintich opjowne siken helpe?” sei de boer mei in swiere
sucht: “Nou, kening, as God it net docht, ik kin ’t net dwaen.” “Kom,
andere de kening, “den moasten je ’t earst mar ’ris oerlizze mei dy twa
prefesters, dy ’t jo niis it resept for myn dochter op ’e rêch skreaun
hawwe.” Mar sa gau hie Gjaltboer nin skimke fen dy twa stoere keardels
sjoen ef hy trille as in poarsk, en hy bilove, det er alles genêze
scoe, hwet de kening him foarlei, al wiern’ se lam en blyn en stom en
lazeris allyk.
Do de fjouwer-en-tweintich siken yn ’e seal brocht wierne, ordeneare
Gjalt oan ’e fjûrboeter fen it slot om in fjûr fen hûndert-fyftich
lange smoezen oan to setten, en do dat tige oan ’t barnen wier,
forsocht’ er kening Radbod om him mei dit heapske noch ’ris allinne to
litten. De kening gong út ’e seal en bleau yn ’t gesicht fen ’e doar
stean. Sa gau wier Gjaltboer net allinne ef hy liet de siken allegearre
yn ’e kring om ’e hird stean, en wylst de lôge fen dat hege fjûr yn ’e
skoarstien opfleach, spriek er hjar mei dizze wirden oan: “Frjeonen! It
scil der hjoed swier for my ynhingje, om sa ’n bulte minsken yn in
amerij to genêzen. Ik wit der mar ien smeet op; to witten, om de
aldersiikste út jimme to nimmen, en dy op dit fjûr to forbarnen. As syn
lichem dêr ta polver op fortard is, den wol ’k in leppelfol fen syn
yeske yn in swolch twa bier riere, en litte dat de oare
trije-en-tweintich ynnimme. It middel is rjue kras, mar it is probatum,
en ik forset ’er myn holle ûnder, det it jimme allegearre helpe
scil.”—Do er dit útstel dien hie, seinen de siken nin inkel wird; hja
seagen eltsoar oan eft se freegje woene, hwa ’t de slimste fen hjar
wier; hwent ûnder it hiele boun wier net ien, dy for kening Radbods
jild bikinne woe, det er de tsjoedste kwael fen hjar allegearre hie.
Undertwiske bigoun Gjaltboer hjar fen d’ ein ôf oan mei greate
permantichheit to freegjen, en spriek de sike, dy ’t yn ’e hirdshoeke
stie, alderearst oan. “Ho komstou sa yn ’e mizel?” sei er: “Hwet is dyn
kleur plotsk! Dou bist’ in kwiner, man! It kâlde swit stiet dy by
kobbels op ’e foarholle.”—“Ja, mar, dokter, dat...., dat....” sei de
sike, “dat komt egentlik fen ’t fjûr. As ’t mei jins biljeaven wier,
woe ’k wol i’s efkes út ’e seal om azem to skepjen.” Hy gong de seal
út, en do de kening him frege, ho ’t him ôfgien wier, sei er, det er yn
’e groun genêzen wier; en hy kaem noait wer.—Nou kaem Gjalt by de twade
sike, en do er dy in toarnke yn ’e eagen sjoen hie, skodholle er
bjuster, en sei tsjin him: “Ik wit net, feint; ik wit net, eft ’t mei
dy wol giet. Dou sjuchste ’er my sa geizenich en tsjouwerich út, det it
eintsjebislút scil de dea wol wêze. My tochte....”—“Hwet tocht’ jo,
dokter? frege de man triljende, det ik barne moast?”—“Ei ja, ju,”
andere Gjaltboer; “dou biste ommers sa slop as in jernwine, en de
bonken wolle dy net langer drage.”—“De gong is oars noch sa slim net,
dokter,” sei de man; “wol je ’ris sjen, ho ’t ik rinne kin?” En mei ien
wipte er de seal út, en romde tsjin ’e kening, det er al sa soun as in
fisk wier, en ek net wer hoefde to kommen.—Do kaem Gjaltboer by de
trêdde, en sei tsjin him: “Lit my de pols i’s fiele. Dou biste
tsjinstich, feintke! Stek de tonge i’s út. Fui, man! hwet in swarte
koarste. Maet, dou rûkste nei de lodde. My tochte as wy dy ’ris efkes
op it fjûr bretten; de pine is gau oer, en den wierne dy oare
ien-en-tweintich minsken ek holpen.”—“Ja, mar, dokter,” stammere en
swolge de man, “sa slim is ’t noch net. Ik scil ’t bêst hise.” “Ho!”
