Der is in âld Frysk sizke: “Eagum leit mids yn ’e wrâld; trije trêdden
fen ’e toer, dêr is it; dy’t it net leauwe wol, kin it neitrêdzje.”
Ik lit oan ’e gelearden oer om út to meitsjen, yn hofier ús froede
Fryske foarâlden dêr gelyk oan hienen. Mar wis is, det likernôch mids
yn Fryslân it doarp Grou leit.
Foar hûndert jier kaem dêr yn dy kontreijen nimmen as dy’t der wenne ef
der mei gewelt wêze woe. Men hie dêr sa gjin baeiplakken, nin bergen ef
rewieren om de ljue dêrhinne to lokjen. Ek laei dêr om sa to sizzen nin
tochte troch fen it iene lân nei it oare, lyk as oer Arnhim fen
Amsterdam nei Dútsklân. Men roun yn Fryslân op as yn in sek. Omseame
fen ’e sé, oan ien kant fêst oan ’e Jeropeeske wâl, hie it in bulte wei
fen in iensum skiereilân.
As men midden yn dy Fryske gloppe in frjemdling sette, hie er mar in
lyts plak, dêr’t er him op omkeare koe. Rounom wierne it marren,
poellen, sleatten, fearten, driuwpôlen, dykjes, hikken en dammen. Yn
ien wird britsen lân, dêr’t nin skepsel de wei yn foun as dy’t it troch
’en dei bitrape.
Yn dy sodze laei it âlde Grouwergea, it berteplak fen de Halbertsma’s.
Om 1750 hinne koe men dêr mei hynsder en wein net ienris komme. De
bûter waerd yn skouwen dêrhinne roeid ef syld, soms in pear ûre fier út
it wetterlân wei. De boeren kroasken hwet by de waech om, diene hjar
ynkeapen en glieden oer poellen en fearten wer op hûs ta.
Allinnich mei hirdsilen wier der in hopen drokte. En as Noarman de
poellen tichtmitsele, krioelde it fen minsken út alle hernen fen
Fryslân. Den kamen der yn ien wike mear frjemden as oars yn in hiel
jier.
Sadwaende bleau it libben dêr lang yn ’e âlde foegen. Men seach mei
minachting del op ’e stêdsljue. Eigen aerd en wêzen, eigen tael en
seden stiene dêr heech.
Dit lân wier útkard om de bertegroun to wêzen fen it frije,
oarspronkelike Halbertsma-laech.
Yn ’e stêd fen Dokkum stie it nêst, dêr’t de foarâlden fen dit slachte
hikke en tein binne. De earste, dêr’t men fen wit is _Douwe Halbetsz_
fen Dokkum, dy’t oan de side fen Lodewyk fen Nassau yn Grinslân fochten
hat en dêrom fen Alva by sintinsje fen 20 Maeije 1569 ta de galge
forwezen is. As twade yn ’e stambeam komt foar: Dr. _Scipio Halbetsma_,
abbekaet fen it Hôf fen Fryslân, dy’t 18 April 1669 to Dokkum boaske
mei _Catharina Joostes Rinia Stinstra_, in boargemastersdochter. Oan de
namme fen de âldfaer _Halbetsz_ wier nou de stirt _ma_ hinge om der in
_fan_ fen to meitsjen. Letter skreauwen folle fen ’e staek hjar namme
mei in R.
Sa trof men to Grou oan: _Hidde Halbertsma_, folbloed Mennist, dy’t 16
Maeije 1788 boaske mei de skrandere _Ruerdje Tjallings Binnerts_. Hy
wier in sljuchtwei man; hja bilêzen, hertsfrom, in tige opfiedster en
fen itselde gelove as hjar man. Hja krigen fjouwer jonges en trije fen
hjarren binne de greate stipers wirden fen ’e Fryske sin en sprake,
nammentlik _Justus_ (berne 23 Okt. 1789 † 27 Febr. 1869), _Tjalling_
(berne 21 Jan. 1792 † 12 Dec. 1852) en _Eeltje_ (berne 8 Okt. 1797 † 22
Maert 1858.)
Do’t Justus ef Joast, sa’t er neamd waerd, amper seis jier wier, rekke
er op ’e doarpskoalle fen Grou, dêr’t sa’n foech pear hûndert bern,
heech en leech, by elkoar sieten. Master hie de earenamme “âld poep”,
om’t er fen komôf in East-Stellingwerver wier en stêdsk praette mei in
Drintske tongslach. Hy siet yn in hoeke fen ’e skoalle efter in
banktafel op ’e troan, mei in stikje swart sop en kalmuswoartel efter
’e kiezzen, in greate brul mei roune glêzen op ’e noas, in bollepyst yn
’e lofterhân en in goezzepinne yn ’e rjuchterhân. Fen in ûndermaster
wier gjin sprake. Dy iene man learde it A-Bie oan ’e lytsen, it
staverjen en lêzen oan de greateren, it skriuwen en rekkenjen oan de
greatsten, en ûnderwilens forsnie er sels noch de goezzepinnen for de
hele skoalle.
[Yllustraasje: Dr. Joast H. Halbertsma.]
Joast learde earst út it Hoanneboek en it lyts skoalboek, hegerop út it
slim skoalboek, dêr’t stikjes yn stiene oer de algemiene en heitelânske
skiednis, keapmansbrieven, rekkeningen, rou- en troubrieven. Ta it
ûnderwys hearde ek it psalmsjongen en it ûnderrjucht yn it “Kort
Begrip.” Dat lêste sinnige syn mem alhiel net, dy’t yn mirch en bien
Mennist wier. Hy krige it boadskip mei, hjar jonge moast dêr frij fen.
