“It minskelibben is net altiten rys mei rezinen; it is elk wol ris
groat mei krôde,” sei Gabe oan Saskemoi, do er in danigen pine hie oan
in hounemiezel, in kwael dêr de skroarren folle mei oanhelle binne. Dit
hat syn heit Pîbe ek al e’ris ûnderfoun, as er troch folle ier opstean
en let nei bêd gean, troch folle heljen en skoerren jichtich wirden
wier, en sa krebintich as in kroade. Fen it bêd kroep er nei de hird,
en fen ’e hird nei de bêdsiggen. It spinnen fen Saskemoi wier him ta
lêst; it keakeljen fen ’e hinnen; it kraeijen fen ’e hoannen; it
tsjernjen fen ’e âlde bline, en ’t sjongen fen Gabe, wier him ta lêst.
Mar as de bûrljues bern mei hjar hipperts foar ’e glêzen kamen to
toetsjen, sprong er neiby út syn fel, sa noartich waerd er. En omdet er
fen pine opfleach, en nacht noch dei lins hie, wier er ek meager en
toar as in latte. Saskemoi, goemoer, bigoun al gau mei hjar Pîbom to
dokterjen. Hja helle in âld skinkebonke, dy fiif jier yn in pûdke op ’e
hoannebalken laein hie; bûke him mei in heal âldfries op ’e drompel to
knetter, en joech Pîbe fen it murch, om der him mei to smarren. Mar
hwet de man smarde, it holp net in bean. Gabe tochte ek det it better
wier, om ’t ris mei hounesmoar, kattesmoar ef hazzesmoar to bisiikjen:
in baerch hie er noait net folle rêdde sprongen fen sjoen. Pîbe bigoun
to kroanjen, dêrnei lûd to brommen, en einlings to kibjen. “Dou, biis!”
sei er, “dou jowst’ nearne nei; rounom hast’ de gek mei; troch yl en
swaerd gieste. Mar it scil yet op dyn kop del komme!” Gabe sei: “Ik haw
de gek net mei ús mem, mar mei hjar ienfâldige rie. Om jo moat ik wol
eris krite, heit. Mar, heit, gean nei master Freark: dy scil jo better
helpe as al dat bargemurch.” Pîbomme, dy hwette goarrich fen skik wier,
treau him brimstich dizze wirden ta: “Hwet eamelste wer fen dat
brebjirke Freark! Hat er my forline simmer nin grouwe tritich goune
nomd, do er my fen ’e galkoarts holpen hat? En hwet haw ik ’er for
hawn, heite? In mannich sûre húshimmelersdrankjes.” Gabe sei: “Scoene
jy him wol wer ha wolle for dat jild? Ik wit it wol, it hat jo hirder
oan ’e fiter litsen, as Jan Smid, dy ’t wetter nei de piskiker stjûrde:
mar dy wier yn ien wike dea, en den hâldt it biteljen op, dat yet al
gelokkich is for folle ljue: hwent wier it oars, de jildwolven lieten
hjar nin rêst yn ’t grêf, mar wrotten der hjar wer út as de wylde
wolven alear.” Dêrmei kaem pestoarske, dat nei ’t forstân, dat se hie,
yet al in fornimstich wiif wier, mei in rie by Pîbe. Hja hie den ris
lêzen, det de flearbeam in wonderbeam wier, binammen dy op
bjintsjekouwen woechsen. As men dêr de bast ôfskylde nei boppen ta, en
men sea dy, dêr koe men fen switte en koarje: en skylde men him nei
ûnderen ta, den makke it ûnderút romte. It dûrre net lang ef
skoalmasters jonges tôgen al gau in heal flearbeam fen ’e bjintsjekou
by Pîbom oer ’e flier: dy waerd ôfrûpele nei boppen ta. Mar Pîbom hie
net lang fen dat middel ynnomd, ef hy winske pestoarske mei hjar
flearbeam op ’e bjintsjekou; switte, koarje, en al hwet onhuer wier,
die de man. It wier oars noch oars, sei er, eft der him in libben rôt
fen ûnderen nei boppen, en fen boppen nei ûnderen troch ’e termen roun.
