Yn poepeslom bidobbe
Laei Geale yn ’t leavich reid;
Hy hie de kersen gnobbe
Yn ’t hôf fen oarreheit.
De pet oer ’t holke hinne,
En oer ’e eagen del;
Hwent warem wier de sinne,
En brimzen stieken fel.
En oan in wyljen stobbe,
Dêr hong syn baitsje oan,
En oan it baitsje sobbe
In tsjoarre kealke oan.
De rûge holders sûzen
Troch blomkes en troch krûd,
En troch ’e stannen rûzen
De simmertwjirkes lûd.
De wettergulpen fleagen
En gûlden yn ’e fljocht,
En nei de terpen teagen
De hoantsen yn ’t gefjocht.
De skouwe teaperts songen
De âlde lange team,
En d’ ekster wipt’ mei sprongen,
En gloep fen beam ta beam.
En Toon de seine harre
Fier yn it lege mêd,
En Doeke mopke narre,
Fen ’t swyljen wirch en sêd.
En koazze yn ’e doeren,
Dy haff’le yn ’e brij,
Laei hymjend loai to poeren
En joech de sinne frij.
En op ’e daem dêr blaeide
In eike sêd en slûch,
En oer ’e lânnen waeide
Sint-Janstried wyt en rûch.
Swiet yn ’e sliep fortize,
Wist’ boi fen nimmen kwea,
As sêftkes him hwet kize
Oer holle, boarst en lea.
Hy gappe en rekte en sette
Syn doave skonkjes út,
As by de noas him fette
In kâlde keallesnút.
“Hoei!” skrilde er, “Oarre, Oarre!”
En sprong hast út it fel,
En seach nou as in bloarre
Op ’t earme kealke del.
Och, Geale wroechwjirm kneage,
’t Wier oeral: “Oarreheit!”
Hy waerd ’er yet troch pleage
Bidobbe yn ’t leavich reid.
Krûp yn in syd’ne wrine,
’t Kwea lit dy nearne rêst;
Dou kinste it net ontwine:
It fret dy sliep en rêst.