Do’t er dat stammerjend oerbrocht, gnaude master him ta: “Wuuste dan ’n
heiden wudde”?
Eeltsje wier de earste fen ’e broerren, dy’t it leksum krige út ’e
boekjes fen Ds. Nieuwold, de greate bernefrjeon en réorganisator fen it
ûnderwys. Hy koe lykwols dat lêz-ark net útstean, sa flau foun er it.
En do’t men it him oanpresse woe, smiet er it yn ’t wetter, sadet syn
âlden needsake wierne him yn ’e lear to dwaen by de forongelokke
prokkereur Obbe Ruardi, dy’t him yn in mannich wiken staverjen en lêzen
learde.
Joast en Tsjalling sieten sa troch ’en dei frij lang op skoalle, mar de
skoften twisken de skoalle-tiden hiene hja hielendal for hjarren sels.
Den wier it de tiid fen boartsjen: aeisiikjen ef doerelûken, wâdzjen ef
baeijen, skipkesilen ef farkjen, bokstean ef draekfleanen, keatsen ef
knikken, alles sa’t de tiid sei. Dat joech wjukslach oan hjar geast en
foarme hjar ta frije, krêftige jongkeardels.
Mei’t op Joast en Eeltsje in stúdzjekop siet, ornearre men, hja moasten
it paed op fen ’e wittenskip. Sa rekken hja nei Ljouwert op ’e Latynske
skoalle, dêr’t Valentinus Slothouwer rektor wier.
De skoalle waerd hâlden yn trije fen ’e moaiste sealen fen it Hôf.
“Mynhear Hobbema”, in neisiet fen de forneamde lânskipskilder, wier
konrektor. Slothouwer, in Dútsker fen komôf, fielde him as in fûgel sa
frij ûnder ’e Friezen, wier wêrzich oan alle twingerij en forienige him
it bêst mei de liberale bigjinsels yn godstsjinst en polityk. Nei
âlderwenst moasten alle jonges, Grifformeard ef net-Grifformeard, de
Heidelberchske Katechismus fen bûten leare, net yn it Latyn fen Caesar
ef Nepos, mar yn min theologe-latyn. De rektor krige dêr einlings sa’n
hekel oan, det er op in moarn it Kalvinistysk kompendium de skoalle
útbande. Hy joech les yn âlde en nije skiednis, mythology, âlde
geografy, astronomyske geografy mei bihelp fen twa greate globes en
fierders yn ’e klassike talen. De klassike âldheit wier him alles. De
romanske boeken út ’e lêzselskippen neamde er fodden. De jonges moasten
hele stikken fen Homerus, Virgilius en Horatius út ’e holle opsizze
kinne om hjar de klassike uteringswize eigen to meitsjen. It ûnderwys
wier grammatikael yn ’e puntsjes en de rektor hie it grau op it
ûnderrjucht fen ’e plattelânsdominys, om’t hja oer it grammatikale
hinneflodderen. Hy stjûrde wakker oan op de sedelike foarming fen ’e
jonges troch warskôging for de ondeugd. Dêrom moasten hja ek nei de
eksekúsje. Dy wier altiten op in Freedtomoarn om âlf ûre. De deftichste
boargers fen Ljouwert stienen den yn ’e japon ûnder oan it bolwirk om
it skavot hinne, like goed as de boeren mei hjar linnen kleedtsje fen
it fjirdel bûter oer ’e earm. As de misdiediger by it giseljen ef
brânmerkjen skreaude en immen bliken joech fen meilijen, seine de
boeren kâldwei: “It is rjucht”! De Latynske skoalle gyng den út om
healwei âlven. As it halsrjucht wier, kaem dominy Bavius, praeceptor,
yn ’e skoalle, sette syn steek ôf fen ’e prûk mei fjouwer fordjippings
en frege út namme fen ’e jonges oan ’e rektor eft hja de eksekúsje mei
bywenje mochten. Dizze andere plechtich: “It is hjoed de tryste dei,
det ien fen ús evenminsken ûnder boalshannen stjerre scil op it skavot
om oan ’e gerjuchtigens to foldwaen. Jimme winskje dat yslik toaniel by
to wenjen en ik haw dêr net op tsjin, yn ’e hope det it jimme ôfskrikke
scil fen it kwea. Spegelje jimme oan de man, dy’t syn lytse skelmerijen
net telde en stadichwei forfoel ta misdieden, dy’t de wet as gefaerlik
for ’e maetskippij straft mei de dea”!
Joast en Eeltsje hawwe oan it ûnderwys op dizze skoalle folle to
tankjen. Earstneamde gyng op it fragelearen by de gelearde, humane
mennistepreker Jan Brouwer, hwaens âldste soan Seerp, letter prefester
en Keamerlid, syn kammeraet wier. Rektor Slothouwer neamde nei de
skoallepromoasje de jonges _mynhear_. Bynammen de theologanten boun er
op it hert om de foetleasten to folgjen fen Jezus’ apostels. Mei de
bêste forwachtings seach er Joast nei Amsterdam gean om oan it
Seminaerje for menniste domeny to learen. Heechsteande mannen lyk as
van Swinden, Hesselink en Koopmans wierne syn prefesters. De earste hie
him hast oerhelle om yn de wiskinde to studearjen, mar de ynfloed fen
’e twa oaren hawwe him by de theology hâlden. Ho heech er mei syn
learmasters weiroun, hat er tritich jier letter biwezen yn de lof, dy’t
er hjar taswaeide yn syn boek _De Doopsgezinden en hunne herkomst_.