Dêr siet Pîbom nou mei de pôt twiske de knibbels en de holle twiske de
hânnen. Saskemoi stoe efter him mei de triennen yn ’e eagen, en in
pantsjefol wetter yn ’e hân. Gabe, dy dat hele wirk net noaske, siet
stil yn ’e oare hoeke to skroarjen, mei de poanne op, en de kreupel
skonk ûnder de oare trochslein, en bearde det er neat seach. Mar
einlings waerd it him ek to mâl. Hy sloech de holle oerein, en sei: “Jy
sprekke slimme wirden, heit! Dat geplaster en gekwaksalver mei
âldewiifsmiddels scil ophâlde. Ik helje master Freark.” Dizze master
Freark wier in kindich lânbrebier, en hwet yette mear wirdich is as
folle to witten, it wier in bjuster foarsichtich man. Dêrom kaem er ek
net fier yn ’e wrâld. De measte ljue tinke, det se fen izer en stiel
binne, en wolle ljeaver mei hynstemiddels genezen wirde as troch de
sêfte natûr. Do Gabe werom kaem, wier Pîbe dochs yet al bliid det
master komme scoe. “Ik bin oars eang fen dy masters-dranken,” sei er,
“mar sa kin ’t net mear.” Gabe sei: “Hwet wy moatte, kinne wy ek; mar
as ’t slim is, moatte de hynzers dochs net earslings foar ’e wein slein
wirde.” Dêrmei kaem master ek al; in glêd stoel út de pronkkeamer stie
al klear; in great kekynje laei al for him yn ’t pantsje, en de piip
laei ré. Do er Pîbomme ien en oar frege hie, sei er: _Ja, Pîbe! hier
zal het recept te pas komen, waarvan de vrome Job eertijds zoo veel
dienst gehad heeft in zijne rampspoeden, en dat recept is geduld._” De
mûlripe Gabe sei hjir op: “Joegen jimme allegearre sokke goede rie oan
’e minsken, folle scoene der wêze, dy hjar jild biwarren, en dy, as de
reap draeid wier, krekt sa fier wêze scoene, as do hja ophâldden fen
masterjen. “Ja,” sei er, “ik siz it yette ris, brûkten folle ljue dit
middel, hja waerden sûnder swolgjen en biteljen soun as fisken.” Pîbe,
dy licht tochte det sok sizzen master net noaske, groude Gabe mei in
pynlike troanje ta: “Hâld de bek der út, ju!” De rimpene jonge, dy sok
in noartsk biskie fen syn fromme heit net wend wier, gyng forslein de
doar út, en kriet him út op de bûthúsbalken. Mar Saskemoi, âld sloof,
sloech dochs bier en bermhertichheit om ’t hert, en socht him wer út
syn skûlhoale wei. Hja koe hjar Gaebke net kriten sjên. Master Freark
teach nou mei Pîbe to wirk, en mei folle pilkjen, drankjen en smarkjen,
en yette mear troch sêft iten en hirde bêdden, kaem er sa fier mei de
man, det er op in gripestôk nei de skûrrereed skoarje koe om de bargen
to bisjen. Mar it fleach Pîbe net hirder nôch, en hy woe it ris heger
bisiikje, sei er tsjin Freark. Hy teach mei ’t skip nei in Frentsjerter
prefester, dat in kindige skevel wier; mar dy hear hie noait, leau ik,
by in boer yn hûs wêst. Dy rette him iten oan, dat Pîbe noait net
neamen heard hie, en klean dy him to djûr wierne. Hy joech neat mei as
in lyts doaske pillen. Pîbe kaem wakker ongetreast wer yn hûs. “Memke,”
suchtte er tsjin Saskemoi, “hwet hat dy man my raer iten opjown:
saechmoalsop, lapen fen oksen, rys mei podden der yn, en hwet ik sels
wettere moast ik sels drinke mei hwet rea’ wyn der yn. It scoe licht to
fortarren wêze, en dêr scoe ’k fen dije.” Gabe sei: “Jy moasten him ris
frege hawwe, eft er it fen dat iten hie, det him syn tsjokke bûk fen de
iene beam nei de oare slingere, as er neimiddeis op it bolwirk trape?”
Pîbe sei: “Ja, heite, en flewiel moast ik ûnder it himd drage.”
Hindrik, ús moalkers soan, dat in heal stedman wier, joech der dizze
forklearring oan: _sagosoep, osselapjes, rijstpodding, selzerwater en
flanel._ It is net swier to rieden, det de prefester syn bier mei in
rep fortape hie. Sok iten koe Saskemoi net koaitse, en Pîbe tocht ek,
det syn foarâlders mei groat en bier âld wirden wierne: dêrom tocht er
det hy it yette ris heger bisiikje scoe mei de boal to Ljouwert, dêr
Gabe ris om lake. Do er by master Durk kaem, moast er him omtklaeije,
en do er him ris tige bitomke en útritsen hie, sei er det Pîbe de
skammel fordraeid hie. Dêrom woun er him yn in lang wynsel, en joech
him in potsje mei griene boalsalve mei. Mar Pîbe dy bleau sa stiif as
in kakstoel. Nei dy tiid kaem er yet trijeris by master Durk, en do
wier der ek in spalling mei oer ’e mûrre, dat him danich bigreate. Do
master Durks rie op wier, wier Pîbe rie ek wei: hy teach fen ’e iene
kwaksalver nei de oare, dy allegearre mear fen hjar eigen pong hâldden
as fen Pîbom, en hja brochten him sa nei oan ’e dobbe-ich, det it nin
stroffeljen lije kind hie, ef Pîbe hie der yn rekke.
It wier op in reinige joun, det Pîbe by trije rykstealen siet to
kroanjen. Saskemoi neist him mei in readoekjen oer ’e eagen; de jonges
wierne út ’e hûs; de faem siet to hoasstopjen, en knikkebolle det de
stoel kreake. Dêr kaem Gabe wer mei master Freark oanstoaijen.
_Master Freark._ _Goeden avond, Pijbe! Hoe gaat het, vriend?_
_Pîbe._ Mei twa foetten yn ien hoas.
_Master Freark._ _Dat zie ik tot mijn leedwezen. Maar ziet gij nu wel,
dat gij Jobs geduld noodig hebt?_
_Pîbe._ Praet dêr net to rimpen oer; hie ik Jobs geduld en
frommichheit, den krige ik ek help.
_Master Freark._ _Nu, Pijbe, ik heb er geen lust toe om meer proeven
met u te doen, maar één goeden raad wil ik u geven. Loop niet te veel
naar allerhande kwakzalvers: want dan is uw leven kort. Ik weet raad;
ik heb een goed vriend wonen te Groningen; ik bedoel mijn’ ouden
leermeester, doctor Pfificus, een bejaard man van veel ondervinding.
