Yn 1871 forskynde de 1ste útjefte fen de “Rimen en Teltsjes” ûnder
lieding fen W. Eekhoff, it tasicht op de stavering hie do de hear G.
Colmjon, ûnder hwaens lieding yn 1881 ek de 2de útjefte útkaem. De 3de
útjefte skynt in foartsetting west to hawwen fen de 2de. Yn 1895
forsoarge W. P. de Vries de 4de útjefte yn de nije stavering; sadet dit
nou de 5te wirdt.
Wy wolle efkes yn koarte wirden rekkenskip jaen fen ús opfetting by de
regeling fen de ynhâld fen dit boek.
Do’t wy der fen to foaren oer praetten, waerden ûnderskiedene
sjenswizen oppere. Sa wierne der gûds fen miening, det de tael dêryn
hjir en dêr “beskaefd” wirde moaste. Oaren woene hjir en dêr hwet
weilitte ef foroarje. Wy lykwols mienden det de ljue de Rimen en
Teltsjes krije moasten safolle mûchlik yn it âld bistek, sa’t hja dy
fen âlds kenden. Alle foroaringen dêryn scoenen tocht ús yn it neidiel
wêze fen it wirk. Allinne de stavering moast yn oerienstimming brocht
wirde mei de tiid en safolle dwaenlik de printflaters der út socht.
Nou lykwols de stavering fen it Selskip folge waerd, koe sûnder biswier
de útiensetting fen Dr. J. H. H. sines mist wirde en sa is dy foar út
it boek weilitten. Do bleauwen de “Lêz-oefeningen” en it foarste stik
fen de “Skearwinkel fen Joutebaes” oer, en dy moasten dêrom in oar plak
hawwe.
Fjirder mienden wy det yn dizze echt Fryske útjefte it Hollânske fers
oan W. Bilderdyk wol forfalle koe. Ek kaem it ús foar det de
libbensbiskriuwing fen de Broerren Halbertsma hjir yn it Frysk by
hearde, en sa is dy fen Dr. Wumkes nou yn it plak kommen fen dy fen W.
Eekhoff.
In pear ferskes efter “Leed en Wille en de Flotgêrzen” en de “Grouster
Rottelwacht Nijjiersswinsk” binne mei de “Weachbriefkes” ûnder de
forsprate stikken efteryn opnommen.
Inkelde lytse foroaringen yn de folchoarder fen de stikken wierne
nedich om technyske reden mei it each op it plak fen de printen.
Oan de ynhâld binne inkelde stikken tafoege, omdet ús tocht det fen
sommige wirkjes yn de libbensbiskriuwing opneamd, ek in prove yn dit
boek net ontbrekke mocht.
Sa binne efteryn û. o. noch tafoege: út de Roeker: In jounpraetsje fen
Oark en Sint oer it Bankerotspyljen.—It foarwird út de wiersizzerij fen
Maike Jakkeles mei in pear “planeetsjes”.—“Foeke Skutter en hospes
Tryn.”—“Ik woe wol det ik Grytman wier”.—De bêste Freed fen Ljouwter
Merk.—Jounfrede út de Quickborn, en in inkeld ferske “Fammewille”, út
de tajefte op de Lapekoer fen 1834.
Wy mienden, det dy hjir tige op hjar plak wierne.
En nou hoopje wy mar, det de Friezen op ’en nij nocht en learing fine
scille yn dit wirk fen de Grouster broerren en det it de Fryske sin by
hjar forsterkje scil.
Ljouwert, Maert 1918.