Deventer 1843.
Bûten ’e godgeleardheit studearre er yn ’e Noardske talen, dêr’t er as
jongfeint fen sauntsien jier al smucht op krige hie. Nei de tinkbylden
fen de Noardske folken oer godstsjinst en seden, nei hjar boartsjen en
sjongen, hjar dieden en dreamen to pinfiskjen, en spoaren fen it ien en
oar yn ’e Fryske tael en skiednis wer to finen, joech him swieter
formeits as de âldheden fen Rome en Athene. Mei hertenjue seach er de
Germanistyske wittenskip opkommen en fen in baenbrekker as Jakob Grimm
dêr’t er heech mei roun, learde er “dasz jede Individualität soll
heilig gehalten werden, auch in der Sprache.” Dit paste er ta op syn
Frysk, dat er yn it leech seach en dêr’t er dochs it moaije fen fielde
en fen leaude, it scoe wer hwet bitsjutte kinne yn ’e wrâld.
Eeltsje kaem op ’e stúdzje to Leiden (1814). De âlden wierne nou beide
dea (1809). De famylje tocht, det er dominy wirde woe, mar dat sinnige
him net. Do waerd ornearre fen bûterkeapman, mar it ein fen it liet
wier, hy scoe dokter wirde. Hy roun yn Leiden mei in stôk, waerd efkes
in kwast, mar hy bitocht him al gau en liet do oan ’e hele stêd sjên,
det er mar in “rouwe, goare Fries” wier, dy’t syn eigen wei wist. Hy
studearre net út ’e rike hân, moast folle litte om ’e duiten en liende
boeken fen syn maten. Do’t er trije jier de kolleezjes roun hie, wier
er net foldien. Om de geheimen fen it fak better kennen to learen,
reizge er nei Heidelberch, dêr’t er in stik fen 1818 trochbrocht en
stéfêst trije siken ef mear op syn noed hie.
It wier dêr in fleurich libben yn Heidelberch. Dútsklân hie de boeijens
fen ’e Franske oerhearsking ôfskodde. Under de studinten wier in nije
geast oan it opkommen. Hja fielden hjar net inkeld mear thús yn
“bierkneipen” en skermsealen, mar forienigen hjar ta “Burschenschaften”
om nasjonale tinkbylden oan to kweekjen. De prefesters gyngen as
kammeraten mei hjarren om. Dat wier kuijerjen, piip roken en petearjen
oer ’e wittenskip! Mei de studinten, dy’t Bonaparte yn Parys opsocht
hiene, song er: “Was ist des Deutschen Vaterland” en “Freiheit, die ich
meine, Die mein Herz erfüllt.” En Eeltsje hie sa’n moaije tenorstimme
en sa’n suver muzikael gehoar”!
Do’t er thúskaem, siet er stiiffol Dútske sangen, dy’t neirûsden yn syn
siel.
It foel him as kâld wetter op it liif, as er yn Grou de ljue rouwe,
ûnfoege strjitlietkes balten hearde. It die him sear, det it Fryske hûs
nin widzesang, nin minneliet hie; det op ’e heitelânske bou en greiden
en wetters gjin ljeaflike meldijen wearklonken. Hy sei: “Dit scil oars”
en seach syn ropping for it folk. It slomjend dichterstalint ontjoech
him. En net de Klassiken, net Romantiken as Byron en Schlegel keas er
as model, mar folksdichters as Hebel en Grubel. Sjongen en dichten
waerden for him ien. Hy forfryske bygelyks _Hans und Verene_ út de
_Allemannische Gedichte_ fen Hebel ta _De Boalserter merke_ en it waerd
in echt heitelânsk lietke. De frouljue en famkes fen syn folk krigen
sankjes fen him to lien. Hja forspraetten se wer ûnder hjar goekinders.
Sa waerden se algemien. It dûrre net lang ef men hearde se sjongen oan
alle oarden fen Fryslân. Dokter hie de rjuchte snaren poend.
Joast waerd 23 Juni 1813 bifoardere ta proponint fen ’e Menniste
“Societeit” en koart dêrop troch de mienskiplike stimmen fen ’e
broerren en sisters biroppen yn ’e gemeinte to Boalsert, de stêd fen
master Gysbert. Fen de âlde ienfâld en republikeinske gemiensumens wier
dêr mear oerbleaun as yn oare Fryske stêdden. Dêr hearske in
aristokratyske demokraetsy, dy’t bistie yn earbied en achting fen heech
en leech tsjinoer inoar. Dat kaem foaral út yn ’e gearkomsten fen it
“Nut”. Ald en jong, riken en boargers, ryp en grien, siet dêr troch
elkoar. De hear praette mei syn túnman, mefrou mei keapmanske, hjar
bûrwiif, de amptner mei de boer, de âldfaem mei de jiffers yn ’e
opkomst fen it libben. Dy’t him hjir op syn steat, syn jild ef syn ampt
hwette forstean litte woe, scoe fen al de oaren útlake wêze. Dominy
forsomme dizze gearkomsten noait, hwent hja joegen him bihalven de
nocht fen it frjeonskiplik petear, alderlei wirden en sprekwizen, dy’t
him de tael fen master Gysbert mear eigen makken. Ho’t er him to
Boalsert thús fielde, kin men neigean yn syn stik _De Harkers op it
Bolswerter Nut_. Mei de foarnaemste boargers, de dominys fen ’e Greate
tsjerke en pastoar Van Heeck, in tige golhertich man, hie er trochgeans
freonskiplik forkear. En oan in “Homerysk” diner by de femylje Haitsma
hearde hy ta de gasten.