Reis daar eens heen. Die zal u ongetwijfeld helpen, zoo iemand u helpen
kan. Volg mijn raad. Ik meen het goed met u._
Saskemoi seach wol, det Freark hwet brosser wirden wier, en socht him
al oer to heljen mei tige swiete kofje mei koeke en trjouweltsiis. Mar
Freark bleau der by, geduld moast er ha: en dy him geneze scoe, moast
er leauwe, det him geneze koe. En licht stjûrde er him wol oarwei,
omdet er rekkene, det hy der syn krûd op forsketten hie, en det dy
greate wolfangers der nou ek net swiet fen ite scoene. Gabe tocht ek
det it net tsjoed wier, eris nei in âld dokter to gean. “Men kin fen in
rier sa folle net bijearje as fen in âld kou,” sei er. “Ik leau oars
det Freark net fierder komme kin; hy hat de pong om ’e hals, lyk as de
treddekeals kij.” Master Freark, dat in grien stedman wier, forstie it
net, det Gabe him priizge en gyng der brimstich en noartich op ou. Mar
nei ’t se it ris in wike mei eltsoar bikôge hiene, en Pîbe yette ris
hwet sterker wirden wier, folgen hja syn rie dochs; it wier nou dochs
in kwea jier, en Pîbe koe de reis dwaen.
De blaukes waerden ynspand en Rommert tôge Pîbomme nei de wein, en sa
kroep er by it tiksel op. Saskemoi gyng mei in bidrukte troanje neist
Pîbomme sitten: Gabe scoe menne, en ’t wird dwaen by dokter Pfificus to
Grins. It wier al let yn ’e hjerst: de beanhearre waeide, en de dyk
wier as klaphout sa hird. Gabe wier oars nin hynstetysker: hynzers
neamde er folle rikeljues ongedierte. Hy liet de blaukes ris tige los.
Saskemoi waerd al eang en frege him ho det it sa mâl gyng? “Us Rommert
hat de wein to folle smard,” wier it andert. Dat sei er om it minske to
treastjen; hy wier oars mar heal baes mear. De reed gyng oer Boalswert;
hjir moast Saskemoi it jern nei de wever bringe. Dizze wever, dat in
longerige poep wier, tilde de stive Pîbe, yn trije jassen biteard, út
de wein, eft it in bosk swevelprikken wier, en sette him yn in
pakestoel del. Hjir waerden hja ris tige traktearre, en it dûrre net
lang, ef Gabe bigoun al gau mei Toon, sa hjitte de poep.
_Gabe._ Wist’ ek rie for de jichte, Toon?
_Toon._ Jau, manneke! wat scha ’k hum da von siggen? Dat zin
saucrementsche plaugen, Man ’k wil im in raut geven, dy veul lu pei ons
in Detmold de vliegende gicht afkoerirt hat.
_Gabe._ Kom, Toon! sizz’ op dyn rie, It moat nou dochs út de fierte
komme.
_Toon_. Noe, manneke! géwet dan acht, man sigge ’t nit gelyk an Piet
ond Klaus wider over; ’t hat mich sulf in harden Prusschen daalder
kost.
_Gabe._ Domme ljues praet! Hwet jowt dy dat, eft in oar it wit ef net?
Lykwol ast’ der op set biste, scil ik ’t wol swije, as ús heit mar wer
holpen wier. En den mocht’ ik ek wol lije, detste yet helte wizer
wierste. Ik leau detste in goed dokters-hoed haste, mar de holle scil
dy wol to lyts wêze. Dêrom, hâld dy by skearing en ynslach.
_Toon._ Doe pist ein spitspoev, doe honsvottige hinkende
schneidersgezel! Man ’k wil’t dir sagen, om dyn vaar uut den
miserabelen gicht to helpen.
_Gabe_ (binnens mûle.) Ef yn in onsêft útein!—Lêz op! Man, ik scil de
earen opstekke as in hazze.
_Toon._ So sel er hingaun, ond wikkelen im gansch ond gaar in zuver
flaachs, ond wan er dan so inne lygt as in jufferken inne rosen, so
schol er in schafenfel over im ligen, ond nemen dan in drei leffelvol
fischtrane, in half vandelken genever ond twei leffelvol semf.
_Gabe._ Hwet is semf?
_Toon._ Moster!
_Gabe._ Fij, man! Flaeks, traen en jenever, dat roaide yette; mar dêr
moster by! Dat wirdt raer iten. Oan ’t flaeks kin men hearre detste in
wever, en oan ’e traen en jenever detste in poep biste; mar dy moster,
dêr wit ik nin rie mei. Hark, heite! As ús heit it lêste yn ’t rib hie,
en alle wize-ljues rie dien hie, den scoe ’k sizze, it komt in dea’
baerch op in stek net oan, mar nou, sizz’ ik, scil hy it net ha, ef ik
scil nin Gabe hjitte.
_Saske._ Foi, jonge! Dou moast de mûle hwette ynriuwe. Toon mient it
goe; de man scil ús net fen ’e wâl yn ’e sleat helpe. En de man den
yette for in poep út to rachen, dat is to bot.
[Yllustraasje: BY TOON-WEVER.]
_Gabe._ Né, mem; Toon ken my wol. Forline Bolswerter merke haw ik en
Janke, Hoatse en Wobbel, yette by him op in sûpke wêst. De moandeis yn
’e iere moarntiid, do hawwe wy him noch ien fen syn Dútske margen út de
skoarstien kaept, mar dy brieken ús lilts op. Do wy se in healûre yn ’t
liif hawn hiene wier it patsjen dien: de fammen mochten ús net sykjen
hearre, sa stonken we fen ’e knyflok. En det er in poep is, kin men wol
oan syn skeane tongslach hearre. Dat moat er him ek net skamje; mar as
er better weve kin as in Fries, den moat er it him ta in eare rekkenje.
