IT GRêF FEN LOKKE.
Dêr op dat hege tsjust’re hôf
Lei ik myn Lokke del;
Dêr setten hjar myn bûrren ôf,
Dêr yn dy kûle del.
Dêr laeiste, Lokke, dêr, myn bern!
Dêr yn dy kâlde groun.
Mei dy ha ’k alles hjir forlern,
Hwet me oan de wrâld forboun.
Dêr laeit myn libben en myn sin,
Dêr yn dy griene wier.
Det nimmen mear in trien ontrin,
Ik fiel en fiel it swier.
De toersklok bile hol en fol,
Do ’k hjar nei ’t hôf ta brocht’;
My tinkt, ik hear it yette wol,
En sjen it as by ljocht.
En mannich famke teach ’er mei
Nei ’t hege tsjerkhôf ta,
De bier mei Lokke efternei,
En kriet en snikke sa.
En mannich feintke teach ’er mei,
Nei ’t hege tsjerkhôf ta,
De bier mei Lokke efternei,
En kriet en snikke sa.
En beppe mei hjar reinkleed om
Kaem slierend efteroan;
Dat âlde minske, goed en from,
Troch rou en leed bistoarn.
Sa tôge se hjar lêste blom
Nei ’t neare tsjerkhôf ta,
En moast noch yn hjar âlderdom
Ek dizze rouwe ha
Hwet is it libben op ’e wrâld
In wif en faei bistean!
Ho selden sjucht men immen âld!
Ho faek in blom forgean!
Dy hjoed fol libben en fol fjûr
Om grêf noch stjerren tinkt,
Hat moarn it wite deakleed oan,
Forjit men—en forsinkt.
Mar, famke, sliep en slomje dêr,
Dêr yn dyn griene wier;
Det wjirm en modder dy fortar,
Fortar mei ’t earste jier!
As nei in lange wile en tiid
Nin trien mear om dy rint,
En de âlde frjeonskip wiid en siid
Wer nije frjeonen fynt,
Den tink ik yet om dy, myn bern,
To ier forwile blom,
Sa faek as ik it tsjerkhôf sjen,
En op dyn grêfstien kom.