[Yllustraasje: „DOKTER=OM.” 1797. DR. EELTSJE HALBERTSMA. 1858.]
Do’t dominy Joast de lietkes fen syn broer yn ’e hannen krige, tocht
er: hwennear ik dy printsje lit en yn in kreas pakje stek, kin dat in
middel wêze om de Fryske sprake hwet út it leech to heljen; it scil de
lêzers oertsjûgje, det yn it Frysk like goed as yn it Hollânsk de
folksgeast him uterje kin. Hy foege oan de lietkes inkelde
proazastikjes ta en joech dy mei inoar op eigen kosten as in great
almenak yn it ljocht, ûnder ’e titel: _De Lapekoer fen Gabe Scroar_
(1822), mar sûnder de nammen fen de skriuwers derby. De twahûndert
eksemplaren waerden oan migen en frjeonen presint jown en foelen der
tige yn. Gjinien hie der miskien mear nocht oan as de âlde
Frjentsjerter prefester Wassenbergh, dy’t jierrenlang wrotten en wraemd
hie for ’e heitelânske sprake. Hy skreau oan dominy: “De skatten dy’t
Jy to foarskyn brocht hawwe út ’e Lapekoer fen Gabe Scroar binne mines!
Twivelje net ef dizze jefte, ho lyts ek fen foarm, haw ik as in geskink
fen hege weardije mei wille ûntfongen, yn ien sike trochlêzen en letter
mear as ienris op ’e nij lêzen. Hwer scil ik de foarkar oan jaen, oan
rym ef onrym? Beide binne echt en oarspronkelik.” (29 Maart 1823.)
Fierders spriek er de winsk út, det er Halbertsma treffe mocht op it
greate Gysbertfeest to Boalsert. Dizze hie nammentlik it tinkbyld
oppere om in eareteiken to stiftsjen for master Gysbert, hwet wakker
bijfal foun. En wylst Swol for Feith, Rotterdam for Tollens en
Amsterdam for Vondel troch heel Nederlân jild fregen om in monumint fen
dizze mannen to bikostigjen, seine de Boalserters: “Dat noait, Gysbert
heart oan ús, oan ús allinne de eare om him to bitinken.” It wier eft
in toverwisp de tûzenden gounen oanbrocht for in moarmeren kopstik en
in nasjonael feest, dêr’t Fryslân in twade foarbyld noch net fen hawn
hat. De 7e Juli 1823 wier Boalsert yn ’e feestpronk. Op it stêdshûs
seach men de gouverneur fen Fryslân, Jhr. Idsert Aebinga van Humalda,
in edelman dy’t mei de ealsten en bêsten fen it Fryske folk meilibbe,
Fryske Steateleden, Frentsjerter prefesters, froeds- en grytmannen,
dominys en rjuchters. Om healwei âlven gyngen allegearre yn optocht by
de treppen fen it stêdshûs del om hjar to bijaen lâns de Greate
Deilikker nei Sint Mertenstsjerke, de stêdsboade foarop, folge troch in
pear detacheminten skutterij mei slaende tromme en mezyk. Men foarme yn
tsjerke in rounte, in doek waerd weilitsen, de mezyk foel yn, dominy
Joast gyng yn de preekstoel stean en skildere it libben en de
fortsjinsten fen de dichter. Dizze taspraek is mei in forslach fen it
feest en oare stikken útjown ûnder ’e titel _Hulde aan Gysbert Japiks_
(1e stik 1824, 2e stik 1827; it 3e stik dat ek tasein wier, is noait
útkommen.)
Eeltsje fêstige him as dokter to Poarmerein, mar om’t er dêr net rjucht
soun wier en ek net aerdzje koe, naem er it bislút de praktyk út to
oefenjen yn syn berteplak. Dêr hat er jierrenlang doktere, ûren fier yn
’e omkriten. In maklik bistean wier dat net. It like by tiden wol in
matroazelibben, nacht en dei yn ’t spier, as er mei syn jacht “Gysbert
Japiks” oer de swartbrune, skomjende weagens fleach, om syn pesjinten
to bisiikjen. Foar syn trouwen mei jiffer Boukje Fockens, in
boargemastersdochter út Boalsert, wenne er by ien fen syn broerren yn,
mar troch ’en dei hie er yn it “Hof van Brussel” ek al folle syn
“residinsje” opslein. Dêr siet de jonge dokter jouns by it turffjûr mei
in lange strie yn ’e holle, in heal fearntsje op ’e tafel. Dêr waerd it
nijste nijs opikkere, wylst elts syn slokje dronk. It gefaer bistie,
det er yn it lytse doarpsgedoch net op peil bleau, mar as er wer
allinnich wier yn ’e greiden fol sinneglâns mei wolkens en blau dêr
boppe ef oer ’e poel strûsde, wylst de wite koppen fleagen, den hearde
er lûder en lûder in sjongstimme yn him en moast er de dichtpinne
hantearje. Troch de moaije útkomsten fen ’e Lapekoer oantreastge skreau
er wer nije stikken. Oer stavering, lêzteikens ef dúdlik skrift
bikroade er him net. It wirk seach ’er faken nuver út, mar Joast dy’t
wol seach det er jewieltsjes by wierne, woe it net ûnder ’e hannen fen
in útjower bidjêrre litte en gyng oan it ontsiferjen, boekstaverjen,
bipuntsjen en bistreepjen. Fen syn eigen wirk die er der ek hwet by. Om
de ljeafde for de heitelânske sprake ûnder alle stannen fen it Fryske
folk op to wekken, moast elk fen syn gading hawwe: rym en onrym, earnst
en koartswyl, forhael en petear, liet en gebet. Sa kaem yn 1829 de
forgreate Lapekoer út. Fyftich eksemplaren hiene as taheakke tsjien
lietkes op mezyk. Frij grif is it titelprintsje fen syn broer
Tsjalling, dy’t ridlik mei de teikenpinne omgean koe. Hy skreau yn
April 1828 oan Joast: “It goedkeapste vignet op Gabe is in âlde koer
mei ien ear en it oare, dat hwet útraffele is, kreas teikene”.