En al koe er dat net, den moast’ er it yette, hwent dy net fen it lân
hâldt, dêr er widze is, dy binne de beane út it wetter to goe.
_Saske._ Fij! en den de man syn woarsten yette to kaepjen, en dêr den
tonei in great wird fen to hâlden, Gabe! Gabe!
_Gabe._ Hea’ mem, as er jo twa reaf flaeks minder oan doek werbrocht as
er fen jo ontfinzen hie, den wier de hele stjonkene woarst al bitelle.
_Saske._ Hear der mar net mear nei, Toon: hy hat de gek ’er mei. Dêr ha
jy fiif inkelgounen weeflean, yette tweintich poun toppen, en in
flesfol reamme for ’e kofje.
_Toon._ Noe, goete frau, gott befohlen! Dank veur ’t wark ond ’e munte.
’k Schal ’t ou bal suverkens afweven, ond de rohm dar kan Liesken de
kartoffelen in opsnorken. Und doe, spotvogelken! dich scha ’k nog ’n
söpken geven.
_Gabe._ Ja, Toon; mar nin great sûpke; de blaukes binne my oars rom
folhandiger nôch. Wy koene oars wol yn ’e blaumodder by de doeren en
pompeblêdden to lânne komme yn pleats fen by dokter Pfificus to Grins.
As ik hjir Bolswerter merke werkom mei ús âlde Noarger rún, taepje op
den; den komt it my op in dripke nidlesmoar net oan, al woeste der den
ek moster by dwaen.
_Toon._ Boe maneke! moster oder nicht moster, ’t is ’n goete-frunde
rath, ond wen dyn vaar em nu einmaal probierte, so broekt’ er nau keen
dokter meer to laupen, Und dit wil ’k dir nogmaal sagen, pei ons in
Detmold had ’s recht viel leute kesonnd gemacht.
_Fridrich._ Hat aber auch recht viel leute zum teufel geholpen.
_Toon._ Halt smaul, Fridrich!
_Fridrich._ Der wirt da im Rothen Hahn, meister, is dran crepirt.
_Toon._ Halt smaul, sag ich dir, schlingel!
_Fridrich._ Weissen sie nicht? der kerl der sein weib jeder sonabend so
ungeheuher durchpriegelte.
_Toon._ Halt smaul, hontsfot, sags ’ch dir oder!
_Fridrich._ Gnädiger diener, meister!
_Toon._ Du geschwätziger luder!
_Gabe._ Nou bigjint de poep to stjonken. Mar, Toon, wy moatte der út,
en til ús heit ris út de stoel nei de wein; dy is dêr mei al dat
eameljen al yn de swiete rêst fallen. Dy goede man! wier er mar better,
den hie ik ek wer wille.
Do se wer op ’e wein sieten, kroande Pibe en riboske, en hjitte Gabe
net hird to riden op ’e balstiennen. Saskemoi biskrobbe him, det er
Toon jimmerwei de foet dwars sette. Gabe sei: “Ja, tsjinakselje mei ik
graech ris. ’t Is in gelok det domme ljue sa goed binne; oars hie ik
oan de oare side ek kreupel wêst.”
Hwet hja fierder nei de wâlden ta kamen, hwet it foltsen
tsjinstfirdiger en better waerd. Nuver seach Saske op, as de hospessen
foart de blaukes útsloegen en yn de stâl laetten, hwer hja den waerm
drinken en hjouwer en gêrs krigen by ’t bealchfol, en as se for in
mannich stûrkes iten en drinken nôch krigen for hjar trijen. “Nin
wonder,” sei Gabe. “’t Jild is hjir djûr, mem; en it is mei de minsken
net as mei de kij, hwet fetter, hwet better. Do Hearke jonges de
ierdappels sa djûr forkoften, wier der nin dwaen mei to hawwen; oeral
hongen se it baitsje op; oeral rounen se ’er yn as de bolle yn ’e reak;
hwet hjar yn ’e wei stoe waerd net út ’e wei set, mar út ’e wei
slingere. Keatsen wier nin wirk for sokke ljue; in biljart moast der
komme om de hospes ryk en hjar sels earm to meitsjen. De Franske
kelderrotten[1] laken der om, as der hannen as slaeijen op dy griene
tafel kamen mei kromme knoarrige ierdappeldolderfingers der oan; mar
hja binne yet net oan’e reap slein.”
_Pîbe._ Fij, jonge! ho sûr it laitsjen my ek falt, ik moat wol, sa raer
komst’ der wer mei oan.
_Gabe._ Jy laitsje, heit? Dat haw ’k yn nin tsjien wiken sjoen. Kom,
dat wier goe’. Laitsjen is soun wirk. Och, man, ik woe wol, det ik myn
heal âld skonk miste, en jy twa soune werom hiene; den wierne wy beide
klear. Skroarje kin men sachts, as men mar goede fingers en gleone
eagen yn ’e holle hat. Mar ploeijen en eidzjen dêr hearre earmen en
skonken ta.
_Pîbe._ Ja, boi, dou mienst’ it bêst; dat wit ik wol; mar men moat de
mûle wol ris hwet ynriuwe. De wierheit is in spoek; folle ljue
skouderje him, omdet er in bysjager for hjar eigen rêst is, lyk as
greate Gerben fen Jobbegea wol ris sei.