sei Gjaltboer, “biste net siik? Hwet dochste hjir den? Komste hjir om
de dokter fen ’e kening de gek oan to stekken? Loebes! skear dy út myn
eagen, ef ik scil dy....!” Dy ek al mei in boarst de doar út, en do de
kening him frege, ho it gien wier, rôp er: “Klear, Sire! Klear as in
klontsje!” Dat gong ek sa mei de fjirde, mei de fyfte, oan de
fjouwer-en-tweintichste ta, allegearre mei kûgelsgewelt de seal út, det
se de kening hast ûnder de foetten rounen. Om koart to gean, der wier
nin ien, dy nocht hie om him for syn bûrman ta yeske barne to litten,
en de iene nei d’ oare namen se allegearre hakken op, omdet se dat
greate fjûr fen lange smoezen as de baerlike hel en divel skouderen.
Kening Radbod stie eft er foar ’e holle slein wier, det in simpel boer
sa folle sike ljue mei de nuverste kwalen yn in amerijstiid genêze koe.
Hy wiste ek net hwet goed er him dwaen scoe; mar Gjalt houdde ’t ’er
mar op yn, det er bittere nedich thús wier, en frege neat oars as
frijheit om nei Almenum by syn Keimpke to gean. “Nou,” sei de kening,
“omdetstou it biste, scil ik it ynskewiele, mits aenstons opkomme, as
ik dy opontbied, sûnder det wy de kneppel hoeve to brûken.” Dat bilove
Gjalt, en dêrmei naem er ôfskie fen ’e kening, dy him in span moaije
hynders, en sa folle jild mei joech, as er mei skik bergje koe. Sa gong
Gjalt as in boer út Almenum, en oerlistige fen syn wiif kaem er as in
bineamd dokter werom. Hy hie nou nei syn sin to folle yn ’e wrâld, om
sels yn waer en wyn langer to lânjen; it útwirk liet er dêrom oan twa
feinten oer, en thús houdde er sa hwet pieljen for him sels. Syn wyfke,
dat er yn ’t hert ljeaf hie, sloech er nea net wer, omdet er sels field
hie, ho ’t bruijen smakke. Hy libbe yn greate frede en frjeonskip mei
hjar, en krige in keppel moaije bern by hjar, dy de steun en eare fen
syn âlde dei wierne en him fiele lieten ho folle in troud man lokkiger
is as in âldfeint.”
Ut wier dit telke ek. Nou wier de bar oan Gabe: mar Gabe woe ljeaver
efter de girdinen as forhelje. De bern fleagen him lykwol sa lang by it
liif op, det er moaste, en dit telke bigoun.
“Yn ’e tiden, do de kou Bartele hjitte, wenne der op Westerein by
Warkum in boer, dy tichte by syn hiem yn in âlde leije in lytse butte
foun, dêr sechstjinhûndert goune yn laeinen. Hy gong aenstons nei de
wâlden om ’er skiep for to keapjen, en hy kochte tsjin acht goune it
stik sa lang as syn jild op wier. Do hie er twahûndert skiep. Hy dreau
se swietkes nei hûs ta, mar do er oer Galamadammen scoe, wier it wetter
danich opset; it lân stie bros, de skou wier yn ’e groun, en de skouman
hie neat oars as in lyts mâlkboatke, dêr’t net mear as twa skjippen
allyk yn koene. Do de boer roppen hie, makke er it miertou los, kaem
mei syn boatke, en helle twa skjippen oer.”
Hjir houdde Gabe him stil, en sette de sliepmûtse op. “Nou,” seine de
niften fen Aldegea, “do ’t dy twa oer wierne, hwet die de boer
do?”—“Wel,” sei Gabe, jimme witte, mei dat hege wetter wier de feart
helte wider, it boatke wier lyts, en der wierne twa hûndert skjippen:
der gong in bulte tiid mei wei. Lit ús dêrom, wylst se oerhelle wirde,
in bytke sliepe; moarn scil ’k jimme forhelje, ho’t fierder gien is.”
Mei ien loek Gabe it baitke út, en gong to koai.
De niften fen Aldegea wierne der mar matichkes mei to freden; mar omdet
it waer oanhâldde mei sniewiskjen, kamen se de oare jouns wer by inoar,
en do hat Gabe it foart útforhelle. Do hawwe Saskemoi en Pîbomme ek
noch in telke fen ’e âlde tiid dien. Ik leau de niften fen Aldegea elts
ek ien. Mar omdet wy net witte, eft jimme dat it harkjen wol wirdich
is, scille wy earst ris wachtsje, hwet jimme fen dizze sizze.