It boekje waerd forkoft as slaed. Holtkamp, boekforkeaper to Snits hie
oanfraech fen hûndert-fyftich en krige fierstentomin.
Prefester Seerp Brouwer skreau 3 Janewaris 1830 oan Joast: “It is
eigenskip fen de Fryske studinten yn Grins de Lapekoer op ’e keamer to
hawwen.”
Underwilens wier de trêdde broer Tsjalling, bûterkeapman to Grou, ek
for de Fryske spraek yn it spier rekke. Yn 1828 hie er it drok mei de
útjefte fen berneheilingen. In hopen teikenwirk mei rymkes stjûrde er
nei Joast, om it to hifkjen en to skiftsjen. “Allegearre”—skreau
er—“doge se der net for, men moat der ek in sâltkerltsje op kwyt wirde
kinne, oars wolle de ljue der net oan”. De printen wierne alhiel yn
bernetrant. Ien forhearliket bygelyks it winterformeits mei sokke
rymkes:
Ige Murks fen Wynjeterp
Bynt syn Luts hjir op it skerp.
Dêr saeit Tsjal mei Halbe hinne
Dit pear scil de priis wol winne.
Rimer mei syn fryster Jel
Ride hjir de Wimerts del.
Dêr komt it belgereid to fjild,
Nou groeit de kastelein syn jild.
In oare stelt in hoanne foar, dy’t sprekt:
Wol hûndert jierren efterien
Haw ik yn ’t a b c-boek stien,
De berntsjes waerden wiis en great,
Hja wisten folle en ’t like neat,
Men draeide hjar net yn ’e bocht,
Men makke hjar mar sljocht en rjocht,
Mar nou dêr waeit in oare flagge,
Bin ik út alle skoallen jagge,
Ik bin mei ’t a b c forbean,
Nou gean ik op in heiling stean.
Det de heilingen net allegearre like ûnskildich wierne, mar stikelich
wêze koene, docht bliken út dit skriuwen fen Tsjalling oan Joast (April
1828): “De heiling mei de houn, stiet lânhearre dêr ek tofolle op ’e
foargroun? Helje der mar in streek troch, dat scil it bêste wêze, oars
kriget men de hele wrâld tsjin.” De feguren op dizze printen binne fier
fen moai en de kleuren sitte der mâl op smard, mar hja hawwe for it
Frysk danich fortuten dien. Hja waerden oan ’e bern by tûzenden presint
jown op St.-Piter, to Sinte-Klaes, to wolkom-thús, op skoallefeesten en
jierdagen. Hwet harken de beukers op, as mem de rymkes foarsei yn hjar
eigen tael. Sels de feinten en fammen koene se op ’t lêst fen bûten.
Keapman Tsjalling skreau mei syn broerren ek weachbriefkes. Fen jier ta
jier stiene de weachmasters op Grouster merke to weagen en for in sint
twa trije joegen hja de ljue op de keap ta in traktaetsje, dêr’t de
namme op stie fen him, dy’t op ’e skealjes wêst hie en syn gewicht.
Sa’n wirdtsje like allegearre koartswyl, mar it wier koartswyl en âlde
earnst troch elkoar mjukse. Yn 1841 koe Tsjalling oan Joast de tynge
dwaen: “De omset fen ’e weachbriefkes nimt ta.” Fierders makke hy
teikeningen for de nijjierswinsk, dy’t de Grouster rottelwacht oanbea
en dêr’t Joast ef Eeltsje it Frysk rymstik for opmakken. Ek wierne fen
him de “planeetsjes”, pompierkes mei foarsizzings, dy’t opteard sieten
yn in boerdpompieren doaske. Hy brocht dy yn ’e hannel troch frouljue,
dy’t sutelen mei bân en rûkersgûd. Letter joech er dy út yn
boekformaet, dat neamde er _Friesk Spjealdeboek. It libben in de
Wiersizzerijen fen Maayke Jakkeles oon de Frieske fammen._ (Ljouw.,
1836). Yn in selskip fammen hâldde ien sa’n boekje yn ’e hannen, liet
den ien for ien by de rige lâns mei in spjeld ef breidspriem dêr boppe
ynstekke en frege: “Lofts ef rjuchts”? Den waerd it leksom, dat oanjown
wier, oplêzen. Kleuren as bellefleuren kamen den faken foar it ljocht
en it laeitsjen en pleagjen hie nin ein. En as it jongwiif tonei oan it
widzetou loek, koe se wol ris tsjin heit sizze: “Nou! Maaijke hie net
alhiel ongelyk.” Tsjalling wier der mar min oer to sprekken, det de
útjower de ynhâld bisnoeid en foroare hie. “Is der ek in
giselpeal”—frege er oan Joast—“dêr’t sa immen oan kin; dy moat mei saun
roeden ha”. Yn 1832 kaem ûnder syn redaksje fen ’e pers in rige
folksblêdtsjes, tytleseare _De Roeker_. It wierne yn haedsaek petearen,
dêr’t alderlei misstannen, as it bankrotspyljen, it tarren op in
oaremans bûse, de dommens yn ’e polityk en sa mear yn hikkele waerden.
Ljue as Mr. Amersfoordt en Binkes beaën hjar meiwirking oan. Ds. Rinse
Posthumus to Waaksens skreau der ek yn. De Friezen hiene tige smaek yn
dizze lektuer. De skippers hellen se Freeds by tsjienen út ’e
boekwinkel en fen it earste nûmer, dat fen Tsjalling wier, moast in
twade printinge oplein wirde. For ulefelbriefkes en almenakstikjes
achte er him ek net to heech. It petear fen twa hynsders yn it
boerealmenak fen Suringar makke sa’n opgong, det de forkeapers yn ’e
strjitten fen Ljouwert rôpen: “Almenakken mei de bles en de brune”! In
stikje “pennekonst” fen syn hân is de _Widzesang_ “Dou, dou biste myn
Anke,” dat songen wirdt op ’e wize “Du, du liegst mir am Herzen” en yn
stiendruk útkaem by Schierbeek to Ljouwert (1828). Dat wier allegearre
gjin heechsteand kinstwirk, mar taelpropaganda, dy’t men for dy tiid
net hegernôch oanslaen kin. Fryske sin en sprake to bifoarderjen wier
keapman Tsjalling syn lust en libben. Do’t Eizo de Wendt as grytman to
Grou ynhelle waerd, naem keapman oan it gastmiel it wird en as in frije
Fries spriek er by dizze offisiéle gelegenheit yn it Frysk dizze toast
út:
“Idaerderdiel lit goed de flaggen waeije,
It âlde Grou, de pronk fen ’t wetterlân
Tilt op fen njue. De jonge fammen raeije
By Eizo’s komst. Nim romers yn ’e hân,
Lit ús de Grytman mei dizz’ dronk forearje,
Hy libbet lang! Hy wol ús goed rejearje.”
Do’t ds. Joast to Boalsert op it Gysbertfeest it wird fierde, hie er it
Fryske heitelân al forwiksele mei it Sassyske Dimter, mar de prefesters
fen it Athenaeum to Frentsjer en de keraters, dy’t ta de heechste adel
fen Fryslân bihearden, lyk as baron Rengers, Jhr. Scheltinga en Jhr.
Aebinga van Humalda, woene him dêr minlike graech weihelje en prefester
meitsje yn ’e âlde akkedeemjestêd. Fen 1824 oant 1829 is dêr wakker oer
skreaun en wreaun. Syn miich prefester de Crane, dy’t de Fryske saek
mei krêft foarstie, skreau him: “Mei nocht lies ik yn jins brief de
meidieling, det de keraters plan hawwe jo bûtengewoan heechlearaer to
meitsjen yn ’e Noardske talen. Hwet in treftich foarbyld! Dit koe
fierdere útsichten ek for earne oars iepenje. Nou is it sizzen, det jy
ta lektor bineamd binne. Kriget de saek dêrmei op in oare menear syn
bislach? Yn elts gefal winskje ik jo en it Athenaeum lok en seine ta op
it bislút. To Oxford is Ingram prefester yn it Angelsaksysk. Hwerom
hawwe wy hjir net in prefester yn it Frysk?” (31 Oct. 1829.)
Der is lykwols noch fen it iene noch fen it oare hwet komd. It
Gouvernemint woe der net oan, it Athenaeum rekke troch it minderjend
tal studinten alheel yn it leech en yn 1842 skreau Mr. A. Telting oan
ds. Joast: “Eft it Athenaeum noch hwet omgammelje scil ef mei gauwens
stjerre moat, hinget ôf fen it Regear; byhwennear dat binaud is for in
lilk gesicht fen inkelde prottelige Friezen, kin it wêze det de
Minister it noch libje lit.” It oare jier foel de slach en dêrmei in
earekroan fen Fryslân.
Joast Hiddes hie it prefesterskip dûbeld en dwêrs fortsjinne en scoe
syn plak to Frentsjer pryslik skien makke ha. Jierrenlang hat hy de
eare fen it Frysk ophâlden tsjinoer it bûtenlân. Hy stie yn
brieveforkear mei Grimm, Rask, von Richthoven en Bosworth. Lêstneamde
wier Ingelsk preker by de Episkopaelske gemeinte to Rotterdam, letter
prefester yn it Angelsaksysk to Oxford. Dizze taelgelearde, skriuwer
fen it Angelsaksysk wirdboek, sette de kinde fen de Dimter dominy, dy’t
him de eagen iepene for it ing forbân twisken it Frysk en it
Angelsaksysk, tige heech.—“Fryslân, Ingelân, ja Jerope”—skreau er
him—“roppe jo op for it skriuwen fen in Frysk-Latynsk wirdboek.
Halbertsma moat for Fryslân mear wêze as Johnson for Ingelân, Adelung
for Dútsklân en Kiliaen for Hollân.” Yn Bosworth’s _Origin of the
Germanic and Scandinavian Language_, Londen 1836, bl. 35-80, bihânle
Halbertsma it âld en nij Frysk, forgelike mei it Angelsaksysk, in
opstel, dat biheart ta it bêste fen it hele boek. Dytiids neamde men
him yn Amerika nêst Grimm en Rask. (Review of New-York, 1838, bl. 372.)