It wier lette joun do de ljue to Grins kamen; dêrom koene hja foart net
by dokter Pfificus klear komme. Pîbeman wier wakkere wirch, en dêrom
gyng dy mei Saskemoi ek al gau nei bêd. Mar Gabe, dat in plakkersbaes
wier, kocht yette hwet klúnbier, en snapte mei de oare ljue, dy dêr yn
’e slingerij wierne, oer alle dingen. Under dy minsken wier in man, dy
him yn ’e merke in gouden haloazje fen in smous út de bûse troggelje
litten hie. Dizze man klage earmlik, ho se him nou by de noas hawn
hiene. “De skande wol ik net iendris rekkenje,” sei de man. “Hwent al
hie immen saun jier by prefesters roun, en mear boeken lêzen as er
hierren op ’e holle hie, en al hie er dêrby yette twa brollen op ’e
noas, it holp him net. Gayom-en-hjar steane for gjin brollen; hja geane
der alle dagen sels mei om. Mar hwet yet briker is, de skea komt hjir
by de skea. Ik hie ’t oan de prokkereur oanjown, do ’k bistellen waerd,
dêr tochte my, koe nin kwea fen komme: mar nou ’t se miene, det se de
biis by ’t baitsje hawwe, nou wird ik hjir alle blaumandeis opontbean
om to biwiizgjen, eft hy it is ef net, howol ik net in fear fen ’e
smous sjoen haw. Nou kin ik ’er yet it jild by forreizgje. Fij, hwet in
lêst!” “Ja,” sei Gabe, “it giet jo as ús oarremem; dy woe forline wike
mei de lantearne in kroantsje wer siikje, dat se by dei forlern hie: it
minske is yn hjar bernskens.” Mei dizze lange noas koe de man nei bêd
gean, lyk as Gabe ek die.
De oare moarns rieden hja al ier nei dokter Pfificus ta, dy op it oar
ein fen ’e stêd wenne. De feint fen ’e hospes ried mei, en dy tilde
Pîbe út de wein. Nei ’t hja in lyts kertier riden hiene, stien’ se foar
in great hûs stil, dêr wol tweintich lamme ljue, dy dêr foar ’e doar
stoenen, ek al help sochten. De feint loek oan in earnen knop, dy neist
de doar yn ’e mûrre siet, en do waerd der skille.
_Dokters Feint._ _Wat blijft?_
_Hospes Feint._ _Hier heb ik luden oet Frijsland, dij dokter spreken
wollen._
_Dokters Feint._ _O, freunden! komt in de zydkôamer._
Hwet wier dat dêr in pronkkeamer! It wier eft hja op side trapene. Oan
’e mûrre hingen printen sa moai, det men yen net sêd sjên koe. “’t Is
onnoflik; men doar hjir net sitten gean,” sei Gabe; “hie ’k hjir mar in
wâldstoel!” Mar de âlde Pîbe foel sêft del yn in greate flewielene
briedstoel. Do er dêr sa sêft ynfoel, sei er tsjin Saske: “Ik leau det
it al mei my bigjint to betterjen.” Gabe sei dêr op: “It giet jo bynei
as my. Do ik foar jierren sa hwet gammel wier, scoe ús Rommert my hwet
pillen helje fen master Freark. Ear det Rommert heal werom wier, siet
ik al oer ’e groppe. As jy sa fêst oan Freark leaud hiene as ik, jy
wiene al better wêst.”
_Pîbe._ Hâld op! dêr komt de dokter oan.
Dêr kaem dokter Pfificus oan, in lang man mei in kattestirt yn ’e nekke
en puijer yn ’t hier. Bisiden fen ’e holle hong him lang toppich hier
ta de hoed út, eft it in strike flaeks wier. In great trijekantich hoed
siet him djip yn ’e eagen. Oan ’e lytse kromme noas laei de lytse
finger fen ’e lofter hân, en yn de rjuchterhân hie hy in fine rotting
mei in silveren kjetting, wol in healjelne lang. Mei’t er foar ’e doar
kaem, namen al dy earme ljue de hoed ôf, en do er even mei de stôk
foarút swong, spatte dat hele soadtsje út eltsoar.
_Gabe._ Is ’t net krekt eft ús Rommert de keallen boarnt en der de
bollepyst ris trochhellet, as de iene de oare fen de trôch kringt?
_Pîbe._ St! dêr komt er yn.
(De dokter komt yn, set syn stôk tsjin de mûrre oan, en giet foar Pîbe
sitten mei in gouden snúfdoaze yn ’e hân.)
_Dokter._ _Goeden morgen, vrienden! Goeden morgen! Welzoo, gij komt er
al vroeg met de wagen op los. Gelukkig dat de wegen nog zoo goed zijn
in den herfst. Waar komen de vrienden van daan?_
_Gabe._ Ut Fryslân, dokter, djip út Fryslân.
_Dokter._ _Wel zoo, vrienden! ik wist niet dat ik zoo veel roem ook
buiten de provincie had. Maar laat hooren, wat gij mij te zeggen hebt.
Spreekt duidelijk en kort!_
_Gabe._ It ding sprekt fen sels, as ’t in mûle hie: ús heit kin gean
noch stean fen ’e jicht: dêr wirdt rie for frege. (Dokter leit de
finger fen ’e rjuchterhân op ’e noas, en freget him fen alles. Einling
ropt er Gabe bûten de keamersdoar, en seit:)
_Dokter._ _Hoor eens, Jongetje! drinkt uw vader ook te veel rooden
wijn?_
_Gabe._ Och né, dokter! Forline jier hat ús heit to Makkum-op-sé de
earste kear fen syn libben in flessefol opdronken, en as dat it him
dien hie, den hie ús bysitter al lang dea west; dy kin alle dagen wol
in heal ammerfol op. Freegje je my eft er wol ’ris oars to folle
dronken hie, forline jier yn ’e mylde dagen wier it soms mar it iene
hanfetfol waei efter it oare; putskje wei mar!
_Dokter._ _En uw grootvader aan vaders kant, vriendje; was die ook niet
wel eens jichtig! Wat deed die?_
_Gabe._ Us oarreheit dat wier in kofskipper: dy hat my wol forhelle,
det er soms wol fjouwer roune wiken trochwiet west hie.
_Dokter._ _Alla, daar zit de kneep!_
_Gabe._ Net ret, dokter! Op syn njuggentichste jier stoar er sa linich
as in lape.
_Dokter._ _Maar uw overgrootvader, maatje?_
_Gabe._ Myn oer-oarreheit wier in Amelander fiskerman, dy mar ienris yn
syn libben field hat det er in mage hie, do er op in Holwerter merke in
pankoek opiet fen oardehealsnies aeijen en in poun spek. Mar jy siikje
it to fier, dokter. Us heit hat fen syn âlders neat meikrige as soun
bloed, en in korpus, dêr de holle rjucht op stiet; en dêrmei hat hy it,
God tank, sa fier brocht, det er him sels en ús allegearre bidrippe
kin. Dêr sit de krupsje net, dokter. Mar ús heit wol it goede to folle
dwaen; hy hat him forskrept, to folle wirk dien, en gjin rêst hawn.
(Hja geane wer yn ’e keamer.)
_Dokter._ _Nu, wij zullen kort zijn; ik zal uw vader een middeltje
voorschrijven, waarvan ik in vele gevallen zeer veel dienst gehad heb._
(Dokter Pfificus hellet in moai rea’ boekje út ’e bûse, en kriget út de
oare bûse in silveren ding dêr pin en inket yn is; leit de finger op ’e
noas, knypt de eagen ticht, brimt e’ris, en skriuwt it middelke op.)
_Dokter._ _Ziet daar vrienden! gaat hiermede naar den apotheker. Het
gebruik staat er op. Maar nu, wat uwen leefregel aanbetreft, heb ik u
de volgende lessen te geven. Eet geene te sterk aangezette spijzen;
houd u bij de eenvoudige kost; geniet de vrije buitenlucht zooveel
mogelijk is; gaat vroeg naar bed, en dekt u niet te sterk. Eindelijk
overwint het geduld alles._
_Gabe._ Dit docht de doar ticht, dokter! As ús heit hjir oan leauwe
wol, den is jins preek de reis en it jild wol wirdich. Master Freark
hat ús dy rie ek al jown, mar dy wennet to tichte by om him folle to
leauwen. Dêrom leauwe folle minsken de jenever-oalje-kopen sa; hwent dy
komme út Hongerijen, sizze hja. Ik scoe oars sizze, det hja better oan
’e seine foegene as oan ’e fizel. En hwa wit, ho folle om hjar great
geloof oan it frjemde nei it greate mienskar reizgje! Mar hwet scil men
sizze, dokter? It moat mâl wêze, oars wolle folle minsken it net
leauwe: en dat folk hat mâlle klean oan, en hja sjugge as nytlige
bollen; hja rûke sa frjemd, en hja prate sa krom, det sokke minsken
moatte wol rie witte for frjemde kwalen. Mar hwet miskearret ús heit
nou, dokter?
_Dokter._ _Die laboreert aan ’t Rhumatismus Chronicus, vriend._
_Gabe._ Is dat Hebreauwsk, dokter? Dêr pielde de âld domeny ek wol mei,
as er yn ’e knipe siet.
_Dokter._ _Neen, babbelaar; dat is Latijn. Ik heb den tijd niet om met
u hier te reutelen. Ziet gij daar die arme ellendelingen niet, die op
mij wachten?_
_Gabe._ Yet in wird, dokter! Dat Latyn, dat je dêr neamden, wier dat
nou de jichte?
_Dokter._ _Hoor eens, maatje! Rhumatismus Chronicus en jicht zijn een
zusje met een broertje. De naaste oorzaak van deze kwalen mag de duivel
weten. Maar geduld is er bij noodig. Adieu, kreupel maatje, al genoeg
gebabbeld._
_Gabe._ Dêr ha jy in goune, dokter. Ik tankje jo for jins wiere rie. As
ik yette riker wird, as ik nou bin, scill’ jy myn dokter wêze. Nou,
gesontheit en wolwêzen.
_Dokter._ _Adieu._
[Yllustraasje: PLEISTERJE BY IN WALD-HERBERCHJE.]