Hy wier ek in baenbrekker for de Fryske bibeloersetting. Prins Louis
Lucien, omkesizzer fen de greate Imperator, en bioefener fen ’e
forlykjende taelstúdzje, hie yn 1847 to Florence útjown _Specimen
Lexici Comparativi omnium linguarum Europaearum_. Dat boek bifette yn
52 spraken, hwerby ek de Fryske, in fortaling fen de Latynske wirden:
_Deus_, _Spiritus_, _Angelus_, _Diabolus_, _Anima_, _Paradisus_ ensfh.
Hy frege oan Halbertsma in oersetting fen it Matthéusevangeelje. Dizze
hie nea net oer sa’n wirk tocht, mar hy seach wol yn det er dêrmei by
in godstsjinstich folk as it Fryske de bilangstelling en earbied for de
memmesprake bysûnder bifoarderje scoe. De prins hie, yn forbân mei de
taelstúdzje, ljeafst in wirdlike fortaling, mar dêr woe Halbertsma net
oan, om’t er eange, det de siel fen ’e Fryske sizwize alhiel forlern
gean scoe. Yn 1857 kamen it earste en twade haedstik elts apart to
Londen út. Trije moanne fen moarns ier oant jouns let spandeare
Halbertsma oan it Evangeelje, elts wird hifkjende. Do’t it wirk klear
wier, waerd it op kosten fen ’e prins yn 250 eksemplaren printe en oan
frjeonen en goekinders presint jown. Halbertsma hat syn masterskip op
dit gebiet biwezen en tagelyk mei gloarje it biwiis levere, ho’t it
Frysk yn neat to koart sjit by it útbyldingsformogen fen de oare
Jeropeeske talen.
[Yllustraasje: Tsjalling H. Halbertsma.]
Net minder fortsjinstlik hat er him makke mei it gearfandeljen fen
Fryske âldheden en it opmeitsjen fen in _Programma voor Frieslands
kabinet van oudheden_ (1885). Op in reis troch Ingelân, it lân, der’t
er Fryslân it meast oan bisibbe achte, troffen him de earbied en
ljeafde, dy’t men dêr hie for de oerbliuwsels fen ’e foarfaers.
“Hûnderten Ingelske frouljue”—skreau er—“haw ik sjoen, dy’t hjar
kostbere shawls fen foaren ticht diene mei deselde mantelspjelden,
dêr’t de Romeinske ef Homeryske helten hjar kriichsmantels mei tagaspe
hiene. Ek hat men yn alle kontreijen in Kabinet fen âldheden en elts
biïveret him om it to forrykjen mei bydragen.” Mei dizze ûnderfining
wier er amper yn it heitelân weromkomd ef hy die oan Deputearden fen
Fryslân it foarstel om in berchplak for Fryske âldheden oan to wizen,
dêr’t de kolleksje fen it Frysk Genoatskip yn koe. Dit foel yn goede
ierde en it Paleis fen Justysje krige de âldheidkeamer. Sels gyng er
foar yn myldens, troch syn keurkolleksje Hynljipper bonten en klean en
oare kostbaerheden oan it kabinet ôf to stean. En dêr bleau it net by.
Op syn âlde dei hat er syn samling hânskriften, portretten, brieven en
seldsume boeken oan ’e provinsje formakke. Men moat dy kastfollen yn ’e
Kanselarij biwûnderje as in skat, dêr’t Fryslân greatsk op wêze kin.
It libbenswirk fen J. Halbertsma lykwols is it _Lexicon Frisicum_,
dêr’t er fen syn jongfeintetiid oan syn dea ta, sechstich jier lang,
for yn ’e wapens wier. Hy brûkte dêrta de Latynske tael mei it each op
it bûtenlân. Gjin moeite wier him to great om boustoffen op to swyljen,
mar twaderlei hâldde it rémeitsjen tsjin. Earst, om’t er folle tiid
bistege oan it gearstallen fen oare skriften lyk as _Het Geslacht der
van Harens_, Deventer, 1829; _De Doopsgezinden en hunne herkomst_,
Deventer 1843, _Aanteekeningen op het 4de deel van den Spiegel
Historiael van Jacop van Maerlant_ (Deventer 1851), en net to forjitten
syn opstellen oer dialekten, folklore en âldheidkinde yn de
_Overijsselsche Almanak_, bineffens syn biografyën fen Rinse Posthumus,
Petrus Wierdsma, Petrus Brandsma en Eelke Meinderts yn _de Vrije
Fries_. Men kin in list fen al syn wirken yn lêstneamd tiidskrift fine,
jiergong 1873, mei in libbensskets, dy’t skreaun is troch W. Eekhoff.
Fierders naem syn ûnbidigen korrespondinsje rjue tiid yn bislach.
Einlings stie it neifolgjende de forskining fen it Lexicon yn ’e wei:
Halbertsma mikke nei in to heech doel. Hy woe nammentlik alle wirden
opnimme, dy’t ea en earne troch Friezen brûkt wierne: de wirdskat fen
Great Fryslân. Nou koe men in heel ein komme mei it âld- en
middel-Frysk en ek hwet de Eastfriezen, Noardfriezen en Saterlanners
oanbilanget. Ik hoech mar to memorearjen hwet Montanus Hettema, Epkema,
ten Doornkaat Coolman, Rinse Posthumus en Hoche op dit gebied levere
ha. Mar for it greatste part siet it fêst op it nij-Frysk, lyk as it
noch libbet yn ’e mûle fen it folk. Dêrfor moast men to faek wêze op
plakken, dy’t it fierst fen it greate forkear ôfleine. Sa hat er
mannich pantsje thé dronken by boeren en fiskers, by âlde baeksters en
bolrinsters, dy’t noch forâldere wirden brûkten. It waerd ’er net
better op, do’t er nei Dimter rekke. Foartoan brocht er jierliks in
pear wiken troch op syn sate Westerein by Warkum, to Grou en op oare
plakken om dêr nije boustoffen op to fandeljen. Dêr wierne wol, dy’t
him stipen en mei flyt wirden en sprekwizen opteikenen lyk as ds.
Posthumus to Waeksens, master Salverda to Wons, Roosjen to Hynljippen
en syn broerren Tsjalling en Eeltsje, mar it materiael groeide net sa
hird oan as er wol woe. Yn 1849, do’t er sechstich jier âld wier,
bigoun er de útjefte persré to meitsjen, mar earst nei syn dea kaem it
earste diel (A-Feer) yn it ljocht (1872) troch de soarch fen syn soan
Tsjalling, dy’t rektor wier to Haerlem, letter prefester yn it Gryksk
to Grins. Likemin mocht er de útjefte bilibje fen de _Rimen en
Teltsjes_, bisteande út de foarnaemste wirken fen him en syn beide
broerren. Koart foar syn dea hie er G. Colmjon, ûnder lieding fen Wopke
Eekhoff, archivaris fen Fryslân oanwiisd for dizze taek, dy’t er ek
neikomd hat (1871).
J. Halbertsma wier tsjin de tachtich, do’t er forstoar. Mei him wier de
geleardste kenner dy’t de Fryske tael ea hawn hat, hinne gien.
Dr. Eeltsje fielde him yn ’t lêstoan to Grou net mear op syn gemak. Syn
praktyk gyng efterút, in swier húskrús forspraette tsjustere skaden yn
syn wente, de dead frege mear as ienris in offer fen him. In neare
swiermoedigens koe him by riten oermasterje. Do die er de praktyk oer
oan syn soan Hidde en forfarde nei Ljouwert. Under alle tsjinrampen
hâldde er lykwols as skriuwer en dichter fieling mei syn folk. Hy
suchtte mei de Friezen ûnder de twang fen forjierre ynstellingen en
hege lêsten. Hy foreare de frijheit mei deselde gloede as yn ’e dagen
do’t er to Heidelberch nasjonale lieten ophelle. Syn _Grytmansfers_ is
in spotliet, dat yn 1848 troch heel Fryslân songen waerd. Syn _Minne
Jorrits reis nei it Kollumer oproer_ stiet yn forbân mei de
revolúsjonaire heibel yn dyselde tiid. _De foarname útfenhuzers yn
Fryslân_ is in wolkomstliet by it bisiik fen Kening Willem II en syn
húshâlding to Ljouwert (1841). _De Noarger rún oan Gabe Skroar_ (1834)
en _De Treemter_ (1836) rinne oer fen koartswyl en geastige
forhaeltrant om swartgallige minsken ris laitsje to litten. _Twigen út
in âlde stamme_ waerden fen him as “útrinsels út in forwettere stobbe”,
yn 1840 de Friezen oanbean. Syn _Leed en Wille_ yn ien bân mei _De
Flotgêrzen_ fen syn broer Joast scoene yn 1854 it lêste gerjucht wêze,
mar der kamen noch lytse priuwkes nei. De moaiste ferskes fen Klaus
Groth sette er oer en de Fryske _Quickborn_ kaem yn ’t ljocht. Syn
eigentlik testamint is _De Jonkerboer_, in forhael, dêr’t de ynlikens
fen ’e Krysttiid yn werjown wirdt mei djipfielde sankjes as _it
Poelke_, skreaun ûnder ynfloed fen Dútske meldijen. Do’t er fornaem,
det de pinne syn hân ontglide scoe, liet er him bringe nei it plak,
dêr’t er as jonge op ’e âlde terp boarte hie en it ideael koestere in
frije Fries to wêzen mei al de eigenskippen dy’t syn dreamen dêroan
forbounen. Sa is er yn Grou forstoarn en biierdge. Nei syn dea krigen
syn _Teltsjes fen de wize mannen fen Ezonstêd_, yn de trant fen
Schildburg, Kampen en Krähwinkel, mei hwet morael ta bislút, noch in
plak yn de Frîske Husfrieun (1858).
Dokter is yn al syn wirk realist mei in tikje romantyk. Eft er de
Fryske simmerdei skilderet yn _Geale Sljipke_, de dronkenskip fen Murk,
de jounfrede yn _it Marke_, in iistafriel yn _Ybel en Jelke_, in
riedsforgearring to Dokkum, oeral sjucht men in stik wirkelikens.
Hy hat de Lapekoer neamd: “Neiklanken út ’e foartiid”.
Wy passe dat ta op de _Rimen en Teltsjes_.
Sont it Grouster trijemanskip forteach, is Fryslân mei hannen omkeard.
Spinwiele en tsjernmounle, lûkskip en bûgelsjeas en safolle mear binne
út ’e tiid rekke, mar dit boek bliuwt it monumint fen in stik
folkslibben, dat de Fryske siele opropt ta ljeafde for syn eigen aerd
en wêzen.
Snits, 28 Febr. 1918.
G. A. WUMKES.