Pîbe siet al wer mei Saskemoi op ’e wein mei de feint fen ’e kastelein,
en Gabe wipte der mei syn oardeheal skonk ek gau op. Hja rieden nei de
herberge en lieten it reau klear meitsje; do it bitelle wirde scoe,
klage Pîbe oer ’e snijerij. “Dy sok smoar net hat kin mei nin wein mei
twa hynzers ride,” sei Gabe; “den wier it better mei de bilwein to
reizgjen; dêrom treastgje jo, heit, en wêz tofreden, det jy soks
habbe.” De reed nei hûs gong firdich: de blaukes hiene wille, en oeral
hwer’t hja kamen, waerd hjar ek rie for ’e jicht jown. Gabe stoe de
toet net stil. “’t Giet ús,” sei er, “as Klemint Marrot, do er pine yn
’e mûle hie; dy krige ek rie fen alle man, ta de kening ynklús.” Pîbe
en Saskemoi laken der beide om; mar dit stie koarts dêrnei yn skriemen
en kibjen to foroarjen. Pîbe, dy wol wiste, det kasteleins-brea djûr
brea wier, liet Gabe twa hiele breaën helje, do se yet yn Grins wierne,
en dy yn ’e bak fen ’e wein lizze om dêr de hynzers mei to foerjen; en
dêr kaem it drankje by. Gabe, dy wol seach, det dy trije nin goede
bûrljue wêze scoene, sei al: “Heit, it is krekt sa folle, as je ’t by
de bolle op stâl settene.” Mar it koe net oars; der moast mar tige
rûchte en hea omwoelle wirde; hwent Saske snobkoer wier oan ’t lid ta
fol fen Grinzer koeke en _stoeten_. It gyng yette lang goed, mar do se
einling by in waerdshûs kamen fier yn Fryslân op, scoe der foerre
wirde, en do briek it onwaer los. It brea wier heel, en it glês ek, op
in lyts roun gatke nei, en dêr wier alles ta útroun hwet der yn west
hie. “Flokken is sonde, en it stiet lilts, mar dit is wol divelsk,
heit!” sei Gabe: “it drankje is britsen.” Hwet hjir op folge kin elts
tinke, dy mar ienris fen syn libben yn ’e boddelerij fen syn wiif in
treppôt omreage hat. “It moeit my,” sei Gabe, “hwent jy binne better
wirden sont je it gûd yn ’e wein hawn habbe; hien’ je ’t ris yn ’t liif
krige, je hiene klear west.” Wyl’t se dêr sa yn eltsoar omtsjouwden,
kaem der ek oar folk by, dy hjar fregen, hwer se sa om klagen. Gabe
forhelle alles koartwei. Ljue, dy it leed is, as it in oar wolgiet,
laken der om; oare biklagen hjar, en wer oare, dy it yette better
mienden, joegen hjar goe’ rie; en goe’ rie wier nou djûrder as brea,
sei Gabe. Under dy riejouwers wier der ien, dy lang neat sein hie, mar
einling opstoe, en mar tige ris it leksum opsei. “Ik hjit Pieter
Flapút,” sei er. “Omdet ik dy namme ha, scil ik ek mar ris útflappe
hwet my op it hert laeit, en om jimme nou it hier ris tige út ’e eagen
to striken, sa sizz’ ik jimme, det jimme steapelsljucht west binne, det
jimme sa fier reizge binne om hwet jimme sa neiby fine koene to
Frentsjer. Man! dêr wenje ommers ljue dy mannich domme loebes en
ondogenske swiften ta formaerde ljue meitsje; en scoene sokke ljue sa’n
man net helpe kinne? Mar it is sa mar, op ’t lêst rint men nei de
prefesters, en op ’t alderlêst nei de boal: dêrom wol ik jimme yet ien
rie jaen. Hjir tichte by wennet in keardel, dy ek wol ris mei de jicht
ommastert: hja neame him wol de divelbander. Hwet dêr oan is, lit ik
oan jimme oer, mar hwet er útrjuchtet is op ’t tsjoenen ôf. Hja lizze
de ljue bânnen, en jowe se hwette krûden; dêrmei is de boel ôfdien; mar
dit sizz’ ik jimme, it is in mâl feint.”
_Gabe._ Den docht er krekt as ús beppe die: dy pielde ek wol mei
knoffelbânnen, as ik my ris forkloft hie, en den waerd der ek wol in
goed wirdtsje by sein. Ik leau oars net, det se fen it wird wier; hwent
al hie se tsjien jier op it tsjoenen gien, hja hie it net leard.
_Pieter._ Jins beppe, dat is dêr oan ta: mar ik siz, it wirdt hege
tiid, det jimme nei dy man ta reizgje. It giet mei dy steddokters as in
lûs op in tarrich kleed, en jimme heit is sa ribskjin al, det as er net
makket, det er by dy man komt, den koene de hounen wol ’ris skielik om
him bylje moatte.
_Gabe._ Nou, heit! hwet sizz’ je? Wy binne nou dochs yn ’e lytse lij.
_Pîbe._ Jonge, dou moast’ it witte. Dou haste mear forstân as ik.
_Gabe._ Tinkt jo dat, heit? Nou, fyat den; nei de divelbander!
Gabe mûskoppet ris hwet mei Pieter en de kastelein, en lit ynspanje.
Saskemoi wier der skouderich fen en bleau yn de herberge: tsjin de
divelbander wier men net opwoechsen. Dêr rieden se wer hinne; Gabe
bliid, det er wer in nij iffentûrke op stôk wier, en de goede Pîbe heal
bliid en heal bang. Do se oan de wringe fen de yester kamen, dêr stoe
de man sels.
_De Divelbander._ Dêr komme jimme al oanriden? Ik hie jimme al
forwachte, mar sa ier net.
_Pîbe._ (Binnens mûle.) Och hea’, hwet is ’t raer!
_Gabe._ Ja, man, dêr kamen wy oan. Wennet hjir de divelbander net? De
jichtmaster?
_Divelbander._ Dou smytste my kneppels foar ’e skinen. Scoe der wol in
divel wêze, heite? Dou likeste oars mar in kanstoppe fen in keardel.
(Pîbom wirdt út de wein tild en yn hûs tôge.)
_Divelbander._ Ik wit net, boer, dit stiet der skean foar. Jy binne
oars in keardel as in lôge, en dochs as jy net by my komd wierne, jy
hiene de koekkoek net wer heard.
_Gabe._ Sizz’ net to folle! Earst dwaen, en den sizze.
_Divelbander._ Hâld der dyn toet út, dou gerstige skinke, ef ik jow ’er
dy for in fjirtsjin dagen in pine yn, dêr gjin smous dy fen rêdde kin,
al skoert er dy al dyn kjizzen út.
_Pîbe._ Fij, man!
_Divelbander._ Habb’ jimme al frij folle mastere mei alderhânne frjemde
snûshoannen?
_Gabe._ Snûshoannen habbe wy nin ien by west, dêr ’k fen wit, oars net
as by de boal; dy seit it ris hird en heech; dy skynt it wol to witten,
eft er ’t út de krante lies: mar ’t ein learde, det er om ús heite jild
sa opswetst hie. Oars binne wy yette by twa steddokters west, fikse
ljue, mar dy hwet folle geswaei en bistel hiene.
_Divelbander._ Habbe jimme ek al by de âlde hirdbaerch west, de soldaet
fen Herbaijum?
_Gabe._ O ja, man! dy wier lilts op syn wize, det wy net earder by him
komd wierne, en ik leau det de skevel gelyk hie: hwent hie ús heit nou
by him komd, nou de pitten der yet mear útgien binne, hy hie de man
kâld makke as in frosk. Hy joech ús heit in lyts middelke for in
ryksdaelder, en ik leau net, det er ’t heal op hie, ef it wier oars net
eft er heit de termen mei hânskrobbers útreage.
_Divelbander._ Ja, it is in mâl feint; dêrom leauwe de ljue him; scoene
der oars wol sa folle nei de piskikers rinne? It liket nuver sa mar út
in bekjefol pisse to sjen eft de ljue in lintwjirm habbe, ef it kolyk,
howol dy twa nei gedachten al oare middels foreaskje. En dit wol ik
yette rinne litte; mar út de pisse to sjen eft immen foar fiif jier
bloed spein hat ef in breuk hawn hat, en sokke ljue braekmiddels to
jaen as der galkoartsen omgeane, dat koe wol ris blide erfgenamen
meitsje. Ik leau oars net det dy ljue it sels ek leauwe, mar jildwinnen
is swiet, en dêrom sjucht men ’t tsjinwirch ek al fen oare dokters to
Ljouwert en Snits, en dit giet eft it skonken hat. Fen sokke ljue is ’t
yet ondogensker; hwent dy witte better. Die ik, dom boer, it yette, ik
koe miene, det ik it wiste. Hja binne minder as de gûchelhanzen, dy de
mouwen opstrûpe, as se bigjinne.
_Gabe._ Ja, ús master Freark kniest der soms ek wakker oer.
_Divelbander._ Jimme master Freark is in gek; dy wol de ljue net
biskite, en dêrom moat er earm bliuwe. Hwer kniest de man oer? Hy scil
fen de hûndert wol tachtich genêze as de piskikers der tweintich
genêze. It giet hjar as de baden yn ’t poepelân: dêr binne fen dy
wetters, dêr de ljue mei hjar lamme lea ynkrûpe. Dêr wirdt lûd fen
roppen, alle jierren wirde der boekenfol fen drukt, ho folle det dêr al
genêzen wirde; mar waerden al dy ljue ek ris opjown, dy der net genêzen
wirde, dy der stjerre, ef der slimmer wei komme, de nearring roun gau
staf, en sa scoe it my ek gean.
_Gabe._ Ho? Jo ek? Dêr hear ik nij fen op.
_Divelbander._ Ja, skroarke! Ik bin, God tank, sa fier, ik hoef net to
ligen om it brea, lyk as folle wize ljue wol ris dwaen, woll’ se de
stôk út de hals keare. Sjuch, feint! folle ljue komme hjir om rie; ik
haw in âld middelke for ’e jichtkwalen, en dêrmei wirde folle genêzen,
en folle ek net. Mar omdet it nuver liket sa fen in boer fen sa’n
swiere pleage bifrijd to wirden, dêrom tinke de ljue det ik alles
genêze kin, en det der mear as ien oer geane: dêrom neame se my ek
divelbander.
Myn jonges, dat swiften binne, sizze oars det de divel nei Eastynjen
tein is sont er nin heil mear op ’e preekstoel hat, en det it him gean
scil as Malbroek, det er net werom komt. Wol jimme heit fen my genêzen
wirde, den moat hy leauwe hwet ik siz. En folle haw ik genêzen, dy
yette slimmer wierne as hy.
_Gabe._ Mei heit moatt’ je dwaen sa je wolle; hy is dommer nôch. Hy
scil jo wol bitrouwe en leauwe.
De man giet allinne by de suchtsjende Pîbe yn ’e keamer, en hwet dêr
geskaet wier, hat er net forhelle, mar it hie in nuver getsjoen west,
en as er net moatten hie, hja hiene him der net ta krige for nin
tsjiis-tsjettel-fol-jild. Hy joech Pîbe yette ek krûden, en sei der by,
det der net mear as twa pear eagen oer gean moasten.
Hja rieden wer nei hûs, en it draeide der op út, det se allegearre mis
west hiene. Hwent Pîbom krige in abstoanje oan de skonk, dat master
Freark iepenje moast, en dat er einlings mei folle kinst en flyt ticht
makke, sa det Pîbom de oare maityds ier al wer to Frentsjer yn ’e
poarte mei in greate kneppel yn in keppel lammen